zaterdag 23 november 2013

Wêr is Allard Dijkstra keard?

Guon oait bekende minsken wurde wei yn ’e skiednis. Nim no Allard Thomas Dijkstra út Bitgum, berne 5 july 1864.

Hy waard yn Bitgum de lieder fan in groep revolúsjonêre sosjalisten dy’t mienden dat de earmen it rjocht yn eigen hannen nimme mochten: it “Nim- en Yt-rjocht”. Dijkstra is yn it omtinken bleaun as ien fan de trije mannen dy’t de werklike dieders west hawwe soene fan de ynbraak by boer Haitsma yn Britsum yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1895 – de ynbraak dêr’t de bruorren-Hogerhuis út Bitgum de skuld fan krigen.

Allard Dijkstra is yn it digitaal argyf fan Tresoar net werom te finen mei in eigen yngong. Soks betsjut mooglik dat der noait in krantestik, tydskriftartikel, lit stean in heel boek oer him skreaun is. Dat is, yn it ljocht fan de skiednis fan de arbeidersbeweging yn Fryslân, en yn it ljocht fan de bulten publikaasjes oer de Hogerhuis-saak, op syn minst it opmerken wurdich.

Dijkstra troude op 2 septimber 1891, hy wie doe 27 jier, mei Fokje de Vries, doe 17 jier, dochter fan Evert Romkes de Vries en Grietje Piebes de Vries (in achternicht fan in foarfaar fan ûnderskreaune). Piter Jelles Troelstra, SDAP-lieder en abbekaat, en ek dejinge dy’t alle war dien hat – mar fergees – om de ûnskuld fan de Hogerhuzen en de skuld fan û.o. Allard Dijkstra oan de ynbraak by Haitsma oan te toanen, skreau ûnder mear it folgjende oer him (Gedenkschriften):

“A. Dijkstra is een tweede Jago. Men zal lang moeten zoeken naar een man gelijk hij is. Scherp van verstand, met buitengewone zelfbeheersching, met groote suggestieve kracht, sluw en berekenend als weinigen, kon alleen iemand van een zoo door en door gemeen karakter als hij heeft, zulke brieven schrijven aan menschen die boeten voor wat hij misdaan had. Evert de Vries geeft zijn schoonzoon niet veel toe, 't is waar. Maar de hoofdfiguur is toch Allard. ‘t Is opmerkelijk, dat de inspecteur van politie Remmelink, die A. Dijkstra wel kende in zijn optreden, Allard meermalen gevraagd heeft politie-agent te willen worden. ‘Kerel, daar ben jij geknipt voor.’ En Allard, vroeger de schrik der politie, het geïncarneerde verzet.. verwierp in den laatsten tijd dit aanbod niet geheel. Allard is geweest een kranig leider der arbeidersbeweging. Moedig en onverschrokken. Hij was de ziel van de vlasbewegingen. 't Was voor een arbeider een eer als Allard er kwam. Maar zijn val is schrikkelijk geweest. Hij is moreel volkomen bankroet. Al zijn vernuft, zijn zelfbeheersching heeft hij moeten gebruiken voor de vraag ‘Hoe blijf ik zelf buiten en de Hogerhuizen in den kerker’. De Leeuwarder Justitie heeft hij aangekund.”

De schrik der politie, het geïncarneerde verzet, een kranig leider der arbeidersbeweging, de ziel van de vlasbewegingen – dat is allegear net neat. Mar ik kin op it ynternet neat oer Allard Dijkstra fine, bûten de fermeldingen yn boeken en stikken oer de Hogerhuis-saak om. De sites fan Tresoar noch fan it International Institute of Social Studies yn Amsterdam jouwe ynformaasje. Ek it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging jout net thús. Allard Dijkstra en syn frou Fokje binne (digitaal) fan de ierdboaiem ferdwûn.

Likegoed is Dijkstra in nijsgjirrige figuer, dy’t ek yn it ljocht fan de Hogerhuis-saak noch altyd fragen opropt. Syn skoanfamylje, De Vries, wiene de buorlju fan de Hogerhuzen en goed befreone mei de húshâlding. Der is korrespondinsje bewarre bleaun tusken skoanheit Evert de Vries en de Hogerhuis-bruorren doe’t dy finzen sieten, dêr’t út bliken docht dat De Vries harren mem en suster holp om troch de tiid te kommen. En hoewol’t ûnderskate skribinten yn de Hogerhuis-saak skreaun hawwe dat ‘it folk’ yn Bitgum en omkriten Dijkstra c.s. oanwiisde as de werklike dieders fan de ynbraak, koe Dijkstra wapperje mei de bêste tsjûchskriften doe’t er yn 1897 – dus twa jier nei de ynbraak – socht om oar wurk.

De eigner fan de fa. Douma te Ingelum skreau, neffens in ferslach, “dat Allard Dijkstra gedurende twaalf achtereenvolgende jaren bij hem gewerkt heeft met de meeste nauwgezetheid en ijver, waarom hij hem gerust durft aanbevelen voor de betrekking” [by de Posterijen – AdV]. Oer Dijkstra waarden yn datselde jier fierder noch “de meest gunstige verklaringen afgelegd” troch lânbouwer J.S. Bergstra, keapman D.A. van der Schaaf, dokter C.A. Kuipers Dijken en gemeente-arsjitekt H.S. Reinsma, allegear te Bitgum.

Foar Troelstra (en oaren) wie lykwols dúdlik dat Allard Dijkstra mei Paulus van Dijk en Sybolt Alberda achter de ynbraak sitten hie. Troelstra skromme net om syn fertinking sels yn de Twadde Keamer út te sprekken. Fan de weromstuit besocht Dijkstra Troelstra wer fertocht te meitsjen; hy hie lange tiid korrespondint fan Troelstra west, en de SDAP-lieder soe him oanret hawwe om mei dynamyt in oanslach te plegen op in notaris út Berltsum; ek soe Troelstra mei oaren dynamytproeven dien hawwe op de strjitwei Hurdegaryp-Ljouwert by de besite fan de keninginne oan Fryslân.

Dy’t de ferslaggen oer de Hogerhuis-saak trochnimt, ûntkomt der net oan en tink oan in ynter-sosjalistyske striid om inoar te koartwjokjen. It Bitgumer sosjalistyske miljeu yn de jierren njoggentich fan de foarige ieu stie sterk ûnder ynfloed fan Domela Nieuwenhuis syn revolúsjonêre Sosjaal-Demokratysk Bûn (SDB); it hâlden en dragen fan Troelstra sil der mei op rjochte west hawwe om de macht fan de SDB yn Bitgum te brekken.

Ek soe it nijsgjirrich wêze om ris te sjen nei de ferhâlding fan de Stienstra-bruorren (Tjeerd en Klaas Stienstra) ta Allard Dijkstra c.s. It liket derop dat yn it begjin fan de jierren njoggentich Klaas Stienstra noch de grutte man wie fan de Bitgumer radikale arbeidersbeweging – op 1 maaie 1890 wie er de oanfierder fan de sosjalistyske optocht nei Ljouwert – mar dat letter de jonge en nei alle gedachten radikalere Allard Dijkstra mear ynfloed krige. Stienstra hie in kleanmakkerssaak yn Bitgum en wie alsa gjin arbeider mar wurkjouwer; Dijkstra wurke yn Ingelum en letter as arbeider by it Ljouwerter Striekartonfabryk. Syn opkomst wjerspegelet yn dy sin de opkomst fan de arbeider yn de herfoarmingsbewegingen fan ein 19de-ieu. En wiene net -dat witte de Hogerhuis-kenners fansels - Tjeerd Stienstra en syn frou en Klaas Stienstra de earsten dy't nei Allard Dijkstra wiisden as skuldige? 

Hoe’t dat ek west hawwe mei, Allard Dijkstra is digitaal yn reek opgien. Dy’t mear wit, miskien soe dy kontakt mei my opnimme wolle.

.

PS. "Allard Dijkstra lijkt het aanvankelijk voor de wind te gaan als opzichter op de strokartonfabriek in Leeuwarden. Van de socialistische beweging heeft hij afscheid genomen tijdens de Hogerhuiszaak. (..) De voormalige arbeidersvoorman is een stakingsbreker geworden. (..) Als de fabriek failliet gaat, moet Allard weer van onderop beginnen. Hij heeft een handeltje in darmen en groenten, werkt in een darmenwasserij en vertrekt uiteindelijk in 1914 ook naar Amerika." (Johan Frieswijk en Hans Sleurink, De zaak Hogerhuis. Eene gerechtelijke misdaad, Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 1985). Mei tank oan Jacob Stelwagen.

1 opmerking:

  1. Dag, ik zeg dit - inmiddels verouderde - bericht. Wellicht weet u inmiddels hoe het Allard is vergaan. Zo niet, neemt u dan gerust contact op. Groet Jan (janbruinsma@ymail.com)

    BeantwoordenVerwijderen