zondag 15 december 2013

De hynders fan Klaas Sybes Okkinga

Alde adel, erfrjocht en boerekollaboraasje

It oantinken oan de boerebloeitiid, it midden fan de 19de-ieu, behearske it Fryske nasjonaal-sosjalisme ûnder boeren yn de Bouhoeke. Bytiden wiene sokke ferhalen net allinnich in kwesty fan nostalgy foar polityk gebrûk; dat ‘behearskje’ koe binnen boerehúshâldingen en –famyljes ek in sosjaal-traumatyske achtergrûn hawwe.

Yn it gefal fan de sjoernalist Sybe Douwes de Jong (1897- 1951), yn de Twadde Wrâldoaroloch haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en de Friesche Courant, hat dat in rol spile. Fan syn heitekant wie er net alheel fan it “echte boerelaach”, sa’t oan de oarder kaam is yn it essay ‘Ter handhaving van de boereneer’. Mar fan memmekant wie er dat wol, as sprút út it laach fan de Okkinga-famylje: grutte boeren yn Westergoa, dy’t yn Winaam en Hjerbeam boppedat fan in ferbining dreame koene mei âlde en romrofte Fryske adel. It wie yn dat fermidden fan swiere klaaikluten dêr’t yn 1852, nota bene op see, op de fearboat tusken Harns en Skylge, in stjergefal plakfûn dat jierren letter sines bydroegen hawwe sil oan de Fryske boerekollaboraasje yn de Twadde Wrâldoarloch.

*

Earst nei Hjerbeam. Nei Okkinga-state, de pleats dy’t oan de Rykswei boud is op it plak fan de eartiidse Sickema State fan de 16de- en 17de-ieuske haadlingefamylje Van Goslinga. Yn de Twadde Wrâldoarloch treffe wy op dy state boer Klaas Reinders Okkinga (1899-1989) oan. Hy wie yn de jierren 1942-1945 NSB-boargemaster fan de gemeente Barradiel. Hy waard berne yn 1899, yn it boerelaach fan de Okkinga’s, stoar yn 1989 en is te hôf brocht yn syn berteplak. Syn pake fan heitekant wie Klaas Annes Okkinga (1824-1899), boer, gemeenteriedslid en wethâlder fan Frjentsjeradiel. Syn âld-omke wie de boer Klaas Sybes Okkinga (1830-1900) fan Winaam, dy't de pake fan sjoernalist Sybe Douwes de Jong wurde soe.

De Okkinga’s buorken sawol yn Hjerbeam as Winaam op in pleats dy’t as state yn de 17de en it begjin fan de 18de ieu oan de Van Goslinga’s hearde. Goslinga-state yn Winaam (letter Okkinga-state) wie it earste famyljebesit fan it grytmansgeslacht Van Goslinga’s, dy’t mei de tiid ferhuzen nei de Sickema-state yn Hjerbeam en letter nei Doanjum. Oer beide grytmanspleatsen lei, foar wa’t dêr gefoelich foar wie, alsa licht noch de glâns fan de Van Goslinga’s en benammen fan de ferneamde steatsman Sicco van Goslinga (opnommen yn de Fryske Canon). Okkinga-stamheit Ate Klazes (berne sa. 1700 yn Doanjum, st. 1753) wie yn 1751 fan Doanjum nei Winaam ferhuze. Syn soan Klaas Attes hie de pleats foar de helte yn eigendom; dy syn soan Sybe Klazes kocht de oare helte.

Opfallend is, yn dat ljocht, dat beide states elk har eigen rol spile hawwe yn it besykjen yn de oarloch om it faksistysk-feodaal-korporatistyske heareboersysteem fan Dútslân te promoten. Klaas Reinders Okkinga fan Hjerbeam wie de regionale organisator fan de NSB foar’t er yn 1942 Dútsfreonlik boargemaster fan Barradiel waard. En Klaas Sybes Okkinga fan Winaam hat, lykas sein, fan memmekant de pake west fan de lettere nasjonaal-sosjalistyske haadredakteur De Jong.

Men soe it Fryske boerefaksisme fan NSB-boargemaster Klaas Reinders Okkinga en boere-ideolooch Sybe Douwes de Jong sjen kinne as in radikale reaksje fan in oerspand en ferwûne stânsbesef, dat ressentimint keppele oan in romantysk byld fan de skiednis en heilsferwachtingen foar de takomst.  Earder hie ik it oer de rol dy’t de ‘boeremyte’ yn de kollaboraasje mei de Dútse besetter yn dat part fan Fryslân spile hat. Miskien ha wy no yn Klaas Sybes Okkinga it  boerefoarbyld, de Oerboer fan De Jong fûn?

*

Klaas Sybes Okkinga waard op 12 jannewaris 1830 berne op Okkinga-state yn Winaam. Hy wie in soan fan Sybe Klases Okkinga en Hiltje Gerrits de Vries, dopersken dy’t yn Harns tsjerken mar ek banken hiene yn de herfoarme tsjerke yn Winaam . Yn 1867 waard er beneamd ta riedslid fan de gemeente Barradeel; syn heit hie ek riedslid west. Yn 1889 wurdt er neamd as earmfâld yn Winaam. Hy kaam te ferstjerren yn 1900.

Yn de bloeiperioade fan de Fryske lânbou, fan 1840 oant 1880, wie Klaas Sybes Okkinga yn de krêft fan syn libben. Op 22-jierrige leeftyd waard er boer, doe’t yn 1852 syn heit ynienen kaam te ferstjerren op de boat tusken Harns en Skylge. Sân jier letter troude er mei de doe 21-jierrige boeredochter Grietje Harmens Hoogterp út Mullum. De skoansoan oan wa’t er syn dochter Reinskje úthoulikje soe, Douwe Sybes de Jong fan Aldehûs yn Winaam, kaam út in geslacht dat neffens oerlevering ôfstamje soe fan Menno Simons (Sybe Sybesma, ‘Oldehûs State te Wijnaldum’, hânskrift 1940) en wie alsa ek dopersk.

In grutboer hat er west, dizze Klaas Sybes Okkinga. Hy wie yn 1891 net allinich hierder fan Okkinga-state mar ek fan Tjitsma-state, de westlike buorman op deselde terperige eastlik fan Winaam, dêr’t er syn soan Harmen Klazes op te buorkjen sette. Yn 1884 hierde Klaas Sybes Tjitsma-state ek al, sjoen it feit dat er op pleatsfervjen ynskriuwe liet. By beide pleatsen meiïnoar siet op dat stuit mear as 119 bunder lân. De âlde skuorre fan Okkinga-state waard yn 1862 ôfbrutsen, der kaam in opfallend grutte, nije skuorre foar yn 't plak.

Mar op de achtergrûn spilen dochs de gefolgen fan in famyljetrageedzje. De sân bruorren en susters fan Klaas Sybes hiene meidele moatten yn de pleats, nei’t harren heit Sybe Klazes yn 1852 hommels ferstoarn wie. Soks betsjutte yn de praktyk dat de pleats ferkocht wurde moast, om’t elk rjocht hie op syn diel. Klaas Sybes wie fan dat stuit ôf noch wol grutboer, mar gjin eigner mear. Dat wie – nei in boelguod dat pas twa jier letter holden waard – jonker G.R.G. van Swinderen.

Hy wie dus pachtboer op eigen famyljebesit, foar syn gefoel. De lettere ûnfrede fan nasjonaal-sosjalist Sybe Douwes de Jong oer it Fryske erfrjocht, en syn waarme omearming fan de Dútse ‘Erbhofgesetz’ (sjoch ‘Ter handhaving van de boereneer’), kin fia oerlevering yn de famylje weromgean op de lotgefallen fan Klaas Sybes Okkinga. Hy foldocht oer alle boegen oan it type dat de Fryske nasjonaal-sosjalisten graach seagen: in mytyske boer, in erfgenamt fan de Fryske adel, dy’t troch funeste erfwetjouwing redusearre wie ta hierder, mar dy’t sawol de feepest, de bloeitiid as de Grutte Agraryske Krisis meimakke hie - en dy’t as sosjaal en polityk aktyf boer likegoed oerein bleaun wie.

Twa jier nei de dea fan Klaas Sybes Okkinga fernimme wy yn ’e krante noch ien kear wat oer him. Op moandeitemiddei 21 april 1902 waarden yn de Bogt fan Guné yn Frjentsjer syn hynders ferkocht op in ‘Boelgoed van paarden’. It gie om “uitmuntende en gezond verklaarde PAARDEN van de boerderij ‘Okkinga-State’ te Wijnaldum, als: zwarte merrie, 9 j.; idem, 6 j.; zwarte witvoet ruin, 7 j.; 2 bruine bovenruinen, 10 j., alle mak en bereden; witvoet bruine merrie, 6 j.; bruine bovenl. merrie, 3 j.; zwarte bovenl. ruin, 3 j.; bovenl. goudvos merrie, 2 j.; bruine merrie, 15 j.”

*

Boarnen:

Argyf Leeuwarder Courant
Argyf Tresoar; befolkingsregister
Kees de Boer, ‘Okkingastate, de oudste Friese Twickel erfenis,’ yn: Twickelblad jrg. 21, Winter 2012
Sybe Sybesma, ‘Oldehûs State te Wijnaldum’, hânskrift 1940

Geen opmerkingen:

Een reactie posten