maandag 31 oktober 2011

Reizgjende kust / Travelling Coast, Festival Explore the North, 25-11-2011 Tresoar

'
Reizgjende kust / Travelling Coast fan Abe de Vries is in reis yn 52 foto’s en 11 gedichten troch it lânskip en de kultuer yn it noarden fan Fryslân, fan Harns oant Lauwerseach. De leechte, mar ek de minsken. Oer in rânelân achter in warring, oer âlden en bern, ôfbraak en perspektyf. Symposium ‘Het noordelijk gevoel’, Festival Explore the North, 25 novimber 2011, Tresoar Ljouwert.

Reizgjende kust / Travelling Coast by Abe de Vries is a journey in 52 photo's and 11 poems through landscapes and culture in the north of Fryslân, from Harns to Lauwerseach. The emptiness, but the people too. About a hide-out behind a dike, about elderly people and children, devastation and perspective. Symposium 'The nordic feel', Festival Explore the North, 25 November, Tresoar Ljouwert.

zaterdag 29 oktober 2011

Hjoed yn it Friesch Dagblad: besprek fan de Samle fersen fan Tamminga

Hjoed yn it Friesch Dagblad myn resinsje fan de Samle fersen fan Douwe Tamminga. De ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga foldocht net. Dat kin ek net, want hoe litte jo sjen oft fersen skreaun binne mei de holle, it hert of mei de grutte tean?

Eilen Jewell - Where They Never Say Your Name

donderdag 27 oktober 2011

Line-up 'Explore the North' bekend

Op 25 en 26 novimber fynt, mei stipe fan Fryslân 2018, it “Festival voor muziek en literatuur Explore the North” plak. Wat de Fryske literatuer oanbelanget, Cornelis van der Wal is (wer) net frege en docht (wer) net mei, update: hy is wol frege, mar hat wegere om mei te dwaan, mar wol acte de présence jouwe:

Tsead Bruinja
Eeltsje Hettinga
Tsjêbbe Hettinga
Jan Kleefstra
Jacobus Q. Smink
Albertina Soepboer
Abe de Vries
Nyk de Vries

Fierder dogge mei, net yn alfabetyske of nasjonale folchoarder:

Christiaan Kuitwaard, Joost Oomen, Passengers, Giants of Húsavik, Akron/Family, I am Oak, Petter Carlsen, Loney Dear, Johann Johannson en Hildur Gudnadóttir, Nils Frahm, Peter Broderick, Greg Haines, Sytze Pruiksma, Romke Kleefstra, Teitur, The Black Atlantic, Fjorden Baby!, De Speech, Aestrid, Samling Label Day, Hanne Hukkelberg, Slagsmalsklubben DJ Set, It Langstme en de Dea, Elena, Jan Brokken, Philip Gross, K. Michel, Martin Reints, Marjoleine de Vos, Hakan Ostlundh, Peter van Lier, Sigurbjorg Thrastardóttir, Meindert Talma, Joost Oomen, Atte Jongstra, Remco Ekkers, Kester Freriks.

Moarn yn de Harmonie, 12.30 oere

maandag 24 oktober 2011

'En wêrom - wêrom heste gjin hert?'

Yn 1883 rekke Pieter Jelles Troelstra, doe krekt studint yn Grins, fereale op de 18-jierrige boeredochter Fokje Frânses Pasma (1865-1956) fan Westermar by De Jouwer. De twa krigen ferkearing.

“Op ’e âlderlike pleats te Westermar – in hierd spul – moat Fokje har ta in tige tsiismakster ûntjûn ha,” skriuwt J.P. Wiersma yn de Tsjerne 15-2 (febrewaris 1960). “Ut en troch stjoerde hja har feint te Grins in priuwke fan har eigenmakke waren. Dat net allinne de dichter, mar ek syn maten happich wiene op de tsyskes út Westermar, blykt út syn meidieling [yn Gedenkschriften – AdV] dat hy ris ‘een kaasfuif op mijn kamer’ holden hat!”

Mar de famylje fan Troelstra hie beswieren tsjin dizze liaison, skreau de dichter sels yn syn Gedenkschriften, “wegens de reputatie van haar overleden moeder” Anna Speerstra (famylje fan?). Pieter Jelles pakte mei it gefal nochal om en tocht, hy koe net yn it âlde sok fierder mei Fokje. Hy stelde út, se soene inoar in jier lang net sjen en ek net skriuwe, en “soe nei ferrin fan dat jier bliken dwaan, dat Fokje en hy noch likefolle sin oaninoar hawwe, dan sil hy, Pieter Jelles, de ferhâlding trochsette en foar gjin wjerstân wike”, yn de wurden fan Wiersma.

Lykwols, it ôfskied wie foargoed. Troelstra skreau letter: “Het jaar was nog niet om of de jeugdige schone was al het slachtoffer geworden van de liefdesbetuigingen van iemand, met wien zij dan ook spoedig is gehuwd.”

Hjirûnder in lyts tal gedichten fan Troelstra nei oanlieding fan de affêre mei Fokje, skreaun yn 1883, en as lêste it replykfers fan de jongfaam sels, publisearre yn it tydskrift Forjit my net, fan in jier letter.


It skynsel

Ik kin myn tinzen net mear bine,
    Hja fleane nei dyn wente ta:
’t Is neare nacht, gjin stjerren skine,
    De wylde stoarmwyn bilet sa.

Dêr leit, yn ’t deadske beamt’ beskûle,
    Jimm’ pleats, ’t is tsjuster swart yn ’t rûn;
Op ’t ûleboerd gûlt skril in ûle,
    En yn ’e fierte balt in hûn.

De keale beammen kreakje en stinne,
    As rou de wyn har tûken slacht.
Hy stoarmet om ’e skuorre hinne,
    Allyk in gonger yn ’e nacht.

“Gean, gean hjir wei!” sa wol er roppe,
    “Hjir is dyn ûnk, hjir baarnt dyn hel!”
De bleke moanne sjocht fan boppe
    Falsk en kâldgnyskjend op my del.

En wylder waait it om my hinne,
    En ’t wrede needwaar boast aloan;
Mar soe ik dy ferlitte kinne,
    Myn sin, myn nocht, myn libbenskroan?

Myn leafde en hope en myn gelove,
    Myn heechste sillichheid bistou,
Dy sil my d’ ierde net ûntrove;
    Yn stoarm en needwaar, ’k bliuw dy trou.

It skynsel wykt, de stoarmen lizze
    Har del; mar ’t rûst jit yn myn hert:
Wat ek de minsken fan dy sizze,
    Ik leau oan dy; ’k ferlit dy net!


Ik jou de wyn myn suchten mei

Ik jou de wyn myn suchten mei,
    Myn klachten en myn sangen;
Hy strûst sa rimpen oer de wei
    En rûst dy om ’e wangen.

Hy tysket yn dyn hierren om
    En lústert dy yn d ’earen:
“Hy skriemt om dy, syn libbensblom,
    Syn langstme en syn begearen.

“Syn holle yn ’t tinken is fertiisd
    En dreamrich stean syn eagen,
Wylst yn syn siele ’t leed opbrûst
    Yn grutte, wylde weagen.

“O fammeherte, roazeknop,
    Gean op foar dyn beminde,
En weits him mei dyn swietrook op
    Ut djipten fan ellinde!”

Dat lústert dij de wiffe wyn
    En giet dij dan út d’ eagen;
Hy sil de hege himel yn,
    Mar brekt, ferstruid yn fleagen.


Wy wiene tegearre

Wy wiene tegearre, sa fleurich en blij
    En wisten gjin rie fan ’e wille;
Gol skynde de leafde oer dy en oer my,
    Har sinneljocht glinstere en trille.

Mar dêr kaam de Earnst yn syn donkere klean
    En wiisde yn ’e skym’rige fierte…
Do waardste sa kjel; ek myn mûle bleau stean;
    Wy koenen it suchtsjen net litte.

Doe krûpten w’ elkoarren sa nei oan it hert
    En koene gjin wurden mear fine;
Mar ’t rûsde om my hinne: “Hâld op, ’t is te let;
    Ek dit wurdt in dream fan ’t ferline”.


Wêrom?...

Wêrom hest’ fan dy donkerblauwe eagen,
    Dêr’t ik ljochtsjende stjerren yn seach?
Wêrom heste sa’n blierlaitsjend mûlke,
    Dat my ’t hert nei de lippen ta teach?
Wêrom heste sa’n heldere stimme,
    Dy’t my taklonk as himelmuzyk?
Wêrom is hy, dy’t leit yn dyn earmen,
    Yn syn wille de kening te ryk?
Wêrom is foar dyn holle Gods namme
    Mei de hearlikste skriuwtekens set?
Wêrom biste sa moai dochs, leaf famke,
    En wêrom – wêrom heste gjin hert?...


Pieter Jelles Troelstra hat dat lêste fers grif nei Fokje Pasma opstjoerd. Sy liet har dat net sizze en andere yn ’e maitiid fan 1884 sa:


Wêrom?...

Wêrom heste doe’tst just my mar koeste,
(Dy jûn dy ferjit ik grif nea!)
Daalk al fan leafde en minne my sprutsen,
Dy’t “sterker soe wêze as de dea”?

Wêrom heste my ’t jawurd ôftwongen,
Dat ús, seist’, foar ivich ferbûn?
Wêrom heste fan trou my ferhelle,
Fan trou, dy’t by dy “nea ferdwûn”?

Wêrom klagest nou, dat ik gjin hert ha,
Wylst’ dines (leau mar dat ik ’t wit!)
Sels by stikjes en brokjes weijoechste
En mannich jongfaam om dy lit?...

zondag 16 oktober 2011

It PVV-sentimint yn de Fryske literatuer

As reaksje op it jongste blogje fan Knilles hie ik sa likernôch de folgjende tekst nei syn site stjoerd:

"Knilles fertsjintwurdiget it PVV-sentimint yn de Fryske literatuer: roppe, skelle en hune tsjin wat blykber sjoen wurdt as 'establishment', mar dan ûnder it kopke 'arguminten' delsette: 'sorry, ik bin even net thús'."

Knilles fynt dat net in leuke reaksje fan my, dus wol er 'm net pleatse. Geart van der Wal skriuwt:

"Abe de Vries hie hjir ek in kommentaar delsette wold, mar om him tsjin himsels yn beskerming te nimmen, pleats ik it mar net."

Sensuer, dêr hie Knilles it oer, doe't Koos Tiemersma beswier oantekene by de redaksje fan ItNijs.nl fanwege it hilarysk-leuke beppe-Oppewal filmke?

woensdag 12 oktober 2011

Tim de Vries & Boglarka Erdös jouwe lunsjkonsert yn de Harmonie, 28 oktober: Vitali, Schubert, Tsjaikovsky

Gratis lunchconcert van Tim de Vries, Boglarka Erdös en Andrea Hornyak 28 oktober in de foyer van schouwburg de Harmonie te Leeuwarden



De 11-jarige Tim de Vries (Zaandam/Oudebildtzijl) is een van de leerlingen van de Academie Muzikaal Talent in Utrecht. Hij speelt Méditation Op. 42, no. 1 van Pjotr Iljitsj Tsjaikovski en (delen van) Sonatine in D-majeur Op. 137, no. 2 van Franz Schubert. Tim begon op zijn zevende met vioolles. Hij geldt in zijn leeftijdsgroep als een van de meest getalenteerde violisten van Nederland. Wat hem onderscheidt van zijn leeftijdgenoten is de prachtige eigen ‘toon’ die hij weet te maken en zijn vermogen om met zijn instrument verhalen te vertellen.



Boglárka Erdös neemt het tweede deel van het lunchconcert voor haar rekening. De 14-jarige Erdös begon met vioolspelen toen ze nog geen vier jaar oud was. In 2003 heeft zij een plaats gekregen bij Joyce Tan in de Jong Talent afdeling van het Sweelinck Conservatorium in Amsterdam. In oktober 2008 is zij toegelaten tot de Academie Muzikaal Talent.

Andrea Hornyak begeleidt beiden op piano. Zij timmert al langer aan de weg. De Hongaarse speelt sinds haar zesde piano en won op 13-jarige leeftijd al een muzikale prijs bij het Nationale Pianoconcours te Nyíregyháza (Hongarije). Daarna volgden vele andere prijzen. Samen met Erdös speelt zij Chaconne van Tomaso Antonio Vitali en (delen van) het Vioolconcert Op.35 in D, no. 1 van Tsjaikovski.

Het gratis lunchconcert is inmiddels een gekoesterde traditie in De Harmonie. In een prettige, ontspannen sfeer kunt u onder het genot van een broodje, een kopje soep en een drankje genieten van prachtige muziek. De optredende jonge musici zijn veelal winnaars van concoursen in Nederland of daarbuiten. Dankzij de lunchconcerten kunnen zij podiumervaring opdoen. Als extra stimulans worden de optredens beoordeeld door het publiek en een jury. De winnaar ontvangt uit handen van de vereniging De Vrienden van De Harmonie de award ‘De Zilveren Vork’ en een geldprijs. De namen van de musici vindt u kort voor de concertdatum op onze website: www.harmonie.nl. De overige lunchconcerten zijn op vrijdag 25 november, vrijdag 27 januari, vrijdag 24 februari en vrijdag 30 maart.

Aanvang: 12:30 uur.

It swartepytsjen dat al begjint noch foar't Sinteklaas ynhelle is

Op it weblog fan Huub Mous in, wilens blokkearre, nee, lêste nijs, wer net blokkearre, diskusje oer (en mei) de sjuery fan de Gysbert Japikspriis 2011.


Ate Grypstra, 12 oktober:

Faaks is in bytsje mear útlis oer de gong fan saken en it leverjen fan wat mear kontekst dochs wol efkes op syn plak. Der wurdt no op guon plakken praat fan ‘swartepytsjen’ en ‘eigenhantsjewaskjen’ troch de sjuery. Ja, sa kinne je it ynterpretearje fansels. Mar de achtergrûn fan myn sitaten yn it stik fan EH is dizze: ik krij in tillefoantsje mei de fraach fan in betûfte sjoernalist wêrom’t de GJ-winner noch net bekend makke is. Ik ha (sûnder mediatrening) besocht dy fraach nei myn bêste witten te beantwurdzjen (sjuery al ein augustus – begjin septimber út ’e ried, advys moat noch troch DS, wat fertraging op it Provinsjehûs). Dêrnei krij ik in hiele searje fragen foarlein oer it proses (der soe dochs mear reuring om de priis hinne komme, ensfh.?). Dêr haw ik yn sa breed mooglike sin besocht antwurd op te jaan, sûnder al tefolle yn details te trêdzjen dus. Ik haw in pear kear oanjûn dat it faaks in goeie saak wie om de útslach, de útrikking en fral it sjueryrapport efkes ôf te wachtsjen, omdat benammen wat it lêstneamde betreft wol in tal saken opheldere wurde soenen. Haw ik oan it ‘swartepytsjen’ west? Ah, wolnee. Net alle útspraken binne letterlik sa troch my dien (ik brûk gjin wurden as ‘ûnderstek’ en ‘piid’ (freegje mar oan Hylke Tromp). Somtiden waard my in fraach foarlein dêr’t ik yn algemiene sin op antwurde ha: ‘Ja, dat hie miskyn wol better west.’ Fierders haw ik besocht oan te jaan dat der wol degelik stappen setten binne om wat mear reuring om de GJ hinne te kreëarjen. En dêrmei haw ik ek goed sein dat it inisjatyf dêrfoar yn it foarste plak by Teake Oppewal weikaam. Dat it net echt slagge is, leit yn myn optyk dochs oan burokrasy (dat rillik fage wurd is my al út ’e mûle kaam) en in soad ûndúdlikheden foar wat betreft wá’t no krekt ferantwurdlik foar wát is. Dêrby sille wy as sjuery nei alle gedachten yn bepaalde saken ek tekoart skeaten wêze. Ik jou ússels dus ek mar in ‘swartepyt’ at der fan ‘swartepytsjen’ sprake wêze soe. Cornelis van der Wal hat grut gelyk at er skriuwt dat se ús as sjuery mar gau fuortstjoere moatte. Dat wurdt no ek yndie wolris tiid, tinkt my. Fuortdaliks nei de útrikking mar, soe ik sizze. Sa, no haw ik der wol wer even genôch oer sein. It soe moai wêze at de fokus no wer op de priiswinner en op syn oeuvre kaam te lizzen.


Cornelis van der Wal:

Bêste Ate,

dat ‘fuortstjoeren’ fan my hie betrekking op it ‘lekken’ fan de sjuery nei Hettinga ta, wat de oeuvrepriis oanbelanget. Dêr gietst net op yn, spitigernôch. Hoe wit Hettinga soks yn it foar, as it net by jim weikomt? Ik fyn yn elts gefal dat soks perfoarst net kin. Dêrom dus dat ‘fuortstjoeren’.


Abe de Vries:

As it “âlderlêste nijs” yn syn stik neamt Hettinga dat it dit jier op in oeuvrepriis útdraait. De suggestje dy’t dêryn leit, is dat syn boarnen him dat ferdútst hawwe – oars soe der ommers gjin praat wêze kinne fan “nijs”. Ik nim lykwols dalik oan dat noch Ate noch Willem dêr wat oer sein hawwe. Se wurde allinnich wol yn in lêstige posysje brocht troch de tekst fan de betûfte sjoernalist.


Ate Grypstra:

Bêste Cornelis,

Nee, wis dat snap ik. En ik hoopje datst de knypeach yn myn replyk ek in bytsje sjochst. Ik kin ek muoilik op dat ‘lekken’ oer in eventuele oeuvrepriis yngean, want ik freegje my krekt as oaren ôf hoe’t dat krekt om en ta gien is. Soe it echt sa direkt sein west ha? Of wie it spekulaasje fan EH? Om in foarbyld te neamen: my waard de fraach/stelling foarlein: “de priis sil wol nei Feanwâlden gean”. Dêr hie ik op antwurdzje kind: “dat soe mar sa kinne”, mar ik ha sein “dêr kin ik gjin útspraken oer dwaan”. Fansels hienen we der as sjueryleden ek foar kieze kind om hielendal gjin útspraken te dwaan. Swije is ommers faak wizer (achterôf besjoen hielendal). Oan de oare kant hie ik it gefoel dat de measte fragen net allinne relevant wienen, mar ek bêst beantwurde wurde koenen. Dat soks dan yn it ramt fan de tsjinstdwaande sjoernalist pleatst wurdt (mei ‘oanfallen’ op de ‘Bûterhoeke’ (in wurd dat ik noait brûkt ha) en op de ‘consultant’ (idem)), is fansels logysk, mar ik hoopje dat de krityske lêzer in bytsje sjen kin wat diedwerklik by ús weikomt en wat by de ynfalshoeke fan de sjoernalist heart. No, dat wie it wer even. Oars bleau ik oan it hantsjewaskjen.


Abe de Vries:

@Ate: “Soe it echt sa direkt sein west ha?” fregesto dysels ôf, of miskien fregest it dyn sjueryfoarsitter?

Opmerking fan de sjoernalist: “Nou, der stuts dizze perioade net ien boek werklik boppe it meanfjild út, wol?”
Sjuerylid: “Nee, dat fûnen wy ek. Mar fierder kin ik der neat oer sizze.”

Konklúzje sjoernalist: it wurdt in oeuvrepriis.

Krekt om de wurdestriid út ‘e wei te gean oer de fraach wat it ferskil is tusken lekt nijs en in ynterpretaasje is útfûn dat sjuerys better stil wêze kinne as se te betiid belle wurde. Sadat wy it earder en better oer it wurk fan de laureaat ha kinne, en net oer de prosedueres hoege te hottefyljen of oer it swartepytsjen dat al begjint noch foar’t Sinteklaas ynhelle is.

The Be Good Tanyas - Scattered Leaves (Live)

dinsdag 11 oktober 2011

Durk van der Ploeg wint Gysbert Japikspriis 2011

Lokwinske, Durk!

Tim en Luuk



www.flickr.com/photos/abedevries

Provinsje hâldt gjin tafersjoch op jiskefabryk Harns

Berjocht fan de Stichting Afvaloven Nee:

De handhaving van de milieuvergunning door de provincie schiet ernstig tekort. Cruciale gegevens over uitstoot zijn niet bekend bij de toezichthouders van de afvaloven. Daardoor is het onmogelijk om te bepalen of Omrin zich daadwerkelijk houdt aan de verleende vergunning. Het gevolg hiervan is dat de Friese afvalverwerker vrij spel heeft. Omwonenden lopen risico’s zonder dat de wettelijke toezichthouder precies weet wat er aan de hand is.

Stichting Afvaloven Nee deed naar aanleiding van een aantal incidenten deze zomer een officieel WOB-verzoek aan de provincie. Hierin werd gevraagd om meetgegevens van de uitstoot uit de afvaloven.

“Tot onze ontsteltenis bleek dat de provincie in het geheel niet beschikt over de gegevens tijdens incidenten en dat zij deze ook nooit heeft willen hebben,” aldus voorzitter Sikke Jellema. “Dat vinden wij vreemd. De provincie moet toezien op bijvoorbeeld het aantal storingsuren. Dit omdat bij een storing ongecontroleerd grote hoeveelheden gevaarlijke stoffen uit de schoorsteen kunnen ontsnappen. Voor het bepalen van deze storingsuren is het natuurlijk wel noodzakelijk om over alle uitstootgegevens te beschikken, maar die heeft de provincie dus niet.”

Volgens de milieuvergunning behoren uren waarvan de gegevens ontbreken als storingsuren gerekend te worden. Doordat er zo veel gegevens ontbreken is het aantal storingsuren al opgelopen tot minstens 180. Per kalenderjaar zijn maar 60 storingsuren toegestaan en het eerste kwartaal van dit jaar was de oven nog niet eens in bedrijf.

Bijzonder alarmerend vindt de stichting de ontdekking dat de provincie dus ook niet over uitstootgegevens beschikt van die momenten waarvan bekend is dat er een abnormale, en potentieel schadelijker samenstelling van rook uit de afvaloven kwam.

Jellema: “Op 3 juni j.l kwam een grote hoeveelheid zwarte stinkende rook uit de schoorsteen die snel daalde. Mensen in de directe omgeving hielden hun hand voor de mond en knepen de neus dicht tegen de stank en de rook. Maar nu weten we dat de Provincie niet eens beschikt over de uitstootgegevens van dat moment. Hoe kan dan ooit objectief bepaald worden wat de schadelijkheid van deze stinkende rook voor die mensen is geweest?”

(parseberjocht)

zondag 9 oktober 2011

leafste bear

ik koe noch mar amper rinne en ik hie al
in leafste bear as se in goed sin hie
die se it nachtljocht út mei har
oansketten rjochter flapear

harke se nei my as ik skrieme woe
mar frege ik har wêr’t se weikaam
dan sei se neat dan sei se my neat mear

soe se salve strike skuorde se de hûd derôf
soe se treastgje sloech se klauwen
ik koe amper rinne en ik hie al in leafste bear

dy’t ik dit brocht en dat brocht
mar elk wurd dat út myn mûle kaam
waard skeind troch myn grutte snijtosk

gjin pleisters plakte ik gjin waarme wyn
blies ik fluitsjend ik koe mysels net fine
út de bear prate ik net de pine

lang lyn sinjalearre sittend yn in hoekje
yn in read truitsje in read broekje
in blau each it bearwêzen folslein ferleard

it sloech op tawijing telider en it is
net mear nei te gean ik sis ek mar wat
om wer in knuffel te meitsjen út neat


.

Frazey Ford Sings Bob Dylan's One More Cup Of Coffee



Gloednij op YouTube!! Benefytkonsert op Tiengemeten!! Ek Frazey Ford (The Be Good Tanyas) hie wol wat west foar it festival Explore The North.

donderdag 6 oktober 2011

KOLLUM (16): PvdA-Ljouwert makket stimming tsjin Fryslân 2018

Yn in espressobar oan de Nijstêd yn Ljouwert, neffens liwwadders.nl “het brandpunt van journalistiek onderzoek”, fûn okkeries in moardpoging plak op Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Diskear twa would-be Brutussen: Andrea Möller, ôfdielingshaad by Parnas, en Sjoerd Feitsma, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert. Möller fynt de gong fan saken by Fryslân 2018 “allemaal wat vreemd” en suggerearret dat de finânsiering derfan op kosten giet fan besteande foarsjennings, lês: Parnas. En Feitsma “ziet alleen nog maar een bus waar wat foldertjes worden uitgedeeld”.

It amper ferburgen synisme docht dochs wat nuver oan. Möller wit hiel goed dat Fryslân 2018 betelle wurdt út oare jildstreamen as de rivier dêr’t Parnas út drinkt en Feitsma wit hiel goed dat der meikoarten in betide fersy fan it ‘bidbook’, in rûteplan nei 2018 ta en noch fierder, oan Deputearre Steaten oanbean wurde sil.

Hy wol de diskusje alfêst op skerp sette mei in warskôgingsskot: tink derom, de PvdA Ljouwert is net op foarhân entûsjast. Feitsma hat it oer in “provinciefeestje” en dêrmei bejout er him yn in net al te produktive kompetinsjestriid mei de provinsje. Mar tagelyk makket de fraksjefoarsitter op dy wize stimming (“ik ben erg cynisch hierover”) tsjin in trajekt dat pas de kommende moannen in foarm krije sil dy't de wrâld yn kin en dy’t de minsken oansprekt.

Blykber wurdt sa’n opstelling út Ljouwert wei fan Feitsma ferwachte. It soe lykwols goed wêze om jin te realisearjen dat Fryslân 2018 dé belangrike sosjaal-kulturele ympuls wêze sil dy’t hjir noadich is, in fûneminteel feroaringsproses en in nije dynamyk bûten de stêd likegoed as yn Ljouwert.

As ik Feitsma wie, soe ik de herder noch mar efkes yn 'e bûse hâlde: aansen earst it bidbook lêze.

maandag 3 oktober 2011

Pake Abe is ûntdutsen

Hee, pake Abe is ek troch de krante ûntdutsen. Teake Oppewal hat sneon in lêzing hâlden oer famyljerelaasjes yn de Fryske literatuer en op ien of oare wize kamen myn pake, stoarn yn 1996, en ik dêr ek yn foar. Sietse de Vries fan de LC docht ferslach:

“De enkele jaren geleden opgestane dichter Abe de Vries bleek onverwacht een grootvader te hebben die ooit als conferencier op bruiloften optrad. Oppewal was er achter gekomen doordat grootvader en kleinzoon hun voor- en achternaam delen. ‘Hjir sjogge jo oars ek wer it moaie fan dy gewoante om bern nei har pake of beppe te neamen’.”

Dat ‘enkele jaren geleden opgestane’ is grif in grapke fan Sietse, mar ik wol him wol even byljochtsje oer pake. Dy hie nammentlik yn de jierren ’50 in lyts kabaretselskip mei twa sjongeressen en in akkordeonist út Harns, en hy dêr dan as smoutprater en foarsjonger by. De optredens bleaune net beheind ta brulloften; se ha ek yn Drachten en Warns wol west. Mear ha ik der net fan achterhelje kinnen.

It wie de tiid dat er behalve boere-arbeider ek kafeehâlder wie yn Winaam. De ûnderfining op it poadium koe pake goed brûke yn syn lettere wurk as opropper foar in pear notarissen út Frjentsjer en omkriten, dêr’t guon âldere minsken him miskien noch wol fan kenne sille.

Pake Abe waard berne yn Doanjum yn 1904, ferlear syn heit as jonkje al en syn broer doe’t er yn ’e tweintich wie. In lytse man mei in grutte stim, altyd fleurich en fluitsjend en sjongend, helle beppe Klaske as jongfaam út Alde Leie wei en mei de húsried op in wein gie it nei Salwerd: de earste arbeidersbaan by in boer.

It fierdere libben sil ik hjir net oer útwije, mar oer dat plak fan saniis ha ik in fers skreaun, op 17 juny publisearre op seedyksterfeartfisk. Miskien dat Teake ek troch dat fers (‘Pardon my French’ 3: ‘It oerset’) op it spoar fan pake Abe kaam is. In foto fan him as bôlesuteler foar in bakker yn Harns stiet yn in fitrine fan de Gysbert Japiksseal yn Tresoar.