donderdag 21 november 2019

Hâld tenei de Fryske beweging by de Gysbert wei


Oer de net al te bêste organisaasje, troch de provinsje Fryslân, fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Aggie van der Meer, ferline wike sneon, is troch Friduwih Riemersma yn de Leeuwarder Courant al it ien en oar sein en skande fan sprutsen. Gjin algemiene útnoeging, gjin tydstip fan útrikking op ynternetsiden, de útrikking op deselde dei as eat mei Sinteklaas, gjin omtinken foar 'disability protocol', koartsein, dat hie allegear better kinnen en moatten. 

Ien ding moat dêr yn alle gefallen, liket my, noch oan taheakke wurde. Dat is dat net in literêr ekspert - in skôger fan keunst - mar de foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging - in taalstrider - de laudatio (lofrede) hâlden hat. Pier Bergsma hat him dêr aardich mei rêde kinnen, dat is net it punt. Sawol de ferkoarte, útsprutsen fersy as de 'long read' binne tagonklik makke fia de site ItNijs.frl

It punt is wol dat Van der Meer har wurk keunst is, en yn it ramt fan 'de Gysbert' út dát eachweid wei lof fertsjinnet. De Ried fan de Fryske Beweging mei dat wurk dêrneist fansels wurdearje om syn taalbefoarderjend effekt, mar dat is gjin reden om fan de priisútrikking in taalfeest te meitsjen en in bekend 'beweger' te freegjen foar de laudatio. Nochrisom, Bergsma treft gjin ferwyt. It is de provinsje dy't - alwer - syn belangrykste literêre priis yn in ferkeard deiljocht set en ûnderstek docht. 

Wienen der gjin lofsprekkers fan rang en status beskikber mei it foech om oer Fryske literatuer te praten? Fansels wol. Ik tink dalik oan Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer, Jelle van der Meulen, literêr resinsint, Doeke Sijens, literêr resinsint, Jelle Krol, literatuerhistoarikus en eks-literêr resinsint, Ernst Bruinsma, útjouwer en literêr resinsint, en oan Friduwih Riemersma, útjouwer, tydskriftredakteur en literêr resinsint, of Teake Oppewal, earder literatuerbefoarderer by Tresoar. En der binne grif noch wol mear minsken te betinken. Iksels ha yn 2016 in lytse lêzing hâlden oer Van der Meer har nominearre roman De Achttjin, dy't ik ek redigearre haw. 

It wol my net oan dat al dy lju frege binne troch de provinsje mar om watfoar reden dan ek net woenen of koenen. It wol my wol oan dat de provinsje op haren en snaren in ad hoc oplossing fûn hat, doe't immen earne yn dat ûnbidige Provinsjehûs derachter kaam dat der fan 't jier ommers ek in Gysbert Japicxpriis útrikt wurde moast. Ik sis net dat dat sa is, mar sa komt it yn alle gefallen wol oer. En allinnich dát al is eat om efkes by stil te stean. 

It seit wat oer it leechachtsjen fan Fryske literatuer dat dit kolleezje fan Deputearre Steaten suver provokatyf fertoant. 

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten