De Brykfryske Mienskip
Bestjoer, dames en hearen, tank foar de útnoeging oan my om hjir te kommen en wat te sizzen oer de 'Brykfryske Mienskip', sa wie de suggestje dy't my oan 'e hân dien waard troch bestjoerslid Wolter Jetten.
It moast foaral 'in kritysk lûd' wêze, wie it boadskip. Dat, as guon fan jim aansen reade pompeblêden op 'e snút krije fan lilkens en argewaasje, of my útmeitsje wolle foar in 'smoarch Hollânsk dweilstik' of in geheim agint fan de AIVD - is my ek al ris bard -, tink dêr efkes oan. Myn skuld is it net, ik set hjir fraachtekens op oanfraach. Mar ik mien wol wat ik sis, al sil it der neffens guon wol wat sljucht en rjucht út komme.
Miskien moat ik earst wat oer mysels fertelle. Ik bin in Frysktalich sjoernalist en einredakteur by it Frysk Deiblêd, dichter, skriuwer en literatuerûndersiker by de Fryske Akademy. Dêrút folget al dalik dat de Fryske taal, net as in museumstik mar as alle dagen te brûken ark, foar my myn wurk en myn libben is.
It twadde ding dat ik yn dit fermidden dalik bekenne moat, is dat ik âlderwetsk links wie, bin, en bliuw. Dat ik Domela Nieuwenhuis de grutste fan de njoggentjinde, en Joop den Uyl de grutste Nederlânske politikus fan de tweintichste ieu achtsje, beynfloedet myn blik op fan alles en noch wat. Net elkenien hoecht it mei myn politike kleur iens te wêzen, mar ús mem silliger sil wol glimkje.
Wêrom in 'brykfryske' mienskip? Lit my ris, om wat natuerlikwei by myn ûnderwerp te kommen, út ein sette mei in blik op de ynternetside fan de Jongfryske Mienskip. Dy sjucht der prachtich út en yn it algemien binne de digitale presintaasjes modern, oantreklik en faak profesjoneel foarmjûn. Mar op de iepeningsside treffe my wol dalik trije ynhâldlike boadskippen, dy't de muoite wurdich binne om earst efkes te sinjalearjen.
It earste is it ûntbrekken fan de Fryske flagge. Ik sjuch fjouwer flaggen dy't ik net ken, al leau 'k dat ien dêrfan de saneamde en net sa hiel lang lyn ûntwurpen 'ynterfryske flagge' is, mar ik kin mis wêze.
De promininsje fan dy flagge is grif om de ferbûnens dy't de Mienskip fielt mei de ûnderskate noch besteande Fryske taalfarianten pratende befolking bûten Fryslân oan te jaan. Mar, mei alle respekt, 'das war einmal' - der is net folle mear oer om jin mei ferbûn te fielen ommers. Fryskpraters bûten Fryslân binne óf emigranten, of se wenje yn trije doarpkes yn 'e buert fan Oldenburg, of se hâlde ta yn in pear âldereinhuzen yn Ostfriesland, of se hokje noch gear mei in stik as tsientûzen die-hards yn in úthoeke by de Dútsk-Deenske grins.
Bêst, tink ik. Mar hat de Jongfryske Mienskip neat driuwenders en belangrikers te dwaan as de jierlikse pelgrimsreis nei de Upstalbeam en it oanwizen fan allerhanne wetenswaardichheden oer de skiednis fan in oait, hiel lang lyn Frysk bûtenlân? Wêr is, mei oare wurden, de Fryske flagge bleaun?
Twadde ding dat opfoel: de Jongfryske Mienskip is oprjuchte troch Douwe Kalma. Stiet dêr. Yn it ramt fan de altyd ferliedlike heldeferearing is it taskriuwen fan dy oprjuchting oan ien persoan in boppeslach, mar yn werklikheid wienen der yn novimber 1915 in pear mear oprjuchters yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Rintsje Sybesma bygelyks. Pieter Sipma. Net de minsten.
Tredde ding: de dichtrigel. 'Aldfaers erf wy weitsje oer dy'. Dy rigel komt as ik my net fersin út it bekende liet 'It Heitelân' fan Jan Linses van der Burg:
Dêr't dij 't âlde folk biwarre,
Trou tsjin stoarm en twinglandij;
Scille wy as Friezen swarre:
Aldfaers erf, wy weitsje oer dy!
De tekst komt út 1900 en is skreaun nei in foarbyld fan de joadsk-zionistysk-kommunistyske Snitser Sam de Wolff, dy't hope hie dat syn tekst it nije Nederlânske folksliet wurde soe. 'O Canada, we stand on guard for thee', sjonge de Kanadezen yn har folksliet, dat datearret fan tweintich jier earder. Noch altyd is 'It Heitelân' ien fan de meast draaide Frysktalige nûmers op kremaasjes yn Fryslân.
Ik nim no efkes in gothic rûte: fia dy kremaasjes kom ik op de ûndergong fan it heitelân as we know it. Wat docht no de Brykfryske Mienskip anno 2019 foar nuttichs om dy ûndergong te kearen en oer it âldfaars erf te weitsjen?
Dat liket nijsgjirrich om út te finen. Ik stap dêrta oer nei de Facebook-side fan de Mienskip, om te sjen hoe't men tinkt it publyk te berikken. Myn each wurdt dalik lutsen troch in bloedmoaie healneakene boerefaam en de fûlreade lippen fan wrâldmodel Doutzen Kroes. Ha! tink ik, de hearlikheden fan it Fryske folts sille hjir riinsk foar it fuotljocht brocht wurde.
Mar dat falt ôf. Want ik lês fierder foaral bydragen oer hoe't Brabânske boeren it Fryske folksliet mei-âlje, oer kening Finn, Beowulf, de Slach by Warns, 'the origins of the Frisian freedom', 'das historische Ostfriesland', Noarske goaden, de Deenske keninginne, Helgolân - nim my net kwea ôf, Hilgelân - Wij Vikingen yn it Frysk Museum, en dat allegear ôfwiksele mei melodieuze muzyk fan etno-metalbands as Baldrs Draumar en Jitizer.
En dan bin ik noch mar tebek gien oant ein augustus. Earlik is earlik, in pear kear komt ek de Fryske taal nei foarren. Mar dat mei suver gjin namme hawwe. Dan moatte jo de eagen wol hiel goed iepen ha, oars sjugge je it net en binne je der al foarby.
Ik sis it mar sljucht en rjucht: wat ik tsjinkom is allegear hiel folle midsieuwen, hiel folle wy oait Friezen fan it Swin oant Moermansk, en in hiel soad byinoar fantasearre romantysk nasjonalisme ferpakt yn moaie plaatsjes en pakkende teksten. Mar mei relatyf mar in hiel lyts bytsje each foar de Realiteit.
No kin de Jongfryske Mienskip der foar kieze om in soartemint histoaryske re-enactment feriening mei Frysk karakter te bliuwen. Gewoan in gesellige boarreltafelklup, bearenburch, droege woarst, dúmkes, Deensk bier en wat kwartette mei de sân seelannen en har lânsflaggen. En dan is der mei de koerts fan hjoed fansels neat mis.
Ik tink lykwols dat soks sûnde sûnde en skande skande wêze soe. It âldfaers erf hat gjin boarreltafelklup, mar weitsers noadich. Noch altyd, nee, mear as ea. Mar - en dat is myn punt - miskien nét it soarte fan weitsers dat jim blikens sosjale media foaral wêze wolle.
'Fryslân vs. de Rânestêd', dat boadskip wurdt bygelyks ek útdroegen. It is de moderne oersetting fan it bekende anty-Hollân sentimint. De realiteit is lykwols dat fierrewei de measte Friezen, sis mar 99 persint, har sawol Fries as Nederlanner fiele. Dy dûbele identiteit wurdt yn 'e rûnte dêr't ik no foar praat meast oan kant skood, mar dêr wurdt de saak net oars fan. De ynbring fan Friezen yn de Nederlânske polityk en skiednis is net lyts. It Fryske Nederlannerskip giet werom op de gloarjejierren fan de Republyk, mar ek doe al wie Amsterdam de motor en de ûnmisbere skeakel yn 'e fertsjinst.
Myn punt is: in al te swier oanset wy-sy tinken wurket net, en sterker noch, ûnderwrot datjinge wat wy graach wolle yn it ûnderwiisbelied, in bettere posysje foar de Fryske taal.
Krekt dêrop, op dy taal, moat de Fryske beweging de minsken oansprekke, wol dy beweging himsels lang om let net oerstallich en betsjuttingsleas meitsje.
De boaiem ûnder it Frysk fielen hat foar gewoane minsken lykas wy binne, altyd west de Fryske taal. Net op it foarste plak it plattelân, dat hawwe se earne oars ek. Net op it foarste plak de histoaryske helden, dy hawwe se earne oars ek. Ek net it deaslaan fan Hollanners mei in roastich swurd of in ein hout út in âlde hikke. Dat is, hoe befredigjend dy praktyk ek west hawwe mei, krekt wat te lang lyn.
Nee: dy boaiem ûnder it Frysk fielen is op it foarste plak, op it twadde plak en op it lêste plak de Fryske taal.
Dy taal is spitigernôch in krimpend fenomeen: dy ferdwynt en ferdialektisearret bytsje by bytsje, troch globalisearring, massamedia, migraasje, desynteresse, ekonomyske ûntbetsjuttenens, mar ek, en foaral, en dat kin noait genôch beklamme wurde, troch bewust belied.
Troch it gebrek oan goed en ferplicht ûnderwiis yn dy taal, in grutte flater yn ús demokrasy dy't ferankere sit yn skealike wet- en regeljouwing, net allinnich fan de Nederlânske nasjonale mar likegoed fan de Fryske provinsjale oerheid.
De polityk yn Fryslân hat op dat stik de lêste desennia mar al te dúdlik in koerts keazen. Dy makket fan it Frysk in aardichheidsje, dêr't, no toe dan mar, in healoerke yn 'e wike mei hinne giet. Dy komt mei leardoelen om 'e hoeke dy't neat om 'e hakken hawwe. Dy etnisearret it ûnderwiis en skeint de minskerjuchten troch mear ûntheffingen te ferlienen oan skoallen yn gebieten dêr't minder Frysk praat wurdt as earne oars.
Mar dy paait ús wol mei kitsj en folkloare. Dy set mei opljochtsjende koweletters it wurd 'Wolkom' del yn de greide lâns de súdlike yngong fan Ljouwert, dat is sa aardich foar de toeristen. Mar dy skrapt tagelyk sûnder euvelmoed suver alle Frysk fan betsjutting út it Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018-programma.
Nee, de provinsjale polityk wol ús leaver gidse troch it moaie - ha, ha - Fryske lânskip. En as it oer helden gean moat, leaver Grutte Pier as Piter Jelles. Leaver 'de Fryske frijheid', sis mar regionaal adelik eigenbelang fan seis-, sânhûndert jier lyn bewierrikje, as Frysk- en Hollânsktalige bern yn Fryslân ferplichtsje, goeiegodskes, om fatsoenlik Frysk te learen.
Ik haw yn Sis Tsiis yn it begjin tegearre mei Friduwih Riemersma besocht om in oare stratezjy yn de striid foar Frysk ûnderwiis te krijen. Dat is it útstel om ûnderwiis yn de eigen taal tenei suver te besjen as in minskerjucht of bernerjucht, hoe't je it mar neame wolle. En om út dy posysje wei krityk te leverjen op it oerheidsbelied, sawol út De Haach as út Ljouwert wei.
Koartsein: wy wolle graach dat Frysktalige bern goed ûnderwiis krije yn de eigen taal, net om nasjonale aspiraasjes foar in Frysk 'folk' te befoarderjen, of om de neitins fan Grutte Pier te earjen, mar om't bern - en oeral op 'e wrâld is dat sa - better leare yn har eigen taal. En dus op achterstân set wurde as se twongen wurde om te learen yn in oare taal.
Mar o heden, dat wie mis. Nei ien súksesfolle en histoaryske manifestaasje waarden de spanningen SisTsiis al tefolle. De rjuchterflank wol dat ûnderwiis nammentlik leafst besjen as in folksrjucht en nimt net de konkrete perspektiven en rjuchten fan it yndividu as útgongspunt, mar de net besteande neden fan in imazjinêr folk.
Nasjonalisten misbrûke yn myn eagen de striid foar it ûnderwiis as in ynstrumint yn har striid foar hiel wat oars, neam it ûnôfhinklikens, autonomy of simpelwei Hollân-bashing. Risseltaat: nergens komt in bliksem fan telâne, net fan dat Frysk ûnderwiis, en ek net fan SisTsiis.
Mei de Fryske politike earm stevich mar net al te talich op it plúsj, en mei de Jongfryske fleugel foaral op syk nei nostalgy, sjucht it der foar wat perspektiven op better taalûnderwiis oanbelanget dêrom net hiel bêst út. Sa sille úteinlik ek - tink ik - begripen as 'Fryslân', 'Frysk' en 'Friezen' en de eigen provinsjale organisaasje oait in kear yn 'e knipe komme.
Is der ferset? Protest? Lilkens? Oeral ride se tsjintwurdich de trekkers foar út de boereskuorren. Stikstofbelied, fersmoarge grûn-belied, Swarte Pyt, en wat sille wy noch allegear belibje. Mar mei krij 'm beet hûndert trekkers it Provinsjehûs en/of de Twadde Keamer blokkearje yn it ramt fan aksjes foar it Frysk ûnderwiis? Dat is der net by. Mei twahûndert man en frou nei in skoallemienskip om't dy neat of fierstente min oan it Frysk docht, ek net.
Hie myn taal mar trekkers. Hie myn taal mar sprekkers dy't der wat om joegen.
Om it safier te krijen, sil der wurk ferset wurde moatte. Dat wurk hjit, ik sis it efkes amtlik, sadat it Provinsjehûs der ek wat fan meikrijt, yn geef Frysk: it kreëarjen fan draachflak. Wat docht de Fryske beweging yn it algemien, en de Jongfryske Mienskip yn it bysûnder, oan it kreëarjen fan draachflak foar it Frysk en Frysk ûnderwiis? Wat men oan de iene kant mient op te bouwen mei reklame foar trijetalige skoallen, brekt men dat oan de oare kant net like hurd wer ôf?
Foarbyld ien. De Ried fan de Fryske Beweging hat in nijswebside, ItNijs.frl. Ik tink dat dat in goed inisjatyf is, dêr't folle mear jild hinne kinne soe, en dat it wurdich is om fierder út te bouwen en te profesjonalisearjen. Mar dat yn syn publyksbelied bystjoering noadich hat. De lêzers- en reageardersrûnten wienen, oan de reaksjes ôf te lêzen, oant net sa lang lyn foaral te finen ûnder in espeltsje Fryske nasjonaaltinkers dy't it har libbenstaak achtsje om foar de islam, moslims en bûtenlanners te warskôgjen. Hielendal it PVV en FvD-resept, mar net dalik gaadlik, yn myn eagen, foar brede neifolging.
Wat mist, is belutsenens fan in bredere groep minsken, mei mear ferskaat, en ek fan lju mei in hegere oplieding. Wat mist, is in besykjen om middengroepen te berikken ynstee fan ôf te stjitten. It idee fan de Afûk foar Fryske opskriften yn supermerken hat dat wol yn him, ik lies dat dat idee al earder yn Jongfryske rûnte oppere wie. Mar no begjint it fansels krekt: hoe sille provinsje en gemeenten in grut oantal supermerken sa fier krije?
Foarbyld twa. Ik tink dat ek de Jongfryske Mienskip bytiden dwaande is om it bytsje draachflak dat der noch is, fierder ôf te brekken ynstee fan op te bouwen. Sa't ik earder sei, fierrewei de measte Friezen sjugge har Frysk-wêzen net yn in skerpe tsjinstelling mei har Nederlânsk-wêzen. Sjuch my dêr net op oan, it is sa. Stratezjyen dy't wól in tsjinstelling en sels in fijânskip tusken de twa 'identiteiten' suggerearje, slute mei oare wurden in hieleboel minsken út en sprekke inkeld de lytse groep lju oan dy't al sa tinkt.
Sokke stratezjyen fan eksklusyf-Fryske identiteitskonstruksje dogge neat om de grutte kliber oer de streek te heljen, neat om har tinken oer Frysk ûnderwiis te beynfloedzjen, neat om de minsken de wearde en de skjintme fan har eigen taal beseffe te litten. Neat om mear draachflak foar en yn it ûnderwiisbelied te krijen.
Se meitsje inkeld mar dat in boel Friezen har omdraaie en har noch fierder ôfkeare fan har eigen memmetaal.
Alles wat dat feroarsaket, neam ik 'brykfrysk'.
Wat ik, en dit oan 'e ein, de Jongfryske Mienskip ferwyt is in tefolle oan romantyk, nostalgy en Fryslân boppe ropperij, en in te min oan maatskiplike relevânsje. Bûtenlânske reiskes nei histoaryske plakken, ynterfryske flaggen, heldeferearing, Vikingen, dat allegear is grif tige gesellich en groepsbinend, mar it is ek in bytsje selsbedroch en spielerei. It liket wol o sa Frysksinnich, mar is it dat wol?
It is net ûnskealik. It spilet dy lju yn 'e kaart, dy't de striid foar it Frysk leafst nét stride, en dy't o sa bliid binne as Fryske aktivisten harsels en har eigen saak mar wer ris trivialisearje en bûten spul sette.
Aldfaars erf, dêr wol de Mienskip oer weitsje. It stiet op syn ynternetside. Lit ik der in ein oan breidzje mei in strofe út in gedicht fan sa'n âldfaar. Wat skreau Waling Dykstra oan 'e ein fan syn lange libben?
Altyd mar onbidich roppe:
,,Fryslân boppe! Fryslân boppe!"
'k Freegje, docht dat lûd gegei
Foar ús taalbelang wat mei?
Ik tankje jim foar jim oandacht en ik winskje inkeld mar ús taal in bettere takomst ta as aansen noch de fiertaal te wêzen yn in pear âldereinhuzen, earne ta pún ferfallend op de keale, iensume flakte fan in ik-lul-mar-wat dialekt.
En ik hoopje ek dat de Jongfryske Mienskip der nochris oer neitinkt, hoe't er it bêste helpe kin.
-----------------------------------
Noat: It wie in noflike jûn, dêr yn Oerterp, en de útnoeging fan it bestjoer om lid te wurden haw ik oannaam.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten