donderdag 21 november 2019

Frysk en fakatueres: ssssssssst, neat sizze!

'Fries ontbreekt in vacatures bij de provincie Fryslân', melde juster it Friesch Dagblad. Mei as oanlieding dat sels kandidaten foar de twa resinte fakatueres foar in 'adviseur cultuur' en een 'adviseur podiumkunsten en festivalbeleid', hielendal gjin Frysk hoege te kinnen. 

Ek is in fakatuere iepensteld foar in 'beliedsmeiwurker Frysk yn it ûnderwiis' ('overigens de enige die in het Fries beschikbaar is', skriuwt de krante) en sels dêr lit de provinsje it mar by damp en dize. 'Yn it gefal datst it Frysk noch net folslein aktyf behearskest, ferwachtsje wy datst dy dat hiel gau eigen meitsje wolst', meldt de adfertintsjetekst. 

Ik tocht, foar de feroaring: efkes wachtsje. Sjen oft ek eat of immen reagearret. Ja, je kinne it noait witte, no? Miskien in FNP-Steatelid. Of in skriuwer op de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging. It Skriuwersboun dan? Of in Fryske auteur? Of samar in boarger? 

Neat, nothing, niente, nichts. Hoewol't it Frysk de memmetaal is fan mear as de helte fan de ynwenners fan de provinsje, hoewol't dyselde provinsje him ferplichte hat om de Fryske taal 'zelf ook in al haar facetten te gebruiken en uit te dragen' (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer), hoewol't de Fryske taal alle stipe noadich hat dy't er krije kin, hoewol't alle bestjoerders en politisy de mûle altyd oerrinnend fol hawwe fan 'culturele diversiteit' en 'mienskip' en oar reklamepraat - neat , nothing, niente, nichts. 

Frysktaligen hearre dus net by de 'mienskip' - in wurd nota bene út har eigen taal. Se meie by de graasje Gods oanskowe, mar dan moatte se al har foegje en skikke yn figuranterol en folkloare-foarbyld. Der wurdt net troch, mar oer har kediisd - séls op it stik fan oerheidsbesluten oer har eigen taal en kultuer. 

En it slimste is: se hâlde har de bek ek noch. 

Offisjele beliedsdoelen blike mar wer ris kletsika. Draachflak foar mear Frysk komt sa net ta stân, krekt net: it provinsjaal bestjoer stjoert it Frysk sa inkeld mar fierder it driuwsân yn. In positive hâlding fan de ynwenners fan Fryslân foar de Fryske taal oer wurdt sa net befoardere, krekt net: je krije der net iens in luzich baantsje by de provinsje mei. 

Oantrunen om Frysk te studearjen op nivo (universiteit, hegeskoalle) hawwe sa ek gjin doel. Wêr soenen se jin diploma wól op priis stelle, as sels de provinsje der jo-witte-it-wol mei docht? Hoe sille gemeenten, bedriuwen en stichtingen it yn 'e plasse krije en freegje fan har wurknimmers behearsking fan it Frysk? 

Deputearre Poepjes (CDA) makket har leaver drok oer de fraach oft de provinsje wol in oantreklike wurkjouwer wêze kin foar resinte ymmigranten fan bûten Nederlân, dy't dus ek it Nederlânsk noch net goed machtich binne. Foar sokken is twataligens 'dubbel zo lastig', skreau se okkerdeis yn antwurd op fragen fan de PvdA. 

Gelokkich wurdt hjoed bekendmakke wa't de nije 'Dichter fan Fryslân' wurdt. Deputearre Steaten kinne wer efkes moai waar spylje en punten skoare yn de media. Spitigernôch stiet tiim Twabaksmerk mei 10-0 achter.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten