‘With millions of people told to stay at home, we’d love to know: What’s been on your pandemic reading list?’ De New York Times Books frege it okkerdeis op Twitter. Literatuer yn tiden fan koroana. Ik ha wat antwurde oer blommen en tútsjes en kuchjes en hamsterjen en – dat tel ik ek mar mei – Treast Telefyzje fan Tresoar, earste ôflevering oer Gysbert Japiks.
Wy, dy’t mei alle dagen mear ferbazing en konsternaasje it nijs folgje oer dizze histoaryske krisis: watfoar gedichten, ferhalen en romans skriuwe wy? As der net oare prioriteiten wienen, soenen je der dalik ûndersyk nei dwaan wolle, mar in yndruk is likegoed no al wol te jaan. Wy skriuwe teksten dy’t oan in sa grut mooglik publyk treast en bemoediging kommunisearje. Dy’t ‘mienskip’ en mei-minsklikens propagearje en dy’t winsklik en net-winsklik hâlden en dragen formulearje en repetearje.
Is dêr wat mis mei? In protte minsken wolle graach ta stipe wêze fan ‘ús allegear’. Hannelje op in wize dy’t safolle mooglik oare minsken neifolgje en wurdearje kinne. Dêr is neat mis mei. Fan sa’n hâlding is altyd grut ferlet – dêrom skaait it ek al gau út nei populisme: it útsuteljen fan de maklikste oplossingen. Mar de trien fan it sigeunerjonkje is hjir it punt net. It punt is dat minsken yn har kapasiteit as literêre skriuwers net presys deselde stipe-ambysjes hawwe kinne. Sa’n skriuwer wol op it foarste plak tsjinstber wêze oan de literatuer. Tsjinstber oan syn tekst as tekst, sawol yn ferhâlding ta oare teksten as ta de konteksten dêr’t se yn funksjonearje – earder as oan bygelyks it RIVM, de ‘mienskip’, de bûsdoek, konkrete ideeën oer it algemien belang, of watfoar driuwende polemyk ek mar fierd wurdt.
Tsjinstber wêze oan de keunst.
Mar kin in skriuwer dan net op it twadde, tredde of fjirde plak wat dwaan wolle foar ‘de minsken’? Jawis wol – en hy hoecht syn sosjaal engaazjemint en maatskipijkrityske ympulsen en alle oare oanstriden net by de dyk te setten – leaver net! Mar de literêre keunstner ûnderskiedt him fan de sneinsdichter meidat er minder faak út it each ferliest wat syn earste, belangrykste opdracht ek alwer wie. Op it foarste plak wol er in nijsgjirrige tekst meitsje. Dat soks lang net altyd slagget, is wat oars. It is syn stribjen net en reitsje safolle mooglik snaren of fluitsje in aardich deuntsje, mar meitsje goede muzyk. Sykje it krekte ritme, speur nei in idee dat hout snijt, hein it byld dat bybliuwt. Meitsje keunst. Besykje it yn alle gefallen.
Hjir rint wat freeslik mis yn ús dagen, sa liket it. Dy keunst, Keunst, spilet ommers gjin rol fan betsjutting yn koroanatiden – Frysk-literêre keunst is suver folslein ûnsichtber wurden. Dat is in tryste konstatearring. In ûnderskied tusken literatuer en lektuer wurdt net mear makke. De maatskiplike marzjinalisearring fan Fryske literatuer is in ûntjouwing fan de lêste tritich jier – mar is dit it einstasjon? Is dit ús kultuerpopulistyske Fryslân, ús eigentiidske ferskining fan in oarde dêr’t de keunst wol faker smoard is troch sawol taalbeweging as kommersy, syn kontoeren útwiske seach, syn krityk fersmiten? In plak dêr’t tanksij koroana werklik elk yn- en opstjoerd produkt, hoe bryk en machteleas formulearre ek, krante en blêd hellet, plus sosjale media, in skala oan websites, radio en tillevyzje?
'Lieve dichters, houd uw coronakunst voor uzelf!', wie in pear wike lyn al de hertekreet fan dichter Delphine Lecompte yn NRC.
It is in kwestje fan fraach en oanbod. It probleem betreft net allinnich redaksjes dy’t tsjin keunst kieze – of eins: dy’t hielendal net kieze – of eins: dy't net stilstean by har kar - mar ek de skriuwers sels, dy’t hieltyd minder de literatuer en hieltyd mear de merk fan de maklike empaty betsjinje. In multymediale merk, dêr’t in tekst efkes opflikkeret, projektearre op in gebou, ôfprinte yn in krante, delkwakt op in byldskerm. Teksten dy’t net sûnder har makker kinne, net sûnder in moai boadskip, kwalik sûnder plaatsjes. Sokke skriuwers krije it hieltyd dreger mei har earste opdracht en ferhúzje fan de literatuer nei de lektuer.
Asjebleaft, neam sokke teksten dan tenei gjin keunst mear. Meitsje ûnderskied. Kies foar keunst. Dy’t yn dizze drege tiden wat foar de Fryske literatuer dwaan wol, moat soargje dat tekst wer op it foarste plak as tekst wurdearre wurdt. En dêrnei krekt, miskien, as goede bedoeling of as treast.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten