Wa ken se net, de makelders yn moraal? Se wenje net oan de Lauriergrêft, net op nûmer 37, dogge net yn kofje, mar likegoed skinke se bytiden kofje ferkeard.
Ik ha it oer minsken dy’t yn mear of mindere mjitte fanwege harren berop of funksje yn it iepenbier mieningen útsutelje oer goed en kwea, wyt en swart, himel en hel, libben en dea. Sokken binne der in protte. Sjoch allinnich al de kranten en de blêden en de tillevyzjeprogramma’s der op nei. Yn it massamediale tiidrek jaget de iene útsutele moraliteit de oare.
By alle oerfloed oan ynfotainment witte ús makelders yn moraal steefêst te melden dat minsken nei ‘paadwizers’ sykje. Wer oaren wolle miskien gewoan oannimlik klinkend boarrelpraat hearre, sadat sy ek by it skaften wat melde kinne. Dêrfandinne dat de klanten fan de makelders betelje wolle foar de praatsjes en paadwizers. Net ôf te eagjen is de optocht oan handich formulearre mar bytiden bretaalwei byinoar rôve ‘stânpunten’ of ‘perspektiven’ dy’t de machtige moraalyndustry oan de rinnende bân produsearret.
Lykwols blykt by better skôgjen gauris dat der wat mis is mei de produkten. Fakentiden giet it om simplifikaasjes, fersluieringen of misliedingen. Om mearkes of sels klearebare leagens.
En fansels om it eigen imago. Want gauris ek spilet de biografy fan de makelder yn moraal krekt in wat gruttere rol as it belangeleas tinken oer goed en kwea.
Tiid, mei oare wurden, foar in tsjinlûd. In oprop om net oaren foar dy tinke te litten: weagje it der sels op. In oar is in oar. Watsto meimakke hast, hoesto yn ’e wrâld stiest, wat dyn eagen sjogge en wat dyn takomst wêze moat, dêr wit de beropsmieningeferkundiger ommers neat fan. Al docht er noch sa syn bêst en meitsje oannimlik dat it oars is.
Ek dit is in tekst op it snijflak fan miening en moraal. Miening: it soe prachtich wêze as de noch twifeljende riedsfraksjes fan Ljouwert de nijsgjirrige en ferfrissende plannen fan Kulturele Haadstêd 2018 ein maaie yn it hert slute.
Moraal: leau my net op myn blauwe eagen. Tink sels nei oer it hoe en wat fan in better Fryslân.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten