dinsdag 2 juli 2013

Wês ferantwurdlik: nim in abonnemint

De oername troch NDC mediagroep fan it Friesch Dagblad komt net as in ferrassing. Wêrom soene de restmiljoenen fan de Friesland Bank allinnich brûkt wurde meie om de Ljouwerter Krante te rêden?

It liket derop dat de stichting FB Oranjewoud – earder Fryslân Boppe – gefoelich west hat foar dat argumint. Boppedat is der ek noch in saaklike reden foar de oername. As it FD, dat printe wurdt op de parse fan NDC mediagroep, fuortfalt, dan hat it rottekrûddjoere apparaat oan de Sixmawei domwei te min te dwaan. NDC mediagroep hat de drukopdracht fan it FD noadich.

Mar oft de perspektiven no ek foar de middellange termyn better wurde foar it FD, dat is noch mar de fraach. NDC mediagroep is in lytse spiler op de Europeeske mediale merk en bestiet fan no ôf net út twa, mar út trije ferliesjaande kranten dy’t der net yn slagje om oare ynkomsteboarnen oan te boarjen.

Elk jier rint by alle trije kranten tusken de 5 en de 8 persint fan de abonnees fuort. Dat wol sizze, der sizze mear minsken in abonnemint op as dat derby komme. De LC bygelyks is sa yn tsien jier tiid in tredde fan syn lêzers kwytrekke. En it sjocht der net nei út dat oan dy ûntjouwing in ein komt.

Hoe grut de maatskiplike rekken fan ien en oar is, docht al elke dei bliken. Kranten mei te min sjoernalisten, kranten mei sjoernalisten dy’t neat mear útsykje meie, kranten mei benammen noch ûnderbetelle freelance-meiwurkers – hoe sille dy blêden waakhûn fan de demokrasy wêze kinne?

It goede nijs is dat jo dêr sels wat oan dwaan kinne. Der sit mar ien ding op. Wês ferantwurdlik. Nim in abonnemint. Dat is like belangryk as stimme.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten