Ik seach my selme ta de grûn,
En al myn krêft hie my bejûn.
Myn frije siele seach ik ek,
En 'k skrille fan har lot tebek.
'k Seach, wat ik woe - en wat ik koe,
En 'k wist net, hoe't dat komme soe,
En wyl 'k sa mei my selme kreaude,
Unfoel m' al wat ik earen leaude.
Doe doarme 'k heal ferwêzen rûn:
Ik seach my sûnder wyt en grûn,
Ik twiifle oan 't goede en oan it kwea
En wie my selme libben-dea.
Ik griisde fan 'e minskewrâld
En fûn him hol en leech en kâld...
Allinne yn mannich sillige oere
Fûn 'k frede yn 't skôgjen fan Natoere.
Wat faak de wrâld it leechste leit:
De rêst fan 't fjild, d' ienfâldichheid
Fan 't earme folk, dat draaft en swit
En fan gjin sielelijen wit,
De blide berneboarterij -
Dêr fûn ik soms wer wille by;
En as de blide ljurken songen
Waard faak dit wylde hert betwongen.
Mar mids yn 't kringen fan 'e wrâld
Untfoel my dan wer alle hâld;
Yn 't wyld gejei nei jild en ear
Fûn ik dy hege God net mear.
Dêr trape it laitsjend leagenskaai
Syn wurk tepletter; ja 'k wie faai,
Hie 'k tusken goed en kwea te kiezen,
't Sels ek tsjin d' ierde te ferliezen.
'k Seach yn 'e fâlden fan Gods klean
De kladden fan 'e satan stean;
'k Seach, hoe't syn eigen tsjinner fel
Syn leare húnde en trape del;
Ik seach dêrnjonken mei in laits
Fan spyt en spot en leedfermeits
't Wrâldminske, fij fan earnstich tinken,
My ta syn kâlde leare winken.
"Do minskedier!" rôp hy my ta,
"Woesto part oan 'e himel ha?
Do stof en jit ris stof, sa leech
As 't kin, woesto fan d' ierde omheech?
Wat jout dat grutske stribjen dy?
Do bliuwst doch like min as wy!
Kom, wol der net sa swier oan tille,
Mar priuw mei ús fan alle wille!
Ferdjer dochs net dyn blide jeugd
Mei stymjen oer gewisse en deugd!
Och, pinigje dy sels net mear:
Dyn deugd is neat as moadelear,
No jit yn swang, mar ringen wei!" -
Soms harke 't kweade yn my dêrnei,
Mar 'k wie him jit gjin fuotstap folge,
As 't hert wie my fan leed trochdolge.
O, wa beskriuwt dat djippe leed?
Hoe, God, hoe wiene Jo sa wreed,
Myn siel, Jo berntsje, te ferjitten,
Sa oan 'e Satan oer te litten?...
Wêrta dy siele yn boeien slein?
Wêrta dat fallen sûnder ein?
Wêrta Jo eigen ljocht sa dove?...
God, ik sink wei yn 't ûngelove!
*
Ut: Rispinge. Alde en nije fersen fen Piter Jelles, s. 142-144
Geen opmerkingen:
Een reactie posten