woensdag 11 december 2013

Rely Jorritsmapriis nei gemeente Ljouwert?


Jellum-Bears, it doarp fan Rely Jorritsma en Tiny Mulder, leit no noch yn de gemeente Littenseradiel. Dy beide doarpen komme aansen by de gemeente Ljouwert – soe dan de Rely Jorritsmapriis ek meiferhúzje nei Ljouwert? Dat leit fansels al foar de hân.

It sfearfolle Mariatsjerkje fan Bears - ek it Besikerssintrum foar Unia State en de Poarte - is ienkear yn ’t jier in oar soart godshûs. In skriuwers- en dichtershûs, dêr't elk jier de Rely Jorritsmaprizen foar Fryske literatuer útrikt wurde. In literêre tradysje fan grutte wearde.

Hoewol sels gjin bjusterbaarlik dichter, hat Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma (Jellum, 1905 – Ressen, 1952) dochs syn betsjutting hân, en noch altyd, foar de Fryske literatuer. By testamint liet er in jildbedrach nei dat ûnder tafersjoch fan de gemeente Baarderadiel bestege wurde moast oan literêre prizen foar sawol proaza as poëzij.

Nei weryndielingen kaam Jellum-Bears te hearren by Littenseardiel en de ferantwurdlikheid foar de útfiering fan de priis waard dus ek (1984) oerhevele nei Littenseradiel. Letter waard út it Rely-fûns ek noch in Rely Juniorpriis bekostige, foar gedichten en ferhalen fan jeugd fan 12 oant 18 jier.

Op it stedhûs fan Ljouwert kinne se har der mar alfêst op tariede. Earst Kulturele Haadstêd, en aansen ek noch Rely-gemeente, wat wolle je noch mear?


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten