zondag 17 juli 2011

KOLLUM (6): 'Crowd-financing' oplossing foar Fryske poëzij?


Earst moat dit dúdlik wêze: ik fyn dat de oerheid útjeften fan Fryske poëzij finânsjeel mooglik meitsje moat. Dat is deagewoan in kwestje fan beskaving.

Spitigernôch fynt de realiteit net wat ik fyn. De lêste jierren is – foar in reguliere útjouwerij – it kosteneutraal útjaan fan Fryske poëzij ûnmooglik wurden, lit stean dat der ûnder de streek noch wat oerbliuwe soe. Der bliuwt neat oer: net foar de útjouwer, net foar de dichter. Sterker noch: in dichtbondel útbringe kostet jild. In boekje op syn aldergoedkeapst meitsje en ferskine litte yn in oplaach fan 150 stiks, smyt by folsleine ferkeap tsjintwurdich in tekoart op fan earne tusken de 400 en 600 euro. As men dan ek noch graach de dichter royalties útbetelje wol foar de earste printinge, dan komt der nochris sa’n 200 euro tekoart by. As men dan ek noch gjin subsydzje fan it Letterenfonds kriget, om’t de kommisje-Frysk it wurk dat foarlei net nijsgjirrich genôch fûn, is de ramp hielendal net mear te oersjen.

By grutte útjouwers is dat allegear miskien net sa’n punt, dy kompinsearje tsjinfallers wol mei de opbringsten fan in goed ferkeapjend proazaboek, mar yn Fryslân is dat hieltyd minder mooglik. Dy goed ferkeapjende proazaboeken binne hjir ommers ek net.

Salang’t subsydzjeregelingen net ferromme wurde – en dêr kin yn it kultuerfijannige klimaat fan hjoeddedei lang op wachte wurde – moat men dus oars omsjen om der wis fan wêze te kinnen dat poëzij yn boekfoarm noch ferskine kin. Miskien is ‘crowd-financing’ in stratezjy?

By ‘crowd-financing’ finânsiere boargers, bedriuwen en ynstellingen de útjefte fan boeken. Simpel sein: der wurdt in rekkening iepene, dêr kin jild op stoart wurde, der is in bestjoer dat it jild útjout oan boekpublikaasjes en dat ferantwurding ôfleit. It giet dus eins om in soarte fan boekeklub, lykas de KFFB der ien is, mei dit ferskil dat de ynlizzers net automatysk in boekje fergees tastjoerd krije.

It grutte foardiel fan sa’n opset is dat in grutte groep minsken sels in kultuerfoarm yn stân hâldt dêr’t dy minsken in protte wearde oan hechtsje. It is de belutsenens dêr’t in berop op dien wurdt en dy’t jild opsmyt. Yn Fryslân, dêr’t tradysjoneel in protte sympathy bestiet foar kultueruteringen yn de eigen taal, soe it net al te dreech wêze moatte om ien en oar fan de grûn te krijen.

In oare fraach is hoe’t soks praktysk besjoen organisearre wurde moatte soe. Utjouwers binne net de bêste ynstânsjes om hjir de earste stap te setten; hja binne drok dwaande om de holle boppe wetter te hâlden. Miskien soe de nije stifting Boeken fan Fryslân ien en oar ris yn him omgean litte kinne? Mar in kollektyf fan skriuwers dat him organisearret yn in juridysk ferbân soe fansels ek in opsje wêze kinne.

Ik wit wol, dat dit idee de measte Frysk-bewegers net oanstean sil. Dy hawwe ommers al dy jierren dwaande west om no krekt te soargjen dat de oerheid (provinsje, Letterenfonds) útjeften yn it Frysk mooglik meitsje soe. Mar as de wâl it skip keart, as der regearders komme dy’t gjin boadskip hawwe oan wat Frysk-bewegers al of net út ’e wei set hawwe, dan is der altyd noch de poëzij dy’t nei de minsken ta wol. Dy poëzij siket, as it goed is, sels wol syn wegen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten