vrijdag 5 juli 2013

Gysbert Japicxpriis: Gedoch, gedoch, gedoch

Tresoar organisearret 10 september in literêre jûn oer de Gysbertbondels. Dichtbondels dy’t nominearre binne foar de Gysbert Japicxpriis 2013, bedoel ik.

Hoe giet soks. De nominearren – ik ek dus – krije in mail dêr’t yn steld wurdt wat der barre sil.

De dichters lêze elk tsien minuten foar út harren bondels. Dy’t net mear oan dizze kant fan it Grutte Skied is, sil op byld en yn audio te bewûnderjen wêze. En oan ’e ein fan ’e jûn sille Jelle van der Meulen en Piter Boersma wat sizze oer de nominearre bondels. Dogge jo mei, dichter?

Woansdei gie myn Skroeier yn it Friesch Dagblad oer de gong fan saken wat de Brykse ‘top-10’ foar de Buchmesse oanbelanget. Yn mearkefoarm, der wie ris in lân, ensafuorthinne. Yn dat lân, dêr’t de Kening him amper foar it Bryks ynteressearre, wienen de Bibleteek en it Stipefûns foar Boeken “almachtich en ek wat eigenwiis” wurden ynsake Brykse saken. Stie der.

No wer gedoch en fan itselde lekken in pak. Oer 10 septimber. Sa’n jûn is op himsels in prima inisjatyf, mar wêrom wurdt de opset fan soks net even fantefoarren oerlein mei de dichters yn kwesty? Dy’t én it te befoarderjen wurk skreaun hawwe én acte de présence jaan moatte (leafst) op in publyksjûn?

Op it twadde plak falt op dat der twa minsken frege binne om in speech te hâlden oer de priispoëzij. Dat binne net sjueryleden fan de Gysbert Japicxpriis; Van der Meulen en Boersma meie prate foar eigen rekken. Ek de kar, sûnder oerlis, fan dizze twa sprekkers is dien troch de Bibleteek.

Neffens de earste opset is hjir al wat feroare; de twa sille no, is it doel, wat fertelle oer harren favorite bondel.

Dat ymplisearret dat jo en ik it nijsgjirrich fine sille wat Van der Meulen en Boersma te melden hawwe oer de grutte kwaliteiten fan de nominearre poëzij. Dat is net sa, wat my oanbelanget. Lof yn wat fage bewurdingen útsprutsen en in pear grapkes derby, wurdt dêr de Gysbert Japicxpriis mei tsjinne? Of, toe mar, de tsjutting, de literêre diskusje? Rinne Van der M. en B. de sjuery net earder foar de fuotten? (Ik hear Boersma al tinken: “Dat binne retoryske fragen.”)

Aldergelokst bin ik dy jûn oars besteld, oars hie ik meidwaan moatten. Mar ik bin ál benijd wat ensafh-sjef Piter Boersma fan de nominearre bondel fan syn ensafh-redakteur Jacobus Smink fynt.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten