donderdag 27 januari 2011
Tim nei ynternasjonaal concours yn Hilversum
Tim sil meidwaan oan de Perpetuum Mobile Competition, in ynternasjonaal concours dat plakfynt op 25, 26 en 27 febrewaris yn it Muzyksintrum fan de Omrop yn Hilversum. Kandidaten binne jonge musisy út Ruslân, Dútslân, Finlân en Nederlân.
It concours wurdt organisearre troch de stêd St. Petersburg, de keunstakademy fan St. Petersburg, it Radio Filharmonysk Orkest en de Akademy Muzikaal Talint.
Tim spilet ien fan de Perpetuums Mobile fan Carl Böhm, de Russyske Fantasy nû. 2 fan Leo Portnoff, de Sweets de Landau-suite fan Hans Cox en it Fioelkonsert yn A mineur fan Jean-Baptiste Accolay.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten