Utsprutsen by de Hommaazje oan Elmar Kuiper, winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025, yn Kafee De Gouden Liuw, Tresoar, snein 5 oktober 2025
Bêste Elmar, achte oanwêzigen, goeiemiddei allegear,
Sa’t wy hjir fannemiddei byinoar sitte, hawwe de measten fan
ús wolris in wurd op papier set. Dat in ferhaal wurde soe. Of in fers. Of
gewoanwei mar in rigelmannich om oer nei te tinken, of inkeld mar om oer de
tonge gean te litten. En hoe faak misbetearde dat net? Hoe faak net waard ús
wurdsje wei yn ’e blabze fan it net-mear-witte-hoe-no-fierder; gie it kopke
ûnder yn ’e sompen fan it ûnthâld, of ferdwûn it spoarleas op it beruchte
krúspunt sûnder stopljochten: fan links kaam tefolle ambysje, fan rjochts
tefolle tefredenheid, achterom wankte te min talint en yn ’t foarútsjoch lei altyd
te min taal?
Dy’t Ferlosboartsje lêst, de bondel fan Elmar dy’t
takom wike bekroand wurde sil mei de Gysbert Japicxpriis, freget himsels dat
allegear miskien wol ôf. Want ferlike mei it wurk fan Elmar ferskynt jo eigen
pielen ommers noch wer in bytsje behypliker, noch wer in bytsje saaier, nueter
en betsjuttingsleazer as dêr’t jo al bang foar wiene.
‘Lit de earste ingel dy no bringe nei in taal dy’t ûnder de
hûd sit’, dy kaairigel út it fers Gids jout hierskerp oan wat de ambysje
fan de dichter is. Hy wol mei taal foar de kreamen komme dy’t eigen is. Of nee,
eigener as eigen. Nei de earste ingel folgje der noch tsien; de alfde is mem
dy’t klearsit mei in kopke tee.
Oer tefredenheid. ‘Jasses, no oerdriuwst!’ klinkt it
gekslaggerich yn Lichte belidenissen. Lit dat in symboal wêze foar de
skerpe selskrityk dy’t Elmar hat, en dy’t troch de hiele bondel hinne te
fernimmen is, ék op plakken dêr’t er de leie losser lit. Hat er okkerdeis it
dichtsjen net ferlike mei topsport? Sa mâl hoecht it om my no ek wer net, mar
it giet om de bedoeling dy’t achter sa’n útspraak leit: de oantrún om better te
skriuwen as dat je eins kinne.
Te min talint? Ik wit net krekt hoefolle bondels der lizze,
sân Fryske, twa Nederlânske en in twatalige bondel yn alle gefallen. En yn ’t
foarútsjoch te min taal? Dat soe kinne, mar dan is Ferlosboartsje noch
moai op ’e tiid, ôf te lêzen oan alle taalmoais dat de lêzer temjitte slacht.
‘Leist te spinpoatsjen op ’e skeal’. ‘ljepst oer de hierieren fan ’e see’. ‘mei
de skeinspruten hasto rij oan it struien west’. Sokke rigels binne klearebarre
ferwennerij. Ik lês De wolk:
nim my mei, seidest tsjin de wolk, dy’t swier
eage. it wie krekt of hearde immen dy.
it gers weage, in hazze skeat fuort.
seachst fol ferwachting
omheech, mar der barde
neat. fregest de wolk
oft er de smink fan syn
antlit feie woe, mar de wolk lake
mei in slangesturt en in mûle
fol knetterkaugom.
wiest in hoeder mei in tsjoendersstôk.
seist simsalabim en de wolk
dreau ôf. It soe net reine, it bruts
fansels troch, strielen kroepen
oer de rêch fan de ierde. lammen
mêken en makken kromme
sprongen. boumantsjes
wipten mei de sturt. einen
kwêken, in swel snipte
in mich
De taal dy’t Elmar ûnder de hûd sit is plastysk, ritmysk en lyrysk; it hoecht fan in byldzend keunstner net te fernuverjen dat ek eigen byldwurk yn de bondel opnaam is. Yn it gedicht Generaasjes wurdt ‘dy kâlde wite man’ – in snieman as de ferstoarne pake fan de ik-figuer? – opboud út bylden, ûnder mear in mansjesteren each, de mûle is in slak út ’e kachel en in earm komt fan in wylgebeam. Briljant is de ein, krekt nei’t de dichter syn papieren snieman fan letters in woartel yn ’e holle stutsen hat: ‘dy kâlde man / kleit my oan // ik hear him // as de earste / flokjes del- / dwerrelje’.
De spegeling fan oanklaaie nei oankleid, beskuldige wurde, is in foarbyld fan it spul mei betsjuttingen dat Ferlosboartsje faker boartet. De rike, tsjûke bondel is opset as in elegy, as in treursang om it ferlies fan âlden en it âlderlik hûs, universeler sein, om it ferlies fan in jeugd en in doedestiids frije, polityk bewuste en sa ûnôfhinklik mooglike wize fan libjen, bûtenút op it plattelân net fier fan de fleanbasis. De fersen oer mem Akky en heit Henk en it libben op it Marsumer Aldlân hearre ta de moaisten fan de bondel. Ik lês It Aldlân:
en wer op dyn reade krykkrakfytske oer it Sylsterdykje
sjochst de earste swel dy’t kwetterjend
foar dy út skimket
fielst de soele wyn
rûkst de jarre
wiuwst nei frou Sietsma en ropst ha goeie
tsjin Allard, de hynst
fytst kreaktraapjend
fierder yn dyn
paradys
dêrt ljipkes kûltsjedraaie
ky oe wyt roppend
oer de wjuk gean
loopings meitsje
foar dy! foar dy!
en wer op dyn reade krykkrakfytske ûnder de blaugriene
loft
skrikst net fan de wylde ein dy’t opspat
ropst joechei
stjoerst swierich
om ’e lichten en hichten hinne
lûkst oan it stjoer en makkest
in wheelie
Mar sa arkadysk is de algemiene toan fan ’e bondel net; de lêzer sjocht wol faak mei de dichter werom, mar dy lêste slagget it om hieltyd te feroarjen fan perspektyf, oer te skeakeljen, fan rake observaasjes nei sentimintele oantinkens nei lânskipsskildering nei yntym persoanlik kontakt. Faker as arkadysk is de taal koart en skerp, of sa’t in gedicht seit: ‘bytst as in beitel yn it hout’.
Dat bringt my op in lêste aspekt dat ik yn ferbân mei Ferlosboartsje koart oantsjutte wolle soe, dat is syn útbeitele plak yn wat wol it Fryske literêre domyn neamd wurdt. Dat de bondel mei de Gysbert beleanne wurdt fernuveret jin gjin tel; as der soargen bestean, dan hawwe dy te krijen mei de krimp fan it kulturele miljeu, dat der net werklik yn slagget om it resepsjeklimaat foar Fryske literatuer te ferbetterjen en him beropt op brek oan lêzers en skriuwers.
It ropt de fraach op wat it besteansrjocht fan in literatuer
noch is, as sa’n perfekte dichtbondel as Ferlosboartsje yn in jier tiid
mar sa’n fyftich stiks ferkeapet? Jawis, der is spoken word, der is tekst mei
muzyk, der is liet, der is in protte moais, teäter, toaniel, podcast en Aquazoo
en Arcadia en Disneyland en folle net genôch, mar wêr is de Fryske poëzij by
dat allegear?
De grinzen tusken keunst en kultuer ferfage en
ferkommersjalisearje. Foar in part is dat in polityk fraachstik, bygelyks as it
om de ferdieling fan subsydzjes giet. En komt de Fryske skriuwkultuer dêr net
oan ’e krappe ein? In dichter, as er gjin Dichter fan Fryslân is, of in
wurkbeurs krigen hat, hoecht net te mienen dat er ek mar in sint fertsjinje sil
oan in útjefte, net fia subsydzjes noch út ’e merk wei.
En wat boadskip soe de poëzij sels hawwe kinne, yn de
mondiale digitale literatuermerk mei identifikaasjemooglikheden, gimmickmakkers
en marketeers sûnder tal? Ik tink dat Ferlosboartsje dêr ek oer giet: hoe’t
in Frysktalich antwurd derút sjen kinne soe dat op it poadium skoan foldocht, likegoed
as ûnder it lampeljocht boppe in beppestoel of op it byldskerm fan in
achterdemoademodel laptop.
Der is in dichter foar noadich om ús sjen te litten hoe’t it fjild der by leit. In dichter dy’t sjen lit hoe’t mei taal, talint en topsport ek yn it Frysk ferbjusterjende resultaten berikt wurde kinne, noch altyd. Resultaten dy’t folle djipper stekke as de wenstige polityk-korrekte oertinking en it opsnolke mar al te maklik boadskip. Ik tink dat Akky en Henk dêrboppe o sa glunderje, Elmar.
Lytse Elmar
de nacht lakt de tean fan ’e moanne
in rôt fret fan it hinnefoer
de wytweiten hoanne jout lûd
lytse Elmar sil de himel skoarje
de wrâld in aai oer de bol jaan
in flerk flechtsje fan betonstiel
mar earst dûkt er ûnder
Geen opmerkingen:
Een reactie posten