By wize fan útsûndering hjir alfêst de Skroeier fan kommende woansdei yn it Friesch Dagblad:
"Hûndertachttjin jier nei de arrestaasjes yn ’e Hogerhuis-saak spylje Bitgum en Bitgummole wer in belangrike rol yn ’e Fryske skiednis. Want yn beide doarpen, en yn Ingelum, is ôfrûne sneon de romrofte Sutelaksje út syn eigen jiske opstien.
Mear as fjirtich skriuwers en frijwilligers hawwe hûs-oan-hûs gewoan út ’e âlderwetske boekekroade wei Fryske boeken ferkocht. Presys sa’t soks op folle gruttere skaal jierliks wenst wie yn santich oant tachtich doarpen yn Fryslân. Oant de stichting It Fryske Boek en de Sutelaksje yn 2009/2010 om ûnneispeurlike redenen oan kant set waarden en it Frysk-lêzen fan ’e weromstuit djip yn ’e bedelte rekke.
De inisjatyfnimmers fan de ‘Lytse Sutelaksje’ fan sneon hawwe sjen litten dat it wól kin. Dat minsken wól Fryske boeken keapje wolle. De omset yn ’e trije doarpen wie mear as fjouwertûzen euro: in kwart méar as de âlde Sutelaksje dêr eartiids ferkocht.
Opfallend wie it tekoart oan belangstelling fan offisjele kant. Fan de Afûk, Tresoar, Boeken fan Fryslan of de Provinsje wie net ien fertsjintwurdiger oanwêzich. Fan de útjouwers, dy’t fansels direkt baat hawwe by de ekstra ferkeap, wie mar in inkeling oanwêzich. Mar dat lei gjin skaad oer de dei, want de sutelers lutsen har dêr gewoan neat fan oan. Harren aksje wie in grut súkses: sy ha in sinjaal ôfjûn. In sinjaal dat seit: it suteljen mei Fryske boeken yn Fryske doarpen moat – en kin dus ek – sa gau mooglik weromkomme.
Hoe no fierder? Underskate senario’s binne mooglik. De subsidiearre stichting Boeken fan Fryslân – dy’t wol de boeken levere foar de Lytse Sutelaksje – soe opdracht krije kinne fan ’e Provinsje om it foarbyld fan Bitgum oer te nimmen en nei te folgjen yn mear doarpen. Of de nije sutelers soene sels in stichting oprjochtsje kinne om it suteljen troch bygelyks doarpsferieningen te fasilitearjen. Hie de toanielklup fan Bitgum it suteljen sneon regele, dan hie it der sa’n 1600 euro oan oerholden. Dat binne ynstruiers dy’t de muoite wurdich binne foar doarpsferieningen, liket my.
Linksom of rjochtsom, ‘de Bûterhoeke’ kin der net mear foarwei. De kop moat út it sân wei. It suteljen is belangryk foar it Frysk lêzen. It suteljen is nét in ûnmooglike saak. It suteljen smyt genôch op. De Lytse Sutelaksje yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum kin net oars west hawwe as de pre-prolooch fan ’e gloarieuze ferrizenis op kommendewei fan it kroadesuteljen."
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten