vrijdag 13 december 2019

It Taalweb Frysk hat in bjuster brek

Sûnt 2 febrewaris 2015 stiet it Taalweb Frysk online. It is in portal, ûntwikkele troch de leksikografen fan de Fryske Akademy, mei helpmiddels 'foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol'. Dat Taalweb Frysk, mei 'in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark', is hjir te finen. Ik meitsje der in protte gebrûk fan en ik kin it fan herten oanbefelje - mar ien ding kloppet net. 

Nét elkenien dy't Frysk skriuwe wol hat der genôch oan. 

Nota bene Fryske skriuwers en dichters nammentlik falt dalik op dat it Taalweb Frysk in bjuster brek hat: de twa monumintaalste wurdboeken dy't ús taal ryk is, it Friesch Woordenboek (diel 1, diel 2 en diel 3, 1911) fan Waling Dykstra en it Woordenboek der Friese Taal/Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT, 25 dielen, 1984-2011) binne der net yn opnaam. 

De wurdsykfunksje fan it Taalweb jout ynformaasje út mar fjouwer Fryske wurdboeken: 
* Frysk Wurdboek Frysk–Nederlânsk fan Jacobus W. Zantema (1984); 
* Nederlânsk–Frysk Wurdboek fan Willem Visser (1985); 
* Frysk Hânwurdboek (2008) fan Pieter Duijff, Frits van der Kuip, Rienk de Haan en Hindrik Sijens; 
* Juridysk Wurdboek Nederlânsk–Frysk (2000) fan Pieter Duijff. 

En men is net fan doel om it Friesch Woordenboek en it WFT ta te heakjen, sa meie wy begripe út de formulearring: 'Yn in letter stadium wurde noch inkelde wurd- en terminologylisten oan dit portaal taheakke'. Listen wol, gjin wurdboeken. 

It is net goed te begripen wêrom't de twa belangrykste wurdboeken út de skiednis fan de Fryske taalwittenskip ûnder de digitale toanbank hâlden wurde. Is dat om't it histoaryske wurdboeken binne, dy't wurden opnimme út de hiele skiednis fan it Nijfrysk - dy't dus nét inkeld opnimme wat men út didaktyske en ûnderwiiskundige (bewegings)oerwagings gaadlik achtet om by 'elkenien dy't Frysk skriuwe wol' yn it omtinken te bringen? Binne foarkarswurdlisten en 'griene boekjes' net genôch - moat no ek noch in part fan de taal kidnapt wurde troch it te feroardieljen ta wurdboekkundige ûnsichtberens? 

Of is de ûnsichtberens fan de twa belangrykste wurdboeken yn it Taalweb inkeld mar om't it WFT sûnt 2010 fia in oare portal te trochsykjen is, en it Friesch Woordenboek troch de DBNL as kopy op it www set is? Dat soe net in hiele goede reden wêze. Want sa'n Taalweb-portal is no krekt bedoeld om boarnen byelkoar te bringen op ien plak, sadat men net oeral mar hinne surfe moat. 

As skriuwer, as dichter, as brûker fan de taal foar keunst, kin men inkeld mar derfoar pleitsje om dat nuvere beslút op 'e nij te besjen en dy beide wurdboeken yn it Taalweb op te nimmen. Om in idee te jaan fan de ferskillen tusken de hjir neamde wurdboeken, haw ik ien foarbyldwurd naam: it wurd 'bjuster'. 

Wat sizze de boeken oer de digitale taalkrimp? 

Friesch Woordenboek, diel 1, side 187 
Adj. & adv. bijster, wonder, zeldzaam, vreemd, zonderling. Ook byster. — [In] bjuster freamd djier, G. J. I, 16. — Bjuster! ik baern troch dyn kjeld, Ibid. 25. —Freamde, bjustre, wond're dingen. Ibid 33. 
vervaarlijk, geweldig, groot. — Bjustere skea, G. J. I, 159. 
afschuwelijk. . . . bjustere skelmdied, G. J., II, 75. 
— Bjuster waer, onstuimig weer. — De bern binne sa bjuster, wy krije hirde wyn, ha 'k soarch. — It ien of 't oar of immen bjuster weze, missen, verloren hebben. — Nou bin 'k us hele jonge bjuster, heb hem uit het oog verloren. — Ik bin myn nille bjuster, die is zoek. De sliep bjuster. —It boekje bjuster, Ned. de plank mis. Ook: van de wijs, in de war. — It spoar bjuster, van 't spoor, op den dwaalweg , in de war. Vgl. spoarbjuster. G. Jap. I , 19. — v. Blom, 44. 
adv. zeer, heel. Bjustere dom, forlegen, frjemd, lilk, mâl, enz. -- It is hjoed den bjustere myld, R. ind T.2, 81a. — G. J. II , 79 ; I , 26. — ZWh. met Hl., Kolluml. en Stadfr. byster ook in de volgende samenstelling. 

WFT
Accent: 'bjuster. Woordsoort: bnw., bw. Modern-Nederlandse lemmavorm: bijster. Uitspraak: bjöstər. Datering: ca. 1807→ Varianten: byster. Accent: 'byster, Commentaar: (weinig gebruikt) (alleen in bet. 2), Uitspraak: bistər, Datering: 1821→, Flexie: Comp. bysterder, bysterst. Commentaar: De vorm byster volgens Fr.W. [1900] in ZWh. met Hi., Koll. en Sta.; volgens HOF, dialectgeogr. 240 [1933] overal bjuster, doch daarnaast, langs de oostelijke grens, soms byster. 
Dialect: Schiermonnikoogs bjostər, bistər, Terschellings böstər, Hindeloopens bistər. Etymologie: Nederlands bijster, Duits biester. 
Bijster 
1. wonderlijk, vreemd, ongewoon. 
2. zeer, erg, in hoge mate. 
3. buiïg, onstuimig, onbestendig (van het weer). 
4. roerig, ongedurig (van levende wezens). (weinig gebruikt). 
5. verwonderd, bevreemd, verbaasd. 
6. in: Bjuster meitsje, reitsje, wêze, wurde, zoekmaken, ontstelen, bijster raken, zijn worden. 
Zegswijzen: 
It boekje bjuster, het mis hebben, abuis zijn, op de verkeerde weg zijn. Fr.W., [1900]. 
Dy op di wyn ind di frouliu tîdet is it boekje biúster, die op de wind en de vrouwen vertrouwt komt bedrogen uit. HALB., Lex., 369 [a. 1869]. 
7. afhandig. (weinig gebruikt). 
Afleidingen: ferbjusterje. 
Samenstellingen: paad-, spoarbjuster.

Frysk-Nederlânsk Wurdboek (fia Taalweb) 
Oersetting: bijster 
1. wonderlijk, vreemd, ongewoon. 
[Taaleigen] Dat liket bjuster. Bjuster waar, onstuimig weer. De bern binne bjuster, roerig. 
2. zeer, erg, in hoge mate 
Bjustere dom, mâl. In bjustere benearing. 
3. verwonderd, verbaasd 
Bjuster opsjen 
4. kwijt, zoek 
It boekje bjuster wêze, het mis hebben, abuis zijn; op de verkeerde weg zijn. De sliep bjuster wêze, de slaap niet weer kunnen vatten. Immen, eat bjuster wêze, iem., iets missen. 

Frysk Hânwurdboek (fia Taalweb) 
Kwyt, net mear wittend 
Eigenskipswurd, [bjöstr] bjusterder, [bjöstrdər] [bjöstədər] , bjusterst [bjöstrst] [bjöstəst] 
Oers. bijster 
it boekje bjuster wêze, it mis hawwe; op it ferkearde paad wêze 
bjustere dom/ferlegen/lilk/mâl, tige, bûtengewoan dom/ferlegen/lilk/mâl 
eat bjuster meitsje/reitsje/wurde, eat weimeitsje, kwyt reitsje 
bjuster opsjen, nuver opsjen 
it paad/de sliep bjuster wêze, it paad net mear witte/net sliepe kinne 
bjuster waar, frjemd, buiïch waar 
1. Betsjutting (fr): kwyt, net mear wittend, frjemd, nuver, bywurd|tige, bûtengewoan.

Gearfetting: 
It Friesch Woordenboek neamt as betsjuttingen yn ûnderskate konteksten: wonder, zeldzaam, vreemd, zonderling / vervaarlijk, geweldig, groot / afschuwelijk / onstuimig / missen, verloren hebben / de plank mis, van de wijs, in de war / zeer, heel; 
It Woordenboek der Friese Taal: wonderlijk, vreemd, ongewoon / zeer, erg, in hoge mate / buiïg, onstuimig, onbestendig / roerig, ongedurig / verwonderd, bevreemd, verbaasd / zoekmaken, ontstelen, bijster raken, zijn worden / afhandig; 
It Frysk-Nederlânsk Wurdboek: wonderlijk, vreemd, ongewoon / onstuimig, roerig / zeer, erg, in hoge mate / verwonderd, verbaasd / kwijt, zoek; 
It Frysk Hânwurdboek: kwyt / net mear wittend / frjemd, nuver / tige, bûtengewoan. 

En hjirmei lit ik, hoopfol, de saak mar efkes gewurde.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten