Achte oanwêzigen,
Ik wit net mear hoe’t ik derby kaam om yn it dichtwurk fan Tjitte Piebenga te dûken en it essay te skriuwen dat no de ynlieding is fan it poëzijdiel fan Tjitte syn Sammele Wurk. Ik tink dat ik op syk wie nei dy mominten yn de skiednis fan de moderne Fryske poëzij dat der wat nijsgjirrichs barde, wat ûngewoans, wat oars as oars, en dat ik sa útkaam by ien fan syn bondels.
Myn ynteresse hie yn alle gefallen mei de oarloch neat te krijen. Tjitte syn autobiografysk proazawurk hie ik net lêzen, en hoewol’t dy hiele tragyk fan in bern te wêzen fan in “foute” heit of mem my út myn eigen famyljeskiednis net ûnbekend wie, gie dêr yn it gefal fan Tjitte myn belangstelling net nei út. Dat wie oars doe’t ik in pear jier earder myn blomlêzing oer Douwe Kiestra gearstalde en in tal skôgjende stikken oer syn libben en wurk skreau; op dy plakken haw ik hoopje ik sjen litten dat goed en fout ek yn dy oarloch bytiden ticht byinoar leinen.
Mar by Tjitte gie it my ynearsten om syn dichtwurk. Ik ha wol kommentaar hân op it stik dat ik oer syn gedichten skreaun ha, “Fergetten pommerant”, benammen fan minsken út de generaasje fan Tjitte sels of krekt wat jonger. Hja koenen net goed begripe dat ik Tjitte syn wurk delsette tusken tradysje en fernijing yn, en úteinlik tocht dat dat wurk dochs earder as fernijend besjoen wurde moast: as “eksperiminteel”. Mar dat is fansels in beladen wurd as men praat oer de ûntjouwingen yn de jierren fyftich en sechstich. Hie ik dan net sjoen dat Tjitte literêr grut wurden is yn it skaad fan trije by útstek tradysjonele skriuwers, syn heit Haring Tjittes en syn omkes Douwe Tamminga en Jan Piebenga? Jawol, mar ik hie ek sjoen dat de luchtige boartlikens fan syn earste bondels neat te krijen hie mei de strang-klassike, o sa serieuze wrâld fan Haring Tjittes syn oersetwurk; en al likemin ferlike wurde koe mei de allyksa klassike klam op technyske behearsking yn Douwe Tamminga syn krewearjen.
Dochs is it bêst mooglik om it ûntstean fan Tjitte syn earste bondels Fersen foar Marida (1958) en De Thermen fan Karratsjana (1959) ál yn it ljocht fan de oarloch te sjen. Noch mar fiif jier earder, Tjitte wie doe in jier as 18, floeiden der noch typysk nasjonalistyske fersen út syn pinne. “Hjir leit in warber folk te stjerren… / Ien dolkstjit noch, en it is wei”. Guon fan sokke fersen publisearre er yn 1953, en it liket dúdlik dat er doe noch wol tige de ynfloed fielde fan syn heit, en miskien wol mear yn it algemien, fan de foaroarlochske tradysje yn de Fryske literatuer, doe’t ek minsken as Fedde Schurer graach de “weitsrop” fan it Frysk-wêzen klinke litte mochten, sûnder dat soks dalik betsjutte dat jo dan “ferkeard” wiene. It rint yn alle gefallen yn it each dat it súdlike sjongen yn de beide earste bondels, it boartsjen mei de klanken fan de taal om it boartsjen sels, fier ôf stiet fan it dichtsjen oer it Fryske folk. Sa besjoen wie Fersen foar Marida miskien wol in ôfrekkening, in skjin-skip-meitsjen en ek in hiel dúdlik literêr sinjaal: “Ik wol wat oars.”
Nivera
nivera fan de tûzen winen
dreamhûs fan dyn jonge lea
flinter oer de mimeringen
leelje fan de lêste dea
en it godfergetten doarmjen
wurden fan it smelste jade
pinsiele op dyn boarstgebint
eltse dei in myriade
en de nacht is amarinth
dreamswier skip it gean en kommen
yngean ta dyn tearst topaas
brulloft fan de himelrommen
sakjen fan it waas
En dat “wat oars” hat Tjitte byinoar dichte. Hy is net in dichter fan grutte gedichten, wol ik leauwe, hy hat gjin fersen skreaun dy’t klassyk wurde sille, of dy’t by in protte lêzers like maklik yn it ûnthâld bliuwe as guon gedichten fan omke Douwe. Mar dat docht neat ôf oan it aventoer en de ambysje fan syn dichterlik oeuvre. As ik dat hjir sjen litte wol, kin ik mar it bêste de lêste twa alinea’s oanhelje fan it essay dat ik yn 2006 skreau:
“Op grûn fan de bondels dy’t ik hjir de revu passearje litten ha, is it dúdlik dat Piebenga ‘tradysje’ en ‘fernijing’ op in bysûnder fruchtbere en eigen wize byinoar brocht hat. Mei syn benammen talige wurkwize – oant dat momint dochs benammen it domein fan de ‘tradysjonelen’ – hat er yn ’e jierren fyftich op in oare manier en lâns in oare wei it modernisme yn de Fryske poëzij hannen en fuotten jûn as de ‘eksperimintelen’ dienen, dêr’t er by better skôgjen wiswier wol ta rekkene wurde moat. Hy ymportearre de fernijing net: hy besocht dy út de taal sels te lûken. Yn de jierren sechstich sloech er tematysk syn wjokken út, joech syn taalpessimisme oertsjûgjend stal yn fragmintaryske, brokkelige, koarte foarmen, mei techniken dy’t hjoed de dei noch rom yngong fine. En yn de jierren santich kaam er dan noch mei in straak regissearre konfrontaasje mei de dea.
Yn syn ûntjouwing fan in muzikaal-skilderachtige nei in mear taalfilosofysk rjochte en úteinlik persoanlik-modernistyske poëzij, foarmet it dichtwurk fan Tjitte Piebenga yn de Fryske ferhâldingen in unyk oeuvre. Ik sjoch it as in skeakel, yndie as de ‘missing link’, tusken it romantyske foaroarlochse Fryske dichtsjen en de lettere literêre frijheid, dy’t mei troch him beskrept is.”
Geen opmerkingen:
Een reactie posten