woensdag 18 mei 2011

Akke & Anne

Fannemoarn ha ik in stik fan 2800 wurden oer de sopraan Akke Kingma (1937-2002) nei de Moanne stjoerd. It komt yn it folgjende nûmer. Oer it tragyske libben fan Akke, oer dreamen dêr't te min fan op 'e hispel kaam, oer har stim en oer mannen yn har libben. Ien dêrfan wie Anne Wadman (1919-1997):

It begjin wie by Jaap Meems thús. “Se stiene hjir bûten te frijen as wiene se wer 18,” seit Meems. Wadman hie in berucht min houlik mei de skriuwster Hylkje Goïnga, dy’t yn de ferhalebondel Frijende kikkerts yn guon persoanaazjes wat fan Akke ferwurke hat. “Hylkje wie net haatdragend tsjin Akke, want Akke wie de safolste dêr’t Anne wat mei hie,” neffens Meems. Dy’t ek noch wit te fertellen dat Hylkje roazen by har besoargje litten hat doe’t Akke yn it sikehûs opnommen wie foar ûndersyk.


Ien fan de lieten fan Akke Kingma op YouTube:

Geen opmerkingen:

Een reactie posten