Yn april dit jier waard bekend dat ûnderdielen fan it mediakonsern NDC/VBK te keap stean, yn it bysûnder de noardlike kranten Leeuwarder Courant (LC) en Dagblad van het Noorden (DvhN). Beide kranten dogge it wat ferkochte oplages oanbelanget net goed; de LC is sels de minst prestearjende regionale krante yn Nederlân.
Fansels is der dan even panyk yn ‘e tinte. Der bestiet noch altyd frees foar in oername troch Wegener of de Telegraaf. Mar in bettere oplossingsrjochting tekenet him al ôf. (Yn alle gefallen de Fryske bydrage oan dy oplossing – wat him yn Grinslân en Drinte ôfspilet, is hjir net oan ’e oarder.)
In ferselsstanniging fan NDC mediagroep (LC en DvhN tegearre) soe miskien mooglik wêze mei help fan op syn minst ien noardlike partner, nammentlik de Stichting Fryslân Boppe ûnder foarsitterskip fan âld-suveldirekteur Jan de Vries út Grou.
Fryslân Boppe (net te ferwarren mei in belizzingsfûns fan ABN/AMRO út 2006) is it fûns dat oerbleaun is fan de Friesland Bank. It hat 100 miljoen euro op de balâns en wol dy te’n goede komme litte oan Fryslân en it Noarden.
It komt yn dat senario goed út dat in âlde bekende fan Jan de Vries, Age Offringa, foarsitter is fan de Ried fan Kommissarissen fan NDC/VBK. Keaper en ferkeaper kenne inoar út ’e pinne fan de Friesland Bank, dêr’t om de ieuwiksel hinne de iene kommissaris wie en de oare direkteur. Jan de Vries hat namme makke as reorganisator fan de Fryske suvel; Offringa bestjoerde in bank dy't oait út ein sette as suvelbank.
As de Stichting Fryslân Boppe (mei) beide kranten oernimt – it leit yn ’e reden dat der ek in partisipaasje plakfynt út Grinslân en Drinte wei – dan is tagelyk in fierdergeande redaksjonele fúzje tusken LC en DvhN op komst. Dat kin wol mei behâld fan twa titels, mar guon dielredaksjes sille gearfoege wurde moatte. Ek in nije kranteformule is wolkom.
In noch regionalere ynstek tapasse is noadich, mar net genôch. It heil sil ek komme moatte fan multymediale aktiviteiten en audiofisuele ynnovaasje. En oft sa’n relatyf lytse spiler op de mediamerk – lyts yn Nederlân en al hielendal yn Europa – genôch slachkrêft hat om beide transformaasjes by de kranten goed slagje te litten, dat is dan in folgjende fraach.
Ik hoopje der op, mar tink dat it jild fergrieme is, de papieren krante hat syn tiid wol hân, dat sil ek Wegener en de Telegraaf Meia Groep nog merke. Jan de Vries is gjin lytse jonge, mar ek dy hat de tiid net mei. Adferteerders dy't ofhekje en ofsizzinge troch de ressesje. Fernying en ferfrissing is nedich, mar it sil dreech wurde!
BeantwoordenVerwijderenIt sil my benije. As it sa giet, is dat ek wol moai. Dwers en eigensinnich.
BeantwoordenVerwijderenGoeie Abe,
BeantwoordenVerwijderenit is Grinslân, en net Grins, as it oer de provinsje giet.
Ja, bliksem. Ferjit ik dat alwer. Is wersteld!
BeantwoordenVerwijderen