donderdag 15 augustus 2013

Is 'Frysk' in wurd om bang foar te wêzen?

De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit fan Erik Betten is in helder boek dat ik lykwols healwei ferfeelsum begûn te finen en dat ik úteinlik wat teloarsteld tichtslein ha. Dat lei net oan de skriuwerskwaliteiten fan Betten mar oan syn ûnwil om it ûnderwerp fan mear as ien kant te beljochtsjen.

Ideeën oer Fryske identiteit kinne mar better net relatearre wurde oan bloed, genen, taal, skiednis of lânskip, wurdt de lêzer foarhâlden – mar wêr’t it dan wol mei te krijen hat? Dêr hat Betten neat bysûnders oer te bewearen. Ja, dat elk minske syn kollektive identiteit wer oars oanfielt en formulearret. Miskien in feilich, mar ek in neatsizzend en net in bjuster aventoerlik boadskip.

Betten is goed yn it oanwizen fan identiteitsuteringen dy’t hielendal of heal en heal weromgeane op belangen, winsken, romantyske wanen en wittenskiplik misbegryp. Foar in lêzer dy’t wolris faker in boek oer ‘invented traditions’ ynsjoen hat, is hjir net in protte wille oan te belibjen. Leaver hie ik in mear rapportearjende ferhanneling lêzen, oer hoe’t minsken harren ‘Fries-wêzen’ belibje, en hoe’t se dat dochs ek faak relatearje oan krekt dy tjustere saken dêr’t Betten ús yn byljochtsje (en Ferljochtsje) wol.

Taal, skiednis en lânskip spylje in oerhearskjende rol yn de kollektive identiteitsbelibbing fan in protte minsken yn de provinsje Fryslân. Myn ûnderfining en dy fan in protte oaren seit dat dat no ienris werklik, yn de praktyk, sa is. It boek fan Betten besiket ús te ferdútsen dat sok belibjen âlderwets, ûnterjochte en in bytsje dom is, mar it is dêrby wat iensidich yn syn opset.

Op it foarste plak makket it net ynsichtlik wat no presys dizze fjildtocht needsaaklik makket. Stiet it Frysk Nasjonalisme foar de poarten? Wurdt de Fryske befolking mobilisearre mei like útwrydske as ynfloedrike bloed-en-boaiem ideeën? Je soene it hast tinke, mar gelokkich, dêr jout it boek gjin oanwizingen foar. Op it twadde plak lit Betten ek net sjen hoefolle positive aksje en enerzjy ûntstiet en ûntstean kin út ideeën, ek út âlderwetse ideeën, oer kollektive identiteit. Sawol op it nivo fan feriening en doarp as fan gemeente en provinsje. Dy aksje en enerzjy besteane by him net en krije gjin gesichten. Wylst Fryslân optilt fan materiaal dat hjir op syn plak west hie.

Dy’t syn lêzers warskôgje wol foar reëele of foar in boek betochte gefaren moat der wol om tinke dat er net te folle oersljochtet. In nijsgjirrich foarbyld fan dat lêste tref ik oan yn haadstik 10 dat de titel ‘Frysk bloed’ meikrigen hat. Dat haadstik giet, net ferrassend, oer genetika en identiteit. Koarte ynhâld: de etnyske identiteit fan de Friezen begjint pas nei it ûnderstelde folsleine ferdwinen fan de ‘âlde’ Friezen fan de terpen yn de 4de ieu en de komst fan de ‘nije Friezen’ (Ingelen en Saksers) yn de 5de ieu. Heechlearaar Jos Bazelmans krijt it wurd oer it bekende fraachstik fan de ier-midsieuske ûntfolking fan de terpen. Dit is syn wat skoalmasterlik kearnboadskip:

“Bazelmans warskôget foar in te sterke klam op etnyske identiteit. ‘As men dat nei foarren hellet, liedt dat út soarte ta minder omtinken foar in protte oare foarmen fan identiteit. Wylst elts persoan syn identiteit foarmet út in soad ferskillende eleminten. Famylje, de buert, de tsjerke miskien, en hjoed de dei ek it gefoel diel út te meitsjen fan de minskheid as gehiel’.”

Presys dat nét “nei foarren helje” fan ynformaasje dy’t kontrêr is oan jo stânpuntbepaling yn identiteitsdiskusjes bringt Betten spitigernôch yn praktyk yn haadstik 10. Pagina’s oan genetyske útiensettingen, mar gjin wurd oer it ûndersyk (2002) fan de Britske evolúsjonêr genetikus professor Mark Thomas fan de University College London nei de werkomst fan de befolking fan Ingelân. De útkomst fan dat ûndersyk wie dat de Ingelsen fan no genetysk besjoen nochal op de Friezen fan tsjintwurdich lykje, folle mear yn alle gefallen as op de Welshmen of Noaren. Thomas koe de genetyske oerienkomst allinnich sjen as risseltaat fan migraasje.

In nijsgjrrich ûndersyk, net om’t ik my no ynienen minder Frysk of mear Ingelsk fiele soe, mar om’t it fan belang wêze kin foar krekt it ûnderwerp dat Betten yn haadstik 10 oansnijt, it Fryske ‘befolkingsgat’. De kolonisaasje fan Ingelân troch kontinintale emigranten (de saneamde Adventus Saxonum) is pas oanwiisber fan it begjin fan de 5de ieu ôf, wêrnei’t it proses him de hiele 5de ieu fierder trochsette. Dus dat is krekt de tiid dat de Fryske terpen wer bewenne waarden nei it ‘befolkingsgat’ fan de 4de ieu. Oan de 5de-ieuske kontinintale ferhuzing nei Ingelân kinne de ‘âlde Friezen’ net meidien hawwe, as de ûntfolkings-argeologen gelyk hawwe, dat moatte de ‘nije Friezen’ west hawwe.

No wie foar Thomas ien fan de redenen om yn Fryslân genetsyke ‘samples’ te nimmen de taaloerienkomst tusken it Ald-Frysk en it Ald-Ingelsk. It Ald-Frysk is in saneamde ingveoonske taal, út in taalgroep dêr’t ek it Ald-Ingelsk en it Ald-Saksysk ta hearre. Mar de oerienkomsten tusken it Ald-Ingelsk en it Ald-Frysk binne oanmerklik grutter as dy tusken it Ald-Ingelsk en it Ald-Saksysk. Dat makket it wierskynlik dat yn de 5de-ieuske emigraasjegebieten lâns de Nederlânske en Dútske waadkusten in dúdlik oare taal praat waard as yn it Saksyske kearngebiet, súdlik fan it hjoeddeistige Denemarken.

Sa’n ‘dúdlik oare taal’ komt net út de loft fallen. Dy hat tiid noadich om te ûntstean. Twa mooglike ferklearringen sjoch ik dan foar de Ingelsk-Fryske taaloerienkomst. De earste is dat it Fryske terpegebiet dochs net sa folslein ûntfolke west hat as dat guon argeologen tinke: it Ald-Frysk moat dan besjoen wurde as in gearmjoks fan de taal fan de achterbleaune ‘âlde Friezen’ en de nij ynkommende Saksers. De twadde is dat it ferskil tusken Ald-Frysk en Ald-Saksysk ek noch mei ûntstien is troch de ynfloed fan dat oare migrearjende folk, de Ingelen.

Hoe’t dat ek wêze mei, yn it nije lân (Ingelân) waard de kontinintale immigraasje foar in part taskreaun oan ‘Friezen’. It kin literêr taalgebrûk west hawwe, sa’t argeolooch Danny Gerrets earder alris suggerearre hat – in these dêr’t Bazelmans yn feite op trochgiet. Mar dan is der ek noch de kwestje fan de plaknammen yn Ingelân dy’t in ferbân mei spesifyk ‘Fryske’ immigraasje oanjouwe. Bazelmans wol hawwe dat it begryp ‘Friezen’ nei de 4de ieu net mear brûkt waard en pas yn de 7de en 8ste ieu op ’e nij yntrodusearre waard troch de Frankyske elite. It ferklearret net it foarkommen fan tsientallen ‘Fryske’ plaknammen yn it oerseeske Ingelân, al ûntstien yn de folksferhuzingstiid.

Blykber fielden de stichters en earste bewenners fan dy plakken yn Ingelân har ‘Frysk’, in identiteit dy’t dan al op it eardere wenplak, de Fryske terp, ûntstien west hawwe moat.

Wy hoege sokke fraachstikken hjir allegear net op te lossen. Hjir is foaral fan belang om der op te wizen dat De Fries der neat oer op it aljemint bringt. Krekt in modern, ûnfertocht ûndersyk fan in Britske universiteit dat wiist op it belang fan genetika by de stúdzje fan histoaryske migraasje – in ûndersyk dat ek noch in opfallende rol foar ‘de Friezen’ weileit en sadwaande in protte fragen opropt – wurdt net achtslein. (Dêryn is de skriuwer oars net allinnich. Ek de parse yn Fryslân hat it yn 2002 by myn witten links lizze litten. It ûndersyk is publisearre yn it tydskrift Molecular Biology And Evolution 19-7, 2002.)

Erik Betten kiest, as wie er bang foar it wurd ‘Frysk’, eins elke kear foar deselde rûte. Oanjaan wêrom’t it net handich cq. ferantwurde is jins fielen fan in kollektive identiteit te relatearjen oan taal, skiednis en lânskip. En útlizze dat it fielen fan sa’n identiteit gelokkich foar elk minske wer oars is. Foar my hat it wat fan it yntraapjen fan iepen doarren. Der hinget ek wat polityk-korrekts omhinne. Ik hie wollen dat er syn lêzer én syn ûndersyksgebiet serieuzer nommen hie.

*

Erik Betten, De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit (Utjouwerij Wijdemeer, Ljouwert 2013)

4 opmerkingen:

  1. Myn Fryske identiteit hat allinne mei it Frysk te krijen, de taal dêr't ik yn opgroeid bin, de taal dy't foar my de wrâld iepentearde, de wrâld betsjutting joech.
    Letter kamen de oersettings nei oare talen, oare wrâlden en foaral nije betsjuttings, meidat ien taal te beheind is om jins libben stal te jaan, iepen te tearen, te eksloitearjen.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Minsken hawwe yndie (en fansels) ûnderskate identiteiten, bygelyks Frysk, Nederlânsk, wrâldboarger, bûtenman, ferieningsfrou, ensafh. Taal, tiid (skiednis) en romte (lânskip)spylje foar my ek mei. It belangrykste beswier yn myn eagen tsjin ditsoarte warskôgjende, dekonstruearjende en relativearjende betogen is dat se de positive, aktivearjende kant fan identiteitsfielen gjin rjocht dogge.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Even sunder dakjes ensafh. Ik hie ek noch in heel ferhaal halde kinnen oer de plaknammekwestje, modern undersyk fynt net safolle ´Fryske´ plaknammen yn Ingelan fan foar de Vikingetiid. Of oer it begryp ´etnisiteit´. Bazelmans en syn sok ek Betten jout it allinnich in genetyske ynhald, wylst in modern etnisiteitsbegryp folle mear omfettet en bytiden dy ´genen´ mar fierder ferjit. Sjoch bygelyks nei de gewoante om it Bosnyske konflikt yn etnyske termen te beskriuwen, wylst it der allinnich om histoaryske en religieuze ferskillen giet. Yn sa´n rommere opfetting fan etnisiteit is dat 4de ieuske Fryske ´befolkingsgat´ net sa hiel wichtich foar it oanwizen fan ´Fryske´ identiteiten. Ek der giet Betten oan foarby.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Yn myn nij boek dat yn septimber utkomt by Elikser begjin ik mei in pear haadstikken oer identiteit. Neffens my ha je in identiteit en hoege jo dy net te sykjen sa't de titel fan Betten oanjout.

    Hawar, faaks komt der nei dy publikaasje fan my in fierdere diskusje oer myn skriuwen en myn identiteit sa't ik dat yn 'Frozen moonlight yn myn hannen' beskriuw.

    BeantwoordenVerwijderen