vrijdag 6 december 2019

Ryksynspeksje is in segen foar it Frysk ûnderwiis

Sizzen is neat, mar dwaan is in ding. Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Sa hjit it rapport dat de ûnderwiisynspeksje fan it ryk juster publisearre hat oer de te beskriemen stân fan saken yn it Frysk ûnderwiis. It is hjir del te laden. It is in oer alle boegen ferûntrêstigjend rapport, en alle leafhawwers fan it Frysk en de Fryske kultuer soenen it eins út 'e holle leare moatte. Wat sis ik: it soe side foar side oan de foardoar fan it Provinsjehûs spikere wurde moatte. 

Ik sil it hjir net gearfetsje. Elk kin der sels kennis fan nimme (hâld dan wol de bûsdoek by de hân). Oft it no oer de hâlding fan skoalbestjoeren foar it ûnderwiis yn it Frysk oer giet, of oer de 'learsumens' fan de lessen Frysk, of oer it tal learkrêften Frysk mei foech, of oer it responspersintaazje fan skoalhaden en -direkteuren op de ryksenkête, of oer it tal learlingen fan hafû en twû dat Frysk as eksamenfak kiest - men moat derfan gûle, en werklik net fan it laitsjen. 

Ien ding wol ik hjir wol neirinne, en dat is wat de ynspeksje seit oer it provinsjale ûnderwiisbelied. Want dát belied is ommers it dúdlikst ynset fan polityk: fan direkte demokratyske beslútfoarming yn Provinsjale Steaten en fan de amtlike ferwurking dêrfan. It giet dan foaral oer it fêststellen fan de saneamde 'kearndoelen' foar it Frysk ûnderwiis en oer de ûntheffingen dy't de provinsje ferliene kin oan skoallen (fia it takennen fan saneamde 'taalprofilen') fan de ferplichting om alle kearndoelen ek nei te stribjen, dat wol sizze, dêr passend ûnderwiis foar oan te bieden. 

De kearnpassaazje oer it kearndoelebelied fan de Provinsje is dizze: 

Omdat de kearndoelen doeldoelen binne en gjin behearkingsdoelen, kinne skoallen by Frysk - krekt lykas by de oare fakken - mei alle learlingen oan deselde kearndoelen wurkje. Yn 'e (ferwachte) behearsking fan de ûnderdielen fan it fak kin dan ôfhinklik fan de learlingepopulaasje differinsjearre wurde. Sa bart dat ek by oare fakken. 

Efkes tebek nei 2005. Doe hat de Provinsje de kearndoelen yn it Frysk ûnderwiis ferlege, om't soks 'realistysker' wêze soe, sjoen it tanimmend tal bern dat net-Frysktalich grutbrocht wurdt en men de latte foar sokke bern net te heech lizze moast. Der kaam in 'trepke' mei fjouwer treden yn de kearndoelen: fan, boppe-oan, de taal prate, lêze en skriuwe kinne, ta, ûnderoan, wat sympaty foar de Fryske kultuer hawwe. Yn 2015 waard dit systeem yn in bestjoersmaatregel dellein, sadat de provinsje fia it takennen fan taalprofilen de skoallen dy't derom fregen frijstelling (ûntheffing) foar de meast ambysjeuze - no ja... - doelen ferliene koe. It idee wie dat der sadwaande better sicht komme koe op de werklike stân fan saken yn it Frysk ûnderwiis, en skoallen har prestaasjes stapke foar stapke ferbetterje kinne soenen. 

De ryksynspeksje feit yn it nije rapport mei dit systeem de flier oan en folget yn feite de krityk dy't de aksjegroep Te Mâl yn 2005 en de aksjegroep SisTsiis yn 2016 en 2017 al formulearren: dat it provinsjaal ûnderwiisbelied delkomt op diskriminaasje. De ynspeksje wol dat mei alle learlingen oan deselde kearndoelen wurke wurdt. Sa bart dat ek by oare fakken. Fansels sil dan de iene learling better skoare as de oare, mar dêr kin yn de besifering mei rekkene wurde. 

De ynspeksje sjucht dêrneist ek dat it provinsjale taalprofilesysteem just nét liedt ta stap-foar-stap ferbettering fan it nivo fan it Frysk ûnderwiis, mar ta stagnaasje en ûnderprestaasje: 

It effekt fan it takennen fan de taalprofilen is lykwols faak dat skoallen dan krekt nét ambisjeus wurde en de besteande situaasje fêsthâlde wolle. Regelmjittich hearre we fan skoallen en bestjoeren dat it takennen fan in taalprofyl mei ûntheffings foar ien of mear kearndoelen net late ta it formulearjen fan ambysjes. 

De ynspeksje advisearret dêrneist om yn alle gefallen it 'leechste' kearndoel, it hawwen fan in 'positive attitude' foar it Frysk oer, ôf te skaffen en te yntegrearjen yn werklik talige doelen. De skoallen dy't inkeld it attitude-doel neistribje, en de skoallen dy't it ek it dêrnei kommende doel neistribje (harkjen yn it primêr ûnderwiis en it fieren fan ynformele petearkes yn it fuortset ûnderwiis) jouwe yn feite gjin Fryske les, seit de ynspeksje. Sokke skoallen tropje har ferplichtingen meast yn in projektwike of in ekskurzje, 'aktiviteiten (..) likernôch altyd loskeppele fan taalûnderwiis'. De learlingen sels ûnderfine dy aktiviteiten net iens as lessen yn it fak Frysk! 

De ynspeksje sketst in byld fan gaos yn it ûnderwiisfjild: 

Sûnt de takenning fan de taalprofilen ûntstie der ûnder skoallen in grutte fariëteit yn it ferplichte oanbod. Guon leararen yn it primêr ûnderwiis sizze dat se net goed op 'e hichte binne fan hokfoar kearndoelen by it taalprofyl fan harren skoalle hearre. Guon direkteuren yn it primêr ûnderwiis litte witte dat se it takende taalprofyl net gaadlik fine foar harren skoalle, bygelyks om't der noch gjin sprake is fan in trochrinnende learline of om't der allinnich mar yn ien groep Frysk jûn wurdt. Yn 'e petearen dy't de ynspekteurs fierden mei leararen en direkteuren die ek bliken dat somtiden in taalprofyl takend is op grûn fan it oanbod yn de groep dy't it fierst ûntwikkele wie, wylst der yn oare groepen minder kearndoelen ûnderwiisd waarden. Wy konstatearje dat de bedoeling fan it belied om oan te sluten by de werklike situaasje op de skoallen net altiten goed útfierd wurdt. Dêr komt by dat de romme fariëteit oan taalprofilen hanthavening op it foldwaan oan de kearndoelen dreech makket. 

Wylst de taalprofilen oanslute moatten hiene by de praktyk om ferbetteringen makliker te meitsjen, wurdt dat troch de skoallen net sa field. It belied op it mêd fan it waaksmodel is sadwaande net goed ymplemintearre. Dêrnjonken makket de fariëteit oan ûntheffings it dreech om te hanthavenjen op it oanbieden fan de kearndoelen. 

Lykas sein, der stiet noch folle mear nijsgjirrichs yn dit rapport - mar ik bin gjin ûnderwiisekspert en lit it oare graach oer oan 'it fjild'. Mar as deputearre Poepjes no seit dat de Provinsje tenei graach de rol fan de ynspeksje oernimt, op Omrop Fryslân, en sa'n soundbite wurdt dan sûnder fierder kommentaar ek noch oernaam op ItNijs.frl, dan is dat miskien te ferklearjen út it te uzes tradisjonele stribjen nei 'mear foech foar ús Provinsje' - mar it hat neat te krijen mei it belang fan it ryksynspeksjerapport. En it liket sels in bytsje op it neffens populistysk resept jinsels wytwaskjend fertocht meitsje wollen fan sa'n 'Haachsk' rapport. 

It sit oars: dit rapport is in segen foar it Frysk ûnderwiis. No is it oan Provinsjale Steaten om dy segen te fersilverjen.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten