Moarn yn de kultuerbylage fan it Friesch Dagblad mar leafst trije stikken fan jo korrespondint. Fansels wer in Skroeier, diskear oer it earste ferset yn de gemeente It Bilt tsjin in mooglike gemeentlike weryndieling:
“It Bilt soe de provinsje freegje kinne om dúdliker mei te dwaan yn it weryndielingsproses. De provinsje kin dan op syn bar ynventarisearje wat foar ekstra garânsjes der foar noadich binne om de Biltkerts oer de streek te krijen.
Dan sil ek it Ryk noch út ’e hoeke komme moatte. Want hoe sil de provinsje syn needsaaklik nije rol op it mêd fan kulturele diversiteit oars betelje moatte?”
En ek: in paginagrut ferslach fan myn besite oan de tentoanstelling Vikingen! yn it krekt ferboude Drents Museum yn Assen.
Plus: in resinsje fan Own, in trotwaartegel fan in boek dat de karjêre fan topfotograaf Erwin Olaf beljochtet.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten