‘In reden om mei te dwaan mei Rixt is dat dit kollektyf sa divers is kwa dichters dat it dêrtroch in poadium wêze kin foar alle aspekten fan ús deistige libben en sa wer in ûnderdiel wurdt fan datselde deistige libben.’ Oan de earste útlitting fan Edwin de Groot (1963) op de webside fan it ‘dichterskollektyf’ Rixt ôf te lêzen, wol de dichter foaral befoarderje dat 'alle aspekten' fan ‘ús deistige libben’ in poadium op Rixt krije.
Foar De Groot is it skriuwen fan poëzij ‘in rêstpunt en in soarte fan meditaasje, ek omdat er fan himsels ferbaal nochal ekstravert is’, seit syn bio op sirkwy.nl. Efkes in koart publikaasje-oersjuch. Yn 2009 debutearre er mei de bondel Ik skip, in jier letter folge Tongfal, yn 2013 it twatalige In hazze is in lokkich bern, en yn 2016 Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see. Resinsinten wienen aardich posityf oer syn dichtsjen; Harmen Wind murk ‘persoanlike sizzenskrêft’ op, Eppie Dam hie it oer ‘teare, tagelyk nochteren fersen, frij fan sentimint’ en Klaas van der Hoek tocht dat syn gedichten ‘perfoarst’ net feal ôfstutsen by ûnder mear mines. (Sjuch, ik krige in komplimint.) In Nederlânske besprekker hie it sels oer ‘aardse poëzie van grote kracht, mede door de soms heel bijzondere woordkeus, vaak met neologismen die eveneens iets authentieks hebben’.
Koartsein, De Groot hat net te kleien oer de parse, dy’t oan no ta sympatyk stiet foar syn skriuwerij oer. Sjuerys stean dat ek. Alle jierren stjoert er in tekst yn foar de Rely – in soartemint bingo foar begjinnende Fryske skriuwers – en alle jierren falle der bankbiljetten yn syn ponge. Op de webside rixt.frl is in tal fan syn fersen fergees te lêzen; hy hat der in lytse tsien stiks op publisearre. Rixt – De Groot heart ta it redaksjonele tiim fan it poadium – wol neffens eigen sizzen ‘in breed platfoarm fan Fryske dichters’ wêze: ‘Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuele saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.’ Nei dat publyk is by myn witten gjin ûndersyk dien, mar de ambysje is dus ‘breed’, dat wol sizze dat idealiter ek minsken dy’t oars gjin Literatuer lêze mei in Rixt-gedicht út de fuotten kinne moatte.
Syn lêste dichtbondel datearret dus alwer fan fjouwer jier lyn; syn nijste wurk stiet op Rixt. Dat wurk hâldt, earlik sein, net oer en dat is wat nuver. Syn earste bydrage datearret fan maaie 2018:
Besef fan gemis
ik haw in simmerlang net wittend
op ’e flearmûzen wachte oait sa manmachtich
datst se om de âlde apelbeam sawat
mei de hân fange koest
it trof my pas op in augustusjûn
doe’t ik ien flak oan my foarby sûzjen fielde
en dat it der mar ien wie en no pas
sa as de Boskroas net mei hûnderten blommen
troch de houtwâl brekt en bloeit
mar dy inkeld mar mei ien blom wekker skoddet
Resumearjend: sprekker wist it net, mar bliek, doe’t er ien oantrof, de hiele simmer op flearmûzen wachte te hawwen. Dy iene skodde him wekker. Hy wachte dus net, mar sliepte? Nee, bedoeld sil wêze: dy iene ferskining makke sprekker bewust fan de tebekgong fan it tal flearmûzen, ‘oait sa manmachtich’. Sprekker hâldt it natuernijs yn ’e krante blykber net hiel goed by, want oars hie er wol op ’e hichte west fan de oantaasting fan de biodiversiteit (it wurdt stil om ‘de âlde apelbeam’ hinne) yn heechkapitalistyske produksjesintra as Fryslân, en dan hie er net sa Po Tsju I-achtich wekker hoege te skrikken.
‘Somtiden’, sa jout de dichter útlis by in twadde fers op Rixt, ‘lit in gedicht him mar dreech ôfbreidzje en bliuwt hy wat omhingjen yn de holle fan de dichter. It is wachtsjen op de kaai; in útspraak op de radio, in tekst yn ‘e krante en yn dit gefal in foto. De dichter lei noch op ’e knibbels op it asfalt, seach op it skerm fan syn kamera en hy hie de titel en de lêste losse eintsjes lieten har flot ôfhechtsje.’ Sok breidzjen moat ferantwurdlik west hawwe foar it gedicht ‘Omfierrens stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal’:
As der stoarn wurdt makket it waar wier neat út
skynt de sinne, dan laitsje de goaden
reint it, gûle se
mei it tij is it al net oars
is it eb, lûkt it wetter him treurjend werom
is it floed, nimt de see, mar wêr docht der al wol ta
earnewer yn bêd, oan slangen, achter yn de file
of in swimbad, 2e wike boufak
moatst op ´en paad, giest
nei dyn hûs, dyn thús
krekt as de tsjirken dy´t – ringe op Skier -
út alle macht besykje sille en lit Teksel links lizze
Dit gedicht hat wat fan sa’t ús beppe in priem opsette, it babbelet dat it in aard hat, wat sinne, wat rein, it seewetter of teewetter treuret, hat jûn en nimt, wy gean allegear dea ‘mar wêr docht der al wol ta’. Foar tsjirken is Teksel it eilân fan ’e dea? Oan de Rixt-fersen fan De Groot falt gauris op: wat se sizze wolle, is faak, mei respekt, in iepen doar, en hóe’t se it sizze is gauris ûnbedoeld grappich of it slacht op in oare manier de planke mis. In foarbyld is ‘Oer saken dy’t noait fergean’, dat in skipsramp ferliket mei in pake dy’t nei in fersoargingstehûs, nim ik oan, moat. Sprekker slûget wat wei ûnder it sjoernaal mar registrearret likegoed wol wat de befallige nijslêzeres Dionne Stax allegear meldt oer de MSC Zoe boppe Skylge:
(in net bewekke momint ûnder it sjoernaal)
in licht trochsichtich hazzesliepke
yn’e fierte fertelt Dionne mei sêfte stim
wat oer in swier beladen dronken kontenerskip
fan alles spielt der oan, piipskûm ek
dat nei achter de dunen ferwaaie sil, út it sicht
en dêr ûnfergongklik slomjend yn hiele lytse partsjes wenje sil
--
pake sjocht yn it weiriden
troch it achterrút fan de auto
en seit sêft: No, dag dan mar, huussien
Dionne skeakelet nei it waar
fuort waait de hazze
Fansels: in knipperke dat ‘licht trochsichtich’ is bringt in moaie assonânsje, mar fierder freegje ik my dalik fan alles ôf. Hoe kin sa’n slûchje ‘trochsichtich’ wêze; is ‘licht trochsichtich’ net dûbelop; moat dizze konstruksje miskien foarútwize nei it ‘ljochtbyld’ fan de tillevyzje, of hie Dionne in trochsichtige jurk oan, je witte it net. De dichter wol nim ik hast oan referearje oan de trochsichtige hûd fan âlde minsken. MSC Zoe ferliest syn konteners, pake lit syn hûs achter, de dichter ferliest in gedicht? Is dat in treffende ferliking, freegje ik my ôf. Fersmoarget pake no tenei de sûnens- of âldereinsoarch? Nee fansels: hy sil op syn nije plak (fakultatyf: fersoargingstehûs, ûnthâld fan de sprekker, dit gedicht) like ‘ûnfergonklik slomje’ as de rotsoai dy’t oanspielde op de eilannen.
Pake en/of de dichter is it ‘swier beladen dronken kontenerskip’, mar ek dy ferwizing nei good old Rimbaud rêdt de saak net. It oantinken oan pake mei noait fergean, it gedicht is nei beppe kelder. Dêr is it wilens aardich drok. ‘Bestean en net’ is skreaun, neffens de opdracht, foar de ‘geniale natuerkundige’ Ettore Majorana, al dea, dy’t neffens de begeliedende tekst al yn de tritiger jierren úthold ‘dat der dieltsjes wêze moatte dy’t harren eigen anty-dieltsjes binne. Se binne der dus wol, mar ek wer net. Net te befetsjen, krekt as dy rigels dy’t der net binne, wylst ik se foar my haw’.
neist it bêd pinne en papier foar as
yn de ferljochte gewichtleaze moarnsdreamen
dêr’t de natuerwetten net jilde, wurden yn, út en
troch it brein fleane, ik sûzerich de notulen meitsje
by werhelling blykt dat om ’e nocht
ynfallen yn it rûnom as hinnefoer delstruid
sa ûnbegryplik en ûnmooglik as de Penrosetrep
matearje tagelyk anty-matearje, in fel fol in fel leech
wat skreaun is dearlik te sink gien
sa as Ikarus foel
Hjir haw ik efkes op omdikere, want dizze metafoar liket in djippenien. Dy Majorana-dieltsjes begrypt in boer net it measte fan, fansels, en ik fan dit fers earlik sein ek net. Mar foar dy dieltsjes hawwe wy Wikipedia; foar dit gedicht hawwe wy my. Neffens de earste strofe (en de útlis fan de dichter) binne de wurden dy’t jo en ik wolris moarns by it wekker wurden ‘yn, út en / troch it brein fleane’ te ferlykjen mei de ûnder natuerkundigen bekende Majorana-dieltsjes ‘dy’t harren eigen anty-dieltsjes binne’.
Ik besykje it my yn te tinken. Sprekker hat dat hinne-en-wer fleanen fan wurden dy’t gjin wurden binne notulearre, ek al begrypt er fan har ûnmooglike aktiviteit likefolle as fan de Penrose-trep: neat. En miskien waard al dat fladderjen fan eat en neat tagelyk wol gjin gedicht, miskien is ‘wat skreaun is dearlik te sink gien / sa as Ikarus foel’. Mar, lêzer, dat sjugge jo wol, dy rigels stean yn in gedicht. Yn dít gedicht, dat lykwols net fan de grûn komt om’t it fêst sit oan de swierte fan syn wat al te fiersochte ferliking. Dy Gryk oan ’e ein helpt net. It fers stoart net del; it hat noait flein.
‘Op de poalen is it (noch) kâld’ giet neffens de bylevere útlis oer ‘polariteit yn de holle fan minsken’ – foar sokken ‘jildt it eigen gelyk en inkeld it eigen gelyk’. De Groot wol satire bedriuwe mei in Dylan Thomas-achtich lânskip dêr’t in boel wite en ek in pear swarte flinters yn omfladderje:
Yn de doarpen mei yn de moarntiid
kleurige hoannen en oeral de blossem fan wylde flear
fleagen strieljend wite flinters en hjir en dêr in swartenien
dy´t net âld waard, foel sûnder mis op by de fûgels
oant de doarpen roetige stêden, de wite flinters opfretten
dronken de swarten begearich harren kleur fan de skoarstiennen
ek dat gie foarby en die bliken; it behâld
in betochtsume jas yn de kleur fan piper en sâlt
Wy hâlde de middenwei mar oan yn ús follekleurige wrâldsje, binne betochtsum en hawwe leaver piper en sâlt as swart-wyt. Sprekker is gjin himelbestoarmer, safolle is dúdlik. De twadde strofe is sa ûnbeholpen dat swijen hjir better west hie. It hat gjin doel en rin de gedichten fierder nei, it belangrykste probleem is: it is allegear sa betocht. De wurden moatte ideeën kommunisearje, earder as dat se it omtinken fêstigje op har eigen oanwêzigens, lûd, betsjutting, funksje, wurking, kontekst, ferantwurding. Dy’t op sokke eigenskippen fan taal yn gedichten wol acht slacht, freget him fan alles ôf. Wat docht dat hinnefoer yn ‘Bestean en net’? In fuortwaaiende hazze (orkaan?) as metafoar foar it wekker wurden út in hazzesliepke? Flinters dy’t de kleur swart drinke fan skoarstiennen, in treurjende see.
De Groot betinkt bylden by in boadskip dat er kwyt wol. No mei men tinke fan dy bylden en dat boadskip wat men wol, oft se orizjineel binne of net, of hout snije of net, of soms net, of faak net. Mar neifolging fan dy wurkwize is út noch yn net oan te rieden, it is bokse wolle mei de earms op ‘e rêch bûn. Taal spilet amper in rol yn dizze fersen. Se binne wat praterich, brûke gongber en werkenber fokabulêr. Muzyk docht net werklik mei: de gedichten meitsje gjin opfallend gebrûk fan muzikale en ritmyske mooglikheden. Foarm hawwe de fersen ek net folle; rigels fan ûngelikense lingte yn strofen fan dan wer twa, trije of fjouwer rigels. Wy sjugge inkeld de konstruksje fan it ferbylde boadskip, wylst yn kânsriker poëzij mear krêften meispylje en earder it byld séls it boadskip is.
Ik leau net dat it dichterskip fan Edwin de Groot in fersin is. Dêr hat er yn syn bondels tefolle tsjinbewiis fan jûn, sa’t ûnderskate resinsinten - ynklusyf ik sels - sinjalearre hawwe. Dizze gedichten op Rixt dogge him lykwols gjin goed, en je freegje je ôf wêr’t dat ferskil no krekt weikomt. Is dêr in publikaasjeplicht ynsteld? Past engaazjemint net goed by poëzij? Leit it oan de missy fan Rixt:
‘Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuele saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk’? Hat it te krijen mei dy selsferklearre opdracht om te skriuwen foar ‘in breed publyk’? Nee, dat kin it allegear net wêze; 'aktuele' gedichten foar in breed publyk binne net by definysje minne gedichten.
Dit is in riedsel dat tinkt my inkeld oplost wurde kin troch de redaksje.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten