dinsdag 19 november 2013

Wêrom't it PEKFEK wer nei it Reaklif moat

Achte bestjoer, jim ha my frege om in mûlfol te sprekken oer de Betinking.

Tank fansels foar dizze gelegenheid, mar ik warskôgje mar alfêst: ik sil wol wat in atypyske sprekker wêze yn jo fermidden. Ommers, ik bin net in trouwe besiker fan it ritueel op it Reaklif. Ik ha der in kear as twa, trije by west en ik ha de Betinking elke kear as bûtensteander besjoen as in apartichheid, as in suver folkloristysk byinoar-wêzen fan âlde freonen en freondinnen. Fan minsken mei itselde romantyske gefoel by de skiednis, fan minsken dy’t inoar net mear hoege te sizzen wêrom’t se der by binne – in geheim bûn fan Friezen, foar wa’t de Betinking fansels sprekt.

Kommend út de keunst, de literatuer wei, net út de polityk – en net ien dy’t de politike en talige frysksinnichheid mei de brijleppel ynjûn is – bespeur ik by mysels gauris in ôfstân ta de wize sa’t kollektyf-Fryske symboalen en ikoanen bytiden brûkt wurde. En altyd ha ik ek in ôfstân field ta de ynternasjonaal-Fryske, ‘histoaryske solidariteit’ mei de âlde seelannen dy’t dêr neffens de Fryske romantyk noch altyd by heart.

Lykwols ha ik dalik ‘ja’ sein op it fersyk fan foarsitter Geart Benedictus. De fraach om hjir hjoed wat te sizzen, wie foar my in moaie gelegenheid om in kear by mysels nei te gean hoe’t ik eins foar de Betinking oer stean – om nei te gean wat de kearn derfan is of wêze kin – en om de mooglikheid te ferkennen fan in hânfet wêrmei’t de Betinking de kommende jierren, opkalefatere, fierder kinne soe.

As it op sa’n oantrún oankomt, mocht ik dêrta by steat wêze, dan jou ik dy fansels yn de nederige wittenskip dat der al jierren oer it ûnderwerp neitocht wurdt. Troch minsken mei folle mear Reaklif-ûnderfining as ik hjir meinimme kin, en grif ek mei mear ynset foar wat ik no mar neam de ‘Frysk-nasjonale saak’. Dy ‘Frysk-nasjonale saak’ is no ienris net sa myn ding, yn alle gefallen nóch net. Mar wol is de ‘Frysk-kulturele saak’ myn ding. Hjir wol ik de Betinking dan ek yn it ljocht fan it twadde en net sasear yn it ljocht fan it earste besjen.

*

Lit my yn 1961 begjinne. Yn dat jier ferskynt der in ferhaal fan Inne de Jong yn de Tsjerne, mei de titel ‘It “Pekfek” nei it Reaklif’. Wy skriuwe 26 septimber 1970 yn dy fertelling en wurde troch De Jong delset op in bestjoersgearkomste fan it PEKFEK, it Polityk Ekonomysk Kultureel Frysk Europeesk Kontaktorgaan. Foarsitter fan it PEKFEK is professor Walda, in saaklik en taktysk man, sa ferdútst De Jong ús. De jonge yngenieur Van Beem is gysten. Ek rom oan it wurd komme dr. Loatsma, skiednislearaar, en dr. Vearman, filosoof en literatuerkritikus. Fierder binne noch oanwêzich in mr. Feringa en in dr. Van der Velde.

Men lêst it oan de titulatuer al ôf: it binne net de earste de bêsten út de Fryske beweging dy’t warber binne foar it PEKFEK. Wy ha hjir dúdlik te krijen mei in yntellektuele boppelaach. De gearkomste fan it PEKFEK wurdt holden op de dei fan de Betinking. Yn it skoft docht bliken dat it selskip eins net folle oars wurdt fan de manifestaasje op it Reaklif. Der is mar ien werklike entûsjasteling, dat is Van Beem. “Minsken, sorry: hearen, it foldocht my hjir skoan, mar hoe let kinne wy sawat klear?” freget er. “Om healwei ienen stap ik op, ik moat nei it Reaklif. Wa fan jimme giet mei? Ik kin noch wol fjouwer yn de wein hawwe. Gjinien fansels, dat binne wy wol wend.’”

Histoarikus Loatsma sil yn alle gefallen net mei. “Lûdroftige betogingen en grutte wurden lizze my net, ik ha earnstiger wurk te dwaan foar Fryslân. Ik freegje my ek ôf, oft wy mei sokke demonstraasjes de goodwill, dêr’t wy sa’n ferlet fan hawwe, net ferspylje. Baltende studinten hawwe ferline jier de lju de skrik op it liif jage, de Hollânske parse spriek der skande fan.”

De jonge, gystene yngenieur Van Beem hat gjin goed wurd oer foar Loatsma syn tebekhâlden: “Soe ’t de muoite net wurdich wêze, om út ús hege posysje wei wat solidariteit te betoanen? Wês bliid, man, dat de studinten dêr komme. Einlings en te’n lêsten hawwe hja begrepen wêr’t har plak is: foarenoan. Foarmje de studinten yn elke nasjonale beweging net de avant-garde? (..) It ôfwaaide praat fan de Hollânske parse lit my stienkâld en mear as fan jo ferneamde goodwill hawwe wy ferlet fan in berette kloft, dy’t it folk wekker ropt en Den Haach wekker ropt. As dat net bart, steane wy yn it jier 2000 noch foar de winige doar.”

It liket der dus net op dat it achtenearre bestjoer fan it PEKFEK nei it Reaklif sil. Mar dat is bûten de slûchslimme Federaasje fan Fryske Studinteferienings rekkene. Want dy hiene sa goochem west om it PEKFEK by gelegenheid fan syn 50-jierrich bestean in diner oan te bieden op, krekt, de dei fan de Betinking, yn hotel Riisterbosk op Riis. En fansels ropt yngenieur Van Beem dalik dat soks de muoite wurdich is. Tsja, hjir kinne de gelearde hearen net mear omhinne, dat it giet oan. Njoggen PEKFEK’ers en in kloft studinten reizgje even letter mei de bus nei Gasterlân. Op it Himmelumer Heech wurdt efkes hohâlden om fan it prachtige panorama te genietsjen. 'It blykt,' skriuwt De Jong, 'dat inkelde hearen fan it Pekfek, dy’t oan de Rivièra goed thús binne, dizze hoeke fan it heitelân jit net kenne.'

De studinten slagje yn har snoade opset en de hearen bedarje op it Reaklif 'mank in tûzenkoppige mannichte’: ‘It Warnser korps spilet “It feintsje fan Menaam”,’ skriuwt Inne de Jong, ‘it folk sjongt fleurich mei. It tilt fan Fryske flaggen, kloften studinten steane dêr mei spandoeken: De Lauwerssee moat daliks droech! Wy wolle op koarte termyn in Athenaeum! Fryslân is gjin generaliteitslân!’

De sprekker fan de dei pleitet fjurrich “foar it ôfgean fan allegearre, dy’t bang en twivelriedich binne. Om plak te meitsjen foar jonge berette lju mei moed, talint en fantasij. (..) Fryslân sil libje, as der in jongerein is mei koele koppen en gleone herten, dy’t har ynsette wol mei de hiele hûd.” Uteinlik komt it yn it hotel yn Riis noch ta in konfrontaasje tusken pro en kontra de Betinking. De studinten winne de striid mei glâns.

*

Oant safier in koarte werjefte fan it ferhaal. Dat skreau de fûle beweger Inne de Jong dus 52 jier lyn. It soe him grif muoid hawwe hoe’t de sitewaasje mei syn Fryslân der net anno 2000, mar anno 2013 hinne leit. De Lauwerssee is foar it meastepart droechlein, mar in Athenaeum lit stean in universiteit is net weromkaam (al is der tsjintwurdich al in gearwurkingsferbân dat University Campus Fryslân hjit). Mar Frysk studearje, dat kin yn Nederlân net iens mear as universitêr haadfak. Noch even en der binne aansen hast gjin studinten Frysk mear om te findelswaaien op it Klif.

De Jong lei yn syn wat kolderike skiednis de finger wilens wol op in tal seare plakken, plakken dy’t foar in part ek hjoeddedei noch skrine. It ferhaal lit in grutte ôfstân sjen tusken de frysksinnige elite en it gewoane folk. Tusken dejingen dy’t de tsjinst útmeitsje en de studinten, de jongerein. Tusken de oantrún dy’t út de oanfiterjende speeches sprekt oan de iene kant, en wat der werklik bart en dien wurdt oan de oare kant. Tusken it stúdzjemeitsjen fan Europeeske ûntjouwingen troch it PEKFEK en de spesifyk-Fryske aginda fan de betinkers.

Sokke spanningsfjilden is ek dik fyftich jier letter noch wol wat fan te merkbiten, as ik myn sin sis. Dy’t frij resinte kommentaren yn de media op de Betinking neirint, komt gauris ûnfrede en ûnbegryp tsjin. En is it gjin ûnfrede, dan is it wol in aloan sykjen nei de bêste ynfolling fan, en sinjouwing oan, it ritueel by de Stien op it Reaklif.

“It is in wat machteleaze demonstraasje fan masogisten dy’t de moed deryn hâlde troch mei-inoar de ferstienne Fryske striidsangen te sjongen dy’t men de rest fan it jier net mear heart,” skreau Pieter de Groot yn 2002. It is in lûd dat men wol faker heart: de Betinking is in preek foar eigen parochy en slagget der net yn om syn boadskip breder út te strielen. En dat sels desennia nei de earste offisjele Betinking yn 1945 noch altyd besocht wurdt en bring reden en doel ûnder wurden, dat seit ek wol wat. Yn 2007 konstatearre Adriaen Readbergen dat der eins folle mear folk ôfkomme moatte soe op de Betinking. “It soene der tsientûzen wêze moatte. Sa spitich dat in soad Friezen sa sleau binne. Wy steane net te skriemen om de minsken dy’t doe deafallen binne, mar it giet om it no. Om hoe’t wy yn dizze tiid fan mondialisearring ús sels bliuwe kinne, mei ús eigen taal en kultuer.”

Allyksa bekroade Jan Romkes van der Wal him der yn 2010 oer om it doel fan de Betinking skerp foar eagen te krijen. Hy luts it wat breder noch as Readbergen: “It giet net om in bluodrige slach of om de haat tsjin Hollân. Wy fiere no dat wy as frije minsken mei elkoar oparbeidzje kinne. Dy frijheid, dy’t it hert fan ús kultuer foarmet, fiere wy.”

‘Us kultuer’, dat is by beide niisneamde sprekkers in foarnaam ding. En ‘ús eigen taal’ ek. It is in wjerspegeling fan it feit dat nei 1995 de foaral politike aginda fan de Betinking plakmakke hat foar in mear kulturele aginda. It werklike ûnderwerp fan de Betinking kin ommers net it betinken fan in oarlochshanneling yn 1345 wêze, lit stean fan in antagonisme nei it oermachtige Hollân ta. It besteansrjocht fan de Betinking is it stilstean by histoaryske en, neffens my, foaral by aktuele Fryske identiteiten, en by it wurk dat dêr tsjinstber oan is en west hat.

Fierrewei de measte Betinkingstaspraken fan de lêste fyftjin jier hiene yndie de Fryske taal en kultuer as ûnderwerp. Ik doch in greep: Piter Boersma spruts yn 1998 oer literatuer en beweging, Arno Blok yn 1999 oer kulturele diversiteit, Oebele Brouwer yn 2002 oer it rjocht om Frysk te praten, Johannes Kramer yn 2007 oer taaldiversiteit, Bert Looper yn 2009 oer iepenheid foar nijkommers oer, it trio Gerbrandy/Apotheker/De Vries yn 2011 oer minderheidstalen en it plak fan it Frysk by gemeentlike weryndielingen, Jan Koster en Jaap van der Bij yn 2012 oer Omrop Fryslân en dit jier Reinier Salverda en Geart Benedictus oer ‘Gean foar it Frysk’.

*

No mei, yn it jier dat Ljouwert útferkeazen waard ta Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, der miskien wol op wiisd wurde dat ‘Europa’ as tema – en mear taspitst de ferhâlding tusken Fryslân en Europa – yn it ferline folle minder faak oan de oarder kaam is op it Reaklif as the Frisian experience op himsels.

Wurdt it no net hast tiid om dêr feroaring yn te bringen? Want wat betsjut in regionale kultuer noch, as dêryn gjin omtinken wêze soe foar it gruttere ramt fan de polityk-kulturele ûntjouwingen? Inne de Jong syn PEKFEK, syn Polityk Ekonomysk Kultureel Frysk Europeesk Kontaktorgaan, krijt dochs in wat oare lading en in nije betsjutting, in nij belang miskien wol, yn dit Frysk-Europeeske jier no’t Ljouwert tsjin de ferwachting fan de measten yn de striid wûn hat.

Fryslân en Europa, op slach is it wer in tema. En de Betinking en Europa is dat dús ek wurden, soe ik tinke.

Europa, yn it algemien sprutsen, lit in politike ûntjouwing sjen nei mear ienheid, mar nasjonalisearret tagelyk, ûnder mear ûnder druk fan de islam en de ynternasjonale terrorismebestriding, sa liket it. Yn sa’n betiizjende tiid mei grutte botsende belangen kinne de frijheden fan etnyske, kulturele en religieuze minderheden yn dy naasjesteaten ûnder druk komme te stean. Mar fan de weromstuit kin der ek ‘regionalisearring’ foarfalle. Ik mei lije dat heeltyd mear minsken begripe dat in sterke provinsjale bestjoerslaach yn Fryslân – de provinsje besjoen as demokratyske ‘laach’ mar ek as hoeder fan regionale kultuer – fan grut belang is.

Sa is it net nuver te mienen dat de provinsje Fryslân, lykas de Betinking, ferlet hat fan missys, aventoeren en feroveringstochten. Wat dat oanbelanget kaam Kulturele Haadstêd 2018 presys op it goede momint. De fraach is aansen fansels al dizze: wat sil de Betinking dêr mei dwaan?

Earst noch heel even fierder filosofearje, mei jo goedfinen. Regionale kultueren binne gefoelich foar nasjonalisearjende prosessen en troch har hele wêzen al ynrjochte om dêr ferset tsjin te bieden. De basis fan dy wjeraksel is it gefoel fan ‘oars wêzen’ yn de perifery fan de naasjesteat, in gefoel dat al fan it begjin ôf oan in reaksje west hat op de sintralisearjende druk fan it nasjonalisme út it ‘sintrum’ wei. It feriene Europa is in natuerlike partner fan de regio’s, om’t Europa lykas dy regio’s fan de nasjonale steaten in beskate ynskiklikens easket. Krekt dêrom bestiet der yn de Europeeske regio’s miskien wol mear sympaty foar it grutte Europeeske projekt as yn de nasjonale sintra. Krekt dêrom kinne de kulturele plannemakkers yn Ljouwert yn harren plannen foar 2018 farre op regionale eigenheid as ûnderdiel fan in Europeeske identiteit.

Krekt op dat punt kin it regionale, út syn aard wei definsive tinken, dat him teskoar sette moat tsjin sawol globalisearring as it sintralisme fan de nasjonale haadstêden, oergean yn in offensivere stratezjy. Of minder militant sein, yn in regionaal takomstperspektyf. Wearden as lytsskalichheid yn sosjale ferbannen, ferantwurdlikheidsgefoel foar it kollektyf oer, soarch foar it lânskip, dat ús as in erfskip trochjûn is, en tolerânsje foar itjinge dat ôfwykt – sokke wearden moatte ek yn regio’s altyd wer befochten wurde, mar se binne dêr yn dizze tiid miskien wol yn bettere hannen as yn de grutte stêden, dêr’t it konformisme fan it grutte getal en de bretalens fan it grutte jild foar master opslagge en har heeltyd agressiver rjochtsje tsjin alles wat ôfwykt en yn ’e minderheid is.

Niisneamde wearden moatte heeltyd wer yn Europa ynjektearre wurde – en dat is net allinnich in saak fan politisy en kulturele plannemakkers, mar ek fan keunstners en yntellektuelen, en fan bewuste boargers dy’t har hearre litte. En miskien ek wol fan in nasjonaal-symboalysk barren as de Betinking, soe men dêroan taheakje kinne.

Ik fyn it moai om te sjen hoe’t in beskaat Frysk ûnwis selsbyld yn it tinken oer de eigen kultuer oan kant skood wurdt yn de filosofy achter it projekt Lwd2018, want ik hie sels ek al foar in bewuster en yn wrâldkultuer ynbêde tinken pleite yn de ynlieding by de poëzijblomlêzing Het goud op de weg (2008) en yn de esseebondel oer Fryske literatuer Identiteit & kowesturten (2008), ûnder mear yn de essees oer Richard Hugo, Joseph Brodsky en Townes Van Zandt. Ek yn in oar ferbân ha ik oer Frysktalichheid, perifery en de fassinaasje foar in oare (Amerikaanske) kultuer skreaun, yn de Sixteen Horsepower Brieven, in korrespondinsje mei Albertina Soepboer dy’t wy yn 2004 brochten op it ynternettydskrift Farsk.

It yn essinsje definsive tinken oer in lytse kultuer dy’t him ferdigenje moat tsjin de globalisearring – tink oan it sizzen fan Wadman, Schurer en Tamminga, dat de Tsjerne “zich heus niet blind staart op de navel van de eigen achterlijkheid” – dat tinken wurdt troch Lwd2018 ombûge yn positive sin, nammentlik yn in tinken dat seit dat de Fryske kultuer, as kultuer fan in perifere en bysûndere regio yn Europa, krekt dêrom Europa wat te melden hat. Dat wie ek ien fan de boadskippen fan Het goud op de weg: “In het ‘Europa van de regio’s’ (..) is de Friese poëzie misschien wel actueler dan ooit. Als poëzie van een minderheidstaal ziet zij zich geconfronteerd met dilemma’s die in alle uithoeken van het oude werelddeel spelen.”

De alderearste ‘Strategie van het programma Kulturele Haadstêd – Provincie Fryslân’ fan 2009 sei it sa: “Veel van zulke regio’s, zoals Fryslân, liggen in de periferie van de nationale staten en worden daardoor minder snel gezien als belangrijke dragers van cultuur. De regio’s zelf kampen vaak met een Calimero-syndroom ten opzichte van nationale overheden. In het digitale tijdperk is de geografische ligging echter steeds minder relevant. Dit biedt kansen om juist vanuit deze cultureel en traditie rijke gebieden in Europa antwoorden te vinden op vraagstukken waar het gehele continent mee worstelt. Europa is op zoek naar een eigen identiteit en worstelt met de invulling van de gevoelde eenheid in diversiteit. De Friese invulling (..) kan nieuwe invalshoeken bieden juist vanwege de meertaligheid en de sterke eigen identiteit van onze provincie. Samen met andere meertalige regio’s kunnen we op zoek gaan naar samenhang in de diversiteit, die kenmerkend is voor de Europese identiteit.”

It draait dus net mear om de bange fraach oft der yn it grutte Europeeske kollektyf noch wol plak wêze sil foar “de kleinere organische eenheden”, sa’t Wadman him yn syn ynlieding by Frieslands dichters (1949) noch ôffrege. En ek is it net mear sa dat wy ús eins in bytsje skamje moatte soene foar ús “gewestelijke kamermuziek” en “boerenpoëzie” (alwer Wadman). It tinken út it sintrum wei diktearret net langer ús selsbyld. Wy binne der achter kaam dat in grut part fan Europa bestiet út regio’s en dat it perspektyf fan it sintrum net altyd rjocht docht oan dy regio’s, ekonomysk net en kultureel net. De Fryske ûnderfining, de Fryske kultuer mei syn eigen taal en lange tradysje, is dus net allinnich mar in achterhoedegefjocht yn de eagen fan in Amsterdammer of in ‘Hollanner’; it is ek en foaral in nijsgjirrich, aktueel en kreatyf identiteitsproses yn de eagen fan elke woltinkende kosmopolyt dy’t net yn ien fan de haadstêden fan Europa wennet.

*

Nei dit Europeeske útstapke nei oanlieding fan Lwd2018 komt fansels nochrisom de fraach op: Wat sil de Betinking der mei dwaan? Hoe kin er oanheakje by en ynspylje op it Kulturele Haadstêdproses?

De Betinking lûkt, sa’t it no is, minder omtinken as miskien wol koe. Ek ûnder bewuste Friezen liket der net folle sympaty foar te wêzen. Dat is op himsels frijwat nuver, want Friezen rinne yn ’t generaal oars wol waarm foar Fryske feestjes. Der binne ideeën genôch om de Betinking fierder foarút te helpen, mar dy lizze, foarsafier’t ik út de krante opmeitsje koe, dochs meast op it praktyske en net sasear op it ynhâldlike flak.

Lit de Betinking deel útmeitsje fan it ûnderwiis, kaam ik tsjin. Soargje foar mear aktiviteiten as inkeld in kuier oer de mardyk en in sprekker. Meitsje mear en tûker gebrûk fan ynternet en social media (der is in facebookside, mar dy datearret út 2010 en der steane mar twa berjochten op!). Meitsje in kombinaasje mei boartlike aksjes of sels demonstraasjes, dat lies ik ek. En de lêste: doch der in ‘re-enactment’ skouspul by mei sabeare midsieuske fjochterij as útstapke foar de hele húshâlding.

Mar dat allegear smyt noch net in ynhâldlike weroriïntaasje op, it soart weroriïntaasje dêr’t ik hjir it leafst hinne wolle soe. Myn oanbefelling soe wêze om yn in wurkgroep nei te rinnen wat it bidbook fan Lwd2018 – yn syn útwurking, mar ek hoe’t it him ferantwurdet – betsjutte kin foar de Betinking. Allinnich al om’t der sa op it each in protte raakflakken tusken de twa binne. De Betinking en it bidbook binne beide ommers grûnfêste op it idee dat taal, skiednis, kultuer en lânskip foar ús provinsje de belangrykste identiteitsfoarmjende faktoaren binne. En de Betinking en it bidbook soene beide graach tawolle nei aktivearring fan minsken, nei bewustwurding, en nei in nije ‘grutskens’, as ik dat sa neame mei, op ‘ús’ Fryske taal, eigenheid en identiteit.

Dêrmei binne wy der noch net, want oars as de Betinking – dy’t oan no ta dochs benammen de blik op de eigen regio rjochte hâldt – set it bidbook dat krewearjen dúdlik del yn in ynternasjonale kontekst. It bidbook wol útdruklik op syk nei kontakt mei Europa en mei lytse kultueren dy’t yn in ferlykbere posysje sitte as de Fryske kultuer. Mei minderheidstalige kultueren – of, om it helendal polityk korrekt te sizzen, mei meartalige kultueren – dy’t tsjin deselde problemen oanrinne as wy hjir. En ek oars as de Betinking besiket it bidbook de winske maatskiplike feroaringen te bewurkmasterjen troch kulturele ympulsen te jaan dy’t minsken yn beweging bringe – dus net inkeld troch de winsklikheid fan feroaringen te beneamen yn speeches, holden by in stien op in klif.

Yn ’e praktyk komt sa’n mear ynternasjonale ynstek der op del dat de Betinking wol wat minder streekrjocht oer ússels gean meie soe en wat mear de ompaden en de omballingen opsykje kinne soe. Miskien liket it in contradictio in terminis om it fia oaren oer ússels te hawwen, mar sadwaande wurdt al berikt dat wy ús ferrykje mei de nijsgjirrige ûnderfiningen yn oare lannen en regio’s. Allinnich al troch dêr kennis fan te nimmen. Dat sil ús tinken en dwaan inkeld mar oanskerpje kinne. Dêrby liket my tagelyk de ynstek fan Goffe Jensma syn ‘Language Lab’ fan belang om yn it each te hâlden: it befoarderjen fan niget oan de taal dy’t ús eigen is. Sa is it ek mei de Betinking: it kin allegear wol wat minder swier, wat minder ideologysk ek miskien; it mei wol wat boartliker, poëtysker en aventoerliker. 

In alsa ‘modernisearre frysksinnichheid’ sil it faaks makliker hawwe yn syn stribjen om in gruttere groep minsken oan te sprekken as de lêste desennia wenst west hat. Allinnich al om’t sa’n Betinking, dy’t him Europeesker presintearret, minder ôfjage hoecht te wêzen op it saneamde ‘unike’ fan ús eigen sitewaasje, en alsa ek minder gau de yndruk op bûtensteanders meitsje sil fan in frijwat ûnbegryplike byienkomst.

Hoe’t him ien en oar yn ’e praktyk fertale lit, moat dan neier besjoen wurde. Te tinken falt al gau oan it kontraktearjen fan sprekkers fan namme, dy’t behalve prate oer altyd deselde striid yn ús eigen rûnten ek rom omtinken jouwe oan it ûnbekende yn it bûtenlân. Te tinken falt oan tema’s dy’t sawol regionaal binne as oer de provinsjegrinzen hinne gean. Bygelyks, en wêrom ek net, it tema fan selsbestjoer. Of dat fan de ekonomyske relaasje tusken sintrum en perifery. Of dat fan de drege mobilisaasje fan de eigen befolking as it op alternative polityk-kulturele takomstperspektiven oankomt.

Dy’t mear aktiviteiten om de Betinking hinne hawwe wol, kin tinke oan in popfestival mei bands út Fryslân en út it bûtenlân. In searje literêre optredens en fraachpetearen. Of oan in grutte útstalling oer oare minderheidstalen en minderheidstalige gebieten, net ien kear, mar elk jier in oare regio. Dy’t it belang sjocht fan ynternet en social media sil tinke oan in folle gruttere ynternetsite, ek mei ynformaasje oer bygelyks Wales, Baskelân, Bretagne, East- en Noard-Fryslân en neam de gebieten mei min of mear ferlykbere ûnderfiningen mar op. Twitter en Facebook kinne tûk en struktureel ynset wurde. Media kinne bespile wurde mei spesifike ynput, mei opinystikken fan ‘opinion makers’ en soundbites fan populêre figueren út de massakultuer. Pommeranten en stjerren kinne har ferbine mei de Slach. En in goede foarmjouwer kin tsjoene.

Der is, koartsein, wurk foar in (miskien wol heal eksterne) wurkgroep dy’t ûnder tafersjoch fan it bestjoer yn dy Europeeske kânsen, ideeën en konsekwinsjes fan it bidbook dûke wol. Ommers, wat der ek betocht wurdt om de Betinking fierder oan te klaaien, altyd sille der in reade tried en in tal dragende ideeën mei mank wêze moatte. Miskien kin ek tocht wurde oan in wurkgroep om de ekstra sinteraasje en fierdere stipe foar sa’n ‘Betinking 2.0’ ekstern byinoar te avensearjen. Dêr soe ‘2018’ faaks ek wat yn betsjutte kinne. Miskien is it boppedat wat en besykje in mearjierrich plan op te stellen foar de Betinking, it leafst yn gearwurking en oerlis mei ‘2018’. Synergy hat ommers fan gefolgen dat tema’s dúdliker en skerper oankomme en opfalle.

Op sa’n wize sil de Betinking meigroeie kinne, en meiprofitearje kinne fan kulturele en maatskiplike feroaringsprosessen dy’t it bidbook mooglik yn gong set. Faaks soe ek de mooglikheid ûndersocht wurde kinne – noch fierder filosofearjend – en kom yn gearwurking mei it museum ‘Lân fan Taal’ fan Tresoar en de Afûk, en faaks ek mei ‘Brussel’, op termyn ta it opsetten fan in Europeesk minderhedeprojekt mei in mear permanint karakter.

Ta beslút soe ik noch in lêste kear oanheakje wolle by it ferhaal fan Inne de Jong yn de Tsjerne. Want anno 2013 moat it PEKFEK yndie nei it Reaklif. Diskear net as in studieus klupke bytsje wrâldfrjemde yntellektuelen út de boppelaach dy’t einen ôfstean fan de bodders yn it fjild, sa’t Inne de Jong de achtenearre hearen yn 1961 delsette, mar as in foarhoede. As speurende ferkenners, dy’t sekuer yn kaart bringe sille watfoar nije mooglikheden en kânsen it Kulturele Haadstêdproses net allinnich foar Fryslân mar ek foar de Betinking opsmite kin.

*

(Lêzing holden foar de Ried fan de Fryske Beweging, Ljouwert, 18 novimber 2013)

1 opmerking:

  1. It is yn alle gefal skriuwn in geef Frysk en ek net drekst te bestimpelje as 'luchtfytserij', Abe. ik haw d'r wol in pear loftige ideeën oer, mar dy beprate we noch wolris.

    BeantwoordenVerwijderen