zaterdag 29 januari 2011

Cornelis van der Wal, 'Spranke fan hope yn nijste bondel fan Abe de Vries' (FD, 27-1-2011)


Sprankeskyn is Abe de Vries (Winaam, 1965) syn fyfde reguliere bondel. De Vries dy’t yn syn deistich libben útjouwer is fan de Friese Pers Boekerij, krige yn 2005 de Gysbert Japixpriis foar syn bondel In waarm wek altyd. Hy hat ferskillende essays op syn namme s tean en publisearre yn 2008 de blomlêzing Het goud op de weg.

Sprankeskyn is skitterjend foarmjûn. De gedichten wurde ôfwiksele mei yntrigearjende foto’s, makke troch De Vries sels. De fjouwer skiften fan de bondel drage de namme fan de rivieren Pison, Gihon, Hiddékel en Perath, neffens Genesis út Eden ûntsprongen. De bondel einiget mei oersettingen fan Mandelstam, Neruda, Char en Rilke.

Troch de hiele bondel ferspraat fine jo gedichten mei in sterk religieus ynspirearre karakter. Dat is frijwat ferrassend. De Vries syn poëzij hie altyd in tige ierdsk skaaimerk. It foarste skift, Pison, set daliks al út ein mei in utering fan religieuze twifel:

De sielspaden

Soe it wêze dat ik – net leauwich fan hús út,
mar lykwols in freon fan ynmoed en fernuvering  -
jo as gelikense trof,
jo in hiel universum en ik in hûdfol gedachten,
(..)

Yn it gedicht dat folget, 'Sân sakraminten', is de byldspraak en ynhâld tige sterk op de bibel basearre: ‘Ik foel del, hearde dyn roppen yn ‘e woastyn: / Doch wierheid! – doe wist ik myn namme.’ Dat sitearjen út de Skrift komt rjocht út it hert. Dochs stiet it De Vries syn orizjinaliteit wat byldtaal oanbelanget yn 'e wei. Yn de folgjende skiften komt de ‘âlde Abe’ mear foar de fuotljochten en komt syn macht oer de taal prachtich ta utering. De kjeld en iensumens fan de wrâld fan de Eskimo’s wurde op plastyske wize op de lêzer oerbrocht:

(..)
No’t alles iis is en iis is alles,
en pik, jittik en bittere galle,
skuort de poarperen froast syn mûle op:
“Do hast dysels ferballe.”
(..)

It sykjen nei in hegere werklikheid yn Sprankeskyn kin net los sjoen wurde fan it sykjen nei en it finen fan de leafde. Of sa’t De Vries dichtet yn it fers 'As sy foar my knibbelje wol': ‘… is it bûgjen fan knibbels it bûgjen / fan in hert dat ik iepenje sil. // En sizze: ja ik wol // …’

De titel Sprankeskyn soe ferwize kinne nei spranken fan hope, mar ek nei de prachtige ljochtflitsen dy’t de dichter fotografearre hat en yn de bondel te finen binne.

Mei de religieuze en ek persoanlike ynstek lit Abe de Vries in kant fan him sjen, dy’t wy út earder wurk noch net sa koene.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten