dinsdag 26 november 2019

It Frysk hat gjin Lieder noadich mar belutsen politisy

'Heeft het Fries een boegbeeld of een regisseur nodig', dy kneppel hat Dingtiid, in provinsjaal advysorgaan op it mêd fan Fryske taal en kultuer, juster yn it hinnehok smiten. 

Yn de Leeuwarder Courant: 'De bestaande instellingen op het gebied van het Fries zijn teveel met zichzelf bezig. (..) Kan een Fries boegbeeld helpen de status van de Friese taal te verbeteren? Of een goede ambassadeur? Een centraal onderzoekspunt misschien? Of een gezaghebbend onafhankelijk regie-orgaan?' '

'It ûntbrekt oan in helder perspektyf op de takomst', seit Dingtider Freddy Weima yn it Friesch Dagblad. 'It is dus net ferrassend dat de kennisynfrastruktuer no net optimaal funksjonearret.' 

Dingtiid is in organisaasje dy't troch de problematyske provinsjale polityk yn it libben roppen is om de problematyske bal by Fryske organisaasjes del te lizzen ynstee fan by himsels. It nijste haadstik yn dat tredderangs drama is no blykber de oprop om mei in Lieder op de proppen te kommen. 

'It fjild' praat braaf mei - de sinteraasje moat feilich steld wurde. 'Der wurdt wol gearwurke, mar de fersplintering is grutter', seit Afûk-direkteur Alex de Jong. 'Wy tinke gauris dat wy it sels better witte as al dy oare ynstellings.' 

Fersplintering? De Afûk is in leechdrompelige kursus- en ûnderwiisynstelling anneks útjouwerij anneks boekhannel. Tresoar is in bibleteek anneks argyf anneks dokumintaasjesintrum. De Fryske Akademy is in wittenskiplik ûndersyksynstitút. De stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins fersoarget universitêr ûnderwiis yn it ramt fan meartaligens. Fersplintering is hielendal net oan 'e oarder. 

Oan 'e oarder is in inkeld yn jild en besunigingen ynteressearre provinsjebestjoer dat syn ferantwurdlikens foar it Frysk ôfskowe wol op de minsken dy't alle dagen en tsjin de stream yn wer sjen litte dat se leafde hawwe foar Fryske taal en kultuer. 

Oan 'e oarder is in provinsjaal belied dat sûnt 1980 in binde makke hat fan it Frysk ûnderwiis, ek net fan doel is dêr mei op te hâlden, en no by it 'Friese kennisveld' ferhaal helje wol. 

Oppakke, tink ik dan. It Frysk hat gjin ferlet fan in Lieder. It hat ferlet fan politisy mei belutsenens, mei fisy, mei respekt, mei ynset, mei lef - miskien kin Dingtiid dát boadskip nei deputearre Poepjes stjoere.

.

2 opmerkingen:

  1. Alris opteld hoefolle Friezen yn de poaljetyk sitte? [FRL, NL, KAN, AMSTERDAM, UK, AUS, NZ USA ensfh.} der sitte in stikmennich fouten by, mar oer 't ginneraal feie se har paden knap skjin: TROMP EN JONSON binne fansels ''een beetje dom''

    BeantwoordenVerwijderen
  2. P.S., Yndie gjin ferlet fan in Liedsman, wy hawwe dij toch al as belutsen tinker, mei fisy, respekt, ynset èn mei lef, eabele Abe!? Wis en waratsjes kin Dingtiid dát bwatskip nei dep. Sy(ie)tske stjoere!

    BeantwoordenVerwijderen