Fisy op de takomst wurdt frege. Fiersichten, iepen finsters, dreamerij, perspektyf. Wat ik foar my sjuch, is in twajierliks literatuerfestival yn Fryslân, twa, trije dagen yn de âlde universiteitsstêd Frjentsjer en de moaiste havenstêd fan Nederlân: Harns.
In literatuerfestival dat plak jout oan skriuwers, dichters, lêzers, útjouwers, boeken út Fryslân en de wrâld. Mei keunstners út Fryslân, Nederlân en de minderheidstalen yn Europa. Grutte en lytse literatueren dy't mei inoar kennismeitsje en faninoar leare. Wat soe dat net in opstekker, in bliuwende stimulâns wêze kinne - net inkeld foar it Frysk en de Fryske kultuer, mar foar lêzers, leafhawwers, tinkers. Foar de keunst yn dizze keale, neakene úthoeke.
Frjentsjer en Harns. Dy meie bytiden bekfjuchtsje as hûnen en katten - se hearre byinoar. De lêzingen, workshops, boekemerken yn de histoaryske strjitten fan Frjentsjer. De optredens, spektakels, it rûge libben yn de havenkroegen fan Harns. Hinne en wer is fiif minuten mei trein of bus. Amsterdam is tichtby. Utstapkes nei de eilannen binne mooglik.
Net alles hoecht yn Ljouwert en Ljouwert is net it sintrum fan alles. Sa'n literatuerfestival soe miskien wol, of krekt hiel goed, ûnder de paraplu fan Explore the North kinne. Wêrom net? As men der oer neitinke wol. Dêr hat men ûnderfining, kontakten. Fan it eardere projekt Other Words/Oare Wurden kin ek profitearre wurde.
Mar it komt al oan op lef. Op politisy dy't it idee omearmje. En op golle provinsjale stipe - net foar ien jier, mar foar jierren. Op gearwurking - fan alle grutte kulturele ynstituten en organisaasjes yn dizze provinsje. Net om it safolste feestje fan de grûn te tillen, mar om in wrâldfestival del te setten. Yn Fryslân.
De fierte is fiif minuten rinnen.
*
Een droom: een internationaal literatuurfestival in Franeker en Harlingen
Visie op de toekomst wordt gevraagd. Vergezichten, open vensters, dromerij, perspectief. Wat ik voor mij zie, is een tweejaarlijks literatuurfestival in Fryslân, twee, drie dagen in de oude universiteitsstad Franeker en de mooiste havenstad van Nederland: Harlingen.
Een literatuurfestival dat ruimte geeft aan schrijvers, dichters, lezers, uitgevers, boeken uit Fryslân en de wereld. Met kunstenaars uit Fryslân, Nederland en de minderheidstalen in Europa. Grote en kleine literaturen die met elkaar kennismaken en van elkaar leren. Wat zou dat niet een opsteker, een blijvende stimulans kunnen zijn - niet alleen voor het Fries en de Friese cultuur, maar voor lezers, liefhebbers, denkers. Voor de kunst in deze kale, naakte periferie.
Franeker en Harlingen. Die mogen dan soms bekvechten als honden en katten - ze horen bijelkaar. De lezingen, workshops, boekenmarkten in de historische straten van Franeker. De optredens, spektakels, het ruige leven in de havenkroegen van Harlingen. Heen en weer is vijf minuten met trein of bus. Amsterdam is dichtbij. Uitstapjes naar de eilanden zijn mogelijk.
Niet alles hoeft in Leeuwarden en Leeuwarden is niet het centrum van alles. Zo'n literatuurfestival zou misschien wel, of juist heel goed, onder de paraplu van Explore the North passen. Waarom niet? Als men er open voor staat. Daar zit de ervaring, zijn er contacten. Ook van het eerdere project Other Words/Oare Wurden kan worden geprofiteerd.
Maar het komt wel aan op lef. Op politici die het idee omarmen. En op ruimhartige provinciale en gemeentelijke steun - niet voor een jaar, maar jarenlang. En op samenwerking - van alle grote culturele instituten en organisaties in deze provincie. Niet om het zoveelste feestje van de grond te tillen, maar om een wereldfestival neer te zetten. In Fryslân.
De verte is vijf minuten lopen.
.
woensdag 27 november 2019
dinsdag 26 november 2019
It Frysk hat gjin Lieder noadich mar belutsen politisy
'Heeft het Fries een boegbeeld of een regisseur nodig', dy kneppel hat Dingtiid, in provinsjaal advysorgaan op it mêd fan Fryske taal en kultuer, juster yn it hinnehok smiten.
Yn de Leeuwarder Courant: 'De bestaande instellingen op het gebied van het Fries zijn teveel met zichzelf bezig. (..) Kan een Fries boegbeeld helpen de status van de Friese taal te verbeteren? Of een goede ambassadeur? Een centraal onderzoekspunt misschien? Of een gezaghebbend onafhankelijk regie-orgaan?' '
'It ûntbrekt oan in helder perspektyf op de takomst', seit Dingtider Freddy Weima yn it Friesch Dagblad. 'It is dus net ferrassend dat de kennisynfrastruktuer no net optimaal funksjonearret.'
Dingtiid is in organisaasje dy't troch de problematyske provinsjale polityk yn it libben roppen is om de problematyske bal by Fryske organisaasjes del te lizzen ynstee fan by himsels. It nijste haadstik yn dat tredderangs drama is no blykber de oprop om mei in Lieder op de proppen te kommen.
'It fjild' praat braaf mei - de sinteraasje moat feilich steld wurde. 'Der wurdt wol gearwurke, mar de fersplintering is grutter', seit Afûk-direkteur Alex de Jong. 'Wy tinke gauris dat wy it sels better witte as al dy oare ynstellings.'
Fersplintering? De Afûk is in leechdrompelige kursus- en ûnderwiisynstelling anneks útjouwerij anneks boekhannel. Tresoar is in bibleteek anneks argyf anneks dokumintaasjesintrum. De Fryske Akademy is in wittenskiplik ûndersyksynstitút. De stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins fersoarget universitêr ûnderwiis yn it ramt fan meartaligens. Fersplintering is hielendal net oan 'e oarder.
Oan 'e oarder is in inkeld yn jild en besunigingen ynteressearre provinsjebestjoer dat syn ferantwurdlikens foar it Frysk ôfskowe wol op de minsken dy't alle dagen en tsjin de stream yn wer sjen litte dat se leafde hawwe foar Fryske taal en kultuer.
Oan 'e oarder is in provinsjaal belied dat sûnt 1980 in binde makke hat fan it Frysk ûnderwiis, ek net fan doel is dêr mei op te hâlden, en no by it 'Friese kennisveld' ferhaal helje wol.
Oppakke, tink ik dan. It Frysk hat gjin ferlet fan in Lieder. It hat ferlet fan politisy mei belutsenens, mei fisy, mei respekt, mei ynset, mei lef - miskien kin Dingtiid dát boadskip nei deputearre Poepjes stjoere.

maandag 25 november 2019
Explore the North 2019: zwaar tegenvallende bezoekcijfers
De zevende editie van het driedaagse Leeuwarder stadsfestival Explore the North heeft in het festivalweekeinde zo'n duizend betalende bezoekers getrokken, die in totaal zo'n vierduizend bezoeken aflegden (bron: Vincent Meininger en Arjan Hut, 'Een weekeinde lang literatuur en muziek', Friesch Dagblad, 25 november 2019, pagina 3).
Daarnaast waren er volgens de krant 'nog vijftienhonderd mensen die op de een of andere manier bij het festival waren betrokken en ook zelf naar de shows op de elf locaties in de stad kwamen kijken'. Maar die hoefden dus niet te betalen.
De cijfers zijn, als ze kloppen, opmerkelijk: ze vallen zwaar tegen. De organisatie heeft haar subsidieverstrekkers vantevoren gemeld uit te gaan van vijfduizend betalende bezoekers voor het festival, en 1500 bezoekers 'voor de overige projecten' (Projectplan 2019, pagina 16).
In 2018 trok het driedaagse festival volgens zichzelf drieduizend bezoekers, in 2017 volgens Meininger in het Friesch Dagblad 2250 en volgens Jacob Haagsma in de Leeuwarder Courant 2000. Eerdere (tweedaagse) edities trokken 1500 (2016) en 1750 (2014) bezoekers. Op de eerste aflevering in 2011 (één dag) kwamen 1500 mensen af.
Het sterk achterblijvende bezoek dit jaar is des te opvallender gezien de juist zeer sterk toegenomen budgetten van Explore the North. Zo ontving het festival van de provincie Fryslân en de gemeente Leeuwarden voor 2017 en 2018 in totaal 85.000 euro van beide overheden; voor 2019-2020 staat Explore the North voor 200.000 euro in de boeken.
'Het is allemaal erg behoudend; de cultuurnota's van Friesland en Leeuwarden zitten muurvast', had Explore-directeur Mark Hospers in 2017 in De Moanne geklaagd.
Behalve van provincie en gemeente krijgt het festival structurele bijdragen van het Nederlands Letterenfonds (137.000 euro in 2018; dat was 80.000 euro in 2017) en het Fonds Podiumkunsten (52.500 euro in 2018). Andere subsidiënten zijn de Nederlandse Taalunie, Vlaams Fonds voor de Letteren, It Popfabryk, Het Nieuwe Stadsweeshuis, VSB-fonds, De Harmonie, en meer dan tien andere organisaties (bron: internetsite Explore the North).
Het is overigens niet eenvoudig om als belangstellende burger gepubliceerde bezoekcijfers te achterhalen. Die zijn amper te vinden. Anders dan bijvoorbeeld het festival Welcome to the Village publiceert Explore the North geen jaarverslagen en de festivalleiding laat zich er in interviews op internet niet citeerbaar over uit.
Ter vergelijking: de organisatie van het jaarlijkse Iepenloftspul Jorwert schijnt eveneens de beschikking te hebben over 'een paar ton', afkomstig van allerlei subsidieverstrekkers, maar trok daarmee dit jaar in negentien voorstellingen in totaal wel meer dan 10.000 bezoekers.
De bijdrage van de provincie was daarbij minimaal. Uit de provinciale subsidieregeling Fryske literatuer kreeg it Iepenloftspul voor de productie Stjer yn 't tsjuster 2.000 euro; uit de provinciale subsidieregeling kultuer en mienskip maximaal 5.000 euro.
N.B. Om een reactie is gevraagd bij de festivalleiding van Explore the North. Mocht die volgen, dan leest u hem hier.

zaterdag 23 november 2019
Ferlet fan in literatuerfestival yn Fryslân
Op it gefaar ôf wer allerhanne politike en amtlike lju yn de gerdinen te jeien: it steand provinsjaal belied om Fryske literatuer 'mear sichtber' te meitsjen troch skriuwers en dichters de poadia fan popfestivals op te stjoeren, wurket foar gjin meter. It docht net inkeld de follesidigens fan de Fryske literatuer ûnderstek: it docht skea oan literatuer en lêskultuer séls.
De formule wurdt no al in jier as wat útprebearre troch it stêdpromoasjefestival Explore the North, dit wykein wer op ûnderskate plakken yn Ljouwert te bewûnderjen en te genietsjen. Dêr bart in boel nijsgjirrichs, mar net op it mêd fan Fryske literatuer, sa't Eeltsje Hettinga okkerdeis terjochte sinjalearre yn in opinystik yn de Leeuwarder Courant.
En de foargeande jierren wie dat net oars. Yn de tradisjoneel yntinsive ferslachjouwing oer Explore fan Jacob Haagsma yn niisneamde krante - ik haw de jiergongen 2016, 2017 en 2018 besjoen - treft men mar in inkelde kear in Fryske dichter of skriuwer oan.
Tsead Bruinja joech acte de présence yn 2016, mar oft syn optreden Hollânsk- of Frysktalich wie, wurd ik net gewaar. Ek it kollektyf Tsjinlûd mocht doe meidwaan, mar dat helje ik inkeld út in cd-resinsje. Yn 2017 kaam ik net ien namme tsjin. En ferline jier brocht Elmar Kuiper teksten op muzyk fan in Japanske band. In optreden fan de bruorren Kleefstra - mei teksten fan dichter Jan - waard inkeld fermeld yn in, alwer, cd-resinsje.
'Literatuur op festivals, het gedijt het best in de crossover met andere uitingen en dan liefst muziek', skreau Haagsma ('Transformatie door technologie en snacks', Leeuwarder Courant (24 november 2018, 38). Haagsma bedoelt: dat is de formule dêr't Explore foar kiest, mei op de achtergrûn his master's voice fan de sunige provinsjale subsydzjejouwer.
It risseltaat fan it mei alle macht 'wat' Fryske literatuer op dit festival bringe te wollen, is marzjinalisearring fan dyselde Fryske literatuer. Wat partisipaasje oanbelanget: inkeld keunstners dy't de ambysje hawwe om har wurden mei muzyk oan te foljen, komme yn byld - en dat binne der mar in pear. Explore bringt jierliks tsientallen, miskien wol hûndert acts, en dêr sitte dan ien of twa literêr-Frysktalige tusken. Ek djipgong is it slachtoffer: 'ympresje' en 'belibjen' stean foarop en wurde de noarm, sanksjonearre troch de status fan in popfestivaloptreden.
Hat Fryslân dan oare plakken dêr't it publyk wól kennismeitsje kin mei skriuwers en dichters en har wurk? Dien de Boer har literêre jûn Dichter op de Deel yn Eksmoarre komt my yn 't sin, mar de lêste edysje dêrfan wie yn 2017. Eartiids hie Jaep Meems yn Twizelerheide moaie jûnen by him oan hûs. Peter Vermaat yn Slappeterp organisearret wolris wat yn syn tún. En sa sille der mear leafhawwers wêze mei in lokaal inisjatyf. In literatuerfestival yn Fryslân hawwe wy lykwols net.
Om ús hinne dogge se dat oars. Literatuerfestivals wurde om utens ynset to promote a culture of reading. Yn lannen en gebieten mei massa's minsken binne sokke festivals fansels goed foarinoar te krijen. De grutste literatuerfestivals (yn Amearika bygelyks it Boston Book Festival of it Bay Area Book Festival) presintearje regionale, nasjonale en ynternasjonale skriuwers en bringe in skala oan aktiviten: foarlêzingen, lêzingen, workshops, debatten, paneldiskusjes, slam-battles, iepen poadia, boekemerken, moetingen mei auteurs, sinjearsessys, aktiviteiten foar bern, filmfestivals, en ja, ek live muzyk.
It is net earlik om de Fryske mei de Amerikaanske sitewaasje te ferlykjen. No, sjuch dan nei Wales. Fan 't jier wiene/binne dêr op syn minst fyftjin (15) literêre festivals, en dan tel ik de aparte festivals foar bern en foar crime-literatuer noch net iens mei. Googelje mar efkes nei it Seren Cornerstone Poetry Festival (Cardiff), Brilliant Books (Cardiff), Laugharne Weekend (Laugharne), Abergavenny Writing Festival (Abergavenny), The Carnival of Words (Wrexham), Llandeilo Lit Fest (Llandeilo), Lampeter Book Festival (Lampeter), The Hay Festival (Hay-on-Wye), Llansteffan Literary Festival (Llansteffan), Welshpool Poetry Festival (Welshpool), Montgomeryshire Literary Festival (Gregynog Hall), Penarth Literature Festival (Penarth), R.S. Thomas & M.E. Eldrige Poetry & Art Festival (Aberdaron), Llangwm Literary Festival (Llangwm), Gladfest (Flintshire).
Wales hat trije miljoen ynwenners; Fryslân 650.000. Dat is gau útrekkene: getalsmjittich soenen wy hjir 4,6 literêre festivals hawwe moatte, wolle wy likefolle dwaan oan de promoasje fan literatuer en lêzen fia festivals as dêr.
Mar de werklikheid is oars. Fryslân hat nul (0) literatuerfestivals. Dat komt net om't de minsken te uzes net fan literatuer en lêzen hâlde, dat komt om't merkpartijen (útjouwers bygelyks) hjir te swak binne, en, dat is hjir it punt, ús provinsjale oerheid oan it stypjen fan sokke aktiviteiten gjin nocht hat en leaver krekt docht as is it saneamd bubble-brekkende Explore al literatuerpromoasje genôch.
Wie it net heechlearaar Fryske taal en kultuer Goffe Jensma dy't, in pear jier lyn alwer, mei it idee kaam foar in jierliks of twajierliks literatuerfestival yn Fryslân dêr't it aksint lizze kinne soe op literatuer út Europeeske minderheidstalige gebieten? Dêr soenen Grinslân en Drinte faaks ek yn meidwaan kinne. It is tiid om dêr wurk fan te meitsjen.

donderdag 21 november 2019
Hâld tenei de Fryske beweging by de Gysbert wei
Oer de net al te bêste organisaasje, troch de provinsje Fryslân, fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Aggie van der Meer, ferline wike sneon, is troch Friduwih Riemersma yn de Leeuwarder Courant al it ien en oar sein en skande fan sprutsen. Gjin algemiene útnoeging, gjin tydstip fan útrikking op ynternetsiden, de útrikking op deselde dei as eat mei Sinteklaas, gjin omtinken foar 'disability protocol', koartsein, dat hie allegear better kinnen en moatten.
Ien ding moat dêr yn alle gefallen, liket my, noch oan taheakke wurde. Dat is dat net in literêr ekspert - in skôger fan keunst - mar de foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging - in taalstrider - de laudatio (lofrede) hâlden hat. Pier Bergsma hat him dêr aardich mei rêde kinnen, dat is net it punt. Sawol de ferkoarte, útsprutsen fersy as de 'long read' binne tagonklik makke fia de site ItNijs.frl.
It punt is wol dat Van der Meer har wurk keunst is, en yn it ramt fan 'de Gysbert' út dát eachweid wei lof fertsjinnet. De Ried fan de Fryske Beweging mei dat wurk dêrneist fansels wurdearje om syn taalbefoarderjend effekt, mar dat is gjin reden om fan de priisútrikking in taalfeest te meitsjen en in bekend 'beweger' te freegjen foar de laudatio. Nochrisom, Bergsma treft gjin ferwyt. It is de provinsje dy't - alwer - syn belangrykste literêre priis yn in ferkeard deiljocht set en ûnderstek docht.
Wienen der gjin lofsprekkers fan rang en status beskikber mei it foech om oer Fryske literatuer te praten? Fansels wol. Ik tink dalik oan Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer, Jelle van der Meulen, literêr resinsint, Doeke Sijens, literêr resinsint, Jelle Krol, literatuerhistoarikus en eks-literêr resinsint, Ernst Bruinsma, útjouwer en literêr resinsint, en oan Friduwih Riemersma, útjouwer, tydskriftredakteur en literêr resinsint, of Teake Oppewal, earder literatuerbefoarderer by Tresoar. En der binne grif noch wol mear minsken te betinken. Iksels ha yn 2016 in lytse lêzing hâlden oer Van der Meer har nominearre roman De Achttjin, dy't ik ek redigearre haw.
It wol my net oan dat al dy lju frege binne troch de provinsje mar om watfoar reden dan ek net woenen of koenen. It wol my wol oan dat de provinsje op haren en snaren in ad hoc oplossing fûn hat, doe't immen earne yn dat ûnbidige Provinsjehûs derachter kaam dat der fan 't jier ommers ek in Gysbert Japicxpriis útrikt wurde moast. Ik sis net dat dat sa is, mar sa komt it yn alle gefallen wol oer. En allinnich dát al is eat om efkes by stil te stean.
It seit wat oer it leechachtsjen fan Fryske literatuer dat dit kolleezje fan Deputearre Steaten suver provokatyf fertoant.
.
Frysk en fakatueres: ssssssssst, neat sizze!
'Fries ontbreekt in vacatures bij de provincie Fryslân', melde juster it Friesch Dagblad. Mei as oanlieding dat sels kandidaten foar de twa resinte fakatueres foar in 'adviseur cultuur' en een 'adviseur podiumkunsten en festivalbeleid', hielendal gjin Frysk hoege te kinnen.
Ek is in fakatuere iepensteld foar in 'beliedsmeiwurker Frysk yn it ûnderwiis' ('overigens de enige die in het Fries beschikbaar is', skriuwt de krante) en sels dêr lit de provinsje it mar by damp en dize. 'Yn it gefal datst it Frysk noch net folslein aktyf behearskest, ferwachtsje wy datst dy dat hiel gau eigen meitsje wolst', meldt de adfertintsjetekst.
Ik tocht, foar de feroaring: efkes wachtsje. Sjen oft ek eat of immen reagearret. Ja, je kinne it noait witte, no? Miskien in FNP-Steatelid. Of in skriuwer op de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging. It Skriuwersboun dan? Of in Fryske auteur? Of samar in boarger?
Neat, nothing, niente, nichts. Hoewol't it Frysk de memmetaal is fan mear as de helte fan de ynwenners fan de provinsje, hoewol't dyselde provinsje him ferplichte hat om de Fryske taal 'zelf ook in al haar facetten te gebruiken en uit te dragen' (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer), hoewol't de Fryske taal alle stipe noadich hat dy't er krije kin, hoewol't alle bestjoerders en politisy de mûle altyd oerrinnend fol hawwe fan 'culturele diversiteit' en 'mienskip' en oar reklamepraat - neat , nothing, niente, nichts.
Frysktaligen hearre dus net by de 'mienskip' - in wurd nota bene út har eigen taal. Se meie by de graasje Gods oanskowe, mar dan moatte se al har foegje en skikke yn figuranterol en folkloare-foarbyld. Der wurdt net troch, mar oer har kediisd - séls op it stik fan oerheidsbesluten oer har eigen taal en kultuer.
En it slimste is: se hâlde har de bek ek noch.
Offisjele beliedsdoelen blike mar wer ris kletsika. Draachflak foar mear Frysk komt sa net ta stân, krekt net: it provinsjaal bestjoer stjoert it Frysk sa inkeld mar fierder it driuwsân yn. In positive hâlding fan de ynwenners fan Fryslân foar de Fryske taal oer wurdt sa net befoardere, krekt net: je krije der net iens in luzich baantsje by de provinsje mei.
Oantrunen om Frysk te studearjen op nivo (universiteit, hegeskoalle) hawwe sa ek gjin doel. Wêr soenen se jin diploma wól op priis stelle, as sels de provinsje der jo-witte-it-wol mei docht? Hoe sille gemeenten, bedriuwen en stichtingen it yn 'e plasse krije en freegje fan har wurknimmers behearsking fan it Frysk?
Deputearre Poepjes (CDA) makket har leaver drok oer de fraach oft de provinsje wol in oantreklike wurkjouwer wêze kin foar resinte ymmigranten fan bûten Nederlân, dy't dus ek it Nederlânsk noch net goed machtich binne. Foar sokken is twataligens 'dubbel zo lastig', skreau se okkerdeis yn antwurd op fragen fan de PvdA.
Gelokkich wurdt hjoed bekendmakke wa't de nije 'Dichter fan Fryslân' wurdt. Deputearre Steaten kinne wer efkes moai waar spylje en punten skoare yn de media. Spitigernôch stiet tiim Twabaksmerk mei 10-0 achter.

zondag 17 november 2019
Abonneren op:
Posts (Atom)