dit gedicht
(jimme
hearre it my net sizzen)
heart
net by Fryslân
in
gedicht (earste werhelling) is
samar
in samling wurden
yn
samar in folchoarder
mei
samar in ritme
ast
se earst net deasjitst
of
ynslokst
dit
gedicht
(twadde
werhelling)
leit
inkeld mar op myn tonge
dat
sit sa, dit gedicht (tredde, ferfelend)
hat
gjin website om yn te wenjen
der
is gjin bankrekken foar iepensteld
der
binne gjin advertinsjes foar opmakke
der
binne gjin krantekolommen foar rommakke
kin
ek net
want
wa wit wêr’t it no is
dit
flutgedicht
miskien
leit it al ferjitten op in buro
neist
in beliedsplan
miskien
hie it himsels net sa werhelje moatten
en
is ien kear taal al mear taal as taal genôch
al
wol de mûle
ek
noch sa faak de nippel
al
komme de dichters
ek
mei safolle pampers
oanswingen
dit
gedicht
is
gjin bernewein
is
gjin doktersadvys
en
it is mear as in kuierke troch it wintergrien
fan
jim Fryslân
dit
gedicht dit gedicht dit gedicht dit gedicht
ha
se by de poat hân
oan
it ynfús lein
yn
in bilbonke stutsen
foar
de gek holden
it
murch derút leppele
de
reade disel jatten
ja
allegear al kut
foar
gewoane minsken
lit
stean foar in autonoom fers
dat
nergens by heart en nergens thús is
mar
dochs dúdlik it bêste mei jim foarhat
en
altyd al by jim wie
as
taal en nacht en bla bla bla
kniper
op ’e skine
wat
oerbliuwt is dit gedicht
foar
jimme
lju
dy’t fiele foar it frysk
in wurd foar de weeshuzen