dinsdag 31 december 2013
Piter Jelles Troelstra - De striid om it heechste (fragmint)
Ik seach my selme ta de grûn,
En al myn krêft hie my bejûn.
Myn frije siele seach ik ek,
En 'k skrille fan har lot tebek.
'k Seach, wat ik woe - en wat ik koe,
En 'k wist net, hoe't dat komme soe,
En wyl 'k sa mei my selme kreaude,
Unfoel m' al wat ik earen leaude.
Doe doarme 'k heal ferwêzen rûn:
Ik seach my sûnder wyt en grûn,
Ik twiifle oan 't goede en oan it kwea
En wie my selme libben-dea.
Ik griisde fan 'e minskewrâld
En fûn him hol en leech en kâld...
Allinne yn mannich sillige oere
Fûn 'k frede yn 't skôgjen fan Natoere.
Wat faak de wrâld it leechste leit:
De rêst fan 't fjild, d' ienfâldichheid
Fan 't earme folk, dat draaft en swit
En fan gjin sielelijen wit,
De blide berneboarterij -
Dêr fûn ik soms wer wille by;
En as de blide ljurken songen
Waard faak dit wylde hert betwongen.
Mar mids yn 't kringen fan 'e wrâld
Untfoel my dan wer alle hâld;
Yn 't wyld gejei nei jild en ear
Fûn ik dy hege God net mear.
Dêr trape it laitsjend leagenskaai
Syn wurk tepletter; ja 'k wie faai,
Hie 'k tusken goed en kwea te kiezen,
't Sels ek tsjin d' ierde te ferliezen.
'k Seach yn 'e fâlden fan Gods klean
De kladden fan 'e satan stean;
'k Seach, hoe't syn eigen tsjinner fel
Syn leare húnde en trape del;
Ik seach dêrnjonken mei in laits
Fan spyt en spot en leedfermeits
't Wrâldminske, fij fan earnstich tinken,
My ta syn kâlde leare winken.
"Do minskedier!" rôp hy my ta,
"Woesto part oan 'e himel ha?
Do stof en jit ris stof, sa leech
As 't kin, woesto fan d' ierde omheech?
Wat jout dat grutske stribjen dy?
Do bliuwst doch like min as wy!
Kom, wol der net sa swier oan tille,
Mar priuw mei ús fan alle wille!
Ferdjer dochs net dyn blide jeugd
Mei stymjen oer gewisse en deugd!
Och, pinigje dy sels net mear:
Dyn deugd is neat as moadelear,
No jit yn swang, mar ringen wei!" -
Soms harke 't kweade yn my dêrnei,
Mar 'k wie him jit gjin fuotstap folge,
As 't hert wie my fan leed trochdolge.
O, wa beskriuwt dat djippe leed?
Hoe, God, hoe wiene Jo sa wreed,
Myn siel, Jo berntsje, te ferjitten,
Sa oan 'e Satan oer te litten?...
Wêrta dy siele yn boeien slein?
Wêrta dat fallen sûnder ein?
Wêrta Jo eigen ljocht sa dove?...
God, ik sink wei yn 't ûngelove!
*
Ut: Rispinge. Alde en nije fersen fen Piter Jelles, s. 142-144

maandag 30 december 2013
vrijdag 27 december 2013
donderdag 26 december 2013
dinsdag 24 december 2013
maandag 23 december 2013
zaterdag 21 december 2013
De achterkant fan Arkadië
Religy, erflikheid en generaasjes yn de Fryske boeremyte
"In oare dream. Hy seach himsels as leat fan in âld Frysk boerelaach, in eal laach, faaks wol keninklik. Wie syn mem net in Keechstra, de jongste dochter út it ferneamde boerelaach fan Keechstrastate by Winaam? Fan bern ôf oan hie mem him ferteld fan 'e âld pleats, it âlde laach, de paken en omkes en har aventoeren. En mem koe sa moai fertelle. Alle ferhalen hie er ûntholden. En yn syn holle ûntstie in heldemythe fan 'e Keechstra's en oare eale Friezen, dy't it boerebedriuw yn Fryslân ta in foarbyld foar de wrâld makke hiene."
Steven H.P. de Jong, De Wuttelhaven del, s. 47
*
Boerefamyljes yn de 19de-ieu koene rûchwei troch trije soarten fan tsjinstuiten yn ’e bedelte reitsje: as de ekonomy tsjinwierre, as der op it stik fan it leauwe kreauwerij yn de famylje kaam, en as it mei it neiteam net woe sa’t de boer en de boerinne it woene en betocht hiene.
Yn it essay ‘Ter handhaving van de boereneer’ ha ik de gefolgen fan de sosjaal-ekonomyske feroaringen yn de 19de en 20ste-ieu sjen litten oan de hân fan de skriuwerij oer de lânbou fan de sjoernalist en lettere haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en de Friesche Courant, Sybe Douwes de Jong. Yn in oanfolling dêrop, ‘De hynders fan Klaas Sybes Okkinga’, ha ik yn it ferlingde dêrfan de tematyk fan it statusferlies fan de 19de-ieuske boer yn Noardwest-Fryslân koart yn ferbân brocht mei de lotgefallen fan de foarâlden fan De Jong, de Okkinga’s fan Winaam en Hjerbeam. Yn dit stik wol ik besykje koart oan te tsjutten watfoar rol it leauwe en it al of net krijen fan bern yn datselde grutboerefermidden spile hawwe kin.
De ‘boeremyte’ yn Fryslân – it ferwizen nei de 19de-ieuske ‘bloeitiid’ fan de boerestân, doe’t de grutboer noch de god fan it doarp wie en it skarnierpunt fan sawol it ekonomyske, kulturele as it sosjale libben op it plattelân – hat in wichtige achtergrûn west fan it Fryske nasjonaal-sosjalisme fan de jierren tritich en fjirtich fan de foarige ieu. Yn de ekonomyske krisis en modernisearring fan dy dagen ferskynde de 19de-ieuske boer as in beaken, in symboal fan macht, foarspoed en harmony. It earste begjinnen fan dy myte mei miskien besjoen wurde as in romantyske reaksje op de Grutte Agraryske Krisis (1876-1890). Yn sa’n tiid fan delgong wurdt de foargeande perioade fan opgong en bloei ommers gauris idealisearre. De dichters Piter Jelles Troelstra en Obe Postma en de skriuwer Reinder Brolsma hawwe dêr elk op syn eigen wize yn harren wurk oan bydroegen.
It sil benammen de lettere ‘generaasje fan de bernsbern’ wêze – boerebern dy’t yn de Earste Wrâldoarloch folwoechsen wurde – dy’t dat 19de-ieuske Fryske Arkadië mar net út de holle krije kin. Dat jildt foar Sybe Douwes de Jong, berne 1897, likegoed as foar de lettere NSB-boargemaster Klaas Reinders Okkinga, berne 1899. Harren Arkadië hie lykwols in ferburgen achterkant. In tsjuster gebiet, dêr’t leafst net nei ferwiisd waard, om’t it net yn de idealisearring paste en om’t se har der foar skammen, mar dat wol deechlik fan belang is by it ferklearjen fan it lettere Fryske boerefaksisme.
Tsjerklike ferdieldheid, op it foarste plak, spile in rol. Wat koe der net in ellinde komme as boer en boerinne net itselde tochten, net deselde religieuze achtergrûn hiene? Of as der yn de bredere famylje ûnderskate tsjerkepaden rûn waarden? Op it twadde plak liet ek de kwesty fan bern of gjin bern him net fuorttinke. As bliken die dat in boerehoulik net naaid waard sa’t it knipt wie op it stik fan neiteam, koe soks it Arkadië slim bedjerre.
‘It ferflokte houlik’
Houlikspolityk wie yn de 19de-ieu in wichtich ynstrumint foar in boer om syn opgarre rykdom, macht en oansjen feilich te stellen, fierder te fergrutsjen en oer te dragen oan syn bern. By it regeljen fan houliken moasten risiko’s it leafst út ’e wei gien wurde. Konkreet betsjutte soks dat achtslein waard op it leauwe fan de houlikskandidaten: dat moast idealiter itselde wêze. Roomsken trouden mei roomsken, doopsgesinden mei doopsgesinden, ensafierderhinne.
Ek waard sjoen nei erflike, genetyske faktoaren. Nei ‘boerelagen’. Saneamde ‘sterke lagen’ bestiene út sûne en fruchtbere minsken dy’t âld waarden en in protte bern krigen; yn minder sterke lagen waarden de minsken minder âld, stoaren mear bern of waarden bern mei handikaps berne. Foar boeren, wend om kij, skiep en hynders te fokken, en dus te beoardieljen op erflike skaaimerken, wie sa’n tinkwize net heel nuver. It hie ommers syn plak yn it deistige wurk.
Spanningen ûntstiene as der om ien of oare reden net foar de ideale houlikspartner keazen wurde koe. De leafde koe spulbrekker wêze. En net altyd wie in kar foar it feilich stellen fan besittingen ek in kar foar in genetysk optimale houlikspartner of in partner fan deselde tsjerklike denominaasje. Wat dat oanbelanget hat der (neffens in mûnlinge meidieling oan my dien) yn it Okkinga-laach praat west fan in ‘ferflokt houlik’. Mar it hoe en wat, dat waard net dúdlik. Dy’t harren skiednis neirint, komt der wol mear as ien tsjin, sa liket it.
Opgong
Yn de statyske boeremaatskippij fan de 19de-ieu waard jins súkses of falen gauris ôfmetten oan dat fan jins heit of pake. Wat dat oanbelanget hiene de trije bruorren Atte Klazes (1788-1846), Anne Klazes (1789-1850) en Sybe Klazes (1792-1852), boeresoannen út Winaam, it net minder treffe kind.
Harren heit wie Klaas Attes (Doanjum, 1748 – Winaam, 1814), harren pake Atte Klazes (Doanjum, sa. 1690 – Winaam, 1753). Atte Klazes sr. hie pachter op Frittema State yn Doanjum west, op deselde terperige as dy fan Winaam, doe’t er om 1750 hinne hierder waard op de folle gruttere Okkinga-state yn Winaam. Op dat stuit wie dy pleats noch fan Unico Wilhelm van Wassenaer, de komponist, en syn frou Dodonea Lucia van Goslinga, in dochter fan de ferneamde steatsman Sicco van Goslinga. Yn 1769 ferkocht harren soan Carel George de pleats mei hûndert pûnsmiet lân en in wettermûne oan de bernsbern fan in suster fan Sicco van Goslinga. Uteinlik krige Klaas Attes yn 1795 earst de iene helte en letter ek noch de oare helte fan Okkinga-state yn besit, mei dêrby ek noch de ‘Poartepleats’ yn Hjerbeam.
Klaas Attes naam yn 1811 de achternamme ‘Okkinga’ oan. Wierskynlik keas er foar dy namme om de bân mei syn – no – famyljebesit te beklamjen. Op de pleats yn Winaam hiene oan it begjin fan de 17de-ieu de haadling Johan Feyes van Goslinga en syn frou Jouck Watses van Ockinga wenne; fan har komt de namme. Harren soan Johan van Goslinga wenne op Sickema-state yn Hjerbeam, op it plak fan de lettere Poartepleats, en ferhuze letter nei syn Goslinga-kastiel yn Doanjum. Der wie fierder gjin relaasje tusken de adelike Van Ockinga’s út Dronryp en it foarteam fan Klaas Attes Okkinga. Hy sil net ôfkearich west hawwe fan in symboalyske bân yn de namme, lâns in omwei, mei de Goslinga’s.
Alsa hie Klaas Attes Okkinga him mei syn frou Janke Alberts van der Mey (1760-1831) yn in dikke tritich jier tiid oparbeide fan hierder fan ien lytsere pleats ta eigner fan twa grutten. Beide wiene doopsgesind; syn heit Atte Klazes hie syn doopsgesinde boerinne Antje Jans fûn by Achlum, op Sopsum. Klaas Attes troude earst mei Ymkje Hilles út Winaam (1783) en foar de twadde kear (1785) mei Janke Alberts út Pietersbierrum, berne yn Dronryp. Ymkje Hilles sil gau stoarn wêze, mar dêr is yn it befolkingsargyf fan Tresoar gjin akte fan te finen. Klaas Attes lit him dope yn Harns yn july 1783, syn frou Janke Alberts yn jannewaris 1786.
Harren trije soannen wurde ek boer. Atte Klazes yn Winaam (wierksynlik op in pleats fan memmekant), Ane Klazes yn Hjerbeam en Sybe Klazes yn Winaam op Okkinga-state. Se trouwe mei respektivelik Aaltje Jans van der Laan (1787-1837) út Winaam, Pietje Simons de Haan (1801-1834) út Boer en Hittje Gerrits de Vries (1802-1846) út Surch. De earste twa wiene boeredochters, de lêste har heit én mem wiene arbeiders. Neiteam fan Atte Klazes sil letter buorkje yn Pitersbierrum, fan Anne Klazes yn Hjerbeam en Tsjummearum en fan Sybe Klazes yn Winaam.
Dat it Klaas Attes en Janke Alberts foar de wyn gie, docht noch bliken út it folgjende. De boer kocht yn de Frânske tiid de tsjinstplicht fan syn twadde soan Anne Klazes ôf troch in plakferfanger – de matroas Douwe Hommes út Hylpen – te beleanjen mei in bedrach fan 2.500,- gûne, omrekkene nei de wearde fan hjoed sa’n 40.000,- euro.
Ungelok
Yn alle gefallen oant de Agraryske Krisis wierret it de ekonomysk besjoen Okkinga’s tige mei. Minder is dat lykwols it gefal op it stik fan bern. Atte Klazes en Aaltje Jans van der Laan krije twa dochters en (mar) ien soan, Klaas Attes Okkinga (1834-1915). Anne Klazes en Pietje Simons de Haan ‘op Hjerbeam’ hawwe in protte ûngelok yn it libben: de earste soan Klaas Annes (1823) wurdt mar tsien wike âld, soan Reinder Klazes (1828-1848) rôvet wierskynlik himsels fan it libben op 19-jierrige leeftyd, en dochter Tjitske (1831-1857) wurdt net âlder as 26 jier. Bliuwe oer: Klaas Annes (de twadde), Simon, Trijntje en Pieter.
Opfallend genôch trout Klaas Annes (1824-1899) mei syn folle nicht Geertje Sybes (1834-1877), dochter fan syn omke Sybe Klazes. It is in neffens ferervingswetten risikofol houlik, dat of út leafde of út saaklike oerweagings sletten wurdt, mar de gefolgen bliuwe net út. Fan de sân bern wurde mar trije âlder as 18 jier. Nóch slimmer is it ûngelok fan Klaas Annes syn broer Simon Annes en syn frou Sjoerdtje Tjerks. Fan harren alve bern helje seis de 24 jier net.
Fan de trije earder neamde bruorren, de soannen fan Klaas Attes, krijt de tredde, Sybe Klazes Okkinga ‘op Winaam’, sa op it each it minst mei tsjinstuiten te krijen. Syn houlik mei de arbeidersdochter Hittje Gerrits de Vries wurdt segene mei seis bern, dêr’t se mar ien fan ferlieze. Soan Sybe wurdt letter notaris yn Harns en soan Klaas Sybes sil de pleats oernimme. It is goed mooglik dat yn dy syn fermidden mei ‘it ferflokte houlik’ op it swiere lot tsjutten waard fan syn omke en neven fan de Hjerbeamster kant.
Doopsgesind en herfoarme
As der ek in religieus skeel oantsjut wurdt troch de beneaming ‘ferflokt houlik’, dan sil dat socht wurde moatte mei yn de achterholle de Ofskieding en it radikalisearjende protestantisme binnen de herfoarme tsjerke yn Fryslân, begjinnend yn de tritiger jierren fan de 19de-ieu. Simon Annes, bygelyks, helle syn frou Sjoerdtje Tjerks wol út syn eigen doarp Hjerbeam, mar har heit wie boer yn Janum, tichtby Reitsum en Burdaard, in streek dêr’t letter de griffermearden de mearderheid krije soene.
Yn de gemeente Janum-Burdaard stie fan 1788 oant 1811 de radikale, oranzjistyske dûmny Alexander van Giffen, ien fan de arrestanten by it Kollumer Oproer fan 1797. En op de kânsel yn Reitsum treffe wy de ek lânlik ferneamde dûmny en patriot Thomas Joha oan, fan 1774 oant 1812. Yn it fermidden fan de doopsgesinde, frijsinnige Winamer Okkinga’s sil it religieuze komôf fan de Eastergoaster houlikspartner fan Simon Annes grif omtinken lutsen hawwe, hoewol’t ik dêr gjin konkrete oanwizingen foar ha, oars as de wittenskip dat religieuze saken no ienris belangryk fûn waarden op Okkinga-state.
Klaas Sybes Okkinga wie ommers sawol belutsen by de frijsinnige herfoarme tsjerke fan Winaam – hy wurdt neamd as earmfâld yn 1889, in jier nei it fertrek fan de ‘reade dûmny’ Johannes Tenthoff nei Hoarn – as dat er yn it spier wie foar de Doopsgesinde tsjerke yn Harns. Syn soan Sybe Klazes Okkinga, de notaris, wie letter doopsgesind tsjerkfâld. (Pakesizzer Klaas Okkinga, dy’t ek notaris waard, bedarre yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie belutsen by de fersetsgroep Seisbierrum, yn de gemeente Barradiel, dêr’t nota bene syn fiere Hjerbeamster achterneef Klaas Reinders Okkinga de NSB-boargemaster fan wie.)
Fiedingsboaiem
Sa’t Reinder Brolsma yn it ferhaal ‘Mame en de grutte boer’ oantsjut hat, koe de Fryske boeremyte gebrûk meitsje fan it motyf fan trije generaasjes: de opgeande, de stabilisearjende en de delgeande. Arkadië kin men jin ommers allinnich mar yntinke as it ek in begjin en ein hat, ophâldt of weistjert. Nei de Earste Wrâldoarloch waard yn Fryslân in generaasje folwoechsen dy’t de myte út de oerlevering en út de literatuer helje moast, en guon makken him ta it fûnemint fan in nasjonaal-sosjalistyske lânboupolityk. It nasjonaal-sosjalisme mei syn klam op ‘folksienheid’ en ‘folksmienskip’ koe foar guon in oplossing lykje, net allinnich foar sosjaal-ekonomyske mar ek foar religieuze ferdieldheid. Ek de faksistyske ‘mienskipsgedachte’ wie ommers in útdrukking fan in beweging nei in hegere ienheid en in mienskiplik stribjen nei in heger doel, dat boppe de tsjinstellingen út gie.
‘It ferflokte houlik’ –it skrikbyld fan religieuze konflikten en fan it ûngelok dat in minske treffe kin dy’t de boerewet net acht slacht – wie wat dat oanbelanget it ferrotte hert fan de Arkadyske appel. It nasjonaal-sosjalisme soe it derút snije mei syn kollektive ideology en syn sosjaal-darwinisme, dat sei dat der ‘superieure’ en ‘ynferieure’ minsken wiene. Uteinlik wie it de baas om de iene groep op te kweekjen en de oare fertutearzje te litten. Ien fan de meast ekstreme uteringen fan sosjaal darwinisme yn Fryslân, net op hynders, skiep of kij mar op minsken tapast, wie de skedelmjitterij fan de SS Ahnenerbe, dêr’t yn alle gefallen twa Fryske skriuwers – G.N. Visser en Haring Tjittes Piebenga – yn leaud hawwe.
De skiednis fan de Winamer en Hjerbeamster Okkinga’s lit wat fan de fiedingsboaiem fan sokke ideeën sjen. Likegoed, as sjoernalist Sybe Douwes de Jong, de pakesizzer fan Klaas Sybes Okinga, lykas Visser en Piebenga yn syn sok rassisme leaude, dan hat er dat net opskreaun. Yn de krante komt men gjin oanwizingen yn dy rjochting tsjin. Ek kin ik gjin antysemityske útspraken fan him optekenje. De boeremyte fan Klaas Attes, Sybe Klazes en Klaas Sybes, de ‘goaden fan it doarp’, dat wie wêr’t Sybe Douwes yn it ynterbellum mei sitten bleaun wie. Hast wie er der ek noch letterlik mei sitten bleaun: syn heit Douwe Sybes, de fabryksdirekteur, hat noch even tocht dat Sybe Douwes miskien boer wurde koe op wat eins in erfenis wêze moatten hie. As jonge hat er yn de Earste Wrâldoarloch in skoft tahâlden by omke Harmen Klazes Okkinga, in broer fan syn mem Reinskje, op Tjitsma-state yn Winaam.
De achterkant fan Arkadië sil him doe yn alle gefallen yn fysike sin dúdlik wurden wêze. Foar it boerebestean bliek syn sûnens te min, as bern hie er al in hege bloeddruk.

donderdag 19 december 2013
zondag 15 december 2013
De hynders fan Klaas Sybes Okkinga
Alde adel, erfrjocht en boerekollaboraasje
It oantinken oan de boerebloeitiid, it midden fan de 19de-ieu, behearske it Fryske nasjonaal-sosjalisme ûnder boeren yn de Bouhoeke. Bytiden wiene sokke ferhalen net allinnich in kwesty fan nostalgy foar polityk gebrûk; dat ‘behearskje’ koe binnen boerehúshâldingen en –famyljes ek in sosjaal-traumatyske achtergrûn hawwe.
Yn it gefal fan de sjoernalist Sybe Douwes de Jong (1897- 1951), yn de Twadde Wrâldoaroloch haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en de Friesche Courant, hat dat in rol spile. Fan syn heitekant wie er net alheel fan it “echte boerelaach”, sa’t oan de oarder kaam is yn it essay ‘Ter handhaving van de boereneer’. Mar fan memmekant wie er dat wol, as sprút út it laach fan de Okkinga-famylje: grutte boeren yn Westergoa, dy’t yn Winaam en Hjerbeam boppedat fan in ferbining dreame koene mei âlde en romrofte Fryske adel. It wie yn dat fermidden fan swiere klaaikluten dêr’t yn 1852, nota bene op see, op de fearboat tusken Harns en Skylge, in stjergefal plakfûn dat jierren letter sines bydroegen hawwe sil oan de Fryske boerekollaboraasje yn de Twadde Wrâldoarloch.
*
Earst nei Hjerbeam. Nei Okkinga-state, de pleats dy’t oan de Rykswei boud is op it plak fan de eartiidse Sickema State fan de 16de- en 17de-ieuske haadlingefamylje Van Goslinga. Yn de Twadde Wrâldoarloch treffe wy op dy state boer Klaas Reinders Okkinga (1899-1989) oan. Hy wie yn de jierren 1942-1945 NSB-boargemaster fan de gemeente Barradiel. Hy waard berne yn 1899, yn it boerelaach fan de Okkinga’s, stoar yn 1989 en is te hôf brocht yn syn berteplak. Syn pake fan heitekant wie Klaas Annes Okkinga (1824-1899), boer, gemeenteriedslid en wethâlder fan Frjentsjeradiel. Syn âld-omke wie de boer Klaas Sybes Okkinga (1830-1900) fan Winaam, dy't de pake fan sjoernalist Sybe Douwes de Jong wurde soe.
De Okkinga’s buorken sawol yn Hjerbeam as Winaam op in pleats dy’t as state yn de 17de en it begjin fan de 18de ieu oan de Van Goslinga’s hearde. Goslinga-state yn Winaam (letter Okkinga-state) wie it earste famyljebesit fan it grytmansgeslacht Van Goslinga’s, dy’t mei de tiid ferhuzen nei de Sickema-state yn Hjerbeam en letter nei Doanjum. Oer beide grytmanspleatsen lei, foar wa’t dêr gefoelich foar wie, alsa licht noch de glâns fan de Van Goslinga’s en benammen fan de ferneamde steatsman Sicco van Goslinga (opnommen yn de Fryske Canon). Okkinga-stamheit Ate Klazes (berne sa. 1700 yn Doanjum, st. 1753) wie yn 1751 fan Doanjum nei Winaam ferhuze. Syn soan Klaas Attes hie de pleats foar de helte yn eigendom; dy syn soan Sybe Klazes kocht de oare helte.
Opfallend is, yn dat ljocht, dat beide states elk har eigen rol spile hawwe yn it besykjen yn de oarloch om it faksistysk-feodaal-korporatistyske heareboersysteem fan Dútslân te promoten. Klaas Reinders Okkinga fan Hjerbeam wie de regionale organisator fan de NSB foar’t er yn 1942 Dútsfreonlik boargemaster fan Barradiel waard. En Klaas Sybes Okkinga fan Winaam hat, lykas sein, fan memmekant de pake west fan de lettere nasjonaal-sosjalistyske haadredakteur De Jong.
Men soe it Fryske boerefaksisme fan NSB-boargemaster Klaas Reinders Okkinga en boere-ideolooch Sybe Douwes de Jong sjen kinne as in radikale reaksje fan in oerspand en ferwûne stânsbesef, dat ressentimint keppele oan in romantysk byld fan de skiednis en heilsferwachtingen foar de takomst. Earder hie ik it oer de rol dy’t de ‘boeremyte’ yn de kollaboraasje mei de Dútse besetter yn dat part fan Fryslân spile hat. Miskien ha wy no yn Klaas Sybes Okkinga it boerefoarbyld, de Oerboer fan De Jong fûn?
*
Klaas Sybes Okkinga waard op 12 jannewaris 1830 berne op Okkinga-state yn Winaam. Hy wie in soan fan Sybe Klases Okkinga en Hiltje Gerrits de Vries, dopersken dy’t yn Harns tsjerken mar ek banken hiene yn de herfoarme tsjerke yn Winaam . Yn 1867 waard er beneamd ta riedslid fan de gemeente Barradeel; syn heit hie ek riedslid west. Yn 1889 wurdt er neamd as earmfâld yn Winaam. Hy kaam te ferstjerren yn 1900.
Yn de bloeiperioade fan de Fryske lânbou, fan 1840 oant 1880, wie Klaas Sybes Okkinga yn de krêft fan syn libben. Op 22-jierrige leeftyd waard er boer, doe’t yn 1852 syn heit ynienen kaam te ferstjerren op de boat tusken Harns en Skylge. Sân jier letter troude er mei de doe 21-jierrige boeredochter Grietje Harmens Hoogterp út Mullum. De skoansoan oan wa’t er syn dochter Reinskje úthoulikje soe, Douwe Sybes de Jong fan Aldehûs yn Winaam, kaam út in geslacht dat neffens oerlevering ôfstamje soe fan Menno Simons (Sybe Sybesma, ‘Oldehûs State te Wijnaldum’, hânskrift 1940) en wie alsa ek dopersk.
In grutboer hat er west, dizze Klaas Sybes Okkinga. Hy wie yn 1891 net allinich hierder fan Okkinga-state mar ek fan Tjitsma-state, de westlike buorman op deselde terperige eastlik fan Winaam, dêr’t er syn soan Harmen Klazes op te buorkjen sette. Yn 1884 hierde Klaas Sybes Tjitsma-state ek al, sjoen it feit dat er op pleatsfervjen ynskriuwe liet. By beide pleatsen meiïnoar siet op dat stuit mear as 119 bunder lân. De âlde skuorre fan Okkinga-state waard yn 1862 ôfbrutsen, der kaam in opfallend grutte, nije skuorre foar yn 't plak.
Mar op de achtergrûn spilen dochs de gefolgen fan in famyljetrageedzje. De sân bruorren en susters fan Klaas Sybes hiene meidele moatten yn de pleats, nei’t harren heit Sybe Klazes yn 1852 hommels ferstoarn wie. Soks betsjutte yn de praktyk dat de pleats ferkocht wurde moast, om’t elk rjocht hie op syn diel. Klaas Sybes wie fan dat stuit ôf noch wol grutboer, mar gjin eigner mear. Dat wie – nei in boelguod dat pas twa jier letter holden waard – jonker G.R.G. van Swinderen.
Hy wie dus pachtboer op eigen famyljebesit, foar syn gefoel. De lettere ûnfrede fan nasjonaal-sosjalist Sybe Douwes de Jong oer it Fryske erfrjocht, en syn waarme omearming fan de Dútse ‘Erbhofgesetz’ (sjoch ‘Ter handhaving van de boereneer’), kin fia oerlevering yn de famylje weromgean op de lotgefallen fan Klaas Sybes Okkinga. Hy foldocht oer alle boegen oan it type dat de Fryske nasjonaal-sosjalisten graach seagen: in mytyske boer, in erfgenamt fan de Fryske adel, dy’t troch funeste erfwetjouwing redusearre wie ta hierder, mar dy’t sawol de feepest, de bloeitiid as de Grutte Agraryske Krisis meimakke hie - en dy’t as sosjaal en polityk aktyf boer likegoed oerein bleaun wie.
Twa jier nei de dea fan Klaas Sybes Okkinga fernimme wy yn ’e krante noch ien kear wat oer him. Op moandeitemiddei 21 april 1902 waarden yn de Bogt fan Guné yn Frjentsjer syn hynders ferkocht op in ‘Boelgoed van paarden’. It gie om “uitmuntende en gezond verklaarde PAARDEN van de boerderij ‘Okkinga-State’ te Wijnaldum, als: zwarte merrie, 9 j.; idem, 6 j.; zwarte witvoet ruin, 7 j.; 2 bruine bovenruinen, 10 j., alle mak en bereden; witvoet bruine merrie, 6 j.; bruine bovenl. merrie, 3 j.; zwarte bovenl. ruin, 3 j.; bovenl. goudvos merrie, 2 j.; bruine merrie, 15 j.”
*
Boarnen:
Argyf Leeuwarder Courant
Argyf Tresoar; befolkingsregister
Kees de Boer, ‘Okkingastate, de oudste Friese Twickel erfenis,’ yn: Twickelblad jrg. 21, Winter 2012
Sybe Sybesma, ‘Oldehûs State te Wijnaldum’, hânskrift 1940

vrijdag 13 december 2013
woensdag 11 december 2013
Rely Jorritsmapriis nei gemeente Ljouwert?
Jellum-Bears, it doarp fan Rely Jorritsma en Tiny Mulder, leit no noch yn de gemeente Littenseradiel. Dy beide doarpen komme aansen by de gemeente Ljouwert – soe dan de Rely Jorritsmapriis ek meiferhúzje nei Ljouwert? Dat leit fansels al foar de hân.
It sfearfolle Mariatsjerkje fan Bears - ek it Besikerssintrum foar Unia State en de Poarte - is ienkear yn ’t jier in oar soart godshûs. In skriuwers- en dichtershûs, dêr't elk jier de Rely Jorritsmaprizen foar Fryske literatuer útrikt wurde. In literêre tradysje fan grutte wearde.
Hoewol sels gjin bjusterbaarlik dichter, hat Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma (Jellum, 1905 – Ressen, 1952) dochs syn betsjutting hân, en noch altyd, foar de Fryske literatuer. By testamint liet er in jildbedrach nei dat ûnder tafersjoch fan de gemeente Baarderadiel bestege wurde moast oan literêre prizen foar sawol proaza as poëzij.
Nei weryndielingen kaam Jellum-Bears te hearren by Littenseardiel en de ferantwurdlikheid foar de útfiering fan de priis waard dus ek (1984) oerhevele nei Littenseradiel. Letter waard út it Rely-fûns ek noch in Rely Juniorpriis bekostige, foar gedichten en ferhalen fan jeugd fan 12 oant 18 jier.
Op it stedhûs fan Ljouwert kinne se har der mar alfêst op tariede. Earst Kulturele Haadstêd, en aansen ek noch Rely-gemeente, wat wolle je noch mear?
.
maandag 9 december 2013
'Ter handhaving van de boereneer'
Lânbou en mienskip neffens Sybe Douwes de Jong, 1934-1943
Yn 1940 publisearre Reinder Brolsma syn ferhaal ‘Mame en de grutte boer’. Sybe Douwes de Jong (Stiens, 1897 – Ljouwert, 1951), toanielskriuwer, literêr kritikus, sjoernalist en letter, yn ’e oarloch, haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en dy syn opfolger de Friesche Courant, besprekt it op 19 april 1941. Yn syn stik jout De Jong in opfallend wiidweidige beskriuwing fan ien fan de personaazjes yn it ferhaal, de ‘grutte boer’ Freark:
“Set ‘grutte’ benammen tusken komma’s, setter. Want earlik sein, dizze man is allinne mar grut fan komôf. Hy hie in pake, dy’t goed troude en tige by de wâl opklaude, in heit, dy’t it breed hingje liet, wat yn ’e ûngaadlike tiden net lije koe mar dochs jimmer sa’n bytsje boer bleau en jimmer hear. En doe bleau Freark mei in swier ferhypotheke pleats sitten, dêr’t de helt fan it lân by wei miste, de skuorre lekte, de sleatten ticht sieten en it lân fol stikels stie. Sa wie it mei syn grûn. En syn wêzen wie der net folle better oan ta. In man, dy’t better tiden kend hie, fan ’e tsjinstuiten yn it libben net ta ynkear kaam mar himsels opfriet. In pleach foar syn boaden, in ergernisse foar syn wiif, mar poermâl mei syn lytse jonge. Yn it wurk in bolderbast, yn ’e herberge en by it tugen in pommerant. Dat is Freark.”
Yn de figuer fan Freark mei faaks ek in byld fan it Fryslân fan Brolsma en De Jong har dagen lêzen wurde, de krisisjierren fol earmoed en wurkleazens fan foar de Twadde Wrâldoarloch. Fryslân as de “swier ferhypotheke pleats” fan de tritiger jierren, dêr’t de skuorre fan lekte. Mei dat Fryslân wie Sybe Douwes de Jong foar syn gefoel sitten bleaun. It liket as werkent boekbesprekker De Jong himsels yn Freark. Lykas Freark hie De Jong in pake dy’t goed troude. Dat wie de eardere arbeider Sybe T. de Jong (1830-1871), dy’t yn 1853 boaske mei syn boerinne, Saekje Heslinga, widdofrou fan Piter R. Wytema. Alsa waard er yn ien klap grutboer op Aldehûs oan de Haule yn Winaam. In gruttere sosjale stiging wie foar in arbeider yn dy omkriten hast net weilein.
De iennichste soan fan Sybe en syn twadde frou Aukje Brouwer, Douwe Sybe de Jong (1869-1929), troude yn 1894 mei Reinskje Okkinga, in dochter fan Klaas Sybes Okkinga, grutboer op Okkinga-state oan de Foarryp yn Winaam. Aldehûs (dêr't nei de dea fan Sybe pas yn 1882 wer in oare boer op kaam, doe't Aukje op 'e nij troude) en Okkinga-state hearden by de grutste pleatsen yn súdlik Barradiel; it sil yn de boerewrâld fan doe in yn it each rinnende brulloft west hawwe. Mar Douwe Sybe soe gjin boer wurde: hy waard direkteur fan it bûterfabryk yn Aldsyl, letter yn Marrum en noch letter yn Stiens. Oft fabryksdirekteur Douwe Sybe “it breed hingje liet”, lykas de heit fan Freark dat die, dat wit ik net, mar hy sil grif as “hear” besjoen west hawwe.
*
Sybe Douwes de Jong kaam yn 1927 yn tsjinst fan de Leeuwarder Courant as ferslachjouwer. Hy wie ien fan de earste sjoernalisten yn Fryslân dy’t der gauris op út teach foar in reportaazje, dêrby sa út en troch beselskippe fan freelance sjoernalist en fotograaf Jehannes Doedes de Jong út Oentsjerk (gjin famylje). Hy ferwachte op syn minst fan 1935 ôf it heil fan Dútslan by it wer ‘sûn’ meitsjen fan de Fryske lânbou en, yn it ferlingde dêrfan, de Fryske mienskip – dat wie in twa-ienheid foar him. Lykas dy oare lettere Frysk-nasjonale kollaborateur, Douwe Hermans Kiestra, wie De Jong yn ’t earstoan sosjalist mar rekke er yn it begjin fan de tritiger jierren teloarsteld yn de SDAP om’t dy partij te min dwaan soe om de sitewaasje yn de lânbou te ferbetterjen.
Dy’t De Jong syn stikken oer de lânbou yn de Leeuwarder Courant en letter yn de Friesche Courant neirint, falt op dat de skriuwer Fryslân en de Fryske skiednis inkeld mar besjen kin mei de eagen fan in boer. Alles wurdt yn ferbân brocht mei de posysje fan de Fryske boer: de stimulearring fan doarpsmienskippen, de maatskiplike posysje fan de boerearbeider, it yn eare hâlden en fierder ûntwikkeljen fan de Fryske taal en de folkskultuer, en last but not least úteinlik ek de winsklikheid, foar Fryslân, om te behearren ta “de Europeeske romte” – dêr’t er in ekonomysk protektoraat foar boeren mei oantsjut – dy’t Dútslân fan 1939 ôf foarmje sil troch syn oerwinningen yn de oarloch.
Plattelânsekonomy en kultuer geane foar De Jong hân yn hân. Foar in protte fan syn frysksinnige generaasjegenoaten is dat ek sa. In bettere posysje foar boeren betsjut foar him tagelyk ek in opgong fan de Frysktalige kultuer. Boeren praten it moaiste Frysk en hiene yn it ferline – yn alle gefallen yn de jierren fan foarspoed foar de Grutte Agraryske Krisis – tiid, talint en jild oer hân om kulturele uteringen te produsearjen. Om de boer mei syn ekonomyske funksje en kultureel effekt hinne foarme him sadwaande ‘de mienskip’ en de ‘doarpsmienskip’ – sosjale ferbannen dy’t yn it ynterbellum ûnder druk fan ekonomy en de opkommende massa-demokrasy neffens him oan it ôfbroazeljen wiene. De Jong wie yn syn tinken wat dat oanbelanget ek beynfloede, lykas safolle yntellektuelen yn dy tiid, troch Oswald Spenglers Der Untergang des Abendlandes (1918/1923).
By alle heechnedige modernisearring, revitaliserring en ambysje dy’t de Jongfryske Beweging brocht hie, dêr’t De Jong sels ta beheard hie, hie it in grutte flater west fan dyselde beweging om de bân mei de folkskultuer tefolle los te litten en him ûnder lieding fan Douwe Kalma inkeld te rjochtsjen op hege keunst en ynternasjonale foarbylden. “De Fryske skriuwers moatte it Fryske folk wer fine,” skriuwt De Jong yn 1934, “net it folk fan en rûnom de tsjernjende boerinnen, mar it hjoeddeiske folk sa’t it libbet en him deljout ûnder en ferlern driget te gean yn de weagen wrâldkultuer, dy’t it lytse lapke grûn, dat ieuwen lang hast bûten de wrâld lein hat, oerspiele. Hja moatte dit folk wer betrouwen yn himsels jaan, in sfear skeppe, dêr’t it like frij yn sykhelje kin as it leard hat te sykheljen yn safolle oare kultuerstreamen, dy’t yn earder ieuwen op ús tastrûzen kamen en drigen ús mei te nimmen.”
*
Fansels wie De Jong in bern fan syn tiid. As jonkje hie er de treasteleaze ferhalen oer ‘de minne tiid’ yn de lânbou, sa likernôch fan 1878 oant 1890, wol heard. Yn syn besprek fan Brolsma’s roman Saete Humalda (LC, 9 oktober 1934) hellet er sa’n oantinken op: “Hoe lústeren wy as bern as der in prater wie en wy yn ’e hoeke fan ’e keamer kwânskwiis mei ús boartersguod ompielden nei dy ferhalen dêr’t wy fierwei it grutste part net fan begriepen mar dêr’t dan dochs fan hingjen bleau dat grutboer A. nei syn boelguod noch in briefke fan sechstich oer hie en yn ’e herberge in brochje bestelde, it briefke hjir tusken lei, it mei opiet en doe sei: ‘Nou haw ik neat mear’.”
Fan idealisearring fan de goede âlde tiid moat er dan ek neat hawwe, sa docht bliken as er de pinsjonearre skoalmaster fan Menaam, Yme Wiedema, yn de krante ûnderhâldt oer dy syn oanfal op de Jongfryske Beweging yn it boek It eigene. Fryslân en de wrâld, sjoen yn it ljocht fen ús tiid. Wiedema jout neffens De Jong “gjin inkeld perspektyf op de takomst” en leaut noch “oan de heilsteat fan it ferline, dy’t in gearmjuksel is fan it smûke libben op de buorkerij yn ‘e njoggentjinde ieu, fan de tsjernjende boerinne, de beppe mei de holdoek, it suver Frysk petearjende boerefolk en folle net genôch”.
De Jongfryske Beweging hie wol besocht om “it lytse bytsje, dat ús pake en beppe oan âld moais oerlieten” te hoedzjen en te noedzjen en it “as in kostbere skat yn ús moaie keamers te pronk” te setten, mar de Beweging hie út noch yn net yn dat ferline hingjen bleauwe wollen. De kulturele foaroanmannen út it eardere tiidfek fan Waling Dykstra woe De Jong net leechlizze, mar hy wie fan betinken dat se te min foarút sjoen hiene. “Mar hja seagen tefolle nei it Frysk fan it ferline en te min nei it Frysk fan ’e takomst. Mei har tinzen libben hja noch tefolle by it Fryslân fan ’e tsjernjende boerinnen, by de Fryske taal en skriften fan de Halbertsma-skoalle.”
Alsa komt De Jong mei syn tinken oer Fryslân yn in spagaat telâne. Oan de iene kant presintearret er him yn syn krantestikken fan de jierren tritich as in progressive krêft, dy’t de Fryske kultuer en de boerekultuer nei nije tiden bringe wol. Hy is net út op in boere-restauraasje, mar op in boere-renêssânse, soe men sizze kinne. Mar tagelyk wurdt dúdlik dat er, om it feroarjende Fryslân fan it ynterbellum mei te beskriuwen, gjin oar alfabet ta syn foldwaan hat as it 19de-ieuske boere-alfabet. It liket as hawwe de opkomst fan de yndustry, de groei fan de stêden, de útwreiding fan it stimrjocht, de tanommen mobiliteit, en gean sa mar fierder, as hat koartsein de moderniteit yn ’e basis gjin ynfloed op syn maatskippijfisy.
It is by De Jong ommers noch altyd boeren foar en boeren nei. Foar him bliuwt de boer de rêchbonke fan de Fryske kultuer en de Fryske mienskip, ek no’t dyselde boer yn werklikheid nochal wat ynleverje moatten hat oan relative betsjutting. Der skimeret boppedat noch wat fan it âlde stânsbesef troch De Jong syn skriuwen hinne. As Brolsma yn Saete Humalda fan de boer Arjen Anema in linkse boer makket, kin De Jong dêr net goed oer. “Wy hawwe der as criticus neat op tsjin dat Arjen SDAP’er wurdt – al woene jo him Mormoon wurde litte, dat is jo saak, uzes net,” skriuwt er yn syn besprek. “Mar dat in boer fan ’t echte boerelaach SDAP’er wurdt, dat giet net sa maklik yn syn wurk as jo it hjir beskriuwe. Immen mei in sielkundich oanfielen as dat fan jo hie soks better foarberiede moatten.”
Moai dat de skiednis bytiden fiten úthellet. Brolsma’s Arjen Anema is – sa’t ik yn 2008 sjen litten ha – ynspirearre op Jelle Haitze Anema (1882-1967), de ‘reade boer’ dy’t fan 1906 oant 1928 yn Winaam buorke op, nota bene, Nijehûs oan de Haule, deunby Aldehûs dêr’t De Jong syn heit berne wie. Yn syn jonge jierren hat Brolsma de pleats fan Anema ferve, doe’t er in skoft as learling-ferver tahâld by syn broer Jolke yn Winaam. De Jong moat Jelle Haitze Anema kend hawwe, dat kin net oars. Anema hat wol mei Piter Jelles Troelsta op’en paad west te meeting-sprekken, hat omdôch besocht om yn de Twadde Keamer te kommen en hat jierrenlang foar de SDAP yn de gemeenteried fan Barradiel sitten, hat ek lid west fan Provinsjale Steaten, oant er lykas De Jong yn de tritiger jierren ôfdreau rjochting nasjonaal-sosjalisme en letter ek kollaboraasje. De Anema’s, oarspronklik fan Kleaster-Lidlum, hearden yn de 19de-ieu ta de grutste en rykste boerefamyljes fan Fryslân.
*
Dan is it yn 1940 oarloch. Under druk fan de Dútse besetter wurdt Sybe Douwes de Jong, dy’t dêr spesjaal NSB-lid om wurdt, yn it foarjier fan 1942 beneamd ta haadredakteur fan de Leeuwarder Courant; in pear moanneletter sil er dat ek wêze fan de folslein lykskeakele Friesche Courant. Hy hat oan it alderlêst ta Dútslân stipe; twa dagen foar de befrijing fan Ljouwert warskôge er noch yn de krante foar de “geruchtencampagne” dy’t sei dat de frijheid deroan kaam. Hy rette de lêzer oan om fandatoangeande “zijn nuchterheid te bewaren”.
Us giet it hjir net sasear om it formulearjen fan in oardeel as wol om it finen fan in achtergrûn. Benammen yn 1940 en 1941 lit De Jong mei in rige stikken oer boeretema’s sjen wêr’t it him mei syn kollaboraasje om te dwaan wie: om it berikken fan ferbetteringen yn de Fryske lânbou. It earste grutte stik mei dat tema dat men fan him oantreft yn de besettingstiid, giet oer de Dútse lânbou en de foarbyldfunksje dêrfan foar de Fryske. It sintrale elemint yn it stik is de Dútse ‘Erbhofgesetz’, wêrby’t in protte buorkerijen “onverdeelbaar, onvervreemdbaar, onverpandbaar” ferklearre wiene. En allinnich de man dy’t op sa’n pleats buorke, mocht him de earetitel ‘Bauer’ oanmjitte.
De erfhôfwet is, mei oanpassingen, neffens De Jong in oplossing foar de sitewaasje yn Fryslân dat in protte pleatsen útinoar falle bywannear’t de boer komt te ferstjerren, dan moatte nammentlik alle neibesteanden in part hawwe. De erfhôfwet giet dêr tsjinyn en stelt dat in pleats ferervje moat oan mar íen opfolger, dy’t de titel ‘Boer’ dan oernimt. De Jong achtet soks foar it Fryske buorkjen in folle bettere sitewaasje: mear kontinuïteit yn it buorkjen betsjut ek mear kwaliteit en ekonomyske foarútgong, en boppedat sil de maatskiplike posysje fan boeren der fan profitearje. Dêr is ferlet fan, neffens De Jong, want mei it imago fan de boer stiet it der yn Nederlân net bêst foar:
“Wij geven toe, dat in vele streken van Friesland en Groningen de benaming ‘Boer’ nog iets van een onderscheiding in zich draagt en dat de manier, waarop arbeiders hun werkgevers neringdoenden hun klanten met dit woord aanspreken, van een zeker respect getuigt. Doch als men in het algemeen beschaafd Nederlandsch zegt: ‘Die of die is een groote boer’, dan heeft het een heel andere beteekenis. En juist door de penetratie van het algemeen Nederlandsch in de Noordelijke provinciën begon ook hier het woord ‘boer’ iets van zijn glans te verliezen.”
Merk op dat De Jong hjir it glânsferlies net taskriuwt oan grutte sosjaal-ekonomyske feroaringen dy’t nei 1900 oeral yn Europa plakfûnen, mar oan it oprukken fan de Nederlânske taal. Dat yn ’e kantline. Mar hy wiist der ek op dat yn Dútslân in boer dy’t syn eigendom misbrûkt, bauerûnfähig ferklearre wurde kin en dan it fjild romje moat foar in oare kandidaat. Belangryk is dat de grûnspekulaasje mei sa’n erfhôfwet tsjingien wurdt, wylst tagelyk de eigners fan de grûn “dienaren van de volksgemeenschap [zijn] en deze laatste van hun doen en laten verantwoording schuldig.”
Mei oare wurden, De Jong pleitet derfoar om wer in boerestân te foarmjen, sa’t dy yn de 19de-ieu bestie. Allinnich, dy befoarrjochte groep komt wol ûnder kontrôle te stean, op ien of oare wize, want dêr lit er him net oer út, fan de “volksgemeenschap”. Yn in stik fan in moanne letter besiket De Jong ek de boerearbeider yn te passen yn syn nasjonaal-sosjalistyske boererevolúsje. Op dat stik fan saken komt er net fierder as de konstatearring dat de boer, as wurkjouwer en as “drager fan in belangrijk stuk volkscultuur”, de plicht hat om te stribjen nei in “goede verstandhouding tusschen boer en arbeider, welke niet alleen blijkt uit woorden, maar ook uit daden”. De boer hat dus net allinnich rjochten, hy hat ek plichten, benammen de plicht om him yn tsjinst te stellen fan de “gemeenschapsgedachte”. Foar De Jong is it boerebedriuw “een der cellen, waaruit een gezond gemeenschapsleven moet worden opgebouwd”.
*
De radikale omearming fan it Dútse korporatistyske lânboumodel komt net út ’e loft fallen. De skaadsiden fan de lânbousitewaasje yn Fryslân binne dan al op syn minst in desennium ûnderwerp fan in protte praat, ûnder boeren, arbeiders, mar ek ûnder sjoernalisten en skriuwers. Yn de stikken fan De Jong treft men ûnderskate klachten oan. De pachten binne heech, op de bedriuwen drukke swiere hypoteken, lâneigners sjogge mar al te faak net om nei harren besit, it erfrjocht fernielt pleatsen, der wurdt tefolle mei de grûn spekulearre, de jongerein wol net oan ’t wurk by de boer, en de mooglikheden foar in arbeider om op te klimmen ta de boerestân binne tige beheind.
Mar foar De Jong spilet ek de ferwachting fan in kultureel-bettere maatskippij mei. Hy wol ta nei in kultuer dy’t syn boeren earet en dat ek ta útdrukking bringt troch genôch foar syn produkten te beteljen. Sadat dy boer lean hat nei wurkjen, mar ek syn arbeiders better betelje kin. Boer en arbeider binne alsa by him de dragers fan in “volksgemeenschap als eenheid”. Yn sa’n mienskip sil “de gewone man” op it kulturele mêd faaks better wjerstân biede kinne oan “de wereld van de grooten der aarde, welke voor hem toch nooit meer dan een droombeeld [kan] zijn”, skriuwt er yn novimber 1940. De wrâld fan de opkommende massakrante en it yllustrearre tiidskrift, bygelyks, hat fan gefolgen hân dat de eigen wrâld as “iets minderwaardigs” bêskôge waard. De Fries ferlear syn eigen lân út it each.
Tragysk fynt De Jong dat ferlies fan de “innerlijke verbondenheid met volk en grond”; it is by him de oarsaak fan in protte kwea. Alde pleatsen waarden samar ôfbrutsen, folkskeunst waard ferkwânsele “en door incourante artikelen van stedelijke galanterie-winkels vervangen”, en it slimste fan alles, der ûntstie “een geestelijke gespletenheid, welke alle inheemsch stijlgevoel verloren deed gaan, een uiterlijke nivelleering, die daar een geestelijke aanpassing achterwege bleef, tegelijkertijd leidde tot een vervlakking, welke den werkelijken vooruitgang en de normale ontwikkeling der volkscultuur zoo niet geheel tegenhield – het bloed kruipt nu eenmaal waar het niet gaan kan – dan toch sterk remde.”
De iennichste remeedzje is “het nieuwe Europa”, dêr’t de boer syn rjochtlik plak yn krije sil. Dêr giet de oarloch neffens De Jong om: “deze oorlog wordt gevoerd om het voortbestaan van een Europa met den vrijen boer en den vrijen bodem”, skriuwt er yn oktober 1943. De alternativen binne it bolsjewisme mei syn kolchos of “het Amerikanisme met zijn kapitaal-hoorigen en geheel aan wereldmarktprijzen overgeleverden farmer”. En wat in foarútgong foar de Fryske boer sil it betsjutte om oan dy kar tusken twa kweaden ûntsnappe te meien. Eartiids, seit er, waard in boer altyd ôfskildere as in wêzen dat it minst kleide yn de moanne febrewaris, om’t dy mar 28 dagen hie en de oare 30 of 31. En sjoch no ris, ûnder de Dútse besetter, “nu gaat het er vaak op lijken alsof de boeren meer geneigd zijn tot optimisme dan tot pessimisme”.
Ja, de boer is wer helendal werom: “’t Is een gelukkig verschijnsel, dat er tegenwoordig weer meer belangstelling komt voor den boer en dat men hem weer kan zien, niet alleen ‘als een mensch, die er koeien op na houdt’, zoals de Friesche schrijver E.B. Folkertsma het onlangs uitdrukte, mar dat men ook weer oog krijgt voor zijn plaats in de volksgemeenschap, in het volksgeheel, voor zijn sociale functie, voor zijn cultuur.” (LC, 18 septimber 1941)
*
Unnoadich te sizzen, dat fan in algehele lânbouherfoarming yn de sin dy’t De Jong foar eagen stie, en dêr’t er frij systematysk yn ’e krante foar pleite, neat op ’e hispel kaam is yn de oarlochsjierren. Fan syn “boerenland in boerenhand” útstellen fernaam men allinnich wat op papier, itselde papier nammentlik dêr’t syn stikjes op ôfprinte waarden. De iennichste maatregel fan de besetters dy’t ek op de aginda fan de Fryske lânbouherfoarmers stie, wie it befriezen fan de lânpachtprizen op it nivo fan 1939. Foar it oare hie de Dútse besetter allinnich belangstelling foar de Fryske lânbou foarsafier’t de sektor ynset wurde koe yn tsjinst fan de Dútse oarlochsynspanning.
De Dútsers brûkten it foarútsjoch op lânbouherfoarmingen as propagandamiddel, wylst De Jong der realiteit fan meitsje woe. Hy hat grif yn alle gefallen oant it neijier fan 1941 miend dat soks mooglik wie. Yn ien stik yn ’e krante, op 22 augustus 1941, skimeret der wat troch fan twifel oan de kâns fan slagjen fan syn ûndernimmen: “Een volgende close-up zal hopelijk demonstreeren, dat men met de tegenwoordige agrarische politiek geen revolutiebouw als een complex van oorlogs-economische maatregelen op het oog heeft, maar dat men wel degelijk de fundamenten wil leggen voor een agrarische politiek, die nog haar volle waarde zal hebben als de generatie, die thans op de slagvelden staat, reeds zal zijn uitgestorven.”
It wurdsje “hopelijk” soe der op tsjutte kinne dat De Jong him yn de neisimmer fan 1941 realisearre dat der neat telâne komme soe fan syn dreamde boere-renêssânse yn Fryslân, dy’t dochs ek in wat nuvere, sa op it each anagronistyske kombinaasje wie fan in gildesysteem, in lienstelsel en in korporaasjestruktuer. Foar in part rêsten syn ideeën hjiroer op de nasjonaal-sosjalistyske boere-ideology, mar foar in part kamen se ek fuort út syn eigen ferline as Jongfrysk beweger en as emigrant út de troch him sa bewûndere Noard-Fryske grutboerkultuer. De Fryske doarpsmienskip fan it twadde part fan de 19de-ieu en de sintrale posysje fan de boer dêryn, sawol ekonomysk as kultureel, hat er kombinearje wollen mei de oerwaaide Dútse ideeën.
Dy’t syn stikken fan nei 1941 neirint, dy't fan 12 septimber 1942 ôf ferskynden yn de Friesche Courant, treft net faak mear in grutte publikaasje oer syn herfoarmingsideeën oan, it binne tenei meast frasen en treasteleaze propagandastikjes yn de trant fan sjoch ris wat der net dien wurdt “ter handhaving van de boereneer”. It is altyd in riedsel wêrom’t minsken har flaters net ynsjogge en net op in stuit fan koerts feroarje; faaks spylje freonerûnten en netwurken dêrby in rol. Alles wat Frysk wie en kollaborearre, die dat neffens eigen tinken en sizzen yn it belang fan de Fryske taal en kultuer en yn de hoop op súkseskes – en wat dy hoop koste, dêr wie gjin each foar.
Mar it giet nei myn smaak ek noch djipper as dat tydlike blyn-wêzen. Under alles leit in ûnbidich stik nostalgy nei de 19de-ieuske bloeiperioade fan de boerestân, in ferlangen nei de tiid fan pake, de tiid fan foar it statusferlies, soe men yn dit gefal ek sizze kinne. It Arkadië fan de plattelânselite. Dat krekt Jongfriezen letter de belangrykste kollaborateurs waarden – Douwe Kalma, Rintsje Sybesma, Douwe Kiestra, Sybe Douwes de Jong – wiist op de krêft fan dy romantyske boeremyte. Wy liezen al hoe hurd De Jong in eigentiidse oanhinger fan de myte, Yme Wiedema, teplak sette. Mar likegoed produsearre de myte syn eigen skriuwers en syn eigen literatuer, de boereroman, it boereferhaal, dêr’t Reinder Brolsma – ek meiwurker oan de lykskeakele Leeuwarder Courant en de Friesche Courant – de master fan is. De romantisearring fan it Fryske boerelibben begjint mei Piter Jelles Troelstra, in moai ûnderwerp foar fierdere stúdzje.
En de myte produsearre ek syn eigen sjoernalisten, noch yn de jierren tritich en fjirtich fan de tweintichste ieu. Sybe Douwes de Jong is hurd oanpakt nei de oarloch. As Dútsfreonlik haadredakteur fan wat yn feite Dútse propagandakranten wiene, hat er syn talinten en reputaasje ynset foar in ideology dy’t foaral útblonk yn misdiedichheid. Hy ferlear syn publikaasjerjochten foar in perioade fan tweintich jier, hat yn it strafkamp sitten by de Ljouwerter fleanbasis en hat ûnder eigen namme noait wer wat fan him hearre litten.
Likegoed hat syn mislearre boererevolúsje syn belang hâlden, op it foarste plak as problematyske Fryske skiednis, mar beslist net minder as skeakel tusken werklikheid en literatuer. Sûnder him wie De Wuttelhaven del fan syn soan Steven H.P. de Jong net skreaun (Gysbert Japicxpriis 1992), en by Trinus Riemersma komme wy him tsjin yn De reade bwarre (Gysbert Japicxpriis 1995).
Sa’t ik hjir op in oare wize sjen litten ha, is dizze dochs wat tragyske De Jong sawol mei troch syn biografy as troch syn like stiifkoppige as bline frysksinnichheid yn de oarlochsjierren in willich slachtoffer wurden fan de sprekwurdlike Grutte Fryske Pake: de Arkadyske Oerboer, dy’t yn it ynterbellum, hoewol kroandea en begroeven, noch altyd as kollektive neitins fan it bewegers- en boerefermidden foar master opsloech.
*
PS
No’t ‘mienskip’ op ’e nij in wurd is dat opdûkt, anno 2013, as it sintrale begryp yn it bidbook fan Lwd2018, wurdt it tiid om jin lûdop ôf te freegjen wat it al en net betsjut.
PS 2
Belangrike aspekten fan it lânboubelied binne nei 1945 regulearre troch in gearmjoks fan frije merk en oerheidsyngripen, in kombinaasje dy’t yn in oare foarm en in oare tiid ek Sybe Douwes de Jong foar eagen stien hie.
*
Literatuer
Marcel Broersma, Beschaafde vooruitgang. De wereld van de Leeuwarder Courant, 1752-2002 (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2002)

Sybe Douwes de Jong, ‘De Boekentafel’, LC, 18 maaie 1934
--, ‘De Boekentafel’, LC, 9 oktober 1934
--, ‘De productieverhoging van den Duitschen landbouw.
Kantteekeningen bij den Jaarbeurs 1940,’ LC, 14 september 1940
--, ‘De boerenarbeider, voorheen en thans’, LC, 24 september 1940
--, ‘Een volkseigen
geïllustreerd blad. De beide eerste nummers van ‘Hamer’’, LC, 14 november 1940
--, ‘Reinder Brolsma wer productyf, LC, 19 april
1941
--, ‘Onze
agrarische productie vóór en na den oorlog,’ LC, 22 augustus 1941
--, ‘De
arbeidsverhoudingen in den landbouw. Uit het rapport der Friesche
Maatschappij,’ LC, 27 augustus 1941
--, ‘Na den
oogst,’ LC, 12 septimber 1941
--, ‘Het Friese
Boerenhiem,’ LC, 18 septimber 1941
--, ‘De
boerenstand in dezen tijd,’ FC, 15 oktober 1943
--, 'Ter waarschuwing,' FC, 30 april 1945

Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske beweging (De Tille, Ljouwert 1977)
Woansdei yn it Friesch Dagblad: Lwd2018 is in frije geast
Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Diskear mei nijs: de posysje fan Lwd2018-direkteur Oeds Westerhof stiet ûnder druk. Myn idee: der moat in wet komme tsjin politisy dy't de KH nei har hân sette wolle.
"Mear as ien boarne seit dat dêrby de posysje fan Lwd2018-direkteur Oeds Westerhof – dy’t noch gjin jier yn funksje is – wolris faai komme kin te stean. De achtergrûn dêrfan moat socht wurde yn it spanningsfjild tusken twa ferskillende takomstperspektiven dy’t der binne foar Lwd2018. Yn it earste perspektyf wurdt it priiswinnende bidbook realisearre yn in troch keunst en kreative ideeën oanstjoerd proses; yn it twadde wurdt it bidbook domwei ûndergeskikt makke oan de polityk, mear yn it bysûnder oan de kontrolearjende ynfloed fan de boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone."

zaterdag 7 december 2013
vrijdag 6 december 2013
Brêge nei de wrâldliteratuer
Oer it belang fan Tsjêbbe Hettinga foar de Fryske dichtkeunst
Yn 1970, in pear moanne foar syn dea, hat Douwe Hermans Kiestra, oan de keukenstafel fan syn lêste wente yn Raerd, santich minuten lang antwurden ynsprutsen op in bandrekorder nei oanlieding fan fragen fan de Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk. Fragen oer syn libben en wurk. Sokke opnames binne der ek fan oare dichters en skriuwers. In prachtinisjatyf, tusken twa heakken, dat tsjintwurdich eins wér in kear wêze moat.
Op in stuit moat Kiestra sizze wat er fynt fan fjouwer kopstikken út de Fryske beweging, te witten Douwe Kalma, Rintsje Sybesma, Eeltsje Folkertsma en Fedde Schurer. “Der wurdt frege, wa fan dizzen, fan dy fjouwer, hat foar jo it measte betsjut?” seit Kiestra dan, mei syn karakteristike wize fan praten. “Jo moatte der by in ferhoar, sil ik it no mar neame, lykas as dit altyd tige foar oppasse dat men no distânsje nommen hat op de dingen en dat jin dat faken parten spylje kin om’t je no kritysker ynsteld binne, mar ik moat neffens de wierheid sizze dat Douwe Kalma foar my it measte betsjutten hat.”
De Jongfries Douwe Kalma hie foar him it dúdlikst “de weitsrop hearre litten”: de weitsrop fan de Frysk-nasjonale saak.
Achte oanwêzigen, ik meitsje my sterk dat yn ús eigen tiid ûnderskate dichters, en ek in protte leafhawwers fan Fryske poëzij, itselde sizze kinne soene oer Tsjêbbe Hettinga fan Burchwert. Dat hat ommers de man west dy’t, yn in heel oare tiid as Kalma, en boppedat op in oare wize en folle nofliker as niisneamde, it Fryske kultuerpublyk wekker skodde hat. Net wekker skodde mei in nasjonaal-polityk-kulturele missy, lykas Kalma dat dien hie, mar inkeld mei de kwaliteit fan syn gedichten en syn foardracht.
Syn weireitsjen yn maart dit jier lit in wetterskieding sjen. Om it sljocht en rjocht te sizzen: jo hawwe de Fryske poëzij fóar Tsjêbbe, en de Fryske poëzij néi Tsjêbbe. De earste is - net neffens nivo, foarm of ynhâld, mar yn de ûntwittende eagen fan net-Frysktaligen, fan bûtensteanders - fierhinne noch de “gewestelijke kamermuziek” dêr’t Anne Wadman it oer hân hie yn syn blomlêzing Frieslands dichters út 1949. Oft wy dat no aardich fine of net, sa leit it fjild der hinne yn de Hollânske resepsje, of eins non-resepsje, fan Fryske poëzij. Mar de poëzij fan Tsjêbbe Hettinga is, om yn dat muzikale fokabulêr dizze noat noch efkes langer oan te hâlden, wat oars. It is wrâldmuzyk. En de Fryske poëzij nei him wit no dat soks dus ek yn ús eigen prachtige sprake mooglik is.
No wit ik wol dat ik it dêrmei miskien foar in part te bot oanset. Mar wy binne hjir hoed om stil te stean by de grutte betsjutting fan it wurk fan Tsjêbbe Hettinga foar de Fryske dichtkeunst. Dy betsjutting leit neffens my op it foarste plak yn de ‘trochbrek’ nei in net-Frysktalich publyk en sels nei in net-Hollânsktalich publyk dy’t er bewurkmastere hat. Dat hat er dien mei syn opfallende optreden op de Buchmesse yn 1993, en fansels mei syn lettere dichtbondels, begjinnend mei Under seefûgels/De kust út 1992. Dat syn wurk ek bûten Fryslân grutte yndruk makke hat, wurdt ûnder mear oantoand troch it feit dat ien fan dyjingen dy’t it meast en it bêst oer Hettinga syn poëzij skreaun hat, de poëzijkritikus is fan De Groene Amsterdammer, Piet Gerbrandy. Dat seit wol wat.
Tsjêbbe hat wat dien mei it selsbyld fan de Fryske poëzij. Tsjêbbe hat, wat de tagong ta it Nederlânsktalige publyk oanbelanget, sadwaande mei de wei frijmakke foar oare Fryske dichters, dy’t ek bûten de Fryske grinzen wurdearring krigen hawwe. En ek tink ik dat guon Fryske dichters-yn-de-dop de weitsrop fan Hettinga syn wurk heard en beäntwurde hawwe. Yn alle gefallen kin ik my tebinnenbringe dat de earste edysje fan de Spiegel van de Friese poëzie foar my belangryk wie yn it ûntdekken fan de Fryske dichtkeunst. Belangryk ek yn it fêstigjen fan it idee, dat doe foar it earst yn my del woe, dat dy dichtkeunst de muoite mear as wurdich wie. It wiene benammen de noait einigjende, meanderjende mar o sa ritmyske rigels fan Hettinga syn gedicht ‘It Wikeler Hop’ dy’t my oer de streek hellen:
En wer op ’e flecht foar de lekkende kraan
Fan it fertriet, mei in toarst yn ’e hals
Fan eat dat nea te ferslaan wêze sil, mar
Ek mei in ferljochting dy’t gearballet
Yn it krús dat ik draach fan
Sompe nei sompe, fan hynstestâl nei
Havenstêden fol ynklauwerich kriten,
Stryk ik op de brede berm del by it
Wikeler Hop (..)
Hjir moat fansels ek neamd wurde dat Tsjêbbe in tal jierren yn de redaksje fan it tydskrift Hjir in sit hân hat, en dat er letter foar Tresoar dichtkursussen jûn hat, en sadwaande hat er grif mannich begjinnend Frysk dichter foar- en byljochtsje kind by dy syn paadsykjen yn de poëzij. Ek hat er wol bûten Tresoar om kursusgroepen oan hûs hân. En ek moat ik hjir fermelde dat Hettinga yn ’t lêstoan in oanjeier west hat yn de oanrin nei it bidbook fan Lwd2018. Hy hat it belang foar Fryslân fan it kulturele haadstêdproses dalik sjoen. Fan ’t begjin ôf hat er him op syn eigen wize dêrfoar ynset, en hat er in ynspirator en freon wêze kind foar guon KH-ferkenners.
Dy ynspirator koe er wurde, wol ik leauwe, mei om’t er syn eigen keunst, mei de beskiedenheid dy’t him eigen wie, net yn twifel luts. Hy wist dat er syn eigen stim op it spoar kommen wie, en hy wist dat dy stim klonk en klinke mocht neist dy fan rûnom kanonisearre wrâlddichters dy’t er heech hie en dêr’t syn wurk wol mei yn ferbân brocht wurdt. Dat de poëzij fan in Frysk dichter neist dy fan sokken meunsterje koe, dat allinnich al hat op ús dichtkeunst en ek yn in breder fermidden in emansipearjende en oantrunende wurking hân, as ik myn sin sis. Tsjêbbe Hettinga hat, in lytse njoggentich jier nei de idealistyske weitsrop “Fryslân! De wrâld!” fan Douwe Kalma, wérklik de brêge slein fan de Fryske nei de wrâldliteratuer.
En wat sil no it antwurd fan de Fryske kultuer wêze, no’t it oeuvre ôfsletten foar ús leit? It wurk hat it oan wurdearring en de dichter oan offisjele earbewizen net ûntbrutsen. Yn 2001 krige Tsjêbbe de Gysbert Japicxpriis takend foar de bondel Fan oer see en fierder. En hjoed wurdt him, postúm, de Fryske Anjer útrikt. Mar dêr meie en kinne wy it fansels net by litte, want yn de resepsje fan syn wurk sitte noch wol grutte gatten.
Jawis, der leit in moai sjueryrapport fan de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis. Piter Yedema hat wat skreaun. Piet Gerbrandy hat wat skreaun. Iksels ha wat skreaun. En der binne krantestikken by de rûs. Mar in gearhingjende ynspanning om syn wurk yn kaart te bringen is der (noch) net. It foarname plak yn it wurk fan synesthesy, it gearranen fan de sintugen, is wol de finger op lein, krektlyk as der omtinken wie foar it belang fan it ljocht-tema en de ferhalen út de Grykse mytology. Likegoed is bygelyks de relaasje tusken poëzij en biografy noch noait yngeand besprutsen. Ek fertsjinnet it plak fan religy yn de gedichten foar myn gefoel folle mear omtinken as dêr oan no ta foar west hat.
Foar wat de ynternasjonale kontekst oanbelanget, wy hoege ús net te beheinen ta de wol faker konstatearre stylistyske besibbens mei dichters as Dylan Thomas en Derek Walcott. Faaks binne ek guon tematyske oerienkomsten mei it wurk fan oaren nijsgjirrich. My falt de namme yn fan Lucian Blaga (1895-1961), in Roemeensk, yn Amearika en West-Europa noch fierhinne ûnbekende dichter. Blaga, berne yn Transsylvanië, wie de soan fan in otterdoks-katolyk pryster en kaam út in grutte, doarpske húshâlding. Syn earste bondel datearret út 1919 en hat de namme Gedichten fan it ljocht meikrigen. Lucian Blaga wurdt wol in dichter fan it wûnder neamd. Dan sitte wy dalik al yn in wrâld dy’t ek Tsjêbbe sines wie. Ut dy earste bondel ha ik ien fers yn it Frysk oerset:
It ljocht
It ljocht dat my
it boarst ynstreamt as ik dy sjoch,
is dat net in drip fan it ljocht
fan de earste dei,
it ljocht dat it libben drinke wol?
It neat lei op stjerren,
doe’t de Unbegryplike, allinnich omdoarmjend yn it tsjuster,
in teken joech:
Lit it ljocht wêze!
In oseaan
en in dwylsinnige stoarm fan ljocht
ûntstiene yn in tel:
in toarst nei sûnden, langstmen, hertstochten,
in toarst nei ljocht en sinne.
Mar wêr is it keard,
dat ferblynjende earste ljocht – wa dy’t it wit?
It ljocht dat my
it boarst ynstreamt as ik dy sjoch – do wûnderlike,
is miskien de lêste drip
fan it ljocht fan dy earste dei.
Oant safier it fers. De syktocht nei it ljocht is foar Blaga in metafysyske syktocht; de fraach is fansels oft it dat ek foar Tsjêbbe Hettinga wie. Mar ek op oare mêden liket my in ûndersyk nei raakflakken tusken Blaga en Hettinga nijsgjirrich. Blaga’s talittingstaspraak foar de Roemeenske Akademy yn 1937 gie oer it belang fan it doarp foar de Roemeenske kultuer; dy taspraak hie as titel In Praise of the Romanian Village. En hat Hettinga syn lêste bondel, Equinox, net ôfsletten mei in rige gedichten oer Fryske doarpen?
Ik kin op dit plak net mear dwaan as besibbens suggerearje, sûnder beweare te wollen dat der praat wurde kinne soe fan beynfloeding. Ik wit net oft Tsjêbbe de gedichten fan de Roemeen koe. Wol soe ik der op ta wolle dat der ferlet is fan sokke aventoerlike útstapkes mei syn poëzij. En dêr fierder op trochgeand, soe ik der mei klam foar pleitsje wolle dat wy, teminsten as wy ek de kommende jierren rjocht dwaan wolle oan de betsjutting fan Tsjêbbe Hettinga foar de Fryske kultuer, op koarte termyn trije inisjativen nimme.
It earste is it yn gong setten fan in bondel essees oer ûnderskate aspekten fan Tsjêbbe Hettinga syn wurk. It twadde is it yn gong setten fan it útjaan fan syn Samle wurk, faaks foarôfgien troch in trijetalige blomlêzing. En it tredde is it yn gong setten fan in biografy. Alle trije binne fan ûnwittend belang, sa komt it my foar. It soe moai wêze as der oer net al te lange tiid in wurkgroep wie dy’t yn oerlis mei de neibesteanden – mei soan Piter en dochter Wypkje, mei harren adfiseurs en mei de Provinsje – de mooglikheden en betingsten foar niisneamde ûndernimmens ris yngeand beseach.
Want, en it moat mar in kear sein wurde, is net de wize sa’t de Fryske kultuer syn weiwurden skriuwers en dichters earet fier ûnder de mjitte neffens elke standert? Ik hoech allinnich mar te wizen op Jan Wybenga, waans wurk mar leafst achttjin jier nei syn dea einlings in kear sammele waard. Of, om oer te skeakeljen nei it Frysk proaza, op Trinus Riemersma. Dy’t gelokkich net wit – dêr geane wy mar fan út – hoe jammerdearlik in inisjatyf foar in bondel skôgingen oer syn wurk fêstrûn is, fuortsakke is, yn in moeras fan burokrasy, desynteresse en ûnwil om jild te finen. Jild, sadat de skriuwers dy’t meiwurkje soene en op kop en earen yn it wurk dûke woene, teminsten in bytsje fetsoenlike fergoeding krije kinnen hiene.
Dy gigantyske flater kin, en moat, liket my, noch altyd rjochtset wurde. Mar lit ús mei de neilittenskip fan Tsjêbbe dat beskamsume paad no net foar kar nimme. Lit ús dy krúswei dy’t yn de Fryske literatuer mar al te faak rûn wurdt, no asjebleaft net op gean. Lit ús de koppen byinoar stekke en ienriedich sjen litte hoe’t it ál heart.
Achte oanwêzigen, dames en hearen, ta beslút. Ik mei my gelokkich priizgje dat ik as útjouwer én as redakteur yngeand belutsen wêze mocht by it ûntstean en de ferskining fan de meartalige dvd Het Licht van de Zee / La Luz del Mar yn 2007, by it fotoboek mei gedichten Andries Deinum. Fryslân revisited yn 2008, by de dichtbondel Equinox yn 2009 en by de twatalige Gedichtedeibondel fan 2010, Aan schor en stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby. Yn dy jierren ha ik Tsjêbbe fansels ek persoanlik kennen leard. Fandatoangeande ien ding oer ús dichter: hy hie, by al syn perfeksjonisme en fêsthâldendheid, ek noch romte foar in protte humor.
Yn maaie fan it jier 2010, yn de neisleep fan de Gedichtedeibondel, mailde er my, doe’t er my wer ris net gau genôch nei syn sin berikke koe, it folgjende ûnder de noemer “it fiskjen nei net-mobile direkteuren”:
Goeie Abe,
Hoopjend datst yn ’e tuskentiid fan in wike of trije net besprongen bist troch krupsjes, deadlike sykten, goarren, pestilinsjes, alle luchtwegen smoarende koartsen, mear as ûnmachtich meitsjende machtsoandwaningen, djip yn ’e plasse sleine alles ferbjusterjende mafklapperijen, bonkebrekkerijen, de freeslikste hûdútslaggerijen, hertfersakkerijen, mageswearderijen, longeferskimmelderijen of hokker soksoartige aberraasjes dan ek, soe ik dy by libben en wolwêzen freegje wolle om yn moed sadanich op te swollen datst my noch ûnder ’t lêzen fan dizze rudige mail eefkes bellest om datjinge koart te sluten dat ik al wiken koartslute woe en boppedat ek noch eefkes oer ôfspraken oangeande it kommende tongersdei bûten doarren haffeljen.
Dat wie Tsjêbbe ta de fuotten út. Noch gjin trije jier letter wie er der net mear – oandwaningen, krupsjes, pestilinsjes. Wêr’t er no ek wêze mei, ik hoopje dat men dêr poerbêst bûten doarren haffelje kin.
Achte oanwêzigen, graach wol ik hjirmei de winsk útsprutsen hawwe – en ik wit dat ik dat út namme fan jim allegear doch – dat wy it oantinken waarm hâlde meie, en dat wy it wurk rjocht dwaan sille. Ik tank jimme wol.
*
Taspraak holden yn it Provinsjehûs te Ljouwert by gelegenheid fan de postume útrikking fan de Fryske Anjer 2013 oan Tsjêbbe Hettinga, 6 desimber 2013.

Abonneren op:
Posts (Atom)