zondag 16 maart 2025

Earefoarsitter yn Wommels



Ik dreamde, ik wie in deftige notarissoan út Sint Anne,

dan soe ik lichtwol rjochten studearje yn Frjentsjer,

fyftich jier lang soe ik regint wêze kinne,

en net fier fan ’e Freule bedobbe wurde meie.

 

Mar ik waard wekker en lei ûnder in brutsen stien.

Doe’t ik ûntsnappe koe troch in spjalt yn it granyt,

wie, die bliken, myn namme net te lêzen

op it eareteken; ik hie gjin namme mear.

 

De nacht dêrnei wie ik in arbeidersjonge út Winaam,

en myn wurk bestie út it opkreazjen

fan earetekens, en myn wurkferdieler

hie my nei Jacobus van Loon stjoerd.

 

As opsketten knaap hie ik wol ompolske

by ien fan dy púnfallen oerbleaun fan

panwurken lykas dy fan him by Húns, alearen

de heechst opstokele ûne fan ’e Fryske literatuer;

 

net deselde literatuer dy’t him no telider gean lit

oan it waar, treddegraads. Klauwen ha ik

mei taal en teken, ik sil syn troanje byhelpe,

him weromsette op syn literatuerhistoarysk troantsje!

 

Fannacht dream ik neat. Of bin ik net

klearwekker, dream ik aloan diametraal ferkeard?

Ik wit wol hoe’t weislyt wat wy út ’e wei sette,

hoe’t ús fynkerrelich profyl yn ’e tiid ferwaait,

 

mar ik fyn mysels yn Wommels werom,

op it earefjildsje neist de drokbeklante Jumbo,

myn mobyltsje paraat, om in plaatsje by dit praatsje

foar de minsken thús dy’t graach ris in Frysk boek lêze.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten