Mear as tûzen (1000) lieten steane der yn. Yn it nije ‘Liedboek voor de Kerken’. Dêrûnder ek “liederen uit recent verschenen gezangboeken in het buitenland (zoals Duitsland, Zwitserland, Schotland en de Scandinavische landen), maar ook (..) liederen uit Taizé en Iona en (..) liederen uit andere werelddelen (…)”.
Meldt de website www.liedboek.nu.
Apart: der steane gjin oersettingen yn fan Frysktalige tsjerklike lieten. Wylst der hûnderten binne. En dêr sitte, neffens guon dy’t it witte kinne, hiel moaie tusken.
Is dat net nuver?
En is it ek net nuver dat noch it Friesch Dagblad noch de Leeuwarder Courant noch Omrop Fryslân it kennelike ferbod op Fryske lieten yn it nije lietboek sinjalearre hat?
Yn Fryslân bestiet ek in saneamd Ferbân fan Fryske Foargongers. Dûmnys dy’t ek wolris yn it Frysk preekje. Dit jier bestiet dy feriening 60 jier. Dat moat feestlik betocht wurde op 9 novimber. Mar ek fan dy Fryske Foargongersklup ha wy (noch) neat fernommen oer it ferhûddûke Fryske tsjerkeliet.
Website ItNijs.nl sliept ek. Of fynt it wol bêst sa. Op 24 maaie, in dei foar de presintaasje fan it nije Liedboek voor de Kerken yn Monnickedam, hie ItNijs der wol in berjocht oer, mar dat gie net oer it ûntbrekken fan Fryske lieten yn dat boek.
Dat moat mei opset sin west hawwe, soe it net?
Mar wol elke wike melde wêr’t in Fryske tsjerketsjinst hâlden wurdt. Tssssk.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten