zaterdag 23 november 2019

Ferlet fan in literatuerfestival yn Fryslân

Op it gefaar ôf wer allerhanne politike en amtlike lju yn de gerdinen te jeien: it steand provinsjaal belied om Fryske literatuer 'mear sichtber' te meitsjen troch skriuwers en dichters de poadia fan popfestivals op te stjoeren, wurket foar gjin meter. It docht net inkeld de follesidigens fan de Fryske literatuer ûnderstek: it docht skea oan literatuer en lêskultuer séls. 

De formule wurdt no al in jier as wat útprebearre troch it stêdpromoasjefestival Explore the North, dit wykein wer op ûnderskate plakken yn Ljouwert te bewûnderjen en te genietsjen. Dêr bart in boel nijsgjirrichs, mar net op it mêd fan Fryske literatuer, sa't Eeltsje Hettinga okkerdeis terjochte sinjalearre yn in opinystik yn de Leeuwarder Courant

En de foargeande jierren wie dat net oars. Yn de tradisjoneel yntinsive ferslachjouwing oer Explore fan Jacob Haagsma yn niisneamde krante - ik haw de jiergongen 2016, 2017 en 2018 besjoen - treft men mar in inkelde kear in Fryske dichter of skriuwer oan. 

Tsead Bruinja joech acte de présence yn 2016, mar oft syn optreden Hollânsk- of Frysktalich wie, wurd ik net gewaar. Ek it kollektyf Tsjinlûd mocht doe meidwaan, mar dat helje ik inkeld út in cd-resinsje. Yn 2017 kaam ik net ien namme tsjin. En ferline jier brocht Elmar Kuiper teksten op muzyk fan in Japanske band. In optreden fan de bruorren Kleefstra - mei teksten fan dichter Jan - waard inkeld fermeld yn in, alwer, cd-resinsje. 

'Literatuur op festivals, het gedijt het best in de crossover met andere uitingen en dan liefst muziek', skreau Haagsma ('Transformatie door technologie en snacks', Leeuwarder Courant (24 november 2018, 38). Haagsma bedoelt: dat is de formule dêr't Explore foar kiest, mei op de achtergrûn his master's voice fan de sunige provinsjale subsydzjejouwer. 

It risseltaat fan it mei alle macht 'wat' Fryske literatuer op dit festival bringe te wollen, is marzjinalisearring fan dyselde Fryske literatuer. Wat partisipaasje oanbelanget: inkeld keunstners dy't de ambysje hawwe om har wurden mei muzyk oan te foljen, komme yn byld - en dat binne der mar in pear. Explore bringt jierliks tsientallen, miskien wol hûndert acts, en dêr sitte dan ien of twa literêr-Frysktalige tusken. Ek djipgong is it slachtoffer: 'ympresje' en 'belibjen' stean foarop en wurde de noarm, sanksjonearre troch de status fan in popfestivaloptreden. 

Hat Fryslân dan oare plakken dêr't it publyk wól kennismeitsje kin mei skriuwers en dichters en har wurk? Dien de Boer har literêre jûn Dichter op de Deel yn Eksmoarre komt my yn 't sin, mar de lêste edysje dêrfan wie yn 2017. Eartiids hie Jaep Meems yn Twizelerheide moaie jûnen by him oan hûs. Peter Vermaat yn Slappeterp organisearret wolris wat yn syn tún. En sa sille der mear leafhawwers wêze mei in lokaal inisjatyf. In literatuerfestival yn Fryslân hawwe wy lykwols net. 

Om ús hinne dogge se dat oars. Literatuerfestivals wurde om utens ynset to promote a culture of reading. Yn lannen en gebieten mei massa's minsken binne sokke festivals fansels goed foarinoar te krijen. De grutste literatuerfestivals (yn Amearika bygelyks it Boston Book Festival of it Bay Area Book Festival) presintearje regionale, nasjonale en ynternasjonale skriuwers en bringe in skala oan aktiviten: foarlêzingen, lêzingen, workshops, debatten, paneldiskusjes, slam-battles, iepen poadia, boekemerken, moetingen mei auteurs, sinjearsessys, aktiviteiten foar bern, filmfestivals, en ja, ek live muzyk. 

It is net earlik om de Fryske mei de Amerikaanske sitewaasje te ferlykjen. No, sjuch dan nei Wales. Fan 't jier wiene/binne dêr op syn minst fyftjin (15) literêre festivals, en dan tel ik de aparte festivals foar bern en foar crime-literatuer noch net iens mei. Googelje mar efkes nei it Seren Cornerstone Poetry Festival (Cardiff), Brilliant Books (Cardiff), Laugharne Weekend (Laugharne), Abergavenny Writing Festival (Abergavenny), The Carnival of Words (Wrexham), Llandeilo Lit Fest (Llandeilo), Lampeter Book Festival (Lampeter), The Hay Festival (Hay-on-Wye), Llansteffan Literary Festival (Llansteffan), Welshpool Poetry Festival (Welshpool), Montgomeryshire Literary Festival (Gregynog Hall), Penarth Literature Festival (Penarth), R.S. Thomas & M.E. Eldrige Poetry & Art Festival (Aberdaron), Llangwm Literary Festival (Llangwm), Gladfest (Flintshire). 

Wales hat trije miljoen ynwenners; Fryslân 650.000. Dat is gau útrekkene: getalsmjittich soenen wy hjir 4,6 literêre festivals hawwe moatte, wolle wy likefolle dwaan oan de promoasje fan literatuer en lêzen fia festivals as dêr. 

Mar de werklikheid is oars. Fryslân hat nul (0) literatuerfestivals. Dat komt net om't de minsken te uzes net fan literatuer en lêzen hâlde, dat komt om't merkpartijen (útjouwers bygelyks) hjir te swak binne, en, dat is hjir it punt, ús provinsjale oerheid oan it stypjen fan sokke aktiviteiten gjin nocht hat en leaver krekt docht as is it saneamd bubble-brekkende Explore al literatuerpromoasje genôch. 

Wie it net heechlearaar Fryske taal en kultuer Goffe Jensma dy't, in pear jier lyn alwer, mei it idee kaam foar in jierliks of twajierliks literatuerfestival yn Fryslân dêr't it aksint lizze kinne soe op literatuer út Europeeske minderheidstalige gebieten? Dêr soenen Grinslân en Drinte faaks ek yn meidwaan kinne. It is tiid om dêr wurk fan te meitsjen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten