Electric blue is a color close to cyan that is a representation of the color of lightning, an electric spark, and argon signs; it is named after the ionized air glow produced during electrical discharges. (Wikipedia)
Is it net sa, dat in bytsje mear lok en in bytsje faker wat wyn yn ’e rêch bytiden it ferskil meitsje kin tusken himel en hel, libjen en lijen, in absolute superstjêr en in anonym fûgeltsje yn in koai, thús by ús mem yn Kollumerpomp?
Fan de sopraan Akke Kingma (1937-2002) binne net folle lûdopnames bewarre bleaun, mar út wat der út har kiel kaam kin eltsenien dy’t earen hat, begripe dat se in folle grutter publyk fertsjinne hie as de pear hânfollen tsjerke- en keunstnersfolk yn Fryslân dy’t har ‘live’ sjongen heard hawwe. Har slimme eachsykte (okulêre myastheny) makke har in oan it âlderlik hûs bûne, troch mem bepopke, ûnwisse en bytiden wrâldfrjemde frou, dy't gau wurch wie en faak pineholle hie. Foar har, mar net foar har stim, wie in grutter toaniel in toan te heech.
Ien fan har leafste lieten wie ‘Dein Angesicht’ fan Robert Schumann. Madelon Michel (71), dy’t begjin jierren sechstich lykas Akke studearre oan it Sweelinck Conservatorium yn Amsterdam, kin har fyftich jier nei dato noch yn it omtinken bringe dat Akke dat liet in kear song foar de klasse:
“Ik heb haar begeleid op piano. Ik kan me herinneren dat ik er kippenvel van kreeg, zo mooi vond ik die stem. Electric blue, dat effect had haar stem op mij. Een koude rillingen-gevoel.”
Fan Akke is gjin opname fan Dein Angesicht bekend. Wol fan Paloma Pérez Inigo:
Geen opmerkingen:
Een reactie posten