De frisse wyn strykt wer oer 't fjild,
Fan profesijen fol:
De greiden lizze ljocht en grien,
De bou wurdt wyt en krol.
En by it lingjen fan de dei
Mei ljochte simmerskyn
Seit nou de boer, sjocht hy op 't lân:
,,De ploege moat der yn."
De hynders komme fan 'e stâl,
Wat stean har noasters wiid!
Wat stean hja trapkjend op it hiem:
Dit is de nije tiid.
Sa stekt de ploechfeint der op út,
Nou giet it nei it lân
En giet it rêd, de jaling rêst
Wol yn in fêste hân.
Dêr stiet er al op 'e ekersein,
Sjocht efkes yn 'e wyn.
Dan mei in ,,fuort", ,,tebek" en ,,ho"
Slacht hy de hynders yn.
Hoe gouden is de sinneskyn,
Hoe koel en klear de loft!
Hoe giet it al mar op en del,
In moaie lange skoft.
Wat spant de spier, wat set dy poat,
Hoe stevich stapt it span.
Hoe fielt it him fol krêft en kriich:
Hoe fleurich is de man!
Hoe lûkt it hynder oan de string,
Dy't him as getten sit;
Hoe slacht de damp him fan 'e lea,
Wat blinkt dat waarme swit!
En mei de ploegesturten beet
En mei syn ,,boei" en ,,hâld"
Bestjoert de ploeger sterk en kras
Syn hynders op syn wrâld.
En 't is mei nocht as hy op 'e ein
Syn spoar en stryk besjocht;
De ekers lizze rûn en fol,
De fuorgen rinne rjocht.
En as de klok seis oere let
En 't span it oerjaan moat,
Dan rêst it maklik, want der is
In hiele lape swart.
(Oernaam út: P. Terpstra, Fryske folksdichters. In karlêzing út har wurk. Mei in ynlieding en libbenssketsen (Fa. A.J. Osinga, Boalsert 1945))
Geen opmerkingen:
Een reactie posten