vrijdag 13 mei 2011

Thúskomme

It wûnder dat wy bouwe,
it soe langer bestean moatte as ús.
Himmelje wy it. Fervje wy it wyt op.
En sille wy deryn stjerre?

Us ken nimmen mear.

Allinnich de skaden op de muorren duorje.
It duveljeien fan de bewenners
rint foar altyd oer de muorren.

It paad derhinne: via Dolorosa.
Twa swarte potten foar it rút:
it libben sels en de keunst.
Tsjin in muorre in byld
út de meditaasjebosk,
achteryn in boek in
hjerstblêd út it kleastertún.

Mankelike dochter. It wite behang. Wyt.

It leauwe dat wy leauwe.
It wûnder dat wy bouwe.
In pelgrimstocht nei in hillichdom
en in pelgrimstocht werom.

Us ken nimmen mear.
                         Us net.
                         Wolkom thús.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten