dinsdag 8 mei 2012

Moarn yn it Friesch Dagblad: Skroeier oer it lânsdiel Noard

Foar't allerhanne soarten Grinzers en Grinslanners (sorry, Lammert) der wer oer begjinne, weeft Skroeier moarn yn it Friesch Dagblad ôf mei ideeën om te kommen ta in 'lânsdiel Noard' en is er yn 'e pleit foar it fuortsterkjen fan de provinsje:

"Net allinnich de splintergroep Partij voor het Noorden, mar ek de wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de stêd Grins, de Drintse kommissaris fan de Keninginne Jacques Tichelaar en fansels alle pleatslike VVD-ôfdielingen yn it noarden fan Nederlân wolle ôf fan de âlde provinsjes. Hawwe de foarstanners gelyk?"

2 opmerkingen:

  1. Netuerlyk hawwe se ûngelyk, se binne sa mis as wat.
    It sil net fersterje mar ferswakke sil úteinlikst bliken dwaan.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Mar let mar op, aansen begjint it geëamel wer oer sa'n lânsdiel...

    BeantwoordenVerwijderen