maandag 28 mei 2012

KOLLUM (36): In Jelma Knoltsje lêze

In knol is it part fan in woartel of stengel fan in plant mei de foarm fan in bol. In woartelstok dêr’t in plant syn iten yn opslacht. Mar ek wol: in ôfrachd hynder. It wurd komt ek yn siswizen foar. “Ze giengen do van knol,” sizze se yn Brugge as se bedoele: se giene út har dak. “Hee hef de knol’n op” is Twents foar “hij is erg moe”.

Yn it Frysk kenne wy de útdrukking: in Jelma Knoltsje lêze. It betsjut sokssawat as: de moster nei it miel optsjinne krije.

Neffens Jelma Knol, dy’t ik fjouwer jier meimakke ha as redakteur fan de Friese Pers Boekerij, bin ik net brún, alteast, “in brún plakje haw ik nea oan him ûntdekke kind”. Pfffff, gelokkich mar. Se skriuwt it yn in kollum op ensafh.nl, dêr’t se har yn ferset tsjin de net te kearen oanstriid fan guon skribinten yn Fryslân en smyt mar mei wurden as brún, faksistysk en folksnasjonalistysk.

Wol bin ik “wat ûnnoazel”. Mar ek: “fier”. Dat lêste is moai. Tink ik. Hoopje ik mar.

Mar ik kin sa ûnnoazel net wêze, of ensafh profitearret mar omraken fan myn fergese adfizen. Wie ik ferline jier foar de simmer al yn ’e pleit foar in publiker profyl fan ensafh vis-à-vis de besunigingen op kultuer, einlings mocht ik, in pear wike ferlyn, fernimme dat it blêd sawier in aksje betocht hie!

Fergees papieren nûmers útdiele op it provinsjehûs. It moat net mâlder. En sjit my mar lek as it net wier is: nei myn systematyske kampanje op krekt dat punt wurde de kollums op ensafh.nl ek wat aktueler.

Alhiel ûnnoazel sil ik wol net wêze, as ik yn 2004 al sinjalearje dat Frysk-literêre diskusjes fakentiden fersmoarge en bedoarn en debilisearre wurde troch de saneamde F-wurd fetisjisten (‘F’ stiet foar faksistysk). En mear yn it algemien troch anagronistyske en opportunistyske ferwizingen nei de Twadde Wrâldoarloch. De hiele Fryske literatuerskiednis nei ’45 hat der lêst fan.

No hat Jelma Knol dat fenomeen mei in fertraging fan acht jier ek ûntdutsen: “Wat is dat dochs mei dy frjemde Friezen dat it F-wurd of de suggestje allinne al sa faak op tafel komt?”

Dat Knol yn 2004 ek yn in redaksje siet (fan Hjir) en doe neat fan har hearre liet, dat docht neat ôf oan de helderheid fan har ynsjoch no. En dat se yn de redaksje siet fan ensafh doe’t ein 2009 deselde F-fetisjisten harren keunstke noch mar wer ris opfierden, doe op kosten fan my en benammen in freondinne fan my, en dat it blêd fan Jelma mar omraak trochlinkte nei sokke F-berjochten kompleet mei plaatsjes fan hakekruzen en goare praatsjes derby op it ynternet, en dêr mar mei trochgie nettsjinsteande protesten fan myn kant, och, ek dat moat no mar yn de jamske fâlden slein wurde.

Itselde jildt foar it feit dat ensafh begjin dit jier net dalik reagearre hat op “it fod” (Knol) fan Eeltsje H. Dat komt fansels om’t de redaksje graach de tiid nimt foar dingen en ús gjin knollen foar sitroenen ferkeapje wol.

Mar goed dat it roer no stadich om liket te gean by it blêd. Wy sille mar oannimme dat Jelma al dy jierren wat synysk west hat.

2 opmerkingen: