Moarn wer de Skroeier yn it Friesch Dagblad. Oer Explore the North ôflevering twa. De literêre ynbring falt diskear wat ôf: oardel Frysktalich dichter en in heleboel dichtersfolk út Grins, Grinslân en Drinte. En by de útnoege proazaskriuwers treft men it Frysk helendal net oan. En ek ynternasjonale literêre nammen stean net op it programma:
"‘Noordelijk’? Dan soene je yn it ramt fan sa’n 2018-festival, en helendal sjoen de ynternasjonale ambysjes fan Ljouwert dellein yn it bidbook-2018, dochs op syn minst ék tinke oan in Noard-Dútske, Deenske, Iislânske, Skotske, Noarske, Sweedske, Finske of Baltyske ynbring? Mar dizze twadde edysje fan Explore the North wol leaver ‘intiem’ wêze. En sjocht net noardliker as Rottumerplaat en de Iemshaven.
Ik woe dêrom mar alfêst in ferbetterpuntsje foar edysje trije útstelle. Untdekke wolle (eksplorearje) hoe’t je sawol ynternasjonaler as Frysker wurde kinne?"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten