Sûnt 1 maaie bin ik net langer útjouwer fan de Friese Pers Boekerij en Noordboek, mar sit ik thús mei fakânsjeferlof, yn ôfwachting fan de beëindiging fan myn kontrakt op 1 augustus.
De FPB sit al jierren yn swier waar, dat wol sizze, der wurdt in protte ferkocht mar gjin winst makke. Oant 2006, it jier dat ik troch de haadredaksje fan de LC frege waard om útjouwer te wurden, wie it fûns Je Maintiendrai ree om jierliks 50.000 euro by te dragen oan it (negative) risseltaat, sadat de slimste pine ferburgen bliuwe koe. De útjouwerij makke boppedat diel út fan de Friese Pers BV, dy’t ek de útjouwer fan de LC wie; de krante fûn doedestiids de ferliezen fan de útjouwerij net sa slim en koe dêrby wize op de kulturele taak (lês: de befoardering fan it Frysk lêzen) dy’t de FPB ek hie. Sadat de LC mei in gerêst hert “wat minder” oan it Frysk dwaan koe…
Ik ha fan oktober oantemei desimber 2006 yn tsjinst west fan de Friese Pers BV; dêrnei gie de útjouwerij oer nei Kok ten Have yn Kampen, ûnderdiel fan de útjouwerskombinaasje VBK (dat mei NDC – it krantebedriuw – it konsern NDCVBK foarmet). Yn de rin fan de jierren wie der op FPB/Noordboek mar leafst 5,5 fte set. By in jieromset fan sa likernôch 8 ton is dat in fierstente grutte besetting, sa wie de miening al dalik by VBK. Under normale omstannichheden hat in útjouwerij dy’t 8 ton omset, noait mear as 2 of 2,5 fte op de leanlist stean. Mar der waard oer dizze oerbesetting net praat troch de winstferantwurdliken en de earste trije jier (2007-2009) waard der troch it managemint fan Kok ten Have neat oan dien. Dat is ek wol nei te kommen, sjoen it feit dat ien fan de direkteuren fan Kok ten Have sels jierrenlang de scepter swaaid hie oer de Boekerij.
Myn opdracht wie dúdlik: de omset ferheegje. Dat ha ik trije jier achterinoar dien. Yn 2006 helle de útjouwerij 8,4 ton; yn de trije jier dêrnei wie der elk jier in omset fan tusken de 1 en de 1,1 miljoen euro.
Lykwols, nei de oername fan de ûnderwiis-útjouwerij Thieme Meulenhoff troch NDCVBK yn 2008 rekke it konsern yn 2009 yn grutte muoilikheden. Oeral moast snijd wurde. By FPB/Noordboek ferdwûn begjin 2010 2,6 fte (twa redakteursplakken en in útjou-assistinte). Tsjalling Venema, Suzanna van der Laan en Vera van Balen krigen yn febrewaris te hearren dat der gjin plak mear foar har wie; se mochten dalik thúsbliuwe. Fierdere ûntslaggen (fan Jelma Knol en/of Tjeerd Jan Hobma) ha ik doe foarkomme kinnen. Nei myn betinken koene wy net sûnder beide meiwurkers.
It alsa sterk redusearre tiim moast him mar rêde mei de nije sitewaasje. Dat hat ferline jier in protte problemen op de útjouwerij jûn, want sa’n tritich boekprojekten kamen yn de loft te hingjen en moasten al ymprovisearjend ta in goed ein brocht wurde. It hat fertraging en omsetferlies opsmiten: yn 2010 siet de Boekerij wer op de 8 ton fan 2006.
Kok ten Have is ferline jier ûnderdiel wurden fan VBK media yn Utert en woe fan de FPB/Noordboek ôf. Ommers, wy makken 'djoere' boeken, behellen te min rendemint en sieten isolearre yn Ljouwert. De direksje hat nei eigen sizzen fan septimber ôf serieus besocht in eksterne partner te finen (lês: in keaper), wat net slagge is. Yn desimber die bliken dat ek it krantebedriuw – NDC mediagroep – gjin belangstelling hie foar it weromnimmen fan de útjouwerij mei de besetting fan doe. By de LC slacht de ING foar master op en moatte alle aktiviteiten in rendemint helje dêr't gjin inkelde útjouwerij fan boeken oan ta komt.
VBK media woe de FPB/Noordboek doe likwidearje, mar de Ried fan Bestjoer fan NDCVBK gie dêr net yn mei. In (tydlike?) ‘oplossing’ waard fûn troch 1) de útjouwerij streekrjocht ûnder de holding te hingjen, dus noch by VBK media noch by NDC mediagroep ûnder te bringen, en 2) fan FPB/Noordboek in ‘projektorganisaasje’ te meitsjen dy’t fierder ôfslankje moast, yn kasu de útjouwer – de djoerste krêft – moast ferdwine.
Yn de advys-oanfraach oan de ûndernimmingsried stiet it sa:
“Wij willen het profiel van FPB/Nb dusdanig wijzigen dat veel meer de nadruk komt te liggen op populaire regionale uitgaven. Een deel van de brede culturele ambitie die FPB/Nb tot nu toe had verdwijnt. De uitgeeffunctie binnen FPB/Nb verandert daarmee: de uitgever kan meer als projectmanager worden gezien. We zullen FPB/Nb als zelfstandige eenheid binnen NDC|VBK positioneren en daarmee buiten VBK|media brengen. De verantwoordelijke projectmanager/uitgever zal rechtstreeks aan de Raad van Bestuur gaan rapporteren. (..) De functie van uitgever verdwijnt in de huidige vorm en wordt teruggebracht tot 0,5 fte; invulling zal in de vorm van projectmanagement gebeuren.”
Juster hat de útjouwerij berjocht dien oan de skriuwers fan FPB/Noordboek dat ik net langer útjouwer bin. De útjouwerij sil neffens it skriuwen "oanstjoerd wurde" troch NDC mediagroep.
Ik kin by FPB/Noordboek weromsjen op trije moaie jierren en ien dreech jier, it lêste. Ik bin der grutsk op dat ik der mei foar soarge ha dat de omset fan de útjouwerij trije jier achterinoar boppe de miljoen euro útkomme koe, in stiging fan mear as 30 persint yn ferliking mei 2006. Yn it lêste jier (2010) is de ferhâlding tusken de direksje fan Kok ten Have en my der spitigernôch net better op wurden. Fierder ha ik ek op it persoanlik mêd in ferrekte drege tiid achter de rêch, wat grif oan my te merkbiten west hawwe sil.
Fansels wol ik myn kollega’s en alle skriuwers, foarmjouwers en eksterne partners mei wa’t ik kontakt hie, tanksizze foar harren fertrouwen en foar de noflike gearwurking. Fan oktober 2006 ôf hat FPB/Noordboek mei syn – doe noch – brede kulturele profyl mear as 320 boeken útjûn. Ik hoopje dat de hegere goaden foar de Boekerij ek yn 2011 en 2012 en yn de jierren dêrnei in perspektyf sjen sille en ik winskje myn opfolger Andries de Haan alle súkses ta.
Abe
Geen opmerkingen:
Een reactie posten