't Is wer fraai. De Bibleteek hat, yn it lân dêr't hjir en dêr noch wat Bryks praat wurdt, it pleatslike suffertsje opdracht jûn om "immen" in stik skriuwe te litten oer de nominearre Gysbertbondels en har of syn foarkar oan te jaan.
Dy "immen" is Josse de Haan wurden. Lês it stik op www.ensafh.nl. Dan witte jo dalik wêrom't de subsydzje foar ensafh mar better ôfskaft wurde kin.
Fan redaksjonele begelieding ha de redakteuren dêr noch noait heard, sa liket it. Dat in skriuwer syn oardielen en foarkarren heart te ferantwurdzjen mei wat oare begripen as "apart" (ja, werklik!) en "konservatyf" (hea), dêr witte se by ensafh neat fan. Gelokkich ha ik gjin wille mear fan it delsabeljen fan kwasy-literêr boarrelpraat. Dat skeelt my wer oeren.
Yntusken sinjalearje ik wol efkes dat gossipskriuwer J. de H. no wierskynlik mear (subsydzje)jild oerhâldt oan de Gysbert 2013 as de nominearre dichters sels. Mar och, der is dochs hast net ien mear dy't dy Fryske poëzijskriuwerij wat skele kin, dus wat soe it.
En o ja, ferwize nei auteurs dy't guon saken (froulju en de Gysbert) folle earder melde as josels hearde oait ta de mores. Ek net mear. En ek dêr hat ensafh gjin ferstân fan, docht bliken.
Aansen Piter B. en Jelle van der M. ek noch mar in stikje skriuwe litte oer harren Gysbert-foarkarren, tink? It is wer kopij ommers. Of hâlde dy net mear in referaat op de jûn dat ik tafallich oars beset bin?
Wat in gedoch mei de "Gysbert". Ik wurd der sa starich-oan misselik fan. Wa betinkt soks allegearre? Hokker doel hat it om de sjuery yn de tsjillen te riden? Is it allegearre "kinnesinne" omt guon dichters de sinne net yn it wetter skinen sjen kinne omt se sels net nominearre binne of net in sit yn de sjuery hawwe? It komt op my oer as ien grutte SOAP dy't op it einbeslút allinne mar ferliezers kin....
BeantwoordenVerwijderen