zaterdag 22 januari 2011

Eppie Dam, 'In dichter dy't wrâlden ferbynt' (LC 21-01-2011)

Soe it wêze dat ik – net leauwich fan hûs út,
mar lykwols in freon fan ynmoed en fernuvering –
jo as gelikense trof,
jo in hiel universum en ik in hûdfol gedachten,

dan leafst yn in hoeke frij fjild
oan de igge fan ’e ivige brúnwetterfeart,
dêr’t wy sitte yn in wurdze fan ’e lêste sneed,
inoar sizzend dat wy har kenne.

Mei dizze ûnbefongen bespegeling rjochte oan de Allerheechste iepent Abe de Vries syn nijste bondel Sprankeskyn. De fjouwer skiften drage de nammen fan de fjouwer streamen dy’t neffens Genesis har oarsprong fine yn Eden. Yn it Hebrieus: Pison, Gihon, Hiddékel en Perath. De dichter hellet dy’t-God-neamd-wurdt nei syn eigen wrâld, en stelt as trefplak foar de wjittering dy’t syn oarsprong west hat, de Ried.

Folle mear as de útwikseling fan it witten ‘dat wy har kenne’ ferlanget er net. Dy ‘har’, oan wa’t de bondel opdroegen is, is wichtich foar him. Hy ken har, mar wa wit smyt de moeting oan de Ried noch in oar en djipper ljocht op har. Hy wol har nei har wêzen kenne. ‘De sielspaden’ hat er de rige ynmoedige leafdesfersen neamd dy’t er foar har skreau, mei bylden út ’e hillige skrift (de wyngert) en bylden fan syn kâlde komôf (de pleatstún). ‘En hja freget net mear: is dit it lân dat de twa helten / optelt en optilt as ien?’ Want dat is it.

De Vries docht it faker yn syn bondel: twa wrâlden ferbine, twa helten optille. Alderearst binne dêr de keunstfoto’s fan eigen hân, no en dan oan de fersen taheakke, of oarsom. Tekst en byld slute net altyd ien op ien oan, en krekt troch dy spanning wurde beide nei in oare diminsje tild. By de rige ‘Sân sakraminten’ sjogge we in pear kear in neaken model yn it sakrale, en ferkalke, ynterieur fan in tsjerke. It bleate liif fan in frou yn it hûs fan God, ieuwen dominearre troch fergeastlike en dogmatyske mannen.

Net minder sprekkend binne de foto’s fan it model by de fiif bylden yn de Pier Pander Timpel. De foto’s op side 48 en 52 meie de meast keunstsinnige fan de bondel neamd wurde. Pander joech syn ûngeslachtlike bylden Kleine Johannes-achtige titels mei: Moarntiid, Fieling, Tinken, Moed, Krêft. It makket de oanrekking en betaasting troch in libben wêzen like skokkend as treastlik.

Yn twa wrâlden libje de dichter en syn bern. Hy skriuwt der belutsen en beswarrende fersen oer. Yn twa wrâlden libje ek hy en syn oare helte, wát er ek skriuwt.

In trekker bochtet nei in jarretank yn ’t lân
by Marrum – o, famke fan ’t brulloftsfers,
tinksto noch oan ’t fjildfertier fan simmerdagen?


Eppie Dam
Leeuwarder Courant, 21 jannewaris 2011

Geen opmerkingen:

Een reactie posten