Woansdei yn it Friesch Dagblad foar de twadde kear nei de fakânsjetiid wer in Skroeier. Diskear oer de ûngelikense behanneling fan de trije noardlike provinsjale musea troch de belangrykste jildsjitters:
"Op 13 september iepenet it nije Fries Museum oan it Wilhelminaplein, sis mar gewoan it Saailân, de doarren. It gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Hubert-Jan Henket en oan meibetellle troch arsjitekt Abe Bonnema (1926-2001) is sûnder mis in pronkje en jout it stedsplein fan Ljouwert tegearre mei de nije winkelwand oan de noardkant alluere. De stêd kin der mar grutsk op wêze.
Tryst is, oan de oare kant, it sunige gesicht fan de provinsje Fryslân as it op de sinteraasje foar it museum oan komt. Om’t it mei de bestuivering fan de eksploitaasje net helendal neffens de ferwachtingen rûn, moat it spiksplinternije museum dalik al minsken dien jaan. Dat is in bittere pil foar it meast komplete regionale museum fan Nederlân. En foar de ynwenners fan Fryslân."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten