Religy, erflikheid en generaasjes yn de Fryske boeremyte
"In oare dream. Hy seach himsels as leat fan in âld Frysk boerelaach, in eal laach, faaks wol keninklik. Wie syn mem net in Keechstra, de jongste dochter út it ferneamde boerelaach fan Keechstrastate by Winaam? Fan bern ôf oan hie mem him ferteld fan 'e âld pleats, it âlde laach, de paken en omkes en har aventoeren. En mem koe sa moai fertelle. Alle ferhalen hie er ûntholden. En yn syn holle ûntstie in heldemythe fan 'e Keechstra's en oare eale Friezen, dy't it boerebedriuw yn Fryslân ta in foarbyld foar de wrâld makke hiene."
Steven H.P. de Jong, De Wuttelhaven del, s. 47
*
Boerefamyljes yn de 19de-ieu koene rûchwei troch trije soarten fan tsjinstuiten yn ’e bedelte reitsje: as de ekonomy tsjinwierre, as der op it stik fan it leauwe kreauwerij yn de famylje kaam, en as it mei it neiteam net woe sa’t de boer en de boerinne it woene en betocht hiene.
Yn it essay ‘Ter handhaving van de boereneer’ ha ik de gefolgen fan de sosjaal-ekonomyske feroaringen yn de 19de en 20ste-ieu sjen litten oan de hân fan de skriuwerij oer de lânbou fan de sjoernalist en lettere haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en de Friesche Courant, Sybe Douwes de Jong. Yn in oanfolling dêrop, ‘De hynders fan Klaas Sybes Okkinga’, ha ik yn it ferlingde dêrfan de tematyk fan it statusferlies fan de 19de-ieuske boer yn Noardwest-Fryslân koart yn ferbân brocht mei de lotgefallen fan de foarâlden fan De Jong, de Okkinga’s fan Winaam en Hjerbeam. Yn dit stik wol ik besykje koart oan te tsjutten watfoar rol it leauwe en it al of net krijen fan bern yn datselde grutboerefermidden spile hawwe kin.
De ‘boeremyte’ yn Fryslân – it ferwizen nei de 19de-ieuske ‘bloeitiid’ fan de boerestân, doe’t de grutboer noch de god fan it doarp wie en it skarnierpunt fan sawol it ekonomyske, kulturele as it sosjale libben op it plattelân – hat in wichtige achtergrûn west fan it Fryske nasjonaal-sosjalisme fan de jierren tritich en fjirtich fan de foarige ieu. Yn de ekonomyske krisis en modernisearring fan dy dagen ferskynde de 19de-ieuske boer as in beaken, in symboal fan macht, foarspoed en harmony. It earste begjinnen fan dy myte mei miskien besjoen wurde as in romantyske reaksje op de Grutte Agraryske Krisis (1876-1890). Yn sa’n tiid fan delgong wurdt de foargeande perioade fan opgong en bloei ommers gauris idealisearre. De dichters Piter Jelles Troelstra en Obe Postma en de skriuwer Reinder Brolsma hawwe dêr elk op syn eigen wize yn harren wurk oan bydroegen.
It sil benammen de lettere ‘generaasje fan de bernsbern’ wêze – boerebern dy’t yn de Earste Wrâldoarloch folwoechsen wurde – dy’t dat 19de-ieuske Fryske Arkadië mar net út de holle krije kin. Dat jildt foar Sybe Douwes de Jong, berne 1897, likegoed as foar de lettere NSB-boargemaster Klaas Reinders Okkinga, berne 1899.
Harren Arkadië hie lykwols in ferburgen achterkant. In tsjuster gebiet, dêr’t leafst net nei ferwiisd waard, om’t it net yn de idealisearring paste en om’t se har der foar skammen, mar dat wol deechlik fan belang is by it ferklearjen fan it lettere Fryske boerefaksisme.
Tsjerklike ferdieldheid, op it foarste plak, spile in rol. Wat koe der net in ellinde komme as boer en boerinne net itselde tochten, net deselde religieuze achtergrûn hiene? Of as der yn de bredere famylje ûnderskate tsjerkepaden rûn waarden? Op it twadde plak liet ek de kwesty fan bern of gjin bern him net fuorttinke. As bliken die dat in boerehoulik net naaid waard sa’t it knipt wie op it stik fan neiteam, koe soks it Arkadië slim bedjerre.
‘It ferflokte houlik’
Houlikspolityk wie yn de 19de-ieu in wichtich ynstrumint foar in boer om syn opgarre rykdom, macht en oansjen feilich te stellen, fierder te fergrutsjen en oer te dragen oan syn bern. By it regeljen fan houliken moasten risiko’s it leafst út ’e wei gien wurde. Konkreet betsjutte soks dat achtslein waard op it leauwe fan de houlikskandidaten: dat moast idealiter itselde wêze. Roomsken trouden mei roomsken, doopsgesinden mei doopsgesinden, ensafierderhinne.
Ek waard sjoen nei erflike, genetyske faktoaren. Nei ‘boerelagen’. Saneamde ‘sterke lagen’ bestiene út sûne en fruchtbere minsken dy’t âld waarden en in protte bern krigen; yn minder sterke lagen waarden de minsken minder âld, stoaren mear bern of waarden bern mei handikaps berne. Foar boeren, wend om kij, skiep en hynders te fokken, en dus te beoardieljen op erflike skaaimerken, wie sa’n tinkwize net heel nuver. It hie ommers syn plak yn it deistige wurk.
Spanningen ûntstiene as der om ien of oare reden net foar de ideale houlikspartner keazen wurde koe. De leafde koe spulbrekker wêze. En net altyd wie in kar foar it feilich stellen fan besittingen ek in kar foar in genetysk optimale houlikspartner of in partner fan deselde tsjerklike denominaasje. Wat dat oanbelanget hat der (neffens in mûnlinge meidieling oan my dien) yn it Okkinga-laach praat west fan in ‘ferflokt houlik’. Mar it hoe en wat, dat waard net dúdlik. Dy’t harren skiednis neirint, komt der wol mear as ien tsjin, sa liket it.
Opgong
Yn de statyske boeremaatskippij fan de 19de-ieu waard jins súkses of falen gauris ôfmetten oan dat fan jins heit of pake. Wat dat oanbelanget hiene de trije bruorren Atte Klazes (1788-1846), Anne Klazes (1789-1850) en Sybe Klazes (1792-1852), boeresoannen út Winaam, it net minder treffe kind.
Harren heit wie Klaas Attes (Doanjum, 1748 – Winaam, 1814), harren pake Atte Klazes (Doanjum, sa. 1690 – Winaam, 1753). Atte Klazes sr. hie pachter op Frittema State yn Doanjum west, op deselde terperige as dy fan Winaam, doe’t er om 1750 hinne hierder waard op de folle gruttere Okkinga-state yn Winaam. Op dat stuit wie dy pleats noch fan Unico Wilhelm van Wassenaer, de komponist, en syn frou Dodonea Lucia van Goslinga, in dochter fan de ferneamde steatsman Sicco van Goslinga. Yn 1769 ferkocht harren soan Carel George de pleats mei hûndert pûnsmiet lân en in wettermûne oan de bernsbern fan in suster fan Sicco van Goslinga. Uteinlik krige Klaas Attes yn 1795 earst de iene helte en letter ek noch de oare helte fan Okkinga-state yn besit, mei dêrby ek noch de ‘Poartepleats’ yn Hjerbeam.
Klaas Attes naam yn 1811 de achternamme ‘Okkinga’ oan. Wierskynlik keas er foar dy namme om de bân mei syn – no – famyljebesit te beklamjen. Op de pleats yn Winaam hiene oan it begjin fan de 17de-ieu de haadling Johan Feyes van Goslinga en syn frou Jouck Watses van Ockinga wenne; fan har komt de namme. Harren soan Johan van Goslinga wenne op Sickema-state yn Hjerbeam, op it plak fan de lettere Poartepleats, en ferhuze letter nei syn Goslinga-kastiel yn Doanjum. Der wie fierder gjin relaasje tusken de adelike Van Ockinga’s út Dronryp en it foarteam fan Klaas Attes Okkinga. Hy sil net ôfkearich west hawwe fan in symboalyske bân yn de namme, lâns in omwei, mei de Goslinga’s.
Alsa hie Klaas Attes Okkinga him mei syn frou Janke Alberts van der Mey (1760-1831) yn in dikke tritich jier tiid oparbeide fan hierder fan ien lytsere pleats ta eigner fan twa grutten. Beide wiene doopsgesind; syn heit Atte Klazes hie syn doopsgesinde boerinne Antje Jans fûn by Achlum, op Sopsum. Klaas Attes troude earst mei Ymkje Hilles út Winaam (1783) en foar de twadde kear (1785) mei Janke Alberts út Pietersbierrum, berne yn Dronryp. Ymkje Hilles sil gau stoarn wêze, mar dêr is yn it befolkingsargyf fan Tresoar gjin akte fan te finen. Klaas Attes lit him dope yn Harns yn july 1783, syn frou Janke Alberts yn jannewaris 1786.
Harren trije soannen wurde ek boer. Atte Klazes yn Winaam (wierksynlik op in pleats fan memmekant), Ane Klazes yn Hjerbeam en Sybe Klazes yn Winaam op Okkinga-state. Se trouwe mei respektivelik Aaltje Jans van der Laan (1787-1837) út Winaam, Pietje Simons de Haan (1801-1834) út Boer en Hittje Gerrits de Vries (1802-1846) út Surch. De earste twa wiene boeredochters, de lêste har heit én mem wiene arbeiders. Neiteam fan Atte Klazes sil letter buorkje yn Pitersbierrum, fan Anne Klazes yn Hjerbeam en Tsjummearum en fan Sybe Klazes yn Winaam.
Dat it Klaas Attes en Janke Alberts foar de wyn gie, docht noch bliken út it folgjende. De boer kocht yn de Frânske tiid de tsjinstplicht fan syn twadde soan Anne Klazes ôf troch in plakferfanger – de matroas Douwe Hommes út Hylpen – te beleanjen mei in bedrach fan 2.500,- gûne, omrekkene nei de wearde fan hjoed sa’n 40.000,- euro.
Ungelok
Yn alle gefallen oant de Agraryske Krisis wierret it de ekonomysk besjoen Okkinga’s tige mei. Minder is dat lykwols it gefal op it stik fan bern. Atte Klazes en Aaltje Jans van der Laan krije twa dochters en (mar) ien soan, Klaas Attes Okkinga (1834-1915). Anne Klazes en Pietje Simons de Haan ‘op Hjerbeam’ hawwe in protte ûngelok yn it libben: de earste soan Klaas Annes (1823) wurdt mar tsien wike âld, soan Reinder Klazes (1828-1848) rôvet wierskynlik himsels fan it libben op 19-jierrige leeftyd, en dochter Tjitske (1831-1857) wurdt net âlder as 26 jier. Bliuwe oer: Klaas Annes (de twadde), Simon, Trijntje en Pieter.
Opfallend genôch trout Klaas Annes (1824-1899) mei syn folle nicht Geertje Sybes (1834-1877), dochter fan syn omke Sybe Klazes. It is in neffens ferervingswetten risikofol houlik, dat of út leafde of út saaklike oerweagings sletten wurdt, mar de gefolgen bliuwe net út. Fan de sân bern wurde mar trije âlder as 18 jier. Nóch slimmer is it ûngelok fan Klaas Annes syn broer Simon Annes en syn frou Sjoerdtje Tjerks. Fan harren alve bern helje seis de 24 jier net.
Fan de trije earder neamde bruorren, de soannen fan Klaas Attes, krijt de tredde, Sybe Klazes Okkinga ‘op Winaam’, sa op it each it minst mei tsjinstuiten te krijen. Syn houlik mei de arbeidersdochter Hittje Gerrits de Vries wurdt segene mei seis bern, dêr’t se mar ien fan ferlieze. Soan Sybe wurdt letter notaris yn Harns en soan Klaas Sybes sil de pleats oernimme. It is goed mooglik dat yn dy syn fermidden mei ‘it ferflokte houlik’ op it swiere lot tsjutten waard fan syn omke en neven fan de Hjerbeamster kant.
Doopsgesind en herfoarme
As der ek in religieus skeel oantsjut wurdt troch de beneaming ‘ferflokt houlik’, dan sil dat socht wurde moatte mei yn de achterholle de Ofskieding en it radikalisearjende protestantisme binnen de herfoarme tsjerke yn Fryslân, begjinnend yn de tritiger jierren fan de 19de-ieu.
Simon Annes, bygelyks, helle syn frou Sjoerdtje Tjerks wol út syn eigen doarp Hjerbeam, mar har heit wie boer yn Janum, tichtby Reitsum en Burdaard, in streek dêr’t letter de griffermearden de mearderheid krije soene.
Yn de gemeente Janum-Burdaard stie fan 1788 oant 1811 de radikale, oranzjistyske dûmny Alexander van Giffen, ien fan de arrestanten by it Kollumer Oproer fan 1797. En op de kânsel yn Reitsum treffe wy de ek lânlik ferneamde dûmny en patriot Thomas Joha oan, fan 1774 oant 1812. Yn it fermidden fan de doopsgesinde, frijsinnige Winamer Okkinga’s sil it religieuze komôf fan de Eastergoaster houlikspartner fan Simon Annes grif omtinken lutsen hawwe, hoewol’t ik dêr gjin konkrete oanwizingen foar ha, oars as de wittenskip dat religieuze saken no ienris belangryk fûn waarden op Okkinga-state.
Klaas Sybes Okkinga wie ommers sawol belutsen by de frijsinnige herfoarme tsjerke fan Winaam – hy wurdt neamd as earmfâld yn 1889, in jier nei it fertrek fan de ‘reade dûmny’ Johannes Tenthoff nei Hoarn – as dat er yn it spier wie foar de Doopsgesinde tsjerke yn Harns. Syn soan Sybe Klazes Okkinga, de notaris, wie letter doopsgesind tsjerkfâld. (Pakesizzer Klaas Okkinga, dy’t ek notaris waard, bedarre yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie belutsen by de fersetsgroep Seisbierrum, yn de gemeente Barradiel, dêr’t nota bene syn fiere Hjerbeamster achterneef Klaas Reinders Okkinga de NSB-boargemaster fan wie.)
Fiedingsboaiem
Sa’t Reinder Brolsma yn it ferhaal ‘Mame en de grutte boer’ oantsjut hat, koe de Fryske boeremyte gebrûk meitsje fan it motyf fan trije generaasjes: de opgeande, de stabilisearjende en de delgeande. Arkadië kin men jin ommers allinnich mar yntinke as it ek in begjin en ein hat, ophâldt of weistjert. Nei de Earste Wrâldoarloch waard yn Fryslân in generaasje folwoechsen dy’t de myte út de oerlevering en út de literatuer helje moast, en guon makken him ta it fûnemint fan in nasjonaal-sosjalistyske lânboupolityk. It nasjonaal-sosjalisme mei syn klam op ‘folksienheid’ en ‘folksmienskip’ koe foar guon in oplossing lykje, net allinnich foar sosjaal-ekonomyske mar ek foar religieuze ferdieldheid. Ek de faksistyske ‘mienskipsgedachte’ wie ommers in útdrukking fan in beweging nei in hegere ienheid en in mienskiplik stribjen nei in heger doel, dat boppe de tsjinstellingen út gie.
‘It ferflokte houlik’ –it skrikbyld fan religieuze konflikten en fan it ûngelok dat in minske treffe kin dy’t de boerewet net acht slacht – wie wat dat oanbelanget it ferrotte hert fan de Arkadyske appel. It nasjonaal-sosjalisme soe it derút snije mei syn kollektive ideology en syn sosjaal-darwinisme, dat sei dat der ‘superieure’ en ‘ynferieure’ minsken wiene. Uteinlik wie it de baas om de iene groep op te kweekjen en de oare fertutearzje te litten. Ien fan de meast ekstreme uteringen fan sosjaal darwinisme yn Fryslân, net op hynders, skiep of kij mar op minsken tapast, wie de skedelmjitterij fan de SS Ahnenerbe, dêr’t yn alle gefallen twa Fryske skriuwers – G.N. Visser en Haring Tjittes Piebenga – yn leaud hawwe.
De skiednis fan de Winamer en Hjerbeamster Okkinga’s lit wat fan de fiedingsboaiem fan sokke ideeën sjen. Likegoed, as sjoernalist Sybe Douwes de Jong, de pakesizzer fan Klaas Sybes Okinga, lykas Visser en Piebenga yn syn sok rassisme leaude, dan hat er dat net opskreaun. Yn de krante komt men gjin oanwizingen yn dy rjochting tsjin. Ek kin ik gjin antysemityske útspraken fan him optekenje. De boeremyte fan Klaas Attes, Sybe Klazes en Klaas Sybes, de ‘goaden fan it doarp’, dat wie wêr’t Sybe Douwes yn it ynterbellum mei sitten bleaun wie. Hast wie er der ek noch letterlik mei sitten bleaun: syn heit Douwe Sybes, de fabryksdirekteur, hat noch even tocht dat Sybe Douwes miskien boer wurde koe op wat eins in erfenis wêze moatten hie. As jonge hat er yn de Earste Wrâldoarloch in skoft tahâlden by omke Harmen Klazes Okkinga, in broer fan syn mem Reinskje, op Tjitsma-state yn Winaam.
De achterkant fan Arkadië sil him doe yn alle gefallen yn fysike sin dúdlik wurden wêze. Foar it boerebestean bliek syn sûnens te min, as bern hie er al in hege bloeddruk.
*
Goeie Abe,
BeantwoordenVerwijderenDoe't ik Haad fan de Iepenbiere Skoalle wie yn Hjerbeam, letter De Moskeflapper (1962-1971) trof ik dêre Mink Miedema (1910-1973).
Hy wie troud mei Eke Okkinga (1901-1990), suster fan ien fan dyn haadpersoanen yn de rige boeren yn Hjerbeam en Winaam.
Mink Miedema wie ynteressearre yn Fryske literatuer, lies literêre tiidskriften en hie Rely Jorritsma kennen. ik haw gauris mei him oer boeken en literatuer praten. Hy wie berne op in lyts pleatske yn Hitsum. ik wit net oft hy folslein akseptearre wurden is troch syn skoanfamylje op in grutte pleats.
Ut en troch fregen syn frou en hy oan my in jûn del te kommen om wat 'by te praten'. Ik haw it as in heel apart en waarm kontakt ûnderfûn.
Neidat Mink Miedema stoar yn '73 krige oer de post ik fan Hindrik Okkinga, dy't yntusken op Sickemastate wenne en de muoikesizzer fan Eke wie, 4 blauwe skoalcahiers. Dêryn stiet yn romanfoarm it Frysktalich ferhaal fan Mink Miedema (autofiksje foar 't neist), de man dy't gjin grutte pleats ûnder de kont hie, mar wol heel goed thus wie yn de literatuer (sawol Frysk as Nederlânsk).
Dy roman sit yn myn argyf. Hy is better as in gewoane streekroman, mar wol oan de tiid bûn (jierren 30 oant 50).
Troch dyn ferhaal komt dizze roman fan Miedema wer yn myn ûnthâld, ik sil ris sjen oft ik him fine kin.
Goeie Josse, tank. Ast it manuskript fine kinst, soe ik it ek wol in kear lêze wolle. Nuver oars hoe't de skiednis yninoar sitte kin. In part fan myn belangstelling foar dizze S.D. de Jong stoarjes komt fuort út it gegeven dat ús heit jierren arbeider west hat op Okkinga-state yn Winaam, doe bebuorke troch Klaas Terpstra.
BeantwoordenVerwijderenIk haw dy roman fan Mink Miedema doe globaal lêzen. Ik siet net mear yn Fryslân, ik woe ôfstân nimme, studearje en lesjaan yn Schagen. Dêrnei is it boek ut myn ûnthâld ferdwûn.
BeantwoordenVerwijderenDoe't ik sels utjouwer wie - '92 oant 2008 - haw ik dy roman fergetten en besocht foaral nij wurk ut te jaan (mei de Q earst, en letter mei Trinus yn Venus).
As ik it manuskript fyn en lêzen haw stjoer ik dy wol in kopy. Miedema hie it oan my neilitten, en ik kin der wat mei dwaan. Yn it kader fan dyn ûndersyk soe it miskyn in rol spylje kinne.