zondag 1 oktober 2023

Moaie ferhaaltsjes en histoaryske mominten. En poëzij


Stean jo my ta dat ik weromkom op in bondel dy’t ik earder yn it Friesch Daglad (‘De bus werom nei Surhústerfean’, 25 july) besprutsen ha: Ien tel de ierde stil, fan Arjan Hut. Soks sil op dit plak gjin gewoante wurde, byleaven net. Mar as der, sûnder twivel ûnbewust, in staaltsje oarlochspropaganda ferkocht wurdt yn de Fryske skriftekennisse, dan is it, tocht ik, wol belangryk om dy sitewaasje wat yngeander te besjen en nei te tinken oer in manier fan dermei om te gean.

De foarskiednis. Hut set boppe in fers: ‘Go fuck yourself, Russian warship’ en skriuwt ûnder mear dizze strofe:

 

            Hâld dizze takomst beet: ivich sinneljocht

            op in middei oan in selsbetochte see. De bern

            ferdigenje har eilân yn de tiid mei plestik swurden.

            Datst se laitsjen hearst: ‘Go fuck yourself, Russian warship!’

 

Efkes earder yn itselde fers waard Baudet (mar net by namme neamd) oer de hikel helle as ‘Putin-slikker’. My gie it allegear krekt wat te maklik, dit stipefreegjen mei byleverjen fan wenstige boeman. Mei ‘de bern’ yn de hjirboppe sitearre strofe ‘bedoelde ik “Zelensky”’, seit de ein fan it fers ek noch. Hut hat it grif sels net yn ’e gaten hân, mar mei dat ‘Go fuck yourself, Russian warship’ glidet er út oer de bananeskyl fan de oarlochspropaganda.

De net hiel poëtyske slachsin boppe syn fers waard op 24 febrewaris ferline jier de wrâld yn brocht troch in Oekraïenske krante, dy’t op ynternet in radio-opname publisearre fan in kontakt tusken in groep fan saneamd 13 Oekraïenske militêren op it lytse Snake Island yn de Swarte See en in Russysk marineskip. De meidieling soe harren stoere reaksje west hawwe op it befel om harren oer te jaan. De dikke finger tsjin de Russen gie as fjouwerjend fjoer troch de westerske mediawrâld, dalik de oare dei.

Want Zelensky himsels sei it: de moedige Oekraïenske soldaten wiene omkaam by Russyske besjittingen. Hy soe se postúm ûnderskiede mei de titel Held fan Oekraïne. Yn Washington joech de Oekraïenske ambassadeur in parsekonferinsje. Alle ferdigeners fan Snake Island, se sei it har baas nei, wiene sneuvele yn in fjoergefjocht mei in Russysk marineskip, nei’t se wegere hiene en stek de wite flagge út.

Suver alle media yn West-Europa en Noard-Amearika leauden it ien op ien. Helden dy’t foar de dea kieze, út leafde foar de nasjonale saak: dit wie in Grykse trageedzje. De autentisiteit fan de radio-opname wie befêstige, sa waard mei opmerklike sjoernalistike krektens skreaun, troch it Oekraïenske ministearje fan Ynlânske Saken (CNN, 25 febrewaris) en in ‘Ukrainian official’ (The Washington Post, 25 febrewaris).

Gjin wûnder, miskien, dat ek dichter Hut it ferhaal ien op ien leaude doe’t in tal Rixt-dichters yn maart ferline jier in jûn hold tsjin Poetin. Minder moai, sjoen de publikaasje yn de bondel fan it fers dat er doe skreau, is dat er it noch hieltyd leaut. Yn myn resinsje fan Ien tel de ierde stil woe ik ûnder mear blike litte dat it gedicht op dat punt inkeld mar de publike opiny neipraat, wat beswierlik jilde kin as poëtysk te wurdearjen literêr engaazjemint. Hut heakket, neist klisjees as ivich sinneljocht, in selsbetochte see en laitsjende bern, yn boppesteande strofe gjin eigen ynfalshoeke ta oan gongbere ûnderstellingen. Sterker noch, hy befêstiget se.

Sok neipraten wurdt noch in kear sa slim as bliken docht dat de gongbere ûnderstellingen hielendal net doge. Sadat wat as poëzij bedoeld is, krimpt ta in mispleatste hertstocht dy’t syn selsútroppen moreel gelyk ûnderwrot.

Mar ek de poëzijresinsinte fan de Leeuwarder Courant, Albertina Soepboer, joech lêstlyn blyk, yn har resinsje fan Hut syn bondel (‘Bidde sûnder god’, 29 septimber), dat se it heldhaftich barren op Snake Island as in ‘histoarysk momint’ serieus nimt. De feiten lykwols wize in oare kant út. Ik tink dat it earder saak is en hâld it fenomeen en de rol fan oarlochspropaganda tsjin it ljocht. Undersykje foarstellingen yn de mediale wrâld dy’t útlânsk of eigen publyk by in oarloch belûke moatte, op oanstean en stjoerd fan stridende partijen en sympatisanten mei belangen dy’t har net goed ferhâlde mei respekt foar wierheid en betrouberheid.

Oer ûnder mear it ‘Fuck you’ ferhaal skreau nota bene de pro-Oekraïenske New York Times al op 3 maart ferline jier, dus noch gjin wike nei de happening: ‘Experts say stories like the Ghost of Kyiv and Snake Island, both of questionable veracity, are propaganda or morale boosters, or perhaps both.’ It Oekraïensk kontingint op Snake Island bestie, in foarbyld, net út 13 mar út 82 man. Net ien fan harren, oar foarbyld, is om it libben kaam. Letter binne se, lêste foarbyld, frijlitten. In oerke googelje, en wat oerbliuwt is in petearke, faaks út in geheime Kyivske studio. Wa sil ’t sizze, as leagens sa maklik rûnpompt wurde kinne, as mearkes sa gau it mombakkes fan nijs opdrukt krije?

Yn Kyiv dogge se mear oan soks as yn Moskou, en mei grut sukses. Bono hat Zelensky mei Saint Patrick ferlike. Sietske Poepjes hat in Churchill fan him makke. In ‘griene’ Dútske minister hat hiel demokratysk te witten dien dat se Oekraïne stypjen bliuwe sil, oft it Dútske folk it dêr no mei iens is of net. It hiele Kanadeeske parlemint joech okkerdeis oan twa kear ta in steande ovaasje oan in 98-jierrige Oekraïenske Waffen-SS’er.

Oarlochspropaganda, lykas elke ideology, lit minsken de nuverste dingen dwaan. It freget om show, tawijing, earbewiis, bekentenis, in publike life-style. Mar dichters, sa tink ik der oer, binne net ien tel op ierde om achter de mannichte oan, of om harsels foar it karke fan dizze of jinge te spannen. Miskien kinne se it pathos fan ’e werklikheid better ûnderfreegje ynstee fan it te ûnderstypjen – hielendal als it giet om oarloch en frede. Of om ‘histoaryske mominten’.

donderdag 28 september 2023

De delgong fan de i-Moanne



Tongersdei 28 septimber. Ik rin nei wat der op de webside fan de Moanne te rêden is. Yn de fan lofts nei rjochts rinnende banner boppe oan de side kom ik tsjin:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Sytze de Haas út Warkum de Lytse Gysbert krijt. * In resinsje fan de Fryske oersetting, út 2016, fan Bomans syn Erik of it lyts ynsekteboek. * In Nederlânske tekst fan Huub Mous oer de ferbylding fan it Fryske lânskip. * In koart stikje reklame foar de podcast fan ‘Anita en Ritsko’. * In koart stikje reklame foar de kursus Poëzij lêze mei Arjan Hut.

En yn it hert fan de side, fan boppe nei ûnder:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Jetske Bilker de Gysbert Japicxpriis takend krigen hat. * In earder al yn de papieren Moanne ferskynde oersetting, troch Arjan Hut, fan in gedicht fan Carolina Pihelgas. * In In memoriam troch Arjan Hut foar Aggie van der Meer. * In oankundiging fan in jûn fan de Pauper-dichters. * It kolofon fan De Moanne 22-04. * In parseberjocht oer de poëzijposterwedstriid organisearre troch de Dichter fan Fryslân. * In blogstikje fan Arjan Hut oer de film Barbie. * In oankundiging fan in podcastôflevering yn de rige Gabriëlle & Arjan bedoele it net ferkeard. * In parseberjocht oer in literêr festival yn Dokkum. * In stikje frustraasje fan Arjan Hut oer in brosjuere mei gedichten. * Alwer in oankundiging fan in podcastôflevering yn de rige Gabriëlle & Arjan bedoele it net ferkeard. * In parseberjocht oer in poëzijtableau op it tsjerkhôf fan Huzum….

En sa fierder, en gjin ein.

No bin ik it efkes kwyt. Is de Moanne langer net in ‘algemien-kultureel opinyblêd’, sa't er himsels affisjearret? En ‘in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten’? Lit de Moanne langer net ‘sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media’? 

Ja, wol de Moanne eins wol dwaan wat er belooft: ‘net stjoerd troch de fraach fan in bepaalde groep fan minsken’ ‘yn alle ûnôfhinklikens it brede kulturele libben yn Fryslân registrearje, befreegje, analysearje en fan kommentaar foarsjen’?

De Moanne op ynternet is it ekwivalint fan in VVV-folder: dit is wat foar jo, seit de site, dit meie jo net misse, dêr moatte jo hinne. Miskien is it blêd op papier wol in écht blêd, dat wit ik net, want ik ha gjin abonnemint. Mar wy libje yn in tiid fan digital first, sa’t oeral trochkrongen is mar blykber net op de Bûterhoeke. Yn dy hoeke rint de webside fan de Moanne net foarop, mar wurdt de site, nettsjinsteande alle koartklinkende kattebeltsjes oer hippe blogs ensafierderhinne, beskôge en behannele as it ôffierputsje fan it papieren tydskrift.

Wêr binne de ‘spraakmakende’ fraachpetearen mei keunstners? Wêr de skôgingen oer aktuele literatuer? Wer de dichters mei har nijste kreäasjes? Wêr is de krityk, it kultuerpolitike debat? Wêr binne de ferrassende fiersichten, de ferbjusterjende details? Wêr is it ûnderhâld fan it literêre ferline?

En dan ha ik it noch net iens oer de ûneinige stream subsydzjesinten dy’t dizze VVV-folder oereinhâldt. Tiid foar besinning troch de 7-koppige redaksje? Of tiid foar in oare redaksje?



.


 

maandag 5 juni 2023

By de presintaasje fan De Winskhoed fan Fortunatus, Spannum, 2 juny

 


Achte oanwêzigen, bêste minsken, goeie freonen, leave famylje,


Ik kaam ris yn de neibyheid fan in âld boufallich dykshûs, dat bûtendoar genôch sjen liet dat it net de went wie fan earlike krigele earmoed, mar fan in smoarge skoaiershúshâlding; de fodden en bellen op ’e line, sa giel as in term, en de fúlnisheap foar de doar, dêr’t by alles wat onhuerich wie, kofjetsjok en jiske, âlde skuon, swartbaarnde potdiggels, healferrotte stoelsmatten, lappen en flarden fan allerhande kleuren op gearbruid wienen, bewiisden my dat; want my tocht, in byinoarhâldend aard hie in hele bulte fan dat rêding, dat dêr nou ta ’n walch fan de foarbygonger lei, noch wol ta brânje brûkt. Dêrta wienen ynpleats de beammen fernield, dy’t om ’t hûs hinne stiene.

In bidlerswiif sjagle foar my út, mei in foege jonge by har, dy’t onferskillich en sleau, mei syn stokje hjir en dêr de koppen fan de blommen en gersraaien ôfsloech.

,,Albert!” sei syn mem tsjin him, wylst hja him op trije boerehuzen wiisde, dy’t in eintsje ’t lân yn stiene; (it foetpaad fan de dyk ôf derhinne wie njonken har). - ,,Albert! skoai do nou dy boeren gau noch ris ôf, dan sil ik wilens de kofje klear meitsje.”

,,’k Ferdom it”, sei er koel wei, wylst er de klute nei-eage dy’t er op in keppeltsje protters yn de beam ôfstjoerd hie.

,,Ferflokte gau!” (Wilens waard er mei in stive earm en in strakke troanje nei de hikke wiisd dêr’t er om moast). ,,En oars wat op dyn bealch!”

,,Ei, ik ferdom it! Ik krij dochs gjin duvel; jo hawwe dêr ommers al west.”

,,Wat dondert dat? Derhinne! Sis mar dat dyn âlden beide dea binne.”

,,Dan sizze se: ‘Dan moatte se dy ûnderhâlde dêrst wei bist’.”

,,Nou sûch! Do bist ommers net op ’e bek fallen! Sis dan dat de fâden fan twa doarpen derom pleitsje wa’t dy ûnderhâlde moat, en dat gjinien fan beiden dy nou oannimme wol.”

,,Ik ferdom it! Nou witte je ’t!”

,,Dat sil ik de duvel ris wiis meitsje!” Dêrop naam se him by de flarden, skuorde him ’t stokje út de hân, dat it fel oan de rodzige bast sitten bleau, joech him in pear fegen dat er yninoar kromp, en skopte him doe fan de dyk ôf nei de hikke, wylst ’t hja him it stokje efternei smiet. Doe gyng de jonge, snotterjende en skellende op syn mem, op dy trije boeren los, en ’t wiif gyng yn ’t bidlerskertier; want dat waard hâlden yn ’t boppe beskreaune dykshûs.


Sa, dames en hearen, mei sok ryk en libben proaza begjint Waling Dykstra yn 1852 syn ferhaal ‘Yn ’t bidlerskertier’. In ferhaal dêr’t er net sa’n moai byld yn jout fan de allerûnderste klasse fan de maatskippij fan dy dagen, de swalkers, de wenteleazen, dy’t dei en nacht op ’en paad binne om in stik brea yn ’e mage te krijen.

Yn ús eagen hat er net folle konsideraasje mei de swalkers. Mar dan moatte wy ek efkes nei de tiid sjen dêr’t it ferhaal yn skreaun is, in tiid wêryn’t mannich Fryske skriuwer it ta syn opdracht rekkene om it folk te beskaavjen. Om it op te fieden ta folweardich boargerskip. Om mei te helpen de minsken te emansipearjen, soenen wy no miskien sizze.

Ek al gie dat beskaavjen net altyd hiel sêftsinnich, de sympaty fan Waling Dykstra as maatskippijkritysk skriuwer lei wol deechlik by de mindere man. Mar dan wol by de mindere man dy’t war die om himsels te ferbetterjen. Dy’t war die om foarút te kommen yn de maatskippij, en dy’t war die foar syn evenminsken.

Dat bringt my op it idee dat Waling Dykstra ta in hichte in – men soe it sa neame kinne – foarrinner fan de lettere sosjaal-demokrasy west hat. Bygelyks yn syn ferhalerige ‘De Winskhoed fan Fortunatus’, publisearre yn de jierren 1851-1853 yn syn eigen tydskrift De Fryske Húsfreon, hellet er net inkeld út nei de lamlendigen dy’t net foarút te baarnen binne en dy’t leaver biddelje as wurkje. Nee, hy pakt se allegear oan: de boeren dy’t har boaden en arbeiders net goed behannelje, de hear yn ’e stêd dy’t delsjocht op de lju fan it plattelân, de sakelju dy’t lige en bedrige foar eigen gewin, de polityk dêr’t de middenstân neat yn te fertellen hat, en gean sa mar troch.

De Winskhoed’ bestiet út trettjin ferhalen mei in koarte ynlieding dy’t Dykstra noait yn boekfoarm publisearre hat, en dy’t hjoed, 170 jier nei dato, foar it earst byelkoar brocht yn ien bân ferskine. Se binne skreaun ûnder in skriuwersnamme, Japik Japiks. Sa’t Waling Dykstra yn syn autobiografyske brief fan 1851 oan syn freon Tsjibbe Gearts van der Meulen skreau, hy wie benaud dat er op ’e nij spul krije soe yn syn wenplak Spannum, as er syn ferhalen ûnder syn eigen namme brocht. Al twa kear hiene se him dêr in pak op ’e bealch yn it foarútsjoch jûn.

Want syn maatskiplike kommentaren foelen lang net by elkenien yn goede ierde, en al hielendal net by de oerwaagjend ortodoks-protestantse boeren yn syn omkriten. Waling Dykstra feroare yn syn jierren yn Spannum (fan 1840 oantemei 1855) stadichoan fan in ortodoks tinkend man yn in, sa’t men it doe neamde, man fan ‘it nije ljocht’, dat wol sizze, hy waard yn syn religieuze tinken hieltyd frijsinniger.

Men soe ek sizze kinne: in bakkerssoan krige hieltyd mear praatsjes.

Dy ‘praatsjes’, om it samar te neamen, dy foarmje de kearn fan ‘De Winskhoed’. En dy praatsjes foelen der doedestiids o sa yn by de doarpse middenstân dy’t Frysk begûn te lêzen. De kritiken, ûnder mear fan Harmen Sytstra en yn de Ljouwerter krante, mar ek bûten Fryslân, yn deftige blêden as De Gids, wiene o sa posityf. Noch yn ’e tritiger jierren skreau Reinder Brolsma dat ‘De Winskhoed’ hearde ta it bêste Fryske proaza fan de njoggentjinde ieu.

It is dêrom net mear as literêre gerjochtichheid dat dizze ferhalen no einlings bondele binne en op ’e nij publisearre wurde.

Dat wol net sizze dat it foar ús 21e-iuwers ‘maklik’ lêsfoer is. De lêzer moat hieltyd foar eagen hâlde dat dizze ferhalen yn in oare tiid skreaun binne as dy fan ús. En dat de skriuwer oare doelen foar eagen hie as de measte hjoeddeiske skriuwers. Waling Dykstra fertelt net oer syn eigen persoanlik wjerfarren, gelok en ûngelok, hang-ups en leafdesaffêres. Ek skriuwt er net om yngenieuze eksperiminten los te litten op fertelperspektiven. Hy fertelt om syn lêzers wizer te meitsjen. Om har oan it tinken te setten oer de maatskippij fan har dagen, én oer harsels. Sadat se gelokkiger wurde kinne as dat se binne.

Moralisme, is dat letter faak neamd. Ik neam it leaver minske- en maatskippijkrityk. Of in sykjen nei de ‘condition humaine’ – in ‘condition’ dy’t, by better sjen, oars net hiel folle ferskilt fan de minsklike kondysje yn ús eigen tiid. En in sykjen dat, alwer by better sjen, troch Waling Dykstra yn sok ryk en prachtich Frysk werjûn wurdt, dat moderne skriuwers allinnich al oan dat aspekt fan syn skriuwerij aardichheid hawwe kinne. Har deroan oplûke kinne, soe ik hast sizze.

En no leit it boek hjir foar ús. Ik wol graach tank sizze oan dyjingen dy’t dizze útjefte mooglik makke hawwe, oan de Waling Dykstra fan hjoeddedei, dy’t behalve direkteur fan de Zandleven-fabryk yn Ljouwert ek foarsitter is fan de noch altyd besteande Waling Dykstra Stifting. Oan de oare subsidiïnten fan it projekt, de provinsje, it Letterenfonds, ûnderskate fûnsen. Oan Goffe Jensma, oan wa’t it ynliedend essee oer de ferhalen opdroegen is, foar syn altyd sawol noflike as ynspirearjende begelieding, oan Philippus Breuker foar syn net te befiemjen kennis en dito stipe, oan Janneke Spoelstra en de Fryske Akademy foar de korreksjes en it opnimmen fan ‘De Winskhoed’ yn de literêre rigen fan de Akademy, en fansels oan myn útjouwers fan DeRyp, Hille Faber en Jelle van der Meulen, foar harren reewillichheid en entûsjasme om dit safolste Abe-projekt ek wer yn it ljocht te jaan.

En last but not least ek oan elkenien dy’t belutsen is by it iepenloftspul oer Waling Dykstra dat takom wike foar it earst opfierd wurde sil: wat moai dat jimme it ferhaal fan dy âlde skriuwer, dy bakkerinne soan fan Spannum, de muoite wurdich fûn hawwe om it op it poadium te bringen. En him en syn skriuwerij en tinkwrâld ek op dy wize yn Fryslân en de Fryske kultuer net inkeld yn libben mar ek yn eare te hâlden, ûnder de wapperjende flagge fan ‘Wat bisto leaflik?!’

Allegear tige betanke.



[Yn goed selskip, tusken Philippus Breuker en Douwe Willemsma.]



.

woensdag 12 april 2023

It Skriuwersboun, of: lit noait in boekhâlder it feestje bedjerre

 


Op it Finansjeel oersjoch 2022 fan It Skriuwersboun stean op syn minst twa yn it each rinnende posten. Dy hawwe beide te krijen mei bestjoerskosten:

Bestjoerskosten 755,15

Frijwilligersfergoeding bestjoersleden 7200,35

Dat makket opteld hast 8000,- euro as fergoeding foar de kosten en de ynset fan fiif bestjoersleden, omrekkene rûchwei 1500,- euro it lid.

Wat docht in bestjoerslid fan It Skriuwerboun allegear wol net, dat sa’n heech bedrach útlutsen wurdt om syn skea te fergoedzjen? Pear kear yn ’t jier fergaderje. Kofjekonsumpsje. Stikje cake. Wat tillefoantsjes hjir en dêr. Laptop oan en út sette. Nei de foarsitter harkje. Benammen dat lêste kin yndie ynspannend wêze.

Oer de ynset fan de bestjoersleden gjin kwea wurd fansels – mar as myn opgroeien yn in typyske (doarps)bestjoershúshâlding my net foar ’t lapke hâldt, dan hat ús heit – 25 jier foarsitter keatsklup, 25 jier siktaris en foarsitter iisklup, safolle jier foarsitter kaart- en biljertklup – yn alle jierren dat er foar ferieningen warber wie as bestjoerslid noait in (1) sint ‘frijwilligersfergoeding’ krige.

No seit soks net dat in oar dan ek alles mar fergees dwaan moat. Mar tusken neat en 1500,- euro sitte in nije breedbyldtelevyzje, in trochstreekse apk en in folslein fersoarge wike yn in Gryks hotel oan see. Alle jierren.

En wêrom is der dan gjin 'frijwilligersfergoeding' beskikber foar leden fan subkommisjes fan It Skriuwersboun?

Enfin, It Skriuwersboun hat 19 april syn jiergearkomste en dêr sille de leden hjir wol wat fan fine. Of net. Mar no begripe wy ek wêrom’t neffens it bestjoer de strukturele subsydzje dy’t de provinsje foar It Skriuwerboun oerhat, foars omheech moat. ‘Us eigen strukturele subsydzje ferheegje (fan 4 nei 10 tûzend [sic] euro jiers) is no net mooglik. Wol kin der nei alle gedachtemn [sic] in tydlike foarsjenning komme foar ’23 en ’24’, meldt it bestjoer yn syn Jierferslach 2022.

Mei oare wurden: sa’n 75 prosint fan de takomstige strukturele subsydzje, is it plan, sil opgean oan bestjoerskosten en -fergoedingen. En in boekhâlder moat leafst gjin feestjes bedjerre, dat dy riante fergoedingen binne ferline jier al ferliend, ek al wie de om frege subsydzjeferheging ‘no net mooglik’ en ek al wie der gjin ‘tydlike foarsjenning’ foarhannen.

Fierder, sa docht bliken út bekendmakkingen, sil it bestjoer fan It Skriuwersboun trochsette mei in sinleas plan (de namme ‘It Skriuwersboun’ feroarje yn ‘It Skriuwersbûn’) en in rampsillich plan (lit in kommisje seis ‘tagonklike’ boeken jiers útkieze foar ekstra promoasje en jou de skriuwers fan dy boeken elk 5000,- euro feestjild). 

Oer ien en oar haw ik hjir en hjir al skreaun, dat ik lit it hjir mar by. Ik winskje de leden in soad wiisheid ta op 19 april.


.

maandag 20 februari 2023

Oekraïense doden redden westerse politieke gezichten

 


Praten over vrede is een jaar na de Russische inval in Oekraïne in het Westen nog steeds uit den boze. Amerika en West-Europa voeden de oorlog, ze helpen niet haar te beëindigen. Het is hoog tijd voor initiatieven die het bloeden stelpen.

Minister-president Mark Rutte speelde op 17 februari weer eens de grijsgedraaide plaat: de Oekraïense strijd is ook de onze; ‘het gaat ook om onze vrede en veiligheid, onze waarden’. Grotere onzin is schaars. Wil de premier beweren dat Rusland van plan is West-Europa aan te vallen? Meent hij dat de nationalistenkliek in Kiev de Oekraïners voor mensenrechten en democratie laat vechten? En Rutte moet toch inmiddels ook wel hebben begrepen dat niet Rusland, maar de Verenigde Staten West-Europa hebben aangevallen?

De premisses onder de Nederlandse steun aan Oekraïne wankelen nog veel vervaarlijker dan ze vorig jaar februari al deden. Toen besloot Rusland, na veel dralen en Amerikaanse en Oekraïense provocaties en sabotage van de Minsk-akkoorden, om de al acht jaar lang geterroriseerde Russisch-sprekende bevolking van Donbas militair te hulp te schieten. Een eerste militaire campagne in de richting van Kiev, bedoeld om Oekraïense troepen te binden en snel onderhandelingen op gang te brengen, slaagde in het eerste en naar het zich liet aanzien ook in het tweede doel. Op Amerikaans en Brits aandringen trok Kiev zich echter begin april 2022 ook uit die gesprekken terug.

Een fatale beslissing, zo lijkt het, een jaar na de Russische inval. Kievs virtuele militaire succesjes afgelopen herfst onttrekken voor sommigen de werkelijke stand van zaken op de slagvelden aan het oog. De Russische militaire tactiek in Donbas bestaat uit een gradueel ‘vermalen’ en verdringen van de tegenstander, vooral middels drone- en raketbeschietingen en eindeloze artillerie-barrages. Zo wordt maximaal schade toegebracht en minimaal schade geleden. Bij hoog-lethale straatgevechten in steden worden huurlingen ingebracht. Inmiddels telt het Russische leger volgens de beste westerse schattingen 14.000-22.000 doden (BBC). Het Oekraïense heeft echter al minstens 100.000 keer een van z’n soldaten moeten begraven (diverse bronnen). Z’n artillerievoorraden raken op en die van de NAVO-landen ook.

Het redden van gezichten

Aandringen op gesprekken over vrede is in de westerse hoofdsteden nog steeds uit den boze, ook al leek de Franse president Macron onlangs voor overleg te pleiten. Washington en Brussel willen juist méér oorlog. Een exit-strategie is er echter niet, en de verliezende Oekraïners betalen de prijs. 

Er is geen enkele kans dat Oekraïne de oorlog zal winnen. Integendeel, de Oekraïense perspectieven zijn, zelfs volgens het Pentagon, hopeloos. De enige reden dat het Oekraïense leger zich nog verzet, is gelegen in de miljarden westerse militaire en economische hulp die het ontvangt. Zo langzamerhand droogt die militaire steun op, niettegenstaande alle berichten over een handjevol ‘moderne’ westerse tanks dat zal worden geleverd. Too little, too late. Iedere dag die de oorlog langer duurt, sneuvelen weer honderden Oekraïense jongens en mannen. Voor niets.

Nou ja, wel voor iets. De Oekraïense doden redden westerse politieke gezichten. Met name die van de Amerikaanse president Biden, zijn veiligheidsadviseur Sullivan, zijn minister van Buitenlandse Zaken Blinken en diens onderminister Nuland. De ‘neo-conservatives’, met andere woorden, de dromers over Amerikaanse wereldheerschappij. En hun lakeien in Europa: Macron, Scholz, Baerbock, Rutte. Zolang Oekraïne vecht, speelt deze westerse politieke elite het nog klaar om de grote media in het oorlogskamp te houden. Zolang Oekraïne kan worden aangevuurd om vooral door te gaan met sterven, ligt het grootste internationaal-politieke debacle van de 21e eeuw niet op hún bordje.

Denken ze. Maar het grote publiek in West-Europa begrijpt al lang dat de dubbelcijferige inflatie die z’n salarissen afslankt, en de verdubbeling of verdriedubbeling van z’n energiekosten, ergens wel iets met de Oekraïne-politiek en de westerse sancties tegen Rusland te maken hebben. Het snapt dat de recordwinsten die de internationale wapen- en olie- en gasindustrieën vorig jaar lieten zien, daar óók iets mee te maken hebben. De oorlog heeft een reusachtige inkomensoverdracht op gang gebracht van hardwerkende, spaarzame burgers naar mil- en biljonairs (en naar corrupte Oekraïense oligarchen). De oorlog doet de gemiddelde West-Europeaan méér pijn dan de gemiddelde Rus. Niet zo vreemd dus dat de weerstand ertegen groeit. Hoezo is die oorlog ook de onze?

Framing’

Wat de oplettende wereldburger inmiddels ook wel vat: zijn ‘nieuws’ heeft steeds minder met journalistiek-zoals-het-ooit-was te maken en steeds vaker met ‘framing’. Een student journalistiek zou eens moeten uitzoeken – een inkoppertje - hoe de dagelijkse persberichten van het Britse ministerie van Defensie zich verhouden tot de berichtgeving in Nederlandse kranten.

Iedereen met een beetje talent voor geschiedenis en internationale betrekkingen weet dat zwart-witte verhalen over oorlogen vaak ernstige mankementen vertonen. Toch slagen zulke verhalen er menigmaal in om essentiële feiten een tijdlang uit de publiciteit te houden. Vroeg of laat breekt echter het schema. En al vaak was de Amerikaanse journalist Seymour Hersh dan het breekijzer. Hersh is al decennia lang zo ongeveer de beroemdste investigative reporter ter wereld en ook nu weer doet hij van zich spreken. In recent onderzoek keek hij naar de gang van zaken rond de terreuraanval, in september 2022, op de Duits-Russische NordStream-pijpleidingen in de Oostzee. Conclusie: het opblazen van die leidingen was een geheime CIA-operatie, uitgevoerd in opdracht van Biden himself.

Opzienbarend? We voelden het al aankomen. Met ons boerenverstand snapten we al lang dat Moskou z’n eigen strategische infrastructuur niet had gesaboteerd. Amerika heeft de Duitsers in de kou gezet. Hun economische levenslijn met leverancier Rusland doorgesneden. De doodzonde van Poetin heet de aantasting van de soevereiniteit van de Oekraïense staat te zijn - maar is de soevereiniteit van de Duitse staat dan niet bedreigd en tot op het bot gekrenkt? Nog wel door een zogenaamde NAVO-bondgenoot, met een geheime operatie waarvan de voorbereidingen al maanden vóór de Russische inval begonnen? Geen wonder dat de rest van de wereld niet veel voelt voor Washingtons ‘rules based order’.

De Duitse politieke elite durft zich niet tegen Biden te keren, hoewel daartoe alle reden bestaat. Sinds 1945 is Duitsland nooit zó klein geweest. Na de Amerikaans-Britse sabotage van de Duits-Frans-Russische Minsk-akkoorden is het opblazen van NordStream de zoveelste monstrueuze politieke nederlaag die het Duitsland van Merkel en Scholz in verband met de kwestie-Oekraïne heeft moeten lijden. Z’n binnenlandse politiek in een groene houdgreep, z’n diplomatieke status in rook opgegaan, z’n economie een strategisch voordeel uit handen geslagen, z’n leger door wapenleveranties aan Oekraïne uitgekleed, z’n burgers bedreigd met werkloosheid en absurde stijgingen van supermarktprijzen en energiekosten. That’s NATO for you, Kraut.

Nederlands belang

Als Duitsland pijn lijdt, lijden wij het ook. Kostenstijgingen - concreet: een toename van armoede - maken we nu ook in Nederland mee. Allemaal voor de ‘goede zaak’?

Nieuwsflash: er is niet alleen een Oekraïens, er is ook een Russisch verhaal over de goede zaak. Medailles hebben twee kanten. Oekraïne onder Zelenski is een anti-democratische, corrupte en semi-fascistische staat die het recht heeft verloren om over Russisch- en anderstalige minderheden te regeren. Een kabinet dat opereert in het belang van zijn burgers mag zich daarvan wel eens iets bewuster tonen. Minister-president Rutte kan beginnen door voortaan enige matigheid te betrachten wat steunbetuigingen en hulpzendingen betreft. Met uitspraken-zonder-grenzen als ‘we steunen Oekraïne zo lang het nodig is’, is geen enkel aanwijsbaar Nederlands belang gediend.

Ter linkerzijde zijn de traditioneel pacifistische Groenen in een complete make-over de meest oorlogszuchtige politieke partij geworden. Alsof de spraakmakende schare persoonlijk door Poetin wordt belegerd. Maar wie denkt nog serieus dat de Oekraïne-politiek van NAVO en EU milieuwinst oplevert?

Het goedkope Russische gas is vervangen, behalve door zelfgebreide kabeltruien, door peperdure, per tankers vervoerde LNG uit de Verenigde Staten en bijstook van olie en kolen. Extra ‘groene’ opbrengst is er in de nieuwe perspectieven voor kernenergie. En wellicht in de verhuizing naar de Verenigde Staten van energie-intensieve Duitse bedrijven die zijn weggedrukt door brandstofkosten en aangetrokken door Amerikaanse belastingvoordeeltjes. Berlijn betaalt zich blauw aan steunmaatregelen. De Russische economie, daarentegen, zal ondanks ongekende westerse economische oorlogvoering volgend jaar groeien (IMF).

Je zou, na dit alles, denken dat de klok voor noem het de ‘liberaal-groene Oekraïne-politiek’ in West-Europa nu wel eens zou slaan. En dat iemand zich eens zou afvragen of de semi-permanent geel-blauw geklede Von der Leyen nog wel de geschiktste persoon is als gezicht van de EU. Maar we hebben niet op de eerste plaats uitgestreken gezichten en politieke haute couture nodig. We hebben Realpolitik nodig die een einde aan de oorlog maakt. Plus een premier die zoiets over z’n lippen krijgt. Die in de zure appel durft te bijten: Donbas, de Krim en de landbrug naar de Krim zullen nooit weer Oekraïens zijn.

                                                                  *


Ik schreef op de Feartfisk eerder over de oorlog:


31 mei 2022: ‘Westen heeft allesbehalve de morele overhand in Oekraïne’

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/westen-heeft-allesbehalve-de-morele.html


30 mei 2022: ‘Het vrije woord vereist zelfkritische journalistiek’

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/het-vrije-woord-vereist-zelfkritische.html


3 mei 2022: ‘De anatomie van propaganda. Waarom we liever niet praten over de inzet van ‘flechettes’ in urban warfare’

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/de-anatomie-van-propaganda-waarom-we.html


25 april 2022: ‘De militarisering van de media. Hoe Nederland volop meedoet aan de informatie-oorlog tegen Rusland’

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/de-anatomie-van-propaganda-waarom-we.html


18 april 2022: ‘Europa moet bij zinnen komen, wil vrede een kans krijgen’

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/de-anatomie-van-propaganda-waarom-we.html


17 maart 2022: ‘In het compromis ligt het begin van de vrede’

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/03/in-het-compromis-ligt-het-begin-van-de.html