Stean jo my ta dat ik weromkom op in bondel dy’t ik earder yn it Friesch Daglad (‘De bus werom nei Surhústerfean’, 25 july) besprutsen ha: Ien tel de ierde stil, fan Arjan Hut. Soks sil op dit plak gjin gewoante wurde, byleaven net. Mar as der, sûnder twivel ûnbewust, in staaltsje oarlochspropaganda ferkocht wurdt yn de Fryske skriftekennisse, dan is it, tocht ik, wol belangryk om dy sitewaasje wat yngeander te besjen en nei te tinken oer in manier fan dermei om te gean.
De foarskiednis. Hut set boppe in fers: ‘Go fuck
yourself, Russian warship’ en skriuwt ûnder mear dizze strofe:
Hâld
dizze takomst beet: ivich sinneljocht
op in
middei oan in selsbetochte see. De bern
ferdigenje
har eilân yn de tiid mei plestik swurden.
Datst
se laitsjen hearst: ‘Go fuck yourself, Russian warship!’
Efkes earder yn itselde fers waard Baudet (mar net by
namme neamd) oer de hikel helle as ‘Putin-slikker’. My gie it allegear krekt
wat te maklik, dit stipefreegjen mei byleverjen fan wenstige boeman. Mei ‘de
bern’ yn de hjirboppe sitearre strofe ‘bedoelde ik “Zelensky”’, seit de ein fan
it fers ek noch. Hut hat it grif sels net yn ’e gaten hân, mar mei dat ‘Go fuck
yourself, Russian warship’ glidet er út oer de bananeskyl fan de
oarlochspropaganda.
De net hiel poëtyske slachsin boppe syn fers waard op
24 febrewaris ferline jier de wrâld yn brocht troch in Oekraïenske krante, dy’t
op ynternet in radio-opname publisearre fan in kontakt tusken in groep fan saneamd
13 Oekraïenske militêren op it lytse Snake Island yn de Swarte See en in
Russysk marineskip. De meidieling soe harren stoere reaksje west hawwe op it
befel om harren oer te jaan. De dikke finger tsjin de Russen gie as fjouwerjend
fjoer troch de westerske mediawrâld, dalik de oare dei.
Want Zelensky himsels sei it: de moedige Oekraïenske
soldaten wiene omkaam by Russyske besjittingen. Hy soe se postúm ûnderskiede
mei de titel Held fan Oekraïne. Yn Washington joech de Oekraïenske ambassadeur
in parsekonferinsje. Alle ferdigeners fan Snake Island, se sei it har baas nei,
wiene sneuvele yn in fjoergefjocht mei in Russysk marineskip, nei’t se wegere
hiene en stek de wite flagge út.
Suver alle media yn West-Europa en Noard-Amearika
leauden it ien op ien. Helden dy’t foar de dea kieze, út leafde foar de
nasjonale saak: dit wie in Grykse trageedzje. De autentisiteit fan de
radio-opname wie befêstige, sa waard mei opmerklike sjoernalistike krektens skreaun,
troch it Oekraïenske ministearje fan Ynlânske Saken (CNN, 25 febrewaris) en
in ‘Ukrainian official’ (The Washington Post, 25 febrewaris).
Gjin wûnder, miskien, dat ek dichter Hut it ferhaal
ien op ien leaude doe’t in tal Rixt-dichters yn maart ferline jier in jûn
hold tsjin Poetin. Minder moai, sjoen de publikaasje yn de bondel fan it fers
dat er doe skreau, is dat er it noch hieltyd leaut. Yn myn resinsje fan Ien
tel de ierde stil woe ik ûnder mear blike litte dat it gedicht op
dat punt inkeld mar de publike opiny neipraat, wat beswierlik jilde kin as
poëtysk te wurdearjen literêr engaazjemint. Hut heakket, neist klisjees as
ivich sinneljocht, in selsbetochte see en laitsjende bern, yn boppesteande
strofe gjin eigen ynfalshoeke ta oan gongbere ûnderstellingen. Sterker noch, hy
befêstiget se.
Sok neipraten wurdt noch in kear sa slim as bliken
docht dat de gongbere ûnderstellingen hielendal net doge. Sadat wat as poëzij
bedoeld is, krimpt ta in mispleatste hertstocht dy’t syn selsútroppen moreel
gelyk ûnderwrot.
Mar ek de poëzijresinsinte fan de Leeuwarder
Courant, Albertina Soepboer, joech lêstlyn blyk, yn har resinsje fan Hut
syn bondel (‘Bidde sûnder god’, 29 septimber), dat se it heldhaftich barren op
Snake Island as in ‘histoarysk momint’ serieus nimt. De feiten lykwols wize in
oare kant út. Ik tink dat it earder saak is en hâld it fenomeen en de rol fan
oarlochspropaganda tsjin it ljocht. Undersykje foarstellingen yn de mediale
wrâld dy’t útlânsk of eigen publyk by in oarloch belûke moatte, op oanstean en
stjoerd fan stridende partijen en sympatisanten mei belangen dy’t har net goed
ferhâlde mei respekt foar wierheid en betrouberheid.
Oer ûnder mear it ‘Fuck you’ ferhaal skreau nota bene
de pro-Oekraïenske New York Times al op 3 maart ferline jier, dus noch
gjin wike nei de happening: ‘Experts say stories like the Ghost of Kyiv and
Snake Island, both of questionable veracity, are propaganda or morale boosters,
or perhaps both.’ It Oekraïensk kontingint op Snake Island bestie, in foarbyld,
net út 13 mar út 82 man. Net ien fan harren, oar foarbyld, is om it libben
kaam. Letter binne se, lêste foarbyld, frijlitten. In oerke googelje, en wat
oerbliuwt is in petearke, faaks út in geheime Kyivske studio. Wa sil ’t sizze,
as leagens sa maklik rûnpompt wurde kinne, as mearkes sa gau it mombakkes fan
nijs opdrukt krije?
Yn Kyiv dogge se mear oan soks as yn Moskou, en mei
grut sukses. Bono hat Zelensky mei Saint Patrick ferlike. Sietske Poepjes hat
in Churchill fan him makke. In ‘griene’ Dútske minister hat hiel demokratysk te
witten dien dat se Oekraïne stypjen bliuwe sil, oft it Dútske folk it dêr no
mei iens is of net. It hiele Kanadeeske parlemint joech okkerdeis oan twa kear
ta in steande ovaasje oan in 98-jierrige Oekraïenske Waffen-SS’er.
Oarlochspropaganda, lykas elke ideology, lit minsken de
nuverste dingen dwaan. It freget om show, tawijing, earbewiis, bekentenis, in publike
life-style. Mar dichters, sa tink ik der oer, binne net ien tel op ierde om achter de
mannichte oan, of om harsels foar it karke fan dizze of jinge te spannen. Miskien
kinne se it pathos fan ’e werklikheid better ûnderfreegje ynstee fan it te
ûnderstypjen – hielendal als it giet om oarloch en frede. Of om ‘histoaryske
mominten’.
Mooi!
BeantwoordenVerwijderen