zondag 10 juli 2011

KOLLUM (4): Twatalige poëzij hat de takomst


Oer fiif jier komt de lêste Frysktalige dichtbondel út. In boekje, of eins mear in krantsje, reprodusearre by in copyshop, swart-wite tekeninkjes deryn, in stikmannich feltsjes papier mei in nytsje dertroch. De dichter hat in doaske fol achteryn de auto en riidt nei de fjouwer, fiif boekhannels yn Fryslân dy’t poëzijbondeltsjes ferkeapje wolle by de graasje Gods. Wol moai dat it boekje mar 5 euro kostet. Lykwols binne de ferwachtings net heech; in earste oplaach fan 50 is moai genôch.

Is dat it foarlân? Soe samar kinne. Utjouwers hawwe gjin nocht mear yn it regulier útjaan fan Fryske poëzij. Wêrom net? Om’t der jild by moat. Om’t se sitten bliuwe mei de brot. Om’t it tefolle tiid, jild en muoite kostet om der dochs wat omtinken foar te organisearjen. Om’t skoarstiennen no ienris net op rym rikje.

En dichters hawwe it ek wol sawat hân mei Fryske útjouwers. Dat wol sizze, mei de beheiningen dêr’t sy tsjinoan rinne. Hawwe se in bealch fol bloed, swit en triennen deryn sitten, hearre se der oars neat mear fan as in krantestikje dat like lang wêze mei as in berjocht oer in beppe dy’t hûnderttsien wurden is. Se woene sa graach in niteljende, ynspirearjende omjouwing, in essee fol jûchhei of byneed in ôfkreakjende tirade, as der mar ris wat barde.

Fan skuld kin hjir gjin praat wêze; sa njonkenlytsen is it wol dúdlik dat “wy” it allinnich net mear byfytse kinne. Dat hat gewoan mei oantallen te krijen. Mei hoefolle popkes der yn it literêre fjild omrinne. De Fryske literatuer, sa liket it op dit stuit, is te lyts om op himsels in goede sekundêre literatuer te organisearjen. En te lyts om adekwaat reagearje te kinnen op de multymediale omjouwing dy’t yn rap tempo ûntstien is. Te beheind, ek, om de konfrontaasje mei oarstalige poëzij oangean te kinnen.

Ien en oar is fan dy gefolgen dat “wy” musealisearje, dat wol sizze: ienrjochtingsferkear besykje op gong te hâlden yn in achterôfstrjitsje, wylst it grutte libben brûst yn de bûlevards fierderop. Begryp my goed, dit is allegear gjin krityk. It is in konstatearring, dêr’t miskien genôch tsjinyn te bringen is, mar dy’t him de lêste tiid – de lêste jierren – hieltyd skerper ôftekenet, wat my oanbelanget.

Tiid foar in oare stratezjy. Underdiel dêrfan sil nei alle gedachten wêze dat Fryske poëzij de kommende jierren hieltyd faker twatalich, dus tagelyk mei in Nederlânsktalige oersetting derby, oanbean wurde sil. Dat hat in protte foardielen. Op it foarste plak wurdt it tal lêzers fan in bondel folle grutter, alteast, de dichter jout him net langer del by it feit dat syn wurk noait mear as in 100, 200 lêzers berikke sil. Twads wurdt der in literêr resepsje-sirkwy iepene dat mear útsjoch jout op respons; as de kwaliteit fan it oanbeane wurk goed genôch is, sille der mear reaksjes komme dy’t kwalitatyf wat om ’e hakken hawwe. Treds sil Fryske poëzij folle mear yn in fjild komme te stean, bloeiend tusken oarstalige poëzij en dêr de fruchten fan rispje kinne. En fjirds, miskien sil ek it algemiene omtinken foar it Frysk en Fryske teksten oanboazje, om’t mear minsken der mei yn ’e kunde komme kinne.

Foar’t ien en oar syn beslach krije kin, sil der by de provinsje en by it Letterenfonds wol romte makke wurde moatte yn de subsydzjeregelingen. Want tûkelteammen binne der ek. Poëzij oersette is net samar wat. It gefaar fan slim ferwettere teksten leit op ’e lúster. Dat freget betûfte oersetters, dy’t yn gearwurking – en betelle – mei de dichter oparbeidzje wolle yn oersettingen en “werdichtingen”.

Fan de dichter sels wurdt ek mear frege as eartiids. De takomst dy’t foar it papieren boek oerbliuwt, sil mear en mear – wat poëzij oanbelanget – gearhingje mei ienmansútjouwerijkes of kollektive inisjativen, en hoe dan ek moat de dichter mear sels de boer op mei syn wurk. Net allinnich foarlêze, mar ek op it mêd fan multymedia stappen sette. Neitinke oer syn ôfwêzigens op sa’n geweldich medium as YouTube, bygelyks. Op ynternet fia weblogs of oare wegen besykje om in achterban op te bouwen, en gean sa mar troch.

Giet it dy kant net út, wol men net oars, dan is it foarlân dúdlik. Dan bedarje wy wer yn ’e jierren santich, doe’t de boekjes geregeld op syn aldergoedkeapst makke waarden en út de stensilmasine kamen. Mar ien en oar is al oan it skowen. By de Contrabas yn Utert sil takom jier nei alle gedachten, en as de subsydzjegoaden meiwurkje wolle, in beheind twatalich programma los kinne. En ek yn Fryslân sels wurdt op ferskate plakken neitocht oer oare wegen. Freed ferskynt der in twatalich boekje mei gedichten fan Elske Kampen, Grytsje Schaaf en mysels nei oanlieding fan skilderijen fan Jopie Huisman. Goed nijs, dus.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten