vrijdag 1 november 2013

In koarte notysje oer it Trillerfrysk

Even wat oantekeningen oer it Trillerfrysk. Wat is Trillerfrysk? Dat is it Frysk dat gaadlik is foar trillers. Better sein, foar net-al-te-literêre trillers. Want der binne ek literêre trillers. Trillerfrysk is foar in grut publyk. Ha, ha, Frysk en in grut publyk?

Okee, it is foar in sa grut mooglik publyk dat Frysk lêze wol. No moatte wy wol oppasse. It liket in contradictio in terminis: grut en Frysk, kwa publyk. Oan de oare kant, der is ek it fenomeen It wrede paradys (ferkeap sa’n 15.000 stiks?). It Frysk sels is in wreed paradys. No even ta de saak. Dy’t in populêre oarstalige massatriller oersette wol yn it saneamde Trillerfrysk, moat én tagonklik én goed Frysk skriuwe. Tagonklik, om’t de doelgroep yn it algemien mear acht slacht op plot en ferhaal as op taal. En goed, om’t wy it Frysk ek net wei hoege te smiten.

Ik brûk hjir mei opset sin ‘goed’ ynstee fan ‘geef’ Frysk. Geef Frysk is foar my it soart Frysk dat troch oaren wol Afûkfrysk neamd wurdt. Miskien is it ek wol Kalmafrysk, dat sille de Taalbazen wol witte. Foar dat optochte Frysk oer – optocht foar en nei de Twadde Wrâldoarloch, mei as doel it ferskil mei it Hollânsk sa grut mooglik te meitsjen – it Geef Frysk dus – set ik no mar it begryp ‘brûkber Frysk’. Dat is ek goed Frysk, mar minder ‘geef’ en minder ‘optocht om…’

Brûkber Frysk is dus it (myn) útgongspunt foar it Trillerfrysk yn Ynferno fan Dan Brown. Om no even konkreet te wurden: der binne wurden dy’t ik net brûk. Ea. Nea. Earne. Nearne. Sêft. Efter. Faaks. Lofts. Ris. Soks wurdt by my gewoan ‘brûkber’ Frysk: oait, noait, ergens, nergens, sacht, achter, miskien, links, in kear. Ik sil dêr grif net konsekwint yn wêze, mar der moat in kear in begjin mei makke wurde.

Itselde ferhaal mei haadwurden dy’t Kalmaësk en/of Afûkerich einigje op –ens en haadwurden dy’t idem dito einigje op –ings (meartal). By my wurdt it dan hast altyd –heid en –ingen. Ek dêr bin ik net konsekwint yn. ‘Grutskens’ bygelyks soe ik noait ferfange troch ‘grutskheid’. Freegje my net wêrom.

Koartsein: in foarse ynjeksje praattaal. Mar it moat net te gek wurde fansels. Lêstlyn wie der praat fan it talitten fan it wurd ‘gebeuren’ yn skreaun Frysk ynstee fan ‘barre’. Sjoch, jo kinne it ek te mâl dwaan wolle. Dus der binne grinzen. En de grammatikale eigenheiden, plus alle aparte útdrukkingen en siswizen en oare konstruksjes fan it Frysk, besykje ik safolle mooglik yn eare te hâlden – ek as ik se net faak oantref yn modern skreaun Frysk.

In moderne skriuwwize wol ôf fan de útgong -sk. Gigantysk wurdt dan gigantys. Dêr doch ik net oan mei, hoewol't ik de oanstriid begryp. Ik ha allinnich neat mei de konsekwinsje: dan wurdt it dus ek 'gigantise'. Nee, dat sjocht der net út.

Dat, it Trillerfrysk neffens myn resept sjocht der noch ‘tige’ Frysk út, soe ik sizze. It rekket allinnich wat nuvere oanwinsten kwyt. Der bliuwt fansels noch genôch stroffelmateriaal oer. Dochs. Plus guon dúdlike Hollânske ynslûpsels. ‘Langdon begûn te praten.’ Tsja, sis it mar? ‘Langdon sette út ein mei/te praten’? Neh.

Yn it Hollânsk begjinne jo no ien kear folle mear as yn it Frysk.

5 opmerkingen:

  1. Hoi Abe,

    "Grutskens" sil net sa gau "grutskheid" wurde. Yn de literatuer oer -ens/-heid wurdt oanjûn dat de measte Friezen by koarte wurden oer it algemien -ens better fine as -heid, op in pear ynboargere gefallen nei (frijheid, wiisheid ensfh.).

    "-ingen" is trouwens âlder as "-ings" en by my myn witten is dy lêste foarm op it heden foaral yn de Wâlden yn gebrûk en by minsken dy't him der op Afûk-kursus ynpompt krigen ha. Myn Grinslânske oarehelte brûkt him yn in Grinslânsk en Hollânsk ek. It liket dan ek in regionaal ferskynsel dat oer taalgrinzen hinne giet.

    By "Langdon begûn te praten" sjoch ik net sa lyk in hollannisme as wol in anglisisme. Tsjin it Fryske erfwurd "begjinne" is net echt in beswier, mar yn dizze sin lêst it "Langdon started talking" dertrochhinne. Ik soe soks yn it Nederlânsk of Frysk net sa fluch sizze of skriuwe, om't "prate(n)" by ús, oars as yn it Ingelske taalgebiet, net as in hanneling beskôge wurdt dêr't je mei dwaande binne. Folle natuerliker yn myn earen is: "Langdon soe krekt wat sizze (en doe foel ien him yn it wurd)" of "Langdon naam it wurd" of "Amper hie Langdon wat sein (of der gebeurde dit of dat)".

    "Gebeure" is oars wat in raar wurd. Ik ha der net safolle beswier tsjin, ek om't ik "barre" in raar boekewurd fyn. Je kinne der lykwols faak maklik omhinne mei wurden lykas "foarfalle", "har beslach krije", "foarkomme" ensfh.

    Hawar, myn sintsje yn 'e ponge. Hoe wol 't oars mei it projekt? Hast der aardichheid oan?

    Groetnis fan Henk

    BeantwoordenVerwijderen
  2. P.S. Yn de fizioenen haw ik bewust wiksele tusken wat boekje-achtich Frysk yn de beskriuwende tekst en wat praattaliger Frysk yn de dialogen. Dêr sil ik grif wolris in "gebeure" yn foarkomme.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Tank, Henk, foar de suggestjes! It is prachtich wurk en myn Frysk fjouweret foarút. It sjit moai op, noch fiif dagen dan is it klear. It is, dêr bin ik wol achter, om idiomatysk 'tagonklik' Frysk te skriuwen sûnder hollanismen by de rûs. Dat dat doch ik net. Ik hoopje troch wat te wjudzjen yn neffens my al te keunstmjittich of op in oare manier nuvere Frysk likegoed in tagonklike tekst yn oersetting skriuwe te kinnen. Mar sjen wat jim der fan fine... ATP sil de korreksje dwaan op de printkladden. Noch wat foarbylden: -eftich meitsje ik -achtich fan. Hokker wurdt watfoar. Dochs kin somtiden likegoed wurde. No ja, sa. Groetnis@Abe

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Noch in pear: fan 'immen' meitsje ik safolle mooglik 'ien'. En 'benammen' wurdt 'foaral'.

    BeantwoordenVerwijderen