Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Der wie ris in lân mei in Kening, in Bibleteek en in Stipefûns foar Boeken. De minsken praten der Bryks, Nijbryks of Rjochts. En doe kaam de Buchmesse deroan en moast der foar de promoasje in list mei titels komme fan boeken yn it Bryks:
"De Kening hie eins in wearzge fan it Bryks, want wat koene jo dermei. Dat, de Kening liet de taak om titels út te sykjen foar de Brykse ‘top-10’ mar al te graach oer oan de Bibleteek en it Stipefûns foar Boeken. Benammen de Bibleteek spile in wichtige rol yn it lân, teminsten, wat Brykse saken oanbelange. Miskien wie it sels wol sa dat de Bibleteek wat tefolle taken en ferantwurdlikheden nei himsels ta helle. Mar ja, sa gie soks no ienris yn dat trijetalige lân."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten