zaterdag 23 juli 2011

KOLLUM (8): It earste salvo - de Moanne hat ynienen grutte plannen op ynternet


De redaksje fan de Moanne hat, ik leau foar it earst yn it bestean fan it tydskrift, of ik moat my fersinne, de muoite nommen om in langer stik ek foar ynternet te skriuwen. It hjit ‘Skriuwe yn Fryslân, in takomstperspektyf’. Dat is in ambysjeuze kop. Mar… der stiet neat yn!

No ja, dat is net hielendal wier. Nei in opsomming fan de oarsaken fan de beheiningen dy’t der binne foar Frysktalige skriuwers, komt de redaksje wat dat ‘takomstperspektyf’ oanbelanget, mei twa opmerkingen: skriuwers moatte mei ‘social media’ in eigen achterban besykje op te bouwen, en de Moanne wol graach in aktyf literêr platfoarm op ynternet wêze dêr’t skriuwers en lêzers inoar firtueel moetsje kinne. It earste kloppet as in bus en it lêste is nijsgjirrich. De redaksje skriuwt:

“Ek op ynternet soene wy graach mear romte kreëarje foar kontakt en diskusje oer alles wat mei de Fryske literatuer en kultuer yn Fryslân te krijen hat. Wy sjogge mei oare wurden it literêre tydskrift as nije yntermediêr tusken skriuwer en lêzer, mei as doel boeken, ferhalen en gedichten dêr’t wy yn leauwe, oer te dragen en de bân tusken skriuwer en lêzer sterker te meitsjen.”

Is dat net in wat nuvere ambysje? As bestie der gjin ensafh. As wie der net al jierren - tink oan Kistwurk en Farsk - gelegenheid foar skriuwers en lêzers om gedachten út te wikseljen op ynternet. Nuver formulearre ek. De literêre site dy’t de redaksje fan de Moanne foar eagen stiet, hat “as doel boeken, ferhalen en gedichten dêr’t wy yn leauwe, oer te dragen (..).” Wol de redaksje allinnich skriuwe oer boeken dy’t him oanstean?

It twadde doel is “de bân tusken skriuwer en lêzer sterker te meitsjen”. Ik moat begripe: allinnich foar skriuwers dy’t de redaksje útkiest? Ek opfallend: it doel is blykber net om de lêzer te ynformearjen oer aktualiteit en literêre kwaliteit, it foarnaamste doel is om skriuwers dy’t neat op ynternet oan promoasje dogge, de digitale dyk op te stjoeren, in dyk dêr’t sy eins sels net op ride wolle. De Moanne as taksy.

Moatte wy dit idee dus eins besjen as in teken fan fierdere gearwurking tusken de Moanne en Tresoar, dat sûnt de ynkorporaasje fan It Fryske Boek ommers de taak op him nommen hat om Fryske literatuer te promoten? It hat der alles fan dat de Moanne de website sirkwy.nl en de biografyske skriuwersynfo op de Tresoar-site oernimme wol.

Mar tagelyk literêr tydskrift en stjoerend literêr promoasjeplatfoarm wêze wolle, it liket my in ûnmooglike spagaat. It sil oan my lizze, ik begryp der neat fan. Wol mien ik te bespeuren dat de hjirboppe sitearre alinea linea rekta sa yn in subsydzje-oanfraach stean kinne soe foar it Nederlands Letterenfonds. Dat fûns, sa’t elkenien witte kin, hat hieltyd minder jild en moat aansen miskien wol kieze tusken de Moanne en ensafh. Sjoch myn kollum nûmer 5 fan twa wike lyn. Fansels, de haadredakteur fan de Moanne, Ernst Bruinsma, hat prima kontakten mei it Letterenfonds, om’t er sels as bestjoerslid belutsen west hat by ien fan de twa foargongers fan dat fûns.

Sa’n posysje hat Piter Boersma, haadredakteur fan ensafh, noait hân. Boersma moat mar hoopje dat de provinsje ensafh oerein hâlde wol en de eventueel fuortfallende jilden fan it Letterenfonds kompinsearje wol.

Boaze tongen flústerje dat Bruinsma al in tillefoantsje hân hat fan Henk Pröpper, direkteur Letterenfonds. Dat it goed komt mei de subsydzje foar de Moanne. It soe moai wêze as it fûns en de redaksje fan de Moanne oer it Fryske subsydzjefraachstik meikoarten ris harren ljocht skine litte soene, al wie it mar om’t der heechstwierskynlik wol mear minsken yn Fryslân binne dy’t graach witte wolle wat de bedoeling is fan dit foar in kultureel tydskrift op syn bêst ûndúdlike en op syn slimst ûnsinnige plan en hoe't it him ferhâldt mei de takomst fan ensafh.

It liket der in protte op as is it earste salvo yn de subsydzje-oarloch ôffjurre. Wilens is de foltallige ensafh-redaksje op Mallorca. Allinnich de webmaster ferdigenet it fort noch. As se heal septimber wer werom binne en de kompjûter oansette sille, soe it samar wêze kinne dat it ding net mear opstarte wol. Jild op.

2 opmerkingen:

  1. Wy sieten as redaksje fannemiddei yn Snits en hawwe op 'e tekst west oer boppesteande. Wy sitte net stil.
    En net yn 'e sinne.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. En lit ús hoopje ek net yn 'e drip. Wat ynformaasje foar it trouwe lêzerspublyk soe fansels wolkom wêze. It binne frjemde tiden...

    BeantwoordenVerwijderen